Afkelânsdyk - lâns in stik lân dat fan in 'Afke' west hat.
Age Piersstrjitte - Age Piers, Snitser fan oansjen út de 15e iuw. Liet faak hearre dat hy de dei net hoopte te belibjen dat der frjemde hearen de baas wienen. Dat kaam ek út, hy stoar eardat de hartoch Albert fan Saksen mei syn soan yn 1499 troch de Snitsers ferwolkomd waarden.
Akkerwinde - Nederlânske namme foar plantenamme nôtklimmer
Albardastrjitte - op it stee fan C&A stie eartiids it ± 1618 boude Albardashûs (ek: 't Hooghuis') fan de famylje Albarda/Albada. It hûs mei achtkante toer is tusken 1730-1740 ôfbrutsen.
Anjelierstrjitte - nei de plant anjer of anjelier.
Ankerpaad - it anker as skipsûnderdiel
Anna Paulownastrjitte - Anna Paulowna, (1795 - 1865), wie grutfoarstinne fan Ruslân. Har heit Paul I Petroitsj en letter har broer Aleksander wienen tsaren fan Ruslân. Se wie troud mei kening Willem II. It pear wenne yn De Haach, earst yn paleis Lange Voorhout, letter yn it paleis oan de Kneuterdyk. Har âldste soan Willem is de lettere kening Willem III.
Arkumerhimstrjitte - nei de Arkumerhim fan it buorskipArkum.
Atalanta - de atalanta as flintersoarte
Ath Bonninghaleane - Ath Broersdochter Bonningha en har man Tsjomme Oenes Wiarda wienen rikelju. Se stiften yn 1463 op harren besitting de Sytsingawier it Tertsiarissekleaster Oliifberch.
Aurelia - aureliaflinter
Bacchante - flintersoarte bacchante.
Badhûsgrêft - oan de strjitte steie earder it badhûs.
Balthuskade - hjir wenne eartiids blokmakker Balthus.
Boargemaster de Hooppark - Pieter J. de Hoop wie boargemaster fan Snits fan 1907-1937.
Boarndjip - wetternamme Boarndjip
Boechspriet - skipsûnderdiel
Boeierstrjitte - boeier as skipstype dat oan de kanten 'opboeid'is.
Boetsstrjitte - bûtsen is in wize fan opslaan by it keatsen.
Bonkelder - ûnderdiel fan it draaimegniske yn in mûne.
Bonserdyk - nei it buorskipBûns, west fan de Alde Himdyk
Boomkensdjip - wetternamme Boomkensdjip
Boppe-as - as dêr't de mûnewjukken oan fêst sitte.
Boppeslach - Keatsslach oer de rjochtstreeks útline
Bordine - Bordine wie de namme foar de noardlike diel fan de Middelsee.
Boskgrêft - oan de stedsgrêft lei yn de 19e iuw in parkje. Dit Bosk wie yn 1810 oanlein op it destiidske keatslân fan de stêd. Hjir dwers trochhinne waard yn 1843 de Lemmerstrjitwei oanlein. Op de oerbliuwende grûn waarden de arbeidershúskes fan de 'Boschbuurt' boud dy't yn de sechtiger jierren ôfbrutsen binne.
Charlotte de Bourbonstrjitte - Charlotte de Bourbon (1546 - 1582) troude yn 1575 mei prins Willem I fan Oranje en waard sa syn tredde frou.
Christiaan Schotanusstrjitte - Christiaan Schotanus (Skingen, 1603 - Frjentsjer, 1671 ) wie heechlearaar yn Frjentsjer yn it Gryksk en yn de tsjerkeskiednis. Skreaun in soad histoaryske boeken.
Cornelis Kanstrjitte -
Cornelius Kempiusstrjitte - Cornelis Kempius,(1520 - Dokkum, oktober 1589) wie riedsman fan biskop Knijff (1568) yn Grins. Hy spile as warber katolyk en tsjinner fan de Spaanske kening in rol by it ferrie fan Rennenberg. Hat ek oan skiedskriuwing dien.
Corneliusstrjitte - Andreas Cornelius fan Starum wie in bysûndere en belêzen man. Yn syn frije tiid die er in soad letterkundich wurk. Hy ferstoarn yn 1589 yn Harns.
Dames Masselinkstrjitte -
De Bourbonstrjitte -
De Colignystrjitte -
De Daam - tagongsweei fan de stedsrûnwei
De Eker - stik lân
De Fang - Iepen ring mei segmintfoarmich útsage stikken hout, dy't rûnom it fangtsjil slute kin, sadat de gong fan de mole stuite wurdt.
De Hikken - ûnderdielen fan de molewjuk, bedoeld om wyn te fangen.
De Hoppen - wetternamme.
De Kalkovens - Yn Kalkûnen waarden skulpen ferbaarnd om kalk te winnen.
