De 1960-er jierren, ek oantsjut as de sechstiger jierren en de jierren ’60, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn dat desennium op 1 jannewaris 1961 en duorre it oant en mei 31 desimber 1970, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1960 oant en mei 31 desimber 1969. De 1960-er jierren wurde ek wol de Swinging Sixties neamd fanwegen it trochbrekken fan maatskiplike taboes yn dit desennium, benammen dy op it mêd fan rasisme, seksisme en seksualiteit, mar ek oangeande klean, muzyk en drugs. Kwestjes dy't dit desennium dominearren wiene de Kâlde Oarloch, mei as hichtepunten de Fjetnamoarloch, de Kubakrisis en de ûnderdrukking fan 'e Praachske Maityd, en fierders de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging yn 'e Feriene Steaten, de Kulturele Revolúsje yn Sina, de dekolonisaasje yn Afrika, studinteprotesten oer de hiele wrâld, de moarden op John F. Kennedy, Martin Luther King en Robert Kennedy, en de moannelâning fan Apollo 11.
1960-er jierren | ||
Amerikaanske troepen ûnder de Fjetnamoarloch (mei de ferneamde Bell UH-1 Iroquois "Huey"-helikopter). | ||
<< 1950-er jrn • 1960-er jrn • 1970-er jrn >> | ||
1960 • 1961 • 1962 • 1963 • 1964 1965 • 1966 • 1967 • 1968 • 1969 |
Oersjoch
Yn 'e Westerske wrâld waarden de 1960-er jierren yn hege mjitte karakterisearrre troch subkultueren en revolúsjes oangeande sosjale noarmen en wearden op in breed ferskaat oan mêden, wêrûnder klean, muzyk, drugs, seksualiteit en omgongsfoarmen. Konkrete foarbylden wiene de hippybeweging (mei as biedwurd "Make Love, Not War"), de Anty-Fjetnamoarlochsbeweging, de Seksuële Revolúsje en de Twadde Feministyske Weach. Popmuzyk krige foar it earst in wrâldwide ynfloed mei artysten as Elvis Presley, The Beatles, Jimi Hendrix en Diana Ross. Sosjolooch Christopher Booker hat dit desennium omskreaun as in klassike Jungiaanske nachtmerjesyklus, wêryn't in rigide kultuer dy't net by steat is en ûnderdruk de rop om gruttere yndividuële frijheid, losbriek fan 'e sosjale bannen fan it foargeande tiidrek troch in ekstreme ôfwiking fan wat oant doe ta de noarm wie. Mei oare wurden: om har ôf te setten tsjin 'e strange maatskiplike regels fan 'e 1950-er jierren sloech de jongerein yn 'e jierren '60 troch nei it oare uterste troch hielendal gjin regels mear te akseptearjen.
Polityk sjoen waarden de 1960-er jierren, krekt as de 1950-er en de 1970-er jierren, yn 'e greep holden fan 'e Kâlde Oarloch tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny. Yn dit desennium wreide dy konfrontaasje him foar it earst út nei ûntwikkelingslannen yn Latynsk-Amearika, Afrika en Aazje, mei't de Sovjet-Uny him ûntjoech fan in regionale grutmacht ta in wiere supermacht. Nei't de spannings yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch yn 1962 ta in hichtepunt kommen wiene ûnder de Kubakrisis, wêrby't de wrâld op it rântsje fan in atoomoarloch balansearre, belune it spul fanôf de midden fan it desennium sterk. Der waard dêrnei benammen wedivere om ynfloed yn 'e Trêde Wrâld, troch it oan 'e macht bringen en hâlden fan sokpoprezjyms, troch it finansieren fan rebûljes yn lannen dy't bûnsgenoaten fan 'e tsjinpartij wiene, en troch it útfjochtsjen fan oarloggen dêr't fan 'e beide supermachten mar ien of net ien fan beiden aktyf by belutsen wie.
De wichtichste fan dat soarte oarloggen wie de Fjetnamoarloch, wêrby't it kapitalistyske Súd-Fjetnam it opnaam tsjin it kommunistyske Noard-Fjetnam en tsjin binnenlânske kommunistyske rebellen, de Viet Cong. Dy oarloch wie al yn 1955 begûn, mar fan 1961 ôf rekken de Feriene Steaten der almar aktiver by belutsen, earst troch it stjoeren fan militêre adviseurs, mar nei it Ynsidint yn de Golf fan Tonkin, yn 1964, ek troch de ynset fan gefjochtstroepen. Troch de oanhâldende eskalaasje fan it konflikt waarden almar mear troepen stjoerd, en wylst de oarloch him útwreide nei Kambodja en Laos waard de striid thús, yn 'e Feriene Steaten, hieltyd ympopulêrder. Der waarden anty-oarlochsdemonstraasjes holden yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., dêr't tsientûzenen, fral jongeren, oan meidiene. Under de Demokratyske Nasjonale Konvinsje fan 1968, yn Chicago, briek in grutte opskuor út doe't de plysje op 'e demonstranten begûn yn te slaan. Underwilens bliek de Fjetnamoarloch in boaiemleaze put, dêr't almar mear jild en minskelibbens yn weigoaid waarden. Nei it Tet-offinsyf, fan 1968, wêrby't de Noardfjetnamezen en de Viet Cong in stikmannich flinke opstoppers útdielden, seach it Amerikaanske regear dat ek yn, en begûnen de Feriene Steaten te sykjen nei in manear om út it Fjetnameeske moeras te kommen.
Yn 'e Feriene Steaten wie ûnderwilens ek de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging aktyf, wêrby't de Afro-Amerikanen ûnder lieding fan dûmny Martin Luther King harren yn 'e Amerikaanske Grûnwet fêstleine rjochten opeasken. Benammen yn it Amerikaanske Suden late dat ta in soad ynsidinten, wêrby't de plysje en de autoriteiten mei grou geweld fanwegen kamen tsjin freedsume negroïde demonstranten. De moard op presidint John F. Kennedy, yn 1963, skokte de wrâld. It wie syn opfolger Lyndon B. Johnson dy't neitiid yn 'e Feriene Steaten herfoarmings trochfierde dy't de boargerrjochten fan Afro-Amerikanen garandearren en sûnenssoarch beskikber makken foar de âlderein en de earmen. Nettsjinsteande dat waard Johnson geandewei mear ferspijd troch Nij Lofts, sawol yn 'e Feriene Steaten as dêrbûten. Yn 1968 waard de wrâld fannijs skokt troch de moard op Martin Luther King en de moard op Robert Kennedy.
Underwilens waarden West-Jeropa en Japan teheistere troch anargistyske groepearrings as de Reade Brigaden (Itaalje), de Rote Armee Fraktion (West-Dútslan) en Zengakuren (Japan), dy't it fermogen fan 'e liberale demokrasy op 'e proef stelden om it marginalisearre rekke diel fan 'e befolking tefreden te stellen. Ferskate Westjeropeeske lannen makken yn 'e sechstiger jierren in swing nei lofts. Yn Itaalje kamen de sosjalisten yn 1962 foar it earst yn it regear. Yn it Feriene Keninkryk kaam yn 1964 de Labourpartij oan 'e macht. By de maaieprotesten fan 1968 yn Frankryk rûnen de spannings sa heech op dat presidint Charles de Gaulle tydlik de wyk nimme moast nei it bûtenlân. Wