From Wikipedia, the free encyclopedia
Jaws is in Amerikaanske horrorskrillerfilm út 1975 ûnder rezjy fan Steven Spielberg, mei yn 'e haadrollen Roy Schneider en Richard Dreyfuss. De titel betsjut "Kaken". It ferhaal giet oer it fiktive fakânsje-eilân Amity, yn Nij-Ingelân, dat terrorisearre wurdt troch in minskeslinende wite haai. De pleatslike plysjekommissaris Martin Brody giet der mei marine biolooch Matt Hooper en de beropsmjittige haaiejager Quint op út om mei it bist ôf te weven. De film waard basearre op 'e roman mei deselde namme, in bestseller út 1974 fan Peter Benchley. Jaws krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en woeks yn 'e bioskopen út ta in fenomenaal súkses. It wie de meast opbringende film aller tiden oant twa jier letter Star Wars útkaam. Jaws wûn trije Oscars, in Golden Globe, in Grammy Award en in BAFTA. De film foarme de trochbraak fan Steven Spielberg as regisseur en fan John Williams as filmkomponist. Tsjintwurdich wurdt Jaws sjoen as in wiere filmklassiker, dy't yn 2001 opnommen waard yn it Nasjonaal Film Register. De film hie in grutte en duorjende ynfloed op oare films, de Amerikaanske filmyndustry en it byld dat in protte minsken hawwe fan haaien. It súkses fan Jaws late ta it ûntstean fan in mediafranchise mei deselde namme, dy't û.o. bestiet út trije almar as minder beoardiele ferfolchfilms. Oer it negative effekt fan Jaws op 'e haaiepopulaasje spriek Spielberg letter syn grutte en duorjende spyt út.
Jaws | ||
film | ||
makkers | ||
regisseur | Steven Spielberg | |
produsint | Richard D. Zanuck David Brown | |
senario | Peter Benchley Carl Gottlieb | |
basearre op | de roman fan Peter Benchley | |
kamerarezjy | Bill Butler | |
muzyk | John Williams | |
filmstudio | Zanuck/Brown Company Universal Pictures | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Roy Schneider Richard Dreyfuss | |
byrollen | Robert Shaw Lorraine Gary Murray Hamilton | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 20 juny 1975 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | horrorskriller | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 124 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $9 miljoen | |
opbringst | $476,5 miljoen | |
prizen | 3× Oscar 1× Golden Globe 1× Grammy Award 1× BAFTA | |
filmsearje | ||
filmsearje | Jaws | |
● folgjend diel | Jaws 2 |
Op in jûn oan it begjin fan 'e simmer hâlde fakânsjefierende studinten in strânfeest op it strân fan it toeristyske Amerikaanske eilân Amity, foar de kust fan Nij-Ingelân. Yn it skimertsjuster giet in famke, Chrissy Watkins, neaken te swimmen yn see by wize fan ferlieding fan in jonge. Dyselde, Cassidy, is lykwols te dronken om har it hiele ein troch de dunen te folgjen, en falt heal ûntklaaid op it strân yn 'e sûs. Underwilens wachtet Chrissy al wettertraapjend omdôch op him, oant se ynienen op gewelddiedige wize kopke-ûnder skuord wurdt. Se komt noch in pear kear boppe, mar har gjalpen kringe net ta Cassidy troch, en úteinlik wurdt se foargoed ûnder it wetter wei. De oare deis, nei't Cassidy har as fermist opjûn hat by de pleatslike plysje, wurdt har stoflik omskot fierderop op it strân oantroffen, of alteast wat der noch fan oer is.
As de patolooch-anatoom fêststelt dat it om in oanfal fan in mânske haai giet, risselwearret Martin Brody, de plysjekommissaris fan Amity, om 'e strannen fan it eilân ôf te setten om foar te kommen dat der mear slachtoffers falle. Boargemaster Larry Vaughn sit lykwols mear yn noed oer wat it foar de pleatslike ekonomy betsjutte soe as bekend wurdt dat Amity teheistere wurdt troch in minskeslinende haai. Hy wurdt yn dy opfetting stipe troch de gemeenteried en pleatslike ûndernimmers dy't it hawwe moatte fan 'e toeristen dy't by 't simmer op it eilân gearkloftsje. Vaughn wiist derop dat it eilân noch nea earder swierrichheden mei haaien hân hat. De patolooch-anatoom komt, dúdlik ûnder druk fan Vaughn-en-dy, werom op syn eardere fêststelling fan 'e deadsoarsaak, en hâldt no út dat Chrissy Watkins fermeald wêze moat troch de skroef fan in passearjend skip. Brody komt sels út New York; hy wennet noch gjin jier op Amity en wit frijwol neat fan 'e see ôf, dat hy leit him by Vaughn syn ideeën del, sij it mei in beskate tsjinnichheid.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De oare deis giet Brody, dy't him noch altyd net botte noflik oer de hiele kwestje fielt, nei it strân mei syn frou Ellen en harren jonge soannen Michael en Sean. Tsientallen lju bejouwe har dêr yn 'e brâning oant Alex Kintner, in jonkje fan in jier as tsien dat op in luchtbêd omdriuwkelet, ynienen ûnder wetter skuord en ferslynd wurdt. Alle swimmers flechtsje yn panyk it wetter út en it lek biten en swier beblette luchtbêd spielt oan op it strân wylst kommissaris Brody helpeleas tasjocht.