De Kamp - stik lân
De Kape - Boppeste, meast draaiber, part fan de mole.
Dekamaleane - It oer hiel Fryslân ferspraat wenjende geslacht Dekema hie oan de Merkstrjitte harren Decama- of Gruitersmastins, dy't yn 1633 ôfbrutsen waard. Al yn 1610 hie Sicco fan Dekama in fersyk ta ôfbraak yntsjinne, dat doe troch it stedsbestjoer ôfwiisd waard. De stins wie lykwols sa brekfallich dat hy sa'n tweintich jier letter dochs ôfbrutsen waard.
Dick Brouwerstrjitte -
Dimpte Poartesilen - eartiids Pottersilen, nei alle gedachten in eigennamme. De silen moasten yn de 13e iuw oanlein wurde omdat de Himdyk op twa plakken trochsnien waard.
Dimpte Pôle - in pôle yn in stik grûn mids it wetter. Dit wie ien fan de earste stikken fan de earste stedsgrêft en rûn fan de dimpte Poartesilen en de singel nei it Heechein.
Distelvlinder - Nederlânske namme foar stikelflinter
Dompleane - In 'domp' is in âlde namme foar dûker. De Domp is de wetterkearing op de krusing Snitser Aldfeart en de Griene Dyk.
Douwe Hansmastrjitte - Douwe Hansma (1812-1891), Fryske skriuwer en skilder fan ynterieurs, stillibbens en portretten. Yn 1841 rjochte hy it Frysk Selskip op. Wie jierrenklang foarsitter fan de Krite Snits.
Dr. Boumawei - oant 1943 Stasjonswei, wat betizing joech mei de Stasjonsstrjitte. Dokter Bouma wie om 1900 hinne hûsarts yn Snits, en wenne yn it pân dêr't no de yngong fan de bibleteek is, oan de Wide Noarderherne. Dr. Bouma wie in kundich sjirurch, dy't thús operearde en ek pasjinten opnaam. Hat him tige ynset foar de stifting fan it sikehûs.
Dr Kuyperleane - Dr. Abraham Kuyper, (1837-1920) wie lieder fan de Anti-Revolúsjonêre partij en Twadde en Earste keamerlid. Wie fan 1901 - 1905 minister en yn 1908 Minister fan Steat. De Vrije Universiteit fan Amsterdam is syn libbenswurk.
Dr Willem Dreesstrjitte nei minister presidint Willem Drees.
Ernst Casimirstrjitte - Ernst Casimir (Dillenburch, 22 febrewaris 1573 - Roermond2 juny1632 ) is de stamheit fan de Fryske Nassaus. Hy folge yn 1620 syn broer Willem Loadewyk op as steedhâlder fan Fryslân. Nei it ferstjerren fan prins Maurits yn 1625 waard hy ek steedhâlder fan Grinslân en Drinte. Ernst Casimir sneuvele yn 1632 by de bekende fjildtocht fan Freark Hindrik lâns de Maas.
Fan Anhalt Dessaustrjitte - Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau, wie regintesse yn Fryslân fan 1696-1707.
Fan Brunswijkstrjitte -
Fan Giffenstrjitte - David Flud fan Giffen wie fan 1681-1688 predikant en gelearde yn Snits. Hy hearde ta de groep fan de Coccejanen en stried tsjin deade rjochtsinnichheid. By it hof wie hy in dierber preker fan de godsillichheid.
Fan Schouwenburgstrjitte - greve Joast fan Schouwenburch wie ein 16e iuw steedhâlder fan Fryslân
Fearn - lingtemaat fan 0,172 meter
Fesperstrjitte - ferwiist nei it Janiterkleaster by Snits, op it plak fan de algemiene begraafplak, yn de folksnamme it Hospitaal neamd.
Fiem - lingtemjitte as ôfstân tusken de fingerseinen fan de mulfinger by de earms wiidút. De fiem kin ûngelyk fan lingte wêze, sa binne der bygelyks ek Amsterdamse of Rynlânske fiemen.
Fjoerflinter - fjoerflinter
Flystream - Flystream as wetternamme
Flitsstrjitte - type jeugdsylboat flits
Foarline - keatsterm
Foarseam - ûnderdiel fan de molewjuk, bedoeld om wyn te fangen.
Foet - âlde lingtemaat, benammen brûkt troch timmerlju, skipsbouwers en seelju. In Amsterdamske foet is 0,283 m., in Rynlânske 0,308 m.
Folsgearsterhimstrjitte - nei de Folsgearsterhim by Folsgeare.
