Yoda is in ferneamd fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, dat betocht waard troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Jedi-master fan in ûnbekend ras fan bûtenierdske wêzens "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort", en stiet benammen bekend om syn lytse griene uterlik en syn aparte trant fan praten. Yoda makke it alderearst syn opwachting yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980), it twadde diel fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy. Syn rol yn it trêde diel, Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), wie beheind, mar hy kearde yn jongere foarm werom yn 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005). Yn alle films waard Yoda bespile troch poppespiler Frank Oz, dy't ek syn stim ynspriek.

Fluch de feiten
Yoda
personaazje út Star Wars
Thumb
persoanlike bysûnderheden
seksemanlik
soarte personaazjesoarte ûnbekend
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amtJedi-ridder
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Obi-Wan Kenobi
Luke Skywalker
Anakin Skywalker
Qui-Gon Jinn
Mace Windu
greve Dooku
attributenmanear fan praten
geastlike heitGeorge Lucas
ûntstean1980
Slute

Kreaasje

Star Wars-betinker George Lucas fertelde yn in fraachpetear dat it earst syn bedoeling west hie om Luke Skywalker traine te litten troch Obi-Wan Kenobi, mar hy besleat dat it net logysk wie om Obi-Wan fierder mar wat oan 'e sydline tasjen te litten wylst Luke al it fjochtsjen opknapte, dat dêrom liet er him deagean yn 'e earste film. Neitiid skoep er it personaazje Yoda om 'e training fan Luke oer te nimmen. Lucas frege poppespiler Jim Henson, de betinker fan The Muppet Show, om in pop foar him te ûntwerpen, mar dy hie it te drok mei oar wurk, dat hy rette Frank Oz oan foar de put.

Oz wie foar it personaazje Yoda as haadpoppespiler behelle by de Star Wars-films The Empire Strikes Back, Return of the Jedi, The Phantom Menace en The Last Jedi, en hy liende ek syn stim oan Yoda yn dy fjouwer films plus Attack of the Clones, Revenge of the Sith en The Rise of Skywalker. Foar inkele sênes yn The Empire Strike Back en The Phantom Menace wêryn't rûn wurde moast, diene akteurs mei dwerchgroei Deep Roy en Warwick Davis in Yoda-kostúm oan, hoewol't net ien fan beiden dêrfoar op 'e ôftiteling fan 'e oangeande film in fermelding krige.

As poppespiler waard Oz yn The Empire Strikes Back bystien troch Kathryn Mullen, Wendy Froud en David Barclay, yn Return of the Jedi troch Barclay, Mike Quinn en David Greenaway, yn The Phantom Menace troch Greenaway, Don Austen en Kathy Smee, en yn The Last Jedi troch Dave Chapman, Damian Farrell en Colin Purves. Yn Attack of the Clones en Revenge of the Sith waard Yoda folslein troch fisuele effekten staljûn, wylst er yn The Rise of Skywalker inkeld in stimcameo hie.

De iennichste Star Wars-film wêryn't de dialooch fan Yoda troch in oare akteur as Oz ynsprutsen waard, wie de lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars, dêr't Tom Kane de put opknapte. Yn 'e Star Wars-harkspullen spriek akteur John Lithgow de rol fan Yoda yn.

Persoanlikheid

Yoda is in bûtenierdsk wêzen fan in ûnbekende soarte; syn ras is troch George Lucas en syn filmstudio Lucasfilm altyd mei opsetsin dizenich holden en wurdt nearne neamd. Hy is lyts fan stal, likernôch in meter lang, en hat in griene hûd, twa fingers en in tomme oan eltse hân, en lange, spitse, nei de sydkanten útsteande earen. Yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back wurdt er ôfskildere as ien fan 'e machtichste en meast stoïsynske Jedi-masters yn it Stjerrestelsel, dy't iuwen âld en tige wiis is. Yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back wurdt neamd dat Yoda al 800 jier Jedi traint, wat betsjut dat er sels noch folle langer in Jedi west hawwe moat.

Thumb
Poppespiler Frank Oz fertolke de rol fan Yoda yn alle trije Star Wars-trilogyen.

Ien fan syn opmerklikste skaaimerken is syn aparte manear fan praten, mei in folchoarder fan sinsdielen dy't sterk ôfwykt fan 'e noarm. Foarbylden binne: "Prate mei dyn heit, do moatst"; "De grutste learaar, falen is"; en "Noch wat te sizzen, do hast?" Taalkundigen dy't har dêryn ferdjippe hawwe, fine syn spraakgebrûk in bytsje ynkonsekwint, mar hawwe de teory oppenearre dat Yoda sprekt mei in foarwerp-ûnderwerp-persoansfoarm-folchoarder. Soks komt by natuerlike minsklike talen net folle foar, alteast net as standertsinsbou. De measte talen wêrby't sa'n sinsbou normaal is, binne lytse Yndiaanske talen út it Amazônegebiet, lykas Sjavante (Xavante), Apoerina (Apurinã) en Kajaby (Kayabí). In útsûndering op dy regel binne it Mizo en besibbe talen út 'e Kûky-Tsjin-Mizo-kloft fan 'e Tibeto-Burmaanske talen, dy't yn Súdeast-Aazje sprutsen wurde.

Fiktive biografy

Oarspronklike Star Wars-trilogy

Yn 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983) wurdt it personaazje fan Yoda yntrodusearre yn 'e twadde film, Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980). Dêryn wurdt de jonge Luke Skywalker, nei de evakuaasje fan 'e basis fan it Rebelleferbûn op 'e iisplaneet Hoth, troch de geast fan syn eardere Jedi-master Obi-Wan Kenobi oanfitere om nei de ôfhandige planeet Dagobah te gean om fierder te learen ûnder de âlde Jedi-master Yoda. Nei't er op Dagobah oankommen is, moetet Luke Yoda yn in sompe. De âlde master makket himsels net daliks oan Luke bekend, mar docht him ynstee foar as in wat simpele ynboarling om Luke syn geduld op 'e proef te stellen. Dêrby provosearret er mei opsetsin sawol Luke as Luke syn robot R2-D2. As Luke lang om let ûntdekt wa't er foar him hat, is er skokt dat it lytse eksintrike wêzentsje de wize Jedi-master is dy't er siket.

Op oantrúnjen fan 'e geast fan Obi-Wan set Yoda útein mei de training fan Luke as Jedi, hoewol't er syn twifel oer Luke syn geskiktheid foar dat amt net ûnder stuollen of banken stekt. Hy stelt by Luke deselde lulkens en domdrystens fêst, dy't de delfal fan syn heit Anakin wiene. De training giet foar Luke mei fallen en opstean, mar stadichoan boekt er foarútgong. As er in fizioen kriget dat syn freonen op 'e planeet Bespin yn in fâle rûn binne en finzen holden wurde troch Darth Vader, de wichtichste hantlanger fan 'e boasaardige keizer Palpatine, brekt Luke lykwols syn training ôf om harren te rêden, tsjin it útdruklik advys fan Yoda yn. Dyselde warskôget him dat er noch net ree is om it tsjin Vader op te nimmen en dat er yn in mûklaach lokke wurdt, mar Luke lit him dêr net troch op oare gedachten bringe. As de geast fan Obi-Wan, dy't it mei Yoda iens is, him beklaget dat Luke harren "lêste hope" is, antwurdet Yoda: "Der is noch ien."

Yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) is Yoda koart te sjen as Luke nei de befrijing fan syn freonen nei Dagobah weromkeart om syn training te foltôgjen. Hy treft dêr lykwols Yoda op syn stjerbêd oan. De âlde master fertelt him dat syn training al kompleet is, mar dat er himsels pas in Jedi neame mei as er Darth Vader ferslein hat. Hy befêstiget ek de wierheid fan it skokkende boadskip fan Vader dat hy Luke syn heit Anakin is. Dêrnei ferstjert Yoda fredich yn 'e âlderdom fan likernôch njoggenhûndert jier. Syn lichem wurdt foar de eagen fan Luke wei as er opgiet yn de Krêft. Syn lêste wurden oan Luke binne dat "der noch in Skywalker" is. De geast fan Obi-Wan fertelt Luke fuort letter dat Yoda dêrmei prinsesse Leia bedoelt, dy't eins Luke syn twillingsuster is. Nei de oerwinning fan 'e rebellen op it Galaktysk Keizerryk yn 'e Slach by Endor ferskynt Yoda as in geast yn 'e Krêft dy't mei goedkarring op Luke delsjocht, yn it selskip fan 'e geasten fan Obi-Wan en de ferloste Anakin Skywalker.