Frou Kintner, de mem fan it jonkje, lovet neitiid in priis fan $3.000 út oan 'e persoan dy't de haai deadet dy't har soan ferslynd hat. By in gearkomste fan 'e gemeenteried dêr't Brody ek oanwêzich is, besykje boargemaster Vaughn en de pleatslike horeka-ûndernimmers de oanwaaksende eangst by de oare oanwêzigen de kop yn te drukken. It slagget Brody om 'e strannen ticht te krijen, mar inkeld foar 24 oeren. De gearkomste wurdt ûnderbrutsen as Quint, in pleatslike beropsmjittige haaiejager, it wurd nimt. Hy biedt oan om efter de minskesliner oan te gean, mar net foar in skiterige $3.000. Hy wol $10.000 plus ûnkosten hawwe. Vaughn seit ta dat er it oanbod yn omtinken nimme sil.
De beleanning fan $3.000 lûkt alderhanne hampelmannen nei it eilân ta, dy't op 'e meast ûnberette wize op 'haaiejacht' geane. Guon ferdrinke suver al foar't se de haven út binne, en Brody en syn iennichste ûnderhearrige, plysjeman Hendricks, hawwe der hiel wat mei te stellen. Underwilens arrivearret ek Matt Hooper op it eilân, in marine biolooch ferbûn oan in oseänografysk ynstitút, dy't Brody frege hie del te kommen nei de earste oanfal. Hooper freget om it stoflik omskot fan Chrissy Watkins te sjen, en stelt fuortendaliks fêst dat se omkommen is troch de oanfal fan in haai, en boppedat in ûngewoan gruttenien. As guon fan 'e haaiejagers weromkomme mei in mânske tigerhaai, ferklearret boargemaster Vaughn fuortendaliks dat mei de minskesliner ôfweefd is. Hooper, dy't sterk twifelet oft de bytradius fan 'e tigerhaai wol oerienkomt mei de biten yn it lyk fan Chrissy Watkins, wol de mage fan 'e haai iepensnije om te sjen oft dêr minsklike resten yn sitte, mar dêr leit Vaughn it near op. Underwilens slacht frou Kintner kommissaris Brody yn it iepenbier yn it gesicht om't se ûntdutsen hat dat har soan net it earste slachtoffer wie. Mei't Brody de strannen nei de earste oanfal net ôfset hat, hâldt se him ferantwurdlik foar de dea fan har jonge. Nei de konfrontaasje flústeret Vaughn Brody yn it ear dat se mis is, mar Brody jout har gelyk.
Let dy jûns glûpe Brody en Hooper nei de tigerhaai ta, dy't se iepensnije. Se fine yn 'e mage gjin minsklike resten, wat bewiist dat it bist net de minskesliner is. Sadwaande sette se op it mei de nijste technologyske snufkes tariste jacht fan Hooper de see op yn it gebiet tusken it plak dêr't Chrissy Watkins omkaam en it strân dêr't Alex Kintner ferslynd waard. Se treffe dêr in heal sonken boat oan. Hooper giet mei dûkerstaris it wetter yn om 'e saak te hifkjen en fynt yn 'e romp fan 'e boat in grut gat dêr't noch in reuseftige haaietosk yn it hout stykjen bleaun is. Dêroan kin er sjen dat de minskesliner eins in reuseftige wite haai wêze moat. Hooper ferliest de tosk lykwols trochdat er de skrik fan syn libben kriget as ynienen it lyk fan fiskerman Ben Gardner it skynsel fan syn bûslampe binnen driuwt.
De oare deis prate Brody en Hooper tegearre op boargemaster Vaughn yn om him te bewegen de strannen ticht te dwaan. It slagget harren lykwols net om him fan harren ûntdekkings te oertsjûgjen. It wykein fan 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsdei komt deroan, wannear't der it measte fertsjinne wurde kin fan it hiele jier, en it soe neffens Vaughn pas in ramp wêze as dy ynkomsten foar Amity ferlern giene. Sadwaande giet er allinne mar akkoart mei it ynstellen fan feilichheidsmaatregels, lykas de ynset fan in helikopter en boaten mei bewapene wachters in pear hûndert meter de see op, en útkyktuorren op it strân.
Mei Unôfhinklikheidsdei lizze de strannen op Amity grôtfol en withoefolle lju weagje har yn see. Der brekt panyk út as in grutte rêchfin op 'e swimmers takomt, mar it blykt in flauwe grap mei in stik karton te wêzen fan in pear opslûpen jonges. Fuort letter swimt de echte haai in tijmûning njonken it strân binnen, dêr't Brody syn soan Michael en dy syn freonen oan it silen binne om't Brody harren net de iepen see opgean litte wol. In man yn in roeiboatsje wurdt troch de haai yn it wetter stompt en foar de eagen fan Michael opfretten, mei as gefolch dat de jonge yn shock rekket. De haai ferdwynt dêrnei like fluch en ûnfersteurber as er kommen is. Vaughn, dy't syn eigen bern ek meinommen hie nei it strân, is der neitiid raar oan ta. Brody makket fan 'e gelegenheid gebrûk troch him in offisjeel dokumint ûndertekenje te litten dat Brody tastiet út namme fan 'e gemeente de haaiejager Quint yn te hieren.