Freark Hindrikstrjitte - Freark Hindrik (1584-1647) wie de soan fan prins Willem I fan Oranje en Louise de Coligny en wie steedhâlder fan Hollân, Seelân Utert, Gelderlân en Oerisel fan 1625 - 1647. Boppedat wie hy kapitein-generaal fan it leger en admiraal-generaal fan de float. By de striid tsjin Spanje yn de Tachtichjierrige oarloch helle hy safolle súksessen dat er de Stedetwinger neamd waard. Mei syn dynastike ambysjes rôp er by de Amsterdamske reginten argewaasje op, trochdat hy him profilearre as monarch ynstee fan as tsjinner fan de gewestlike Steaten.
Frieswykstrjitte - de famylje Frieswijk levere yn de 17e en 18e iuw in tal Snitser pommeranten as boargemasters en sekretarissen.
Frittemaleane - nei it fersoargingshûs Frittemahof, dy't keazen waard as oantinken oan âldereinhûs Nij Frittemahof dat oan de Stasjonsstrjitte stie. De famylje Frittema bewenne yn de Tachtichjierrige Oarloch in skoftke de aadlike wenning op de hoeke Piperstrjitte-Skiepmerkplein.
Furmerusstrjitte - Bernardus Gerbrandi Furmerus (1542-1616, Ljouwert) wie learling fan Suffridus Petrus, dy't hy yn 1597 opfolge as lânhistoarjeskriuwer.
Gonggrypstrjitte - Thomas en Tjalling Gonggrijp wienen bekende glêsskilders yn Snits (1730-1814). Wurk fan beiden is te sjen yn de herfoarme tsjerke fan Akkrum.
Gouden Boers - geografyske oantsjutting yn it gebiet fan de Wite en Swarte Brekken.
Greve Adolfstrjitte - Adolf graaf van Nassau ( 1540 - 1568) wie de op ien nei jongste broer fan prins Willem I fan Oranje en sneuvele yn 1568 yn de slach by Heiligerlee, de earste slach dy't yn de Tachtichjierrige Oarloch levere waard.
Grutsân - 'Sân' betsjut krektas 'saan' en 'sont in nauwe ferbining tusken brede wetters. Sân kin likegoed komme fan it sân om de ouwers op te heegjen ta kaaien.
Hanso Mollstrjitte - Hanso Moll waard yn 1626 skepen (wethâlder) en yn 1629 boargemaster fan Snits. Lykas syn beide bruorren wie hy keunstner. Pieter Moll wie beropsskilder. Fan him hinget in skilderij út 1641 yn it Snitser stêdhûs.
Harinxmakade - Agge Harinxma boaske de dochter fan Rienck Bockema. De Harinxma's spylje in grutte rol yn de skiednis fan Snits.
Harmen Sytsrastrjitte - de Fryske skriuwer Harmen Sytstra
Harspit - spit om de seine op te harjen
Harste -
Havensydstrjitte - Sydstrjitte fan de havenstrjitte.
Havenstrjitte - hjir rûn eartiids in sydfeart fan it Grutsân. Dit haventsje wie de tagong foar hannelsguod en turf foar opslach yn pakhuzen en efterhuzen.
Heablokstrjitte - ferwiist nei in komelkerij.
Heechein - Foar de oanlis fan de grêften in heger lizzend diel fan Snits. De foar it súdside namme, nei de oanlis fan de wallen, wie 'Nieuwe Stadt'.
Heemskerkstrjitte - Mr. Jan Heemskerk (Amsterdam, 1818 - De Haach, 1897) wie minister en keamerlid. Fan 1859 - 1864 siet hy yn de Twadde Keamer, wêr't hy tsjinoer Thorbecke in ûnôfhinklik stânpunt ynnom en op ekonomysk mêd reedlike frijsinnige stânpunten hanthavene. Fan 1866-1868, 1874-1877 en 1883-1888 wie hy minister fan binnenlânske saken.
Hegedyk -
Hein Doekesstrjitte - Hein Doekes spile begjin 16e iuw in grutte by de befrijing fan Snits fan de Gelderske besetters. Doe't dy ferdreaun wienen waard Doekes beneamd as befelhawwer oer 60 man út de minder begoedigen, dy't de stêd beweitse moasten.
Hendrik Bulthuiswei - ûntwerper fan de sylboat BM, Hendrik Bulthuis
Hendrik Casimirstrjitte - Hendrik Casimir (Arnhim, 31 jannewaris1612 - Hulst, 12 juny1640 ) wie noch mar sân jier doe't syn heit Ernst Casimir stoar, dêrom waard syn mem Albertine Agnes earst regintesse foardat er syn heit yn 1679 opfolge as steedhâlder en kapitein-generaal fan Fryslân.
Himdyk - in himdyk beskerme in him. Lizze meast ten suden en westen fan de súdlike kom fan de Middelsee en binne meast yn de 12e iuw oanlein.
Hopperstrjitte - Joachim Hopperus (Snits, 1523 - Madrid, 1576 ) wie heechlearaar yn Leuven en letter lid fan de Geheime Ried fan Steat en adviseur fan Philips II oer Nederlânske saken. Hy hat benammen betsjutting hân as skiedskriuwer.
