Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Harmen Sytses Sytstra (Mullum, 14 jannewaris 1817 - Baard, 4 april 1862) wie in Fryske skriuwer en skoalmaster.
Harmen ferlear al jong syn beide âlden en groeide op by syn beppe. Letter learde hy it bakkersfak by syn omke. Syn earste literêr wurk bestie út in tal gedichtsjes. Yn syn frije tiid studearre er talen en wiskunde. Yn 1842 helle er in ûnderwizersgraad. Yn 1843 krijt er wurk as ûnderwizer yn Seisbierrum. Letter stie er foar de klasse yn Arum, Frjentsjer, Burgum en Baard.
Hy wie yn 1844 mei Tiede Roelofs Dykstra ien fan de oprjochters fan it Ald Selskip, it 'Selscip foar Frysce Tael in Scriftekinnisse'. Yn neifolging fan de Halbertsma's joech er in ferskaat oan rimen en teltsjes, oan natoerlyryk en oan sjongsume lieten. It bekende liet 'De Wâldsang' ('Moai sûnder wjergea binne de Wâlden...') is fan him, op in wize út de opera Le nozze di Figaro fan Mozart. Yn 1845 ferskynde it tydskrift Iduna. Dat orgaan fan it Selskip ferskynde foar rekken fan Sytstra. Hy wie besiele fan it ideaal om Fryslân op 'e nij ferrize te litten, sa't hy him foarstelde dat it ea west hie: grut en frij.
Harmen Sytstra ûntwurp in eigen stavering foar it Frysk, de Idunastavering, nei in idee fan De Haan Hettema. Dy stavering die bot tinken oan dy fan de midsiuwske Fryske wetsteksten. Dat kaam him op in protte krityk te stean en fûn gjin neifolging. It soe te fier fan it deistich Frysk ôfstean, dêr't bygelyks Halbertsma syn stavering op basearre.
Yn 1851 waard Iduna it tydskrift fan it Selskip, dat yn dy snuorje ek begûn mei in jierboekje. Harmen Sytstra hat ek in protte bydroegen oan jierboekjes, almanakken ensfh. Ek skreau er gedichten, mearkes, leginden en beskôgings. Harmen stoar mei 45 jier oan tyfus. Hy leit begroeven yn Baard, achter it skip fan 'e tsjerke. Syn wurk is werom te finen by Tresoar.
Sytstra boaske op 31 oktober 1852 oan Aukje Tabes Kooistra (Ternaard, 1821). Ut dat houlik waarden berne:
1. Sytse Harmens Sytstra: Baard, 22 augustus 1853.
2. Tabo Wiger Harmens Sytstra: Baard, 26 augustus 1856.[1]
3. Onno Harmens Sytstra: (Baard, 10 oktober 1858 - Ljouwert, 20 novimber 1939)
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.