De oare deis sette Brody, Hooper en Quint ôf de see op yn Quint syn houten fiskersboat de Orca, mei de bedoeling om foar iens en foar altyd mei de minskeslinende wite haai ôf te weven. Wylst Brody besiket de haai oan te lûken troch chum (rotsjende fiskeresten) oerboard te skeppen, risselwearret Quint om 'e haai oan in swiere angel oan 'e heak te slaan. Dat bart ek, mar ear't er him ophelje kin, wurdt de line trochbiten. Op in stuit dûkt de haai sûnder warskôging oan 'e efterstjûne fan 'e boat op. Quint rûst dat er 7.60 m lang is en 3 ton weagje moat. Hy sjit it bist mei in harpoen út in harpoeneargewear, dêr't in tou oan fêst sit dat ferbûn is oan in driuwtûne. De haai lûkt de mei lucht folde tûne lykwols ûnder wetter en wurdt wer wei.
As it nacht wurdt, fine de earder sûnder ophâlden kreauwende Quint en Hooper inoar yn ferhalen oer harren respektivelike groeden. Dat giet mank mei in protte ynnimmen fan alkohol. As Brody Quint nei in groede freget dy't er oerslein hat, fertelt de haaiejager dat er yn 'e Twadde Wrâldoarloch by de Amerikaanske Marine tsjinne hat op 'e swiere kruser de USS Indianapolis. Dat wie it skip dat de atoombom ôflevere op it eilân Tinian, dêr't dy wei nei Japan flein waard om op Hiroshima smiten te wurden. Op 'e weromweis waard it skip torpedearre troch in Japanske ûnderseeër. Fan 'e bemanning rekken 1.100 man yn see, dêr't se de folgjende dagen allegeduerigen bleatstiene oan oanfallen troch haaien, oant fiif dagen letter mar 316 man út it wetter helle waarden.*
*) Yn it echt rekken der 900 man fan 'e bemanning fan 'e USS Indianapolis te wetter. Dêrfan waarden yndie mar 316 rêden, mar de measte slachtoffers kamen om fan útputting, sâltfergiftiging en útdrûging. Harren liken waarden foar in grut part troch de haaien ferslynd, mar it tal matroazen dat libben troch de haaien ferskuord waard, wurdt, oars as dat Jaws suggerearret, rûsd op 25 oant 150.
Yn 'e nacht komt de driuwtûne ynienen deunby de Orca wer boppe wetter. De haai raamt de boat en de motor rekket skansearre as er mei seewetter oerspield wurdt. Quint en Hooper wurkje de hiele nacht troch om 'e motor wer oan 'e praat te krijen en it roer te reparearjen. Moarnsier, as de haai wer opdûkt, besiket Quint it tou fan 'e driuwtûne oan 'e efterstjûne fan 'e boat fêst te meitsjen, mar de haai byt it tou fuortby syn hannen troch. Brody besiket de Amerikaanske Kustwacht op te roppen om help te krijen, mar Quint, dy't obsedearre rekke is troch de haai, slacht de radiostjoerder oan gruzeleminten. Hy harpoenearret de haai op 'e nij, sadat it bist wer oan in driuwtûne fêstsit, en nei in lange efterfolging slagget dat him jitris, sadat de haai dan twa driuwtûnen meisleept. Mei't it bist no de Orca liket te efterfolgjen, set Quint koers nei de kust fan Amity, om it bist nei ûndjipper wetter te lokjen. Dêrby jout er tsjin 'e goerie fan Hooper yn sa'n gas dat er úteinlik de motor alhiel opblaast.
As de haai om 'e boat hinne begjint te rûntsjedraaien, meitsje Quint en Brody de touwen fan 'e beide driuwtûnen fêst oan klampen op 'e efterstjûne. Mar de haai is sa sterk dat er de Orca efterút begjint te slepen, mei as gefolch dat de efterstjûne derûnder driget te strûpen. Quint risselwearret dan om 'e touwen troch te houwen, mei in kapmês, mar ear't er dat dwaan kin, komme de klampen los fan 'e efterstjûne. Quint sjit in trêde harpoen mei in driuwtûne oan in tou yn 'e haai. Hy is der wis fan dat trije driuwtûnen is bist oan it wetteroerflak hâlde sille. Mar de haai skuort de trije driuwtûnen mei ûnder wetter en ferdwynt wer.
Mei't de Orca stadichoan begjint te sinken, beslute Quint en Hooper, ta alteraasje fan Brody, ta in noch riskantere aksje. Hooper docht in dûkerspak oan mei in soerstofflesse op 'e rêch en lit him dan yn in haaiekoai yn it wetter sakje. Syn bedoeling is om 'e haai te ynjektearjen mei strychnine, in gif, wêrfoar't er in ynjeksjespear brûke sil. Om't de hûd fan dit eksimplaar fiersten te hurd en tsjûk is foar de nulle, moat er him yn 'e bek of it each reitsje. As Hooper ienris ûnder wetter is, wurdt de koai al rillegau oanfallen, krekt oan 'e kant dêr't er mei de rêch hinne stiet. Troch de skok fan 'e botsing falt him de spear út 'e hannen. De haai ferwoastget de koai, mar wylst er yn 'e ferbûgde traaljes betize rekket, wit Hooper te ûntkommen en siket beskûl op 'e seeboaiem.