Houkesleatstrjitte - de Houkesleat is it wetter dat Snits mei de Snitser Mar ferbynt.
Hugo de Grootstrjitte - Hugo de Groot wie historiograaf fan Hollân, generaal-fiskaal en riedpensjonaris fan Rotterdam. Hy ûnderskiede him as teolooch, historikus, filosoof, dichter en benammen as jurist en filolooch. Bekend is syn wurk De jure belli ac pacis (oer it rjocht fan oarloch en frede), dat yn in soad talen oersetten is. As oanhinger fan Oldenbarnevelt waard hy yn 1618 finzen setten op it slot Loevenstein, wêrút hy yn 1621 yn in boekekiste ûntsnapte.
Iikmole - mole om ikebast te fermeallen foar learloaierijen.
Ype Staakstrjitte - Ype Staak wie in Snitser glêsskilder. Snits wie oant djip yn de 18e iuw itn sintrum fan glêsskilderkeunst. It atelier fan de bruorren wie konkurrint fan de bruorren Gonggryp.
Jan fan Nassaustrjitte - greve Jan fan Nassau (ek: Jan de Alde) (1535-1606) wie in broer fan prins Willem I fan Oranje en steunde him finansjeel en polityk. Hie wie ien fan de driuwende krêften efter de ta stân komming fan de Uny fan Utertt (1579) en dêrtroch ien fan de grûnlizzers fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannne. Syn âldste soan Willem Loadewyk wurdt yn 1584 de earste steedhâlder fan Fryslân út it hûs fan Nassau.
Jan Kannekenstrjitte - Kannejitter Jan Kanneken kaam yn 1497 yn tsjinst by in Grinzer tinnejitter. Holp dêr om Bokke Haringsma ûntsnappe te litten út de finzenis.
Jan Kuiperswei - Jan Kuipers (1892-1986), wie skipsbouwer fan 1930 - 1963 en bouwer en ûntwerper fan ûnder oare de Kustkruser, de Snitsermarkruserr en it troch syn snelheid ferneamde sylskip Thedo.
Jancko Douwamastrjitte - Jancko Douwama wie in Fryske frijheidsstrider.
Jistersylstrjitte - de jistersyl wie in kearslúske yn de Sperhimsterdyk by Bûns, ferfoel begjin 15e iuw.
Johan Bongastrjitte - Johan Bonga wie in Fryske edelman. Op 17 augustus 1570 farde hy, om de Prins fan Oranje, mei in tal skippen fan Inkhuzen om in oanslach op Fryslân te dwaan. Op 20 augustus koe hy samar Snits yn komme.
Johan de Wittplein - nei riedpensjonaris Johan de Witt (1625-1672).
Johan de Wittstrjitte - nei riedpensjonaris Johan de Witt (1625-1672).
Johan Mauritsstrjitte - Johan Maurits fan Nassau-Siegen (1604-1679) wie fan 1637 - 1644 gûverneur-kapitein-admiraal-generaal fan Brazylje. Hy is de bouwer fan it Mauritshûs yn De Haach (no museum). Yn 1672-1673 ferdigene hy Fryslân tsjin de biskop fan Munster, Bernard fan Galen, bynamme Bommen Bearend.
Kaar - Fjouwerkante, nei ûnderen tarinnende bak sûnder boaiem, wêrút nôt of sie tusken de molestiennen falt.
Kamerlingh Onnesstrjitte - Heike Kamerling Onnes, (Grins, 1853 - Leien, 21 febrewaris, 1926 ) wie in fysikus dy't yn Grins studearre en wurke fan 1871-1872 yn Heidelberg by Kirchhoff en Bunsen. Dêrnei waard hy yn 1878 assistint te Delft en wie fan 1882-1924 heechlearaar yn Leien. Dêr stifte hy it nei him neamde Cryogeen Laboratoarium, wêr't hy de fysika fan de tige lege temperatueren op it heechaste nivo brocht. Syn wurk foar de natuerkunde is fan tige grutte betsjutting. As eksperimintator wist hy grut opsetten en koördinearre ûndersyk te ferrjochtsjen. Yn 1913 krige hy de Nobelpriis foar natuerkunde.
Kalkovens - Eartiids stienen trije kalkovens fan boumaterialenbedriuw fan Feenstra, dêr't skulpen yn baarnd waarden. It opslachplak fan skulpen waard skylkampen neamd. De kalkovens binne yn 1964 ôfbrutsen.
Kamille - plantenamme kamille
Kanaalstrjitte - nei it dimpte Spoarkanaal, dat de ferbining foarme mei et ek dimpte Spoardok en de Geau.
