Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Strânljip Haematopus ostralegus is de meast foarkommende soart út de famylje fan de Strânljippen. De 43 sm grutte fûgel is goed wer te kennen oan syn wat dûbele bou, syn swart-wite fearren en syn fel oranje snaffel en poaten.
strânljip | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Haematopus ostralegus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: gefoelich
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel simmerfûgel wintergast |
De strânljip wurdt yn it Frysk ek wol fjildakster/ekster, bûnte liuw/ljip/pyt of Stynske ljip of liuw neamd. De namme bûnte liuw komt yn ferskate foarmen yn de noardlike dialekten foar. It Amelânsk hat it oer bonteluw, it Tekselsk ken lieuw(e) en it Wieringsk jout neffens in strjitnamme yn 'e nijbou fan Hippolytushoef bonkte lieuw.
De Strânljip komt yn hiel Euraazje foar, fan West-Jeropa troch Sintraal-Aazje oant Sina. Foar it grutste part is it in trekfûgel dy't oerwinteret yn Súd-Jeropa of Súd-Aazje. Allinnich yn West-Jeropa bliuwt de strânljip it hiele jier op itselde plak.
By't maaitiid begjinne de strânljippen mekoar yn kloften it hof te meitsjen. Se rinne dan mei de snaffel nei ûnderen om mekoar hinne wylst se lûd roppe. De fûgels hawwe in ienfâldich nêst, in lyts kûltsje wêryn't se sa'n 2-4 aaien lizze. It nêst kin op it strân wêze, op it boulân, yn de greide of sels yn it grint op in plat dak. De aaien komme nei 4 wike út.
De strânljippen ite meast wjirms of skulpdieren.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.