De haai is no troch alles hinne breinroer en byt de efterstjûne fan 'e Orca ôf. Quint glidet by it skean steande dek del en wurdt troch de haai deabiten en ferslynd. Brody sit fêst op 'e no fluch sinkende boat. As de haai mei syn kop troch de sydkant fan 'e romp nei binnen stompt, wit er it bist de twadde soerstofflesse fan Hooper yn 'e bek te triuwen. Brody ûntsnapt mei it gewear fan Quint nei de mêst, en wannear't de haai op 'e nij op 'e boat takomt, rjochtet er op 'e soerstofflesse. As er dy úteinlik rekket, liedt dat ta in ûntploffing dy't de haai folslein útinoar ryt. Hooper sjocht de restanten fan 'e haai nei de seeboaiem sakjen en komt wer boppe wetter. Hy en Brody bine de oerbleaune driuwtûnen oan in stik wrakhout fêst en swimme sa nei de kust fan Amity.
personaazje | akteur/aktrise |
plysjekommissaris Martin Brody | Roy Schneider |
Matt Hooper | Richard Dreyfuss |
personaazje | akteur/aktrise |
Quint | Robert Shaw |
Ellen Brody | Lorraine Gary |
boargemaster Larry Vaughn | Murray Hamilton |
plysjeman Hendricks | Jeffrey Kramer |
Meadows | Carl Gottlieb |
Chrissy Watkins | Susan Backlinie |
frou Kintner | Lee Fierro |
Michael Brody | Chris Rebello |
Sean Brody | Jay Mello |
Cassidy (dronken jonge) | Jonathan Filley |
slachtoffer yn tijmûning | Ted Grossman |
Alex Kintner | Jeffrey Voorhees |
Ben Gardner | Craig Kingsbury |
patolooch-anatoom | Robert Nevin |
ferslachjouwer | Peter Benchley |
Jaws is basearre op 'e roman Jaws fan sjoernalist en skriuwer Peter Benchley, dy't yn 1974 útkaam. Richard D. Zanuck en David Brown, twa filmprodusinten by Universal Pictures yn Hollywood, hiene fierhinne deselde ûnderfining mei it boek. Se kamen it allebeide by tafal foar de publikaasje al tsjin, liezen it yn ien sliepeleaze nacht út en fûnen it ien fan 'e spannendste boeken dy't se ea lêzen hiene. Dêrom stieken se de koppen byinoar en besleaten se om in ferfilming te meitsjen. Se kochten al yn 1973 de filmrjochten op 'e roman oan foar de priis fan $175.000 (omrekkene sa'n $990.000 yn jild út 2018). Brown soe letter sizze dat se, hiene se it boek twaris lêzen, fan in ferfilming ôfsjoen hawwe soene om't se dan foar it ferstân krigen hiene hoe dreech guon sênes te ferfilmjen wiene.
Zanuck en Brown namen foar de funksje fan regisseur alderearst John Sturges yn omtinken, in feteraan út 'e Amerikaanske filmyndustry, dy't ek in oare see-aventoerefilm makke hie, The Old Man and the Sea. Se besleaten de post lykwols ta te kennen oan Dick Richards, waans debút as regisseur, The Culpepper Cattle Co., it foargeande jiers útkommen wie. Richards hie it lykwols foar de moade om 'e haai oant te tsjutten as in walfisk, in gewoante dy't de produsinten al hiel gau begûn te yrritearjen en late ta syn ûntslach. Underwilens woe Steven Spielberg Jaws stomme graach regissearje. Hy hie krekt in oare film foar Zanuck en Brown makke, The Sugarland Express, en by in gearkomste yn harren kantoar hied er in eksimplaar fan Benchley syn doe noch net publisearre roman opmurken en meikrigen om te lêzen.
Dat, doe't it mei Richards op 'e non rûn, stie Spielberg klear om him te ferfangen. Yn juny 1973, noch foar't The Sugarland Express útkaam, tekene er in kontrakt mei Zanuck en Brown. Ear't de produksje úteinsette, betocht Spielberg him lykwols. Hy hie alris earder sa'n soarte makke, de tillefyzjefilm Duel (1971) oer in man dy't terrorisearre wurdt troch de meast bûten byld bliuwende sjauffeur fan in frachtwein, en hy wie bang dat er tenei inkeld noch foar dat sjenre frege wurde soe as er no wer sa'n film makke. Hy helle it him yn 'e holle om te ferhúzjen nei 20th Century Fox, dêr't er Lucky Lady meitsje koe, mar Universal hold him oan syn kontrakt. Brown prate Spielberg neitiid nij entûsjasme foar Jaws yn.
Spielberg wurke by syn rezjy fan Jaws op basis fan in senario dat skreaun wie troch Benchley, deselde dy't ek de oarspronklike roman skreaun hie. Yn it filmskript wiene in protte subplots út 'e roman ôftanke om in mear streamline ferhaal te krijen. Yn opdracht fan Spielberg waarden de earste beide akten fan it boek frijwol hielendal werskreaun foar de film, wylst de jacht op 'e haai, dy't yn it boek de trêde akte foarmet, ridlik trou omset waard nei it senario.
Spielberg fûn de personaazjes yn it senario lykwols net botte sympatyk, dat hy frege ferskate senarioskriuwers om der nochris nei te sjen, mar allegearre betanken se foar dy eare. Uteinlik fûn er toanielskriuwer Howard Sackler ree om it senario te werskriuwen sûnder dat er dêr in fermelding op 'e ôftiteling foar krige. Neitiid miste Spielberg noch wat humor yn it senario, dat hy frege syn freon Carl Gottlieb, in komeedzjeskriuwer, om it te bewurkjen. Oarspronklik wie it de bedoeling dat Gottlieb inkeld de dialooch wat oppoetse soe, mar úteinlik waard er de wichtichste skriuwer fan it senario. Ek John Milius en de senaristen fan The Sugarland Express, Matthew Robbins en Hal Barwood, droegen sûnder fermelding op 'e ôftiteling by oan it senario.
