Ried fan Steat
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Ried fan Steat (Nederlânsk: Raad van State, RvS) is yn Nederlân de heechste algemiene bestjoersrjochter en ien fan de Hege Kolleezjes fan Steat. Syn wichtichste taken binne it advisearjen fan it regear en it parlemint oer wetjouwing en bestjoer, en it rjochtsprekken as heechste bestjoersrjochter.[1] De Ried fan Steat hat twa ôfdielings:
De Ofdieling advisearring fan de Ried fan Steat advisearret it regear oer alle wetsfoarstellen, inisjatyffoarstellen, algemiene maatregels fan bestjoer en de goedkarringswetten foar ynternasjonale ferdraggen. By it advys wurdt let op de beliedsmjittige, juridyske en wetstechnyske kwaliteit dêrfan. It einoardiel fan de Ried is net binend, mar it regear hat eins wol de morele ferplichting om it advys op te folgjen.
De Ofdieling bestjoersrjochtspraak sprekt rjocht as heechste bestjoersrjochter yn skelen tusken boarger en oerheid, bygelyks wannear't in boarger him net fine kin yn in beslút fan in gemeente of provinsje, mar ek wannear't (legere) oerheden ûnderinoar in skeel hawwe.
De Ried fan Steat bestiet, benjonken de Kening as foarsitter, út de fise-presidint en net mear as tsien leden. Dêrneist binne der saneamde steatsrieden en steatsrieden yn bûtengewoane tsjinst. Dat binne spesjalisten dy't tegearre mei de leden fan de Ried fan Steat sit hawwe yn de twa ôfdielings.
De leden fan de Ried binne altyd teffens lid fan ien fan beide of fan beide ôfdielings. Dat jildt ek foar steatsrieden, mar it tal dûbele beneamings is foar harren beheind ta maksimaal tsien. By it útfieren fan taken wurdt gjin ûnderskied makke tusken leden en steatsrieden.
In lid fan de ôfdieling Bestjoersrjocht dat earder belutsen wie by it advisearjen oer wetjouwing dy't in rol spilet by in foarlizzend skeel, mei net dielnimme oan de behanneling fan dat skeel.
Yn de ôfdieling Advisearring hat ek Keninginne Máxima sit, mar hja is dêr net lid fan.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.