Rêchstringdieren
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De rêchstringdieren, gordadieren of gorda's (wittenskiplike namme: Chordata) foarmje in stamme fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa) en de boppestamme fan 'e nijmûnigen (Deuterostomata). Ta de rêchstringdieren hearre û.m. de sûchdieren, fûgels, reptilen, amfibyen en fisken. It binne bisten dêr't it lichem fan bestevige is troch in rêchstring, in stevige mar holle koarde fan senuwweefsel dy't troch de rêch rint.
rêchstringdieren | ||
It skelet fan in blauwe finfisk, mei dúdlik sichtber de wringe. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
ûnderryk: | echte dieren (Metazoa) | |
(sûnder rang): | weefseldieren (Eumetazoa) | |
tuskenryk: | twasidigen (Bilateria) | |
(sûnder rang): | termdieren (Nephrozoa) | |
boppestamme: | nijmûnigen (Deuterostomata) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
Haeckel, 1874 | ||
Net by alle soarten is it rêchstring oanwêzich yn it folgroeide bist; by gâns soarten hat it embryo al in rêchstring, mar ferdwynt dat letter, of wurdt it ferfongen troch in wringe, wat winliken simpelwei in fierder evoluëarre foarm fan in rêchstring is. Wol hawwe alle soarten in sturt, al kin dy rudimintêr wêze, lykas dat by de minske it gefal is. Der binne rûchwei 67.000 ferskillende soarten rêchstringdieren, wêrfan't likernôch de helte bestiet út bienfiskeftigen (Osteichthyes).
De rêchstringdieren ûntjoegen har foar it earst yn 'e tiid fan 'e saneamde Kambryske Eksploazje (fan bistesoarten), yn it tiidrek fan it Kambrium, sa'n 541 miljoen jier lyn. De earste soarten lieken nei alle gedachten sterk op it hjoeddeistige lansetfiskje. De neiste sibben fan 'e rêchstringdieren binne de stikelhûdigen (Echinodermata) en de ikelwjirms (Hemichordata). Dy lêste bisten waard foarhinne sels ek wol ta de rêchstringdieren rekkene, mar tsjintwurdich sjocht men har as in aparte stamme binnen de gruttere groep fan 'e nijmûnigen.
Karakteristyk foar sawol stikelhûdigen, ikelwjirms as rêchstringdieren is dat se yn 'e primêre foarm in sessile (fêstsittende) libbenswize hawwe. Soks sjocht men noch werom by seeleeljes (Crinoidea) en sekpipen (Ascidiacea), dat primitive fertsjintwurdigers fan 'e nijmûnigen binne. Om't se sterk op 'e larven fan sekpipen lykje, wurdt oannommen de "hegere" rêchstringdieren har ûntjûn hawwe út 'e larvale foarmen fan sessile soarten, wêrby't op in stuit it folwoeksen stadium ferlern gie.
|
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.