Uteinlik sieten der likernôch 27 sênes yn 'e film dy't net yn 'e roman foarkomme. Benchley hie Jaws skreaun nei't er lêzen hie hoe't sportfisker Frank Mundus yn 1964 in ûnbidich grutte haai fongen hie, en it personaazje fan Quint wie fierhinne op Mundus basearre. Sackler betocht de eftergrûn fan Mundus as oerlibbene fan 'e ramp mei de USS Indianapolis yn 'e Twadde Wrâldoarloch. De fraach wa't ferantwurdlik wie foar it skriuwen fan 'e monolooch fan Quint oer dat foarfal, late letter ta frijwat kontroverse. Neffens Spielberg droegen Sackler, Milius en akteur Robert Shaw der alle trije oan by. Neffens Gottlieb wie it fral it wurk fan Shaw (dy't ek toanielskiuwer wie) en hie Milius der net folle mei te krijen.
Hoewol't Spielberg tastimde yn it fersyk fan Zanuck en Brown om guon bekende akteurs te casten, woed er tagelyk krekt net grutte filmstjerren hawwe, mei't neffens him de haai de iennichste superstjer yn 'e film wêze moast. Foar de rol fan plysjekommissaris Martin Brody waard Robert Duvall frege, mar dy hie inkeld belangstelling foar de rol fan Quint. Charlton Heston liet witte wol earen nei de rol te hawwen, mar in akteur fan syn statuer koe Spielberg no krekt net brûke. Uteinlik foel de kar op Roy Schneider, in bekend akteur mar gjin grutte filmstjer.
De rol fan Quint waard oanbean oan Lee Marvin en Sterling Hayden, dy't allebeide nee seine. Njoggen dagen foar it begjin fan 'e produksje retten Zanuck en Brown Robert Shaw oan, mei wa't se krekt gearwurke hiene oan The Sting. Shaw sels seach de rol net sitten, mar stimde deryn ta op oanrieden fan syn frou (de aktrise Mary Ure) en syn sekretaresse, dy't allebeide tige entûsjast wiene.
Foar de rol fan marine biolooch Matt Hooper woe Spielberg Jon Voight hawwe, mar dat waard him net. Ferskate oare akteurs, ûnder wa Jan-Michael Vincent, Kevin Kline en Jeff Bridges, waarden yn omtinken nommen, mar Spielberg syn freon George Lucas rikkemandearre Richard Dreyfuss oan, mei wa't er gearwurke hie oan American Graffiti. Dreyfuss betanke foar de eare, mar doe't er in besletten fertoaning foarôfgeande oan 'e premiêre fan syn lêste film seach, The Apprenticeship of Duddy Kravitz, fûn er syn aktearjen dêryn sa min, dat er bang wie dat nimmen him mear ynhiere soe as se de film ienris sjoen hiene. Dat hy skille daliks Spielberg op mei it boadskip dat er him betocht hie.
Yn ien fan 'e byrollen waard Lorraine Gary, de frou fan 'e doetiidske algemien direkteur fan Universal Pictures Sidney Sheinberg, cast as Ellen, de frou fan Brody. Stuntfrou en aktrise Susan Backlinie waard cast as Chrissy Watkins, it earste slachtoffer fan 'e haai, mei't se goed swimme koe en it gjin beswier fûn om dat neaken te dwaan (hoewol't dêr yn 'e film yn it skimertsjuster trouwens neat fan te sjen is). De measte lytsere roltsjes waarden ferjûn oan ynwenners fan it eilân Martha's Vineyard, dêr't de film opnommen waard. In foarbyld wie plysjeman Hendricks, dy't spile waard troch de lettere tillefyzjeprodusint Jeffrey Kramer. Craig Kingsbury, in pleatslike fisker fan Martha's Vineyard, hie de rol fan Ben Gardner. Kingsbury wie op it eilân in legindaryske eksintrikeling, en in diel fan syn útspraken en syn hâlden en dragen efter de skermen waard troch Shaw oernommen foar syn rol as Quint.
Mei Zanuck en Brown as produsinten foar Universal Pictures en harren eigen filmstudio, de Zanuck/Brown Company, waard foar de film in budget fan $3,5 miljoen útlutsen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bill Butler. As setting wie it eilân Martha's Vineyard útsocht, foar de kust fan 'e Amerikaanske steat Massachusetts, nei't it eastlike part fan Long Island yn omtinken nommen mar ôfwiisd wie. De kar foel op Martha's Vineyard om't Spielberg ferlet hie fan in fakânsje-eilân foar de middenklasse, en teffens om't de omlizzende seeboaiem fan 'e Atlantyske Oseaan dêre oant 19 km út 'e kust nea ûnder de 11 m djipte sakket, sadat de de meganyske haaien dêr ynset wurde koene op plakken bûten it sicht fan lân. De opnamen setten op 2 maaie 1974 útein en duorren oant en mei 6 oktober fan dat jier. Dat wiene 159 draaidagen, hoewol't der yn 't foar mar 55 ynpland wiene. Fan gefolgen tine it budget ek út ta $9 miljoen.