Star Wars-prequeltrilogy

Yn 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005), dy't 32 jier foar Star Wars: Episode IV – A New Hope spilet, keart Yoda werom as in (justjes) jongere ferzje fan himsels. Yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999) bringt Jedi-master Qui-Gon Jinn de njoggenjierrige Anakin Skywalker foar de Hege Jedi Ried, dêr't Yoda ek diel fan útmakket. Qui-Gon is derfan oertsjûge rekke dat er yn Anakin de "Utkarde" fûn hat fan wa't de âlde profesijen gewach meitsje: deselde dy't de Krêft yn lykwicht bringe sil. Hy freget dêrom tastimming om it jonkje as padawan oannimme te meien om him ta Jedi op te lieden. Yoda wurdt lykwols in grutte eangst yn Anakin gewaar, benammen yn ferbân mei (it wolwêzen fan) syn mem Shmi, dy't as slavinne op 'e planeet Tatooine efterbleaun is, en foarsjocht dêrom "grut gefaar" yn syn training ta Jedi. De Hege Jedi Ried, dy't ûnder lieding stiet fan Yoda syn eardere padawan Mace Windu, wiist it fersyk fan Qui-Gon ôf.

Thumb
De Yodafontein by it haadkantoar fan it special effects-bedriuw Industrial Light & Magic (ILM) yn San Francisco.

Nei't Qui-Gon deadlik ferwûne rekket yn in duël mei de ljochtsabel tsjin 'e Sith Darth Maul, freget er syn learling Obi-Wan Kenobi mei syn lêste siken om 'e training fan Anakin op him te nimmen. Obi-Wan is wisberet om oan it lêste fersyk fan syn master te foldwaan, dat hy fertelt Yoda dat er Anakin opliede sil oft de Hege Jedi Ried dêr no tastimming foar jout of net. Mei tsjinnichheid stimt Yoda dan yn mei it plan.

Yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) is Yoda ien fan in protte Jedi-masters dy't yn noed sitte oer de oprjochting fan 'e separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels troch in groep planetestelsels dy't har fan 'e Galaktyske Republyk ôfskiede wolle. Op 'e klimaks fan 'e film wol greve Dooku, in Sith dy't in eardere learling fan Yoda is, Obi-Wan, Anakin en Padmé Amidala yn 'e arena op 'e planeet Geonosis ta de deastraf bringe troch harren fersline te litten troch ferskuorrende wylde bisten. Yoda, Mace Windu en de oare masters fan 'e Hege Jedi Ried arrivearje mei in bataljon kloansoldaten krekt op 'e tiid om it trio te rêden. Yoda bynt dêrby mei de ljochtsabel de striid oan mei Dooku, dy't er op 'e flecht jaget.

Yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) sitte Yoda en de Hege Jedi Ried yn noed oer alle macht dy't kânselier Palpatine himsels yn it ramt fan 'e Kloane-oarloggen ta-eigenet, mei't se fermoedzje dat er dy nei it delbêdzjen fan 'e krisis net mear frijwillich opjaan sil. Tagelyk sitte se ek efter de mysterieuze Sith-master Darth Sidious oan, net wittende dat Sidious en Palpatine ien-en-deselde persoan binne. Palpatine beneamt Anakin ta syn persoanlike fertsjintwurdiger yn 'e Hege Jedi Ried, mar Yoda, Mace Windu en de oaren ûnthâlde him de rang fan Jedi-master, mei't dat Palpatine in stim yn alle besluten fan 'e Ried jaan soe. Ynstee freegje se Anakin om Palpatine foar harren te bespionearjen, wat Anakin ûnbedoeld fierder yn 'e earms fan 'e Sith driuwt.