Kanadezenstrjitte -
Kapelaan Jansenstrjitte -
Kapelstrjitte - ferwiist nei it Janiterkleaster by Snits, op it plak fan de algemiene begraafplak, yn de folksnamme it Hospitaal neamd.
Katsylstrjitte - Katsyl wie in âlde kearslûs yn de Skerwâlderhim by Westhim. De syl is flak foar 1900 ferfallen.
Keatslân - Alde namme, wurdt al beskreaun yn de histoarysk kronyk fan Snits (1772) wêryn Eelco Napjus al skriuwt dat bûten it Heechein it Keatslân leit dat eigendom is fan it Old Burger Weeshûs.
Kruzebruorrenstrjitte - hjir stie it yn 1462 sifte kleaster fan de krúshearen. It siet yn de gebouwen fan it 'Olde Hospitael'. Dit Sint Antonie Gasthûss wie ferhuze nei de Alde Komerk. Nei de reformaasje fan 1584 waard it in weeshûs dat nei in ferbouwing yn 1855 ôfbrutsen waard. By it kleasster hearde de Lytse- of Broeretsjerke dêr't de Lytse Tsjerkestrjitte nei neamd is.
Lange Pipsteech - in 'piip' is in stiennen bôgebrêge oer farwetters en stedsgrêften. Oan beide einen fan de stege siet sa'n piip.
Lange Feemerkstrjitte - nei de feemerk dy't yn 1992 opheft waard.
Lange Warren - Lange Warren by de Wite en Swarte Brekken.
Liaukemastrjitte - Sikke Liaukema wie in pakesizzer fan Bokke Haringsma. Nei in fûle striid tusken de Snitsers en de Geldersken yn it begjin fan de 16e iuw waarden de Geldersken ferdreaun. Sikke Liaukema waard dêrom, fan 1522 oant syn dea, beneamd as hearskip en âlderman fan Snits.
Lynbaanstrjitte - tagong nei de Keninklike Lankhorst Euronetegroup B.V. Ien fan de earste brdriuwsgeboouwen fan dizze âlde Snitser firma wie in lynbaan.
Lytse Peallen - oerklûze diel fan de Wâldfeart. De peallen wienen bedoeld foar de stedsferdigening. Bûten de wetterpoarte, yn de Geau, stienen de Hege Peallen.
Lytse Tsjerkestrjitte - hjir tsie eartiids de Lytse- of Broeretsjerke.
Liuwenburch - hjir stie de stins fan de grytman fan Wymbritseradiel, Louw of Lieuwe Donia († 1533). De stins krige syn namme nei de reade liuw yn it wapen fan de Donia's.
Ljouwerter Piipsteech - nei de piip by de Ljouwerter Poarte oan de ein fan de Dimpte Pôle. Sa koe men lâns de Swette nei Ljouwert kommee.
Loaiïngeasterleane - it paad nei Loaiïngea rûn eartiids troch de Stedsfinne.
Lohmanstrjitte - Alexander Frederik de Savornin Lohman wie in Twadde Keamerlid.
Looxmadwersstrjitte - It geslacht Looxma wenne yn de 17e en 18e iuwen yn Snits.
Looxmagrêft - It geslacht Looxma wenne yn de 17e en 18e iuwen yn Snits.
Looxmastrjitte - It geslacht Looxma wenne sûnt de 17e iuw yn Snits. In soad Looxma's wienen sulversmid, mar yn de 18e iuw hienen inkele leden ek in sit yn it gemeentebestjoer. Tsjin 1800 ferhuze de famylje as fermogende oaleslaggers nei Ljouwert.
Lorentzstrjitte - Hendrik Lorentz. wettersteatkundige fan û.o. de Lorentzslûzen
Louise de Colignystrjitte - Louise de Coligny (1555 - 1620) troude yn 1583 mei prins Willem I fan Oranje, dy't yn it jier dêrnei fermoarde wurde soe. It ienige bern út dit houlik wie de lettere steedhâlder Freark Hindrik.
Marnesylstrjitte - de Marnesyl wie de kearslûs yn de Marnedyk by de feart dy't fan Boalsert en it Boalserter Gat nei Makkum rint. Waard foar it earst neamd yn 1403 en hat tsjinst dien oant 1881.
Marsdjip - wetternamme Marsdjip
Martinyplein - nei de Martinitsjerke, eartiids sint Maartentsjerke.
Merkstrjitte - hjir waard merk hâlden. Njonken it stedhûs stie de mânske Dekama- of Grutersmastins (ek wol: Harinxmastins), dy't yn 1633 ôfbrutsen waard.
Moarrehimstrjitte - neamd nei de him by it wetter Moarre.
Molekrite - It bemealingsgebiet (krite) fan in wettermole dat net yn in wetterskip, feanpolder of partikuliere polder ûnderbrocht is. In molekrite beslaat meastentiids it lân fan ien pleats en eat út de omjouwing.
