Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Belesting, soms ek taks neamd (fan it Latynske taxo, "ferhâlding"), is in algemiene, ferplichte betelling troch boargers en oare rjochtsûnderdienen (lykas bedriuwen) oan 'e oerheid fan it lân dêr't se yn wenje of fêstige binne. It byhearrende eigenskipswurd is fiskaal, in ferbûging fan it wurd fiskus, dat de belestingtsjinst oantsjut, de ynstânsje fan 'e oerheid dy't oer de belestings giet. It ynjen fan belesting troch de oerheid wurdt belestingheffing neamd, en dêrom neamt men in beskate belesting soms ek wol in heffing. Foar belestingheffing stiet gjin yndividuële tsjinprestaasje oer fan 'e oerheid yn 'e rjochting fan in beskate rjochtsûnderdien. As der foar in betelling oan 'e oerheid wol in prestaasje fan 'e kant fan 'e oerheid foar in beskate rjochtsûnderdien oer stiet, sprekt men fan in retribúsje.
Belestings wurdt ine op basis fan 'e wet; alle wetten en regels omtrint belestings mei-inoar neamt men it belestingrjocht. As in rjochtsûnderdien wegeret en betelje de oan him opleine belestings, is er strafber en sil er navenant ferfolge wurde. Guon lju besykje oan it beteljen fan belesting te ûntkommen troch (yllegale) belestingûntdûking of (legale mar ornaris as ymmoreel beskôge) belestingûntwiking.
De wichtichste funksje fan belesting is de budgettêre funksje. Dat hâldt yn dat de opbringst fan 'e opleine belestings troch de oerheid brûkt wurdt foar it finansieren fan foarsjennings, wêrfan't yn 'e wet fêstlein is dat dy algemien tagonklik en beskikber wêze moatte. Foarbylden fan sokke foarsjennings binne de ynfrastruktuer (bgl. wegen, spoarwegen, kanalen, brêgen, fiadukten, akwadukten, strjitten, pleinen), plysje, brânwacht, sûnenssoarch, ûnderwiis, kriichsmacht, sosjale sekerheid, saken omtrint keunst en kultuer, en yn Nederlân ek it Keninklik Hûs.
Dêrnjonken hat belestingheffing in ynstrumintele funksje. Dat bestjut dat de oerheid mei it ynjen fan belesting njonken it beteljen foar de begrutting noch oare doelstellings neistribbet en de belestingheffing dêrfoar as yntrumint brûkt. Foarbylden fan sokke bykommende funksjes binne:
Direkte belestings binne belestings op ynkommen, winst en fermogen. Sokke belestings draacht de belestingplichtige sels ôf oan 'e belestingtsjinst, de ynstânsje fan 'e oerheid dy't oer it ynjen fan 'e belestings giet. Foarbylden fan sokke belestings binne de ynkomstebelesting en de fennoatskipsbelesting.
Yndirekte belestings, of ek wol kostpriisferheegjende belestings, wurde troch in oar oan 'e belestingtsjinst ôfdroegen. Sokke belestings binne lykwols yn 'e priis fan guod en tsjinsten ferwurke. De bekendste foarbylden fan dat soarte belestings binne de omsetbelesting (yn Nederlân de BTW) en aksynzen. De konsumint betellet dy belestings, mar de leveransier fan it kochte guod of de ferliende tsjinsten draacht it belestingbedrach ôf oan 'e belestingtsjinst.
Belesting kin ek ûnderferdield wurde op basis fan 'e manear dêr't it op ôfdroegen wurdt. Sa ûnderskiedt men:
Bekende soarten belesting binne:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.