Remove ads
strjitte yn Snits From Wikipedia, the free encyclopedia
De Heechein is in strjitte yn Snits. It binne twa kaden, oan wjerstkanten fan de middelrin fan de Stêdsgrêft. Dat part fan de Stêdsgrêft hjit yn de folksmûle ek it Heechein.
De noardside slút by de Snitser Wetterpoarte fia in trep oan op de Wetterpoartsgrêft, de rydferbining dêr is mei it Súdein. Earder gie hjir in grêft efter de wâlen nei it noarden. Likernôch yn it midden fan de strjitte slút de Alde Komerk hjir op oan, mei dêr tsjinoer de Heecheinsterbrêge, dy't de twa siden fan it Heechein ferbynt.
Hjirfoarby stiet it Lemster Fearhûs, en op de hoeke fan it Grutsân it Fluithûs. De stêdsgrêft stekt hjir ûnder de Suderbrêge troch de stêd yn. Oare kant de brêge rint de noardside fan it Heechein nei de Singel, en foarmet in krúspunt mei de Singel, de Lytse Peallen en de súdside. Hjir op de hoeke stiet it Langwarder Fearhûs, letter it Twintsk Fearhûs. De noardside foarme oant de stêd fierder útlein waard de súdein fan de stêd. Dat de strjitte it Heechein neamd wurdt is om't dy namme tsjutte op gâns it súdlik part fan de stêd.
De súdside foarmet in trochgeande rydferbining fan de Singel nei de Lemmerdykbrêge, dêr't er njonken de Wetterpoarte oanslút op de Rienck Bockemakade. Dit part fan de stêd hiet, en hjit noch wol, de Nijstêd. Doe't de noardside de ein fan de stêd wie, wie it wetter de haven; oan de súdside stienen ek pakhuzen, mar dy leinen bûten de stêd. Doe't yn 1492 wâlen om gâns de stêd oanlein waarden, waard dit part oan de stêd tafoege. Op de hoek fan it Heegein mei de Rienck Bockemakade stiet it hûs fan Hans Boelens, no eigendom fan de HB fundaasje.
It wetter tusken de kaden wie oant de 17e iuw de ein fan de stêd. De Heechein wie de haven fan Snits, mei oan beide kanten pakhuzen. Doe't de Kolk groeven waard, waarden begjin 17e iuw de pakhuzen dêrhinne ferplakke, en op it Heechein waard nijboud foar hantwurkslju. De âldste huzen, lykas it Fluithûs, binne dêrom fan dy tiid, boud yn de trepkegevelstyl fan dy tiid. Sûnt dy tiid fungearre it wetter as fearhaven, mei fearhuzen foar it fear nei De Lemmer en mei dat foar Langwar. Ein 19e iuw, mei de komst fan de steamskippen ferskoden ek de fearen nei bûten de Wetterpoarte. Al dy tiid gong de âlde stêdsgrêft fierder troch de Singel, en wie der in twadde útgong troch de Lytse Peallen, dêr't ek in piip wie. Yn de 20e iuw binne dy lykwols dimpt, dat de ferbiningen oer it wetter binne no allinnich fierder de stêd yn fia de Suderbrêge en fia de Kolk ûnder de Wetterpoarte troch nei bûten.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.