Muontsestrjitte - De Johanniter oarder wie in geastlike ridderoarder dy't om 1050 ûntstie yn Jeruzalim ontstond en as doel hiie de sike pylgers te ferplegen. It wurkterrein wreide him gau út. Ek by Snits stie in kleaster fan dizze oarder, op it plak fan de algemiene begraafplak. De kommandeur fan dit kleaster hie de opdracht om op siken, beheinden en hongerigen ta te sjen. Sadwaande waard it kleaster yn de folksnamme Hospitaal neamd.
Napjusstrjitte - Eelco Napjus (Snits, 1728 -dêre, 1803) wie majoar en eksekuteur. Hy skreau de 'Historische Chronyk of Beschrijvinghe van oud en nieuw Sneek'.
Nassau Dillenburchstrjitte - De Fryske en de Hollânske steedhâlders stamme út it hûs Nassau Dillenburch.
Nauwe Burchstrjitte - nei de Roodenburch fan Snitser haadling Rienck Bockema.
Nauwe Noarderherne - de Himdy makket hjir in heakse hoeke (herne) nei it noarden.
Neltjeshaven - de (Dimpte) Neltjeshaven is de ferbining mei de Frjentsjerter Feart dy't oanlein waard doe't mei de oanlis fan de stedsgrêften it Grutsân syn funksje ferlear. Yn de 19e iuw oerklûze.
Oliifberchleane - nei it Tertsiarissenkleaster Oliifberch.
Omloop - Underdiel fan in stellingmole. In stellingmole is in yndustrymole en dus gjin wettermole, De omloop of stelling sit fjouwer oant acht meter boppe de grûn. De wjukken fan de mole wurde fan de omloop ôf betsjinne.
Ooievaarsleane - Nederlânske namme foar earrebarre
Oranjepaad - in soad nammen yn Sperkhim hawwe te krijen mei it Oranjehûs.
Oudstrjitte - Mr. Pieter Jacobus Oud (1886-1968) wie fan 1933 - 1937 minister fan finansjen en fan 1938 - 1951 boargemaster fan Rotterdam. Nei de Twadde Wrâldoarloch werstelde hy de liberale politike partijfoarming (VVD). Mr. Oud ûnderskiede him ek troch publikaasjes op it mêd fan it steats- en gemeenterjocht.
Overtoom - in Overtoom is in plak om boaten út it wetter te heljen.
Pieter Sipmastrjitte - Pieter Sipma wie in ûnderwizer, learaar Nederlânsk oan de HBS fan Snits, filolooch en kenner fan it Frysk.
Pieter Zeemanstrjitte - Pieter Zeeman, (Zonnemaire, 1865- Amsterdam, 1943), wie in Nederlânsk fysikus dy't yn 1894 privaat-dosint te Leien waard, yn 1896 lektor, 1900 bûtengewoan heechlearaar en yn 1908 gewoan heechlearaar oan de universiteit fan Amsterdam. Hy ûntdekte yn 1896 de ynfloed fan in magnetysk fjild op de strieling, it Zeeman-effekt. Yn 1903 waard him, tegearre mei professor Lorentz, de Nobelpriis foar natuerkunde takend.
Pim Mulierstrjitte - Pim Mulier fierde yn de jierrren tachtich fan de 19e iuw it cricket en fuotbal yn Nederlân yn. Wie foarsitter fan it Nederlânsk fuotbalbûn en promoate de Alvestêdetocht en it keatsen. De strjitte leit yn it Skuttersfjild, dêr binne in soad sportaktiviteiten.
Pinksterblom - plantenamme pinksterblom
Pinningkrûd - plantenamme pinningkrûd
Piperstrjitte - nei de hannel yn piper, of nei in wurd foar wetterrin, fan de Nel.
Prinsengrêft - de grêfthuzen waarden boud troch oannimmer Prins.
Prinses Julianapark - nei prinses Juliana, de mem fan keningin Beatrix.
Priorstrjitte - ferwiist nei it Janiterkleaster by Snits, op it plak fan de algemiene begraafplak, yn de folksnamme it Hospitaal neamd.
Pripperstrjitte - in pripper is in leech opsleine keatsbal.
Professor Zernikestrjitte - Nederlânsk natuerkundige, heechlearaar yn de teoretyske natuerkunde yn Grins. Wichtichste wurk is de útfining fan de fasekontrastmikroskoop yn 1932. It grutte belang fan dizze fining is dat libbene organismen no mikroskopysk sjen wurde kinne en filme. De fining is beleanne mei de takenning fan de Nobelpriis foar natuerkunde yn 1953.