Anakin komt by Yoda om rie as er foarsizzende dreamen hat fan 'e dea fan immen dy't er omskriuwt as "ien dy't my nei stiet". Net wittend dat it om Padmé giet, mei wa't Anakin yn it djipste geheim troud is en dy't yn ferwachting fan syn bern is, seit Yoda dat er himsels traine moat om eltsenien los te litten dy't er bang is te ferliezen. Dat is net wat Anakin hearre wol, dat ynstee giet er by Palpatine te rie, dy't skamteleas fan 'e sitewaasje gebrûk makket om Anakin te ferlieden nei de tsjustere kant fan 'e Krêft.

As Palpatine de tiid dêrfoar ryp achtet, makket er him bekend as Darth Sidious. Hy lit Oarder 66 útgean, in befel oan alle kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk om harren Jedi-ofsieren te fermoardzjen. Yoda is op dat stuit op Kashyyyk, de thúswrâld fan 'e Wookiees, dêr't er tafersjoch hâldt oer it weromslaan fan in ynvaazje fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Mei't er troch de Krêft de dea fan alle Jedi fielt dy't ombrocht wurde, slagget it syn ûnderhearrigen net en kom Yoda oer it mad. Hy deadet deselden dy't him fermoardzje woene en wurdt dêrnei troch de Wookiee-lieders Tarfful en Chewbacca nei Coruscant brocht, dêr't hy en Obi-Wan harsels in paad klearje nei it binnenste fan it haadkertier fan 'e Jedi Oarder om in falstrik foar alle oerlibjende Jedi op te romjen. Yn it haadkertier ûntdekke se dat alle Jedi dêre ôfslachte binne, de jonge bern ynbegrepen. In opname fan in befeiligingskamera bringt oan it ljocht dat de dieders in ôfdieling kloansoldaten ûnder lieding fan Anakin wiene. Yoda beslút dat er sels ofweve moat mei Palpatine/Sidious en stjoert Obi-Wan om Anakin te deazjen, dy't oerrûn is nei de Sith en no de namme Darth Vader draacht. Obi-Wan protestearret, mar Yoda seit tsjin him dat Anakin net mear bestiet om't er fermoarde is troch Vader.

Yoda treft Palpatine yn it gebou fan 'e Galaktyske Senaat, dêr't se in duël mei de ljochtsabels útfjochtsje. Se blike oaninoar weage te wêzen, en net ien fan beiden kin de oare oer. Yoda is twongen om tebek te wiken as er oerlibje wol. Hy ferlit Coruscant yn it selskip fan senator Bail Organa fan Alderaan, en nei't Padmé in twilling te wrâld brocht hat en ferstoarn is, beävensearret Yoda dat de jonge, Luke, troch Obi-Wan ferburgen wurde moat (dy't him op Tatooine oerdraacht oan Owen Lars, de styfbroer fan Anakin). It famke, Leia, jout Yoda oan Bail Organa om grut te bringen. Sels giet er yn ballingskip op 'e ôfhandige planeet Dagobah.

Star Wars-ferfolchtrilogy

De Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019) spilet tritich jier nei de foarfallen yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015) komt it personaazje fan Yoda net foar, hoewol't Rey wol syn stim heart as se yn it kastiel fan Maz Kanata de ljochtsabel fan Luke Skywalker ûntdekt. Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) ferskynt Yoda as in geast fan 'e Krêft oan Luke as dy mei himsels redendielt oer wat er dwaan moat. Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) is Yoda sines ien fan 'e stimmen fan 'e Jedi út it ferline dy't Rey tasprekke as se fjochtet mei 'e weropstiene Palpatine.

Oare films

Yoda spilet ek in rol yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars (2008), wêryn't syn dialooch ynsprutsen waard troch Tom Kane. Yn 'e live-actionfilms Rogue One: A Star Wars Story (2016) en Solo: A Star Wars Story (2018) komt er net foar.

Tillefyzjesearjes

Op 'e tillefyzje wie Yoda te sjen yn 'e Star Wars-tekenfilmsearjes Star Wars: Clone Wars (2003-2005), ynsprutsen troch Tom Kane; Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020), ek ynsprutsen troch Tom Kane; en Star Wars: Rebels (2014-2018), yn in gastrol ynsprutsen troch Frank Oz.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.