De sênes mei de haai woene Zanuck en Brown earst in libbene wite haai foar traine, mar dat plan waard harren al rillegau ûntpraat. Sadwaande waarden der trije meganyske haaien fan wiere grutte brûkt, dy't yn 'e simmer fan 1973 ûntwurpen waarden troch artdirector Joe Alves. Se waarden tusken novimber 1973 en april 1974 boud troch in team fan fjirtich technisy fan Rolly Harper's Motion Picture & Equipment Rental, in rekwisiteferhierbedriuw yn Sun Valley (Kalifornje). De earste haai wie in 'seeslide', dy't troch it wetter lutsen wurde koe, besteande út 'e boppekant fan 'e haai sûnder de búk. De oare beide wiene 'platfoarmhaaien', ien dy't fan lofts nei rjochts troch it byld fan 'e kamera beweegde, mei de (ûnsichtbere) rjochterkant iepen foar tagong fan pneumatyske slangen, en ien dy't fan rjochts nei lofts troch it byld fan 'e kamera beweegde, mei de lofterkant iepen.
Jaws wie de earste grutte Hollywood-film dy't echt op see filme waard, en dat soarge foar in protte swierrichheden. It rûn sa út 'e klauwen dat de leden fan 'e filmcrew op in stuit nei de film begûnen te ferwizen as Flaws (Ingelsk foar "Flaters", rimend op Jaws). Sylboaten fearen op 'e eftergrûn troch it byld yn sênes dêr't se net winske wiene, kamera's rekken trochweakke mei korrosyf seewetter en de rekwisythaaien wegeren geregeldwei tsjinst. Begjin july kapseisde it platfoarm dêr't de haaien op nei see sleept waarden, sadat der dûkers ynset wurde moasten om it wer fan 'e seeboaiem op te takeljen. De sabeare "net-absorbearjende" hûd fan 'e haaien, makke fan neopreenskom, begûn frijwol daliks focht op te nimmen, wat de de bisten in opswold oansjen joech. De seeslidehaai rekke betize yn in wâld fan seewier. Senarioskriuwer Carl Gottlieb waard op in hier nei ûnthalze troch in boatskroef en akteur Richard Dreyfuss rekke hast opsletten yn 'e haaiekoai. De boat de Orca sonk hast mei de akteurs noch oan board. De akteurs wiene gauris seesiik, en de filmcrew rekke oanhelle mei sinnebrân en hûdswierrichheden fanwegen alle sâlt wetter. Robert Shaw pykte omreden fan belestingproblemen út nei Kanada wannear't er mar koe. As er àl op 'e filmset wie, joech er him nei de opnamen oer oan komasûpen en boppedat ûntwikkele er in skeel mei Dreyfuss, dy't tsjin syn eigen ferwachting yn troch de filmkritisy rûnom bejubele waard om syn rol yn The Apprenticeship of Duddy Kravitz.
Alle tsjinslaggen wiene foar de úteinlike film yn guon opsichten in seine. Want om't er faak net fan 'e meganyske haaien gebrûk meitsje koe, waard Spielberg twongen om in protte sênes op te nimmen wêryn't de oanwêzigens fan 'e haai inkeld yndirekt oantsjutten waard. Yn 'e iepeningssêne, bygelyks, wêryn't neffens it senario de haai Chrissy Watkins oanfoel en opfriet, wie de haai úteinlik hielendal net te sjen. Ynstee waard de sêne filme mei inkeld aktrise Susan Backlinie, dy't oan keabels troch it wetter sleept en kopke-ûnder skuord waard. En by ferskate sênes by de jacht op 'e haai wurdt de oanwêzigens fan it bist inkeld oanjûn troch de oer it wetter slepende driuwtûnen, wat eins folle driigjender is.
De bylden fan 'e meganyske haaien waarden yn 'e úteinlike montaazje fan 'e film troch filmeditor Verna Fields oanfolle mei bylden fan echte wite haaien dy't troch Ron en Valerie Taylor opnommen wiene by Dangerous Reef, foar de kust fan Súd-Austraalje. Dêrby stoppen se in tige koarte akteur yn in miniatuer haaiekoai om 'e yllúzje te jaan dat de haaien ûnbidige grut wiene. Doe't der op in stuit gjin akteur yn siet, waard de koai oanfallen troch in wite haai dy't it hiele ding fernielde. De bylden dêrfan wiene sa sikestûkjend, dat Spielberg besleat en nim se yn syn film op. Om't de koai yn dy bylden leech wie, moast it personaazje fan Matt Hooper, dat deryn sitten hie, wol earne oars bedarre wêze. Yn it oarspronklike senario waard Hooper troch de haai ferslynd, mar omreden fan it ynpassen fan 'e bylden fan 'e oanfal op 'e koai waard it ferhaal op dat punt werskreaun sadat Hooper libben en wol de seeboaiem berikt wylst de haai de koai ferneatiget. Sa't produksjemeiwurker Bill Gilmore it ferwurde: "De haai dêrûnder yn Austraalje werskreau it skript en rêde it libben fan it personaazje fan Dreyfuss."
Nei't de opnamen op lokaasje yn en om Martha's Vineyard einlings en te'n lêsten foltôge wiene, waarden noch ferskate ûnderwettersênes filme yn 'e wettertank fan Metro-Goldwyn-Mayer yn Culver City (Kalifornje), mei stuntlju Dick Warlock en Frank James as body doubles foar Richard Dreyfuss yn 'e sêne mei de koai. Ek waarden noch inkele sênes yn 'e Stille Oseaan opnommen by it eilân Santa Catalina, foar de kust fan Kalifornje.