Quirijn de Blaustrjitte - Quirijn de Blau waard al op 12-jierrige leeftiid oanwiisd foar it sekretarisamt fan Snits, as opfolger fan Dr. A.J. Frieswijk dy't yn 1737 ferstoar. Dizze beneaming wie in typysk foarbyld fan de baantsjesjagerij yn de regintetiid. Quirijn de Blau waard letter Ried Ordinaris yn it Hof fan Fryslân.
Reade Klaver - nei de plant Reade Klaver.
Reagerleane - fûgel reager
Reefpaad - in reef makket it seiloerflak lytser, by hurde wyn bg.
Rommestrjitte - Mr. Carl Paul Maria Romme (*Oirschot, 21 desimber1896waard yn 1937 minister fan sosjale saken. Nei de oarloch hie hy in grut oandiel yn de oprjochting fan de Katolike Folks Partij (KVP) en hat hy 15 jier foarsitter west fan de Twadde Keamerfraksje fan dy partij.
Sakremintstrjitte - ferwiist nei it Janiterkleaster by Snits, op it plak fan de algemiene begraafplak, yn de folksnamme it Hospitaal neamd.
Salverdastrjitte - Jan Cornelis Pieter Salverda (Boalsert, 1783 - Wûns, 1836 ) wie skoalmaster yn Tsjerkwert en Wûns. As romantysk dichter wie hy beynfloede troch Gysbert Japiks en Evinus Wassenbergh.
Sâneachje - flinter sâneachje
Schaepmanstrjitte - Mgr. Dr. Herman Johannes Aloysius Maria Schaepman (Tubbergen, 1844 - Rome, 1930) wie in roomsk katolyk lieder fan de Twadde Keamerfraksje fan de Katolike Steatspartij.
Scholeksterleane - Nederlânske namme foar strânljip
Schwartzenberghstrjitte - Georg Frederik baron thoe Schwartzenbergh en Hohenlandsberg (1733-1783 wie grytman fan Menameradiel, lid fan de Ried fan Steat en kurator fan de Frjentsjerter Hegeskoakle. Mei Nic. Tholen en J.F.M. Herbell wie hy útjouwer fan it Sjarterboek, in grutte folioútjefte yn seis dielen mei min ofte mear offisjele stikken út de Fryske skiednis.
Sylroede - nei it wetter Alde Sylroede by Goaiingea. In sylroede is de tafiersleat fan in wettermûne.
Simmerdyk - Simmerdyk
Simmerdykleane - in simmerdyk joech allinnich beskerming tsjin de wetterstannen by't simmer
Simmermjitter - flintersoarte
Simonisstrjitte - Volkerus Simonis wie ein 15e iuw earst skoalfâd of rektor yn Snits, letter waard er boagemaster. Hy skreaun in boek yn it Latyn mei as titel 'Chronyk van Vriesland'.
Singel - westside hiet foar 1920 "Achterom" (fan it Grutsân), de eastside "Cingel".
Sitroenflinter - nei de flintersoarte sitroenflinter
Sytsingawiersterleane - Ath Broersdochter Bonningha en har man Tsjomme Oenes Wiarda wienen rikelju. Hja stiften yn 1463 op harren besitting de Sytsingawier it Tertsiarissekleaster Oliifberch.
Sjarketoerstrjitte - faaks fan de jongesnamme Sjarke. Rint ta op de bocht yn de Rienck Bockemakade, as ûnderdiel fan de festingwurken stie hjir destiids de Sjarketoer.
Skerhimstrjitte -
Skernestrjitte - De westkant fan it Grutsân waard foar 1920 noch de Skern/Scharn neamd. It soe 'ôfslutene hoeke' betsjutte kinne mar betsjutte letter rûchskerne, dus dongbult. De Skernestrjitte wie dus in sydstrjitte fan De Skern.
Skerwâlderhimstrjitte - neamd nei in him.
Skiepmerkplein - hjir waard yn skiep hannele.
Skierstins - In stins is in fersterke aadlike wente. De ienige oerbleaune is de Skierstins yn Feanwâlden. De skiere muontsen fan in kleaster Klaarkamp groeven yn Feanwâlden turf en krigen de stins as úthôf.
Skoallestrjitte - Oant 1976 stie hjir de Legere Technyske Skoalle.
Smidsbuert - nei in eardere buert by de Geaukade, dy't wer neamd wie nei in smidte dy't dêr stien hie.
Smidsstrjitte - smid as âld berop
Snecanusstrjitte - Gerbrandus Angelus Snecanus wie krúshear yn Snits. Fan 1473-1494 wie hy prior fan it Krúshearekleaster yn Hoarn. Letter waard hy Fikarus-Generaal fan de Krúshearoarder en op it lêst Magister-Generaal.
Snitserpaad - paad nei Snits
Sofiastrjitte - Sofia prinses fan Würtemberg ( 1839 - 1877 ) wie de frou fan Kening Willem III,.
Spikerboar - geografyske oantsjutting yn it gebiet fan de Wite en Swarte Brekken.
