Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Karel (Kassel, 3 augustus 1654 - dêre, 23 maart 1730) wie fan 1670 oant 1730 lângreve fan Hessen-Kassel.
Hy wie de soan fan lângreve Willem VI en Hedwig Sophie fan Brandenburch, dochter fan George Willem fan Brandenburch. Yn 1670 folge er syn broer Willem VII op as lângreve fan Hessen-Kassel. Hy sette in grut leger op dat er ferhierde oan de heechste bieder en dat stried yn ûnder mear de Spaanske Suksesjeoarloch. Nei syn dea yn 1730 waard er opfolge troch syn soan Frederik I, dy't sûnt 1720 kening fan Sweden wie.
Nei it ynlûken fan it Edikt fan Nantes yn 1685 yn Frankryk, helle Karel de ferballe Hugenoaten nei Kassel en joech harren frijheid fan goddtsjinst. Sa'n 4000 Hugenoaten setten harren ta wenjen yn Kassel. Karl sterke de metaal-yndustry fuort en hie ek niget oan archeology.
Karel troude yn 1673 mei Maria Anna fan Koerlân (1653-1711), dochter fan Jacob Kettler. Hja krigen 17 bern, ûnder oaren:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.