Nei't de film foar in testpublyk draaid wie, waarden der noch twa feroarings yn oanbrocht. It bekendste sitaat út 'e film, as kommissaris Brody seit: "We ha ferlet fan in gruttere boat", waard oerstimd troch de gjalpen fan it publyk nei't de haai efter him opdûkt wie. Dêrom waard dêr in stikje film tuskenyn set om 'e gjalpen fuortstjerre te litten foar't Brody de mûle iependie. En fierders besleat Spielberg dat er noch ien skrikmomint ynpasse woe, as Hooper by nacht ûnder wetter de boat fan fisker Ben Gardner besjocht, en it lyk fan Gardner ynienen it ljocht fan syn bûslampe binnendriuwt. Universal fûn it sa lykwols moai west en wegere dêrfoar de beurs te lûken, dat doe lei Spielberg $3.000 fan syn eigen jild op 'e tafel en naam de reshoot op yn it swimbad fan filmeditor Verna Fields yn Encino (Kalifornje), dat ôfdutsen waard mei in dekkleed om nacht te simulearjen, en folstruid mei molkepoeier om 'e troebele wetters om Martha's Vineyard nei te bearen.
De filmmuzyk fan Jaws waard fersoarge troch John Williams, dy't it wichtichste tema fan 'e soundtrack, dat de oanwêzigens fan 'e haai oanjout, makke troch in wikseljend patroan fan twa noaten (E en F), dat hieltyd lûder wurdt (beharkje). Dat groeide letter út ta in klassyk stikje filmmuzyk, dat synonym waard mei neieroankommend gefaar. De soundtrack fan Jaws waard sa ferneamd, dat Williams dermei trochbriek, wylst Steven Spielberg letter sei dat de film sûnder it wurk fan Williams mar heal sa súksesfol west hawwe soe.
De distribúsje fan Jaws waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 20 juny 1975 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 1975 op LP en yn 1992 op cd, beide kearen by platemaatskippij MCA Records. Jaws waard yn 1980 útbrocht as VHS-keapfideo en kaam yn 2000 foar it earst út op dvd en yn 2012 foar it earst op blu-ray.
Fan 'e filmkritisy krige Jaws oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 4 fan 4 stjerren. Hy neamde it "in sensasjoneel effektive aksjefilm, in grizelige skriller dy't nammenste better út 'e ferve komt om't er befolke is mei personaazjes dy't ta [echte] minsken ûntwikkele binne." Yn it tydskrift Variety priizge A.D. Murphy de rezjy fan Steven Spielberg. Hy hie fral ek lof foar akteur Robert Shaw yn 'e rol fan 'e eksintrike haaiejager Quint, dy't er "absolút geweldich" neamde.
Yn it tydskrift New Times skreau Frank Rich oer de regisseur: "Spielberg is seinge mei in talint dat folslein ôfwêzich is yn 'e measte Amerikaanske filmmakers fan hjoed de dei: dizze man wit echt hoe't er op it wite doek in ferhaal fertelle moat." Dêr heakke er oan ta: "Guon fan 'e grizelichste sênes yn Jaws binne dy dêr't we de haai net iens te sjen krije." Sels Pauline Kael fan it blêd The New Yorker, ornaris bepaald gjin leafhawster fan aksjefilms, hie har by it sjen fan Jaws fermakke, dat se omskreau as "de fleurichst perverse grizelfilm ea makke […] mei mear piid as in iere Woody Allen-film, folle mear spanning, [en] hy is [ek] grappich op in Woody Allen-eftige manear."
Der wiene lykwols ek resinsinten dy't net folle mei Jaws op hiene, ek al foarmen dyselden in lytse minderheid. Yn The New York Times hie Vincent Canby krityk op it feit dat der net folle begrutsjen foar de slachtoffers fan 'e haai yn 'e film ferwurke siet: "It jout oan hoe't dizze film wurket dat wy net ienris in bysûnder protte sympaty foar lykfol hokker fan 'e slachtoffers fan 'e haai fiele." Hy stelde fêst dat de personaazjes yn Jaws inkeld "as rekwisiten funksjonearje". Wol moast er tajaan dat de film "it soarte flauwekul [is] dêr't men in protte wille oan belibje kin." Charles Champlin fan 'e Los Angeles Times fûn Jaws lykwols "in grouwélich en eksploitatyf wurk dat foar syn impact weromfalt op eksessen." Ek fûn er de sênes op 'e fêste wâl "saai, knoffelich yn byld brocht en kneukelhouwerich skreaun." Marcia Magill fan Films in Review skreau dat Jaws "it besjen tige by tige wurdich is", mar dan inkeld foar de jacht op 'e haai yn it lêste trêdepart. Oer it earste twatrêde part wie se net bêst te sprekken. Molly Haskell fan The Village Voice karakterisearre Jaws as "in grizelmasine dy't mei kompjûtereftige presyzje wurket". Ek skreau se dat se har by it sjen fan 'e film field hie as "in rôt dy't shockterapy kriget."
De faakst hearde krityk op Jaws wie lykwols dat meganyske haai sa oerdúdlik neimakke wie. Yn 2002 skreau ynternetfilmresinsint James Berardinelli dat it poer te tankjen wie oan 'e knaphandige rezjy fan Spielberg dat it bioskooppublyk net "krom lei fan it laitsjen om 'e flauwens" fan 'e nephaai. Nettsjinsteande dat wurd Jaws tsjintwurdich rûnom beskôge as in filmklassiker, ien fan 'e bêste films aller tiden en miskien wol de alderbêste horrorfilm ea. Yn 2001 waard Jaws troch de Library of Congress útornearre foar preservearring foar de ivichheid yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register, omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Jaws in tige heech goedkarringspersintaazje fan 97%, basearre op 99 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In meislepend, knaphandich makke ferhaal en in sparsume ynset fan skrikmominten bewissigje dat Jaws fan Steven Spielberg noch altyd in mylpeal is yn 'e ûntwikkeling fan moderne kaskreakerspanning." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Jaws in goedkarringspersintaazje fan 87%, basearre op 21 resinsjes.
Jaws brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $265,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $210,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $476,5 miljoen. (Dêrby is de opbringst ynbegrepen fan ferskate lettere gelegenheden dat de film op 'e nij yn bioskoop brocht waard.) Ofset tsjin it budget fan $9 miljoen betsjut dat in winst fan $467,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Jaws de meast opbringende film aller tiden oant er twa jier letter, yn 1977, foarbystribbe waard troch Star Wars fan George Lucas.
Yn 1976 waard Jaws by de Oscars nominearre foar prizen yn 4 kategoryen. Dêrûnder wie de Oscar foar Bêste Film, dy't lykwols nei One Flew over the Cuckoo's Nest gie. Jaws wûn wol de Oscars foar bêste orizjinele filmmuzyk (John Williams), bêste filmmontaazje (Verna Fields) en bêste lûdsmixing (Robert Hoyt, Roger Heman jr., Earl Madery en John Carter). Steven Spielberg wie nidich dat hysels net nominearre wie foar de priis foar bêste regisseur.
John Williams wûn behalven de Oscar ek de Golden Globe foar bêste orizjinele filmmuzyk, de BAFTA yn deselde kategory en de Grammy Award foar bêste soundtrack foar fisuele media. Jaws waard fierders by de Golden Globes nominearre foar de prizen foar bêste dramafilm, bêste regisseur en bêste adaptearre senario, en by de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, foar bêste film, bêste regisseur, bêste akteur (Richard Dreyfuss), bêste filmmontaazje en bêste lûd. By de People's Choice Awards wûn Jaws de priis foar bêste film. Spielberg waard nominearre foar de Directors Guild of America Award foar bêste rezjy en Peter Benchley en Carl Gottlieb waarden nominearre foar de Writers Guild of America Award foar bêste adaptearre drama.
De ynfloed dy't Jaws op 'e filmyndustry fan Hollywood hie, wie ûnbidige grut en is noch altyd merkber. Sa wie de film fan krúsjaal belang by it fêststellen fan 'e foardielen fan in saneamde wide release, it daliks útbringen fan in film yn in grut tal bioskopen tagelyk. Foartiid wie it nammentlik yn 'e Feriene Steaten wizânsje om film earst yn in beheind tal bioskopen draaie te litten om te sjen hoe't er it die, om dan, as de film súksesfol bliek te wêzen, it tal bioskopen dêr't er draaide út te wreidzjen. Tsjintwurdich is saturation booking, wêrby't in film tagelyk yn tûzenen bioskopen yn 'e Feriene Steaten iepenet, hiel gewoan. Jaws wie ek fan grutte ynfloed foar it fêstigjen fan 'e simmer as in wichtige jiertiid foar it útbringen fan grutte films, dy't eins inkeld ûnderdocht foar it krystseizoen.
Los fan 'e algemiene ynfloed op 'e filmyndustry fêstige Jaws de karriêres fan Steven Spielberg as regisseur en fan John Williams as filmkomponist. It súkses fan Jaws late ta in hiele rist neibearings: oare horrorfilms dy't ek oer minskeslinende bisten giene, lykas Grizzly, Mako: The Jaws of Death, Orca, Eaten Alive, Piranha, Barracuda, Alligator en Great White.
Yn 'e popkultuer wie Jaws ek fan grutte ynfloed. It sitaat "We need a bigger boat" ("We ha ferlet fan in gruttere boat"), fan kommissaris Brody as er op 'e haaiejacht de haai foar it earst goed yn it each kriget, is tige ferneamd wurden. It wurdt tsjintwurdich yn it deistich spraakgebrûk fan it Amerikaansk-Ingelsk brûkt as oerdrachtlike útdrukking foar alle sitewaasjes wêrby't men nei in ûnberet begjin geandewei foar it ferstân kriget dat de middels net foldogge. Jaws hie ek in bliuwende ynfloed op it byld dat de measte minsken fan haaien hawwe, as roppige moardmasines dy't de see ôfskomje op 'e sneup nei minsken om op te fretten. Dat byld is der fier by troch en it hat in jammerdearlike útwurking foar de behanneling fan haaien troch minsken hân, dy't pas geandewei de earste desennia fan 'e ienentweintichste iuw wat te'n goede keard is. Op 18 desimber 2022 spriek regisseur Steven Spielberg yn in fraachpetear mei de BBC Radio syn grutte en duorjende spyt út oer it negative effekt dat syn film hân hat op 'e wrâldwide haaiepopulaasje.
It súkses fan Jaws late ta it ûntstean fan in mediafranchise mei deselde namme, dy't û.m. bestie út trije ferfolchfilms: Jaws 2 (1978), Jaws 3-D (1983) en Jaws: The Revenge (1987). Jaws 2 wie in stik minder as de orizjinele film, mar folle better as Jaws 3-D en in masterwurk yn ferliking mei Jaws: The Revenge, dat rûnom beskôge wurdt as ien fan 'e minste films aller tiden. Steven Spielberg en Richard Dreyfuss wiene net by de ferfolchfilms belutsen; Roy Schneider wurke mei tsjinnichheid mei oan Jaws 2 om't er ûnder kontrakt stie.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.