Spinnekop - De spinnekop is iet ienige type mole dat noch yn de omkriten fan Snits foar komt.
Spitaal - is in foarm fan Hospitaal.
St. Elisabethleane -
Stasjonsstrjitte - hjiroan stiet it stasjon fan Snits.
Súdein - De namme is yn de folksmûle feroare fan Zuyderend en Suierend nei Suurend.
Súdwesthoekewei - dyk út 1966 rjochting de Súdwesthoeke
Suffridusstrjitte - Sufffridus Petrus wie in skiedskriuwer dy't in protte skreaun hat oer de Fryske skiednis.
Sulverblêd - wylde plantesoarte sulverblêd
Suupmerk - of Suupmarkt - hjir waard sûpe (Stedsfrysk: suup) ferkocht. Yn de 17e iuw hiet de súdkant fan de Suupmerk Potstrjitte en de noardside Finkenburch, nei alle gedachten troch in fink yn ien fan de gevelstiennen.
Swartewei - wie earder swart troch de koaleslakken as ferhurding
Swettekade - Swette betsjut grins en de Ljouwerter Trekfeart hiet eartiids Swette, as skeiding tusken Baarderadeel in Westergoa en Raarderhim, Idaarderadiel en Ljouwerteradiel y Eastergoa. De feart folge in part fan in âlde slinke yn de bedike Middelsee, in oar diel waard groeven foar ôfwettering. Nei de ferbreding fan de Swette wie hy geskikt foar de trekfeart tusken Snits en Ljouwert.
Tsjomme Wiardaleane - Tsjomme Oenes Wiarda en syn frou Ath Broersdochter Bonningha wienen rikelju. Se stiften yn 1463 op harren besitting de Sytsingawier it Tertsiarissekleaster Oliifberch.
Tuskendyk - slingert tusken de Himdyk en de Alde Himdyk troch.
Tûzenblêd - de plant tûzenblêd
Ubbo Emmiusstrjitte - Ubbo Emmius wie heechlearaar yn de Alde skiednis en it Gryksk oan de universiteit fan Grins.
Uiterwaard - klaaiheuvel of terp
Voltastrjitte - Alessandro Conte di Volta (1745-1827). Italjaansk natuerkundige en ûntdekker fan de ferskynselen fan de dierlike elektrisiteit, dy't de oanlieding wie ta it ûntdekken fan de elektryske stroom.
Wagenbrugge - In nei alle gedachten yn Snits lizzende brêge, by it hjoeddeiske Skiepmerkplein. Hjirtroch kaam Wymbritseradiel oan syn namme (Het Olde Waghenbrugge).
Wâldfeartkade- nei it wetter de Wâldfeart Besuden Snits leinen wâlden. It wienen gjin tichte bosken, mar mear gebieten mei boskjes en strewellen.
1e Wâldstrjitte - nei de tichtby lizzende Wâldfeart.
2e Wâldstrjitte - nei de tichtby lizzende Wâldfeart.
3e Wâldstrjitte - nei de tichtby lizzende Wâldfeart.
Waling Dijkstrastrjitte - nei de Fryske folksskriuwer Waling Dykstra
Willem Santemastrjitte - fersetsman Willem Santema fan 1939-1941 wie lid fan de gemeenterie fan Snits.
Willemstrjitte - Kening Willem III, ( 1849 - 1890 ) wie in soan fan Kening Willem II en Anna Paulowna, troude yn 1839 mei Sofia fan Wurtemberg en yn 1879 mei Emma fan Waldeck Pyrmont. Willem en Emma binne de âlden fan keninginne Wilhelmina.
Wynboerd - ûnderdiel fan de molewjuk, bedoeld om wyn te fangen.
Wynkannestrjitte - nei herberch "De Wynkanne".
Winsemiusstrjitte - Pier Winsemius (Ljouwert, 1586 - Frjentsjer, 1644) wie heechlearaar yn Frjentsjer yn Wolsprekkendheid en Skiednis. Wie ek histoarjeskriuwer fan Fryslân.
Worp Tjaardastrjitte - Worp Tjaarda (ek: Worp fan Thabor) wie prior fan it kleaster fan koarhearen by Turns. Waard benammen bekend om syn kronyk, dêr't er wiidweidich yn oer it begjin fan de 16e iuw skriuwt.
Wumkesstrjitte - Wumkes wie predikant en bibletekaris fan de Provinsjale Bibleteek fan Fryslân en mei-oprjochter fan it Kristlik Frysk Selskip.
Zadelmakersstrjitte - sealmakker as âld berop
Zwolsmanwei - De Zwolsmanfamylje wie in bekend geslacht fan skipsbouwers yn Warkum, Makkum en Drylts.
Zomermeter - flintersoarte
Zonnedauw - Nederlânske namme foar de wylde plant miggefangerke
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.