Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De earrebarre (Ciconia ciconia) is in 100-115 sm grutte fûgel út de famylje fan de Eibertfûgels. It is in grutte wite fûgel mei swarte rânen oan de wjukken. Fierder hat er in opfallende reade snaffel en poaten.
earrebarre | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Ciconia ciconia | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |
De Earrebarre wurdt yn it Frysk ek wol oantsjutten mei: Eiber, Eibert en Prikkedief.
De Earrebarren komme yn grut part fan Jeropa en Afrika foar. It is in echte trekfûgel; de fûgels dy't yn Jeropa briede oerwinterje yn Afrika. By de reis nei syn winterferbliuw mijt er de see. De fûgels berikke Afrika dan ek troch by Gibraltar fan Spanje út oer te stekken, en de eastlike fûgels geane oer Turkije.
De fûgels dy't de westlike rûte oer Spanje nimme oerwinterje yn de Sahellannen yn West-Afrika. De earrebarren dy't de eastlike rûte nimme geane hielendal troch nei Súd-Afrika.
De oarspronklike Nederlânske populaasje bestie út fûgels dy't beide trekrûtes brûkten, de tsjinwurdige populaasje brûkt allinnich de westlike rûte en oerwinteret yn West-Afrika.
It tal earrebarren is yn Nederlân de 20e iuw hieltyd tebekrûn oant inkelde briedpearen yn de jierren sântich. De tebekrin is nei alle gedachten oan de grutskaliger lânbou te witen, mei it brûken fan bestridingsmiddels, mar ek oan klimatologyske oarsaken sa as in hyltiten drûger wurdend oerwinteringsgebiet. Yn 1910 wiene der sa'n 500 briedpearen, yn 1970 wie dit tebekrûn nei 14.
In 1969 is yn Groot-Ammers yn Súd-Hollân troch de Fûgelbeskerming Nederlân Het Liesveld boud. Dat fokstasjon is bedoeld om in grut tal earrebarren te fokken. At de fûgels sa'n fjouwer jier âld binne wurde se oerbrocht nei in bûtenstasjon. Dêr wurde de fûgels fuorre, mar kinne se ek yn de omkriten iten sykje. De bedoeling is dat de jongere generaasjes fûgels harren wer hielendal sels rêde kinne en sa wer foar in grutte populaasje wylde earrebarren soargje. Troch dat programma wienen der yn 2004 wer sa'n 500 briedpearen; in lyts part dêrrfan is hielendal selsstannich.
Earrebarren kinne net in protte lûd meitsje. Yn de maaitiid meitsje se lykwols in protte leven mei it klepperjen fan de snaffel wêrby't se de kop en nekke hielendal oer de rêch bûge.
Lykas in protte fûgels mei lange skonken stiet ek de earrebarre in protte op ien poat. Trochdat se ien poat oplûke en tusken harren fearren weistopje ferlieze se minder waarmte.
Earrebarren ite in protte kikkerts en binne in protte in de buert fan sleatten te finen. Fierder ite se ek mûzen, jonge rotten, ynsekten en oare lytse bisten. De oarbliuwsels fan it iten wurdt yn de foarm fan in spuiballen wer útspuid.
De Earrebarren briede alle jierren wer op itselde nêst. It nêst leit meast op in dak fan in hûs op spesjaal makke earrebarrenêsten. De fûgels komme alle jierren werom nei itselde nêst en meitsje it ek eltse kear wer grutter. It nêst hat meast in trochsnee fan 1,5 meter en âlde nesten kinne wol sa'n 2,5 meter heech wurde. De 3-5 aaien wurde yn sa'n 33 dagen útbret. Wylst de fûgels lyk by it earste aai begjinne te brieden is dêrtroch in leaftydsferskil by de jongen. De jongen wurde noch sa'n 8 wiken troch de âlden fuorre. De leste wiken steane se faak al op it nêst drok mei harren wjukken te slaan om dy foar it fleanen te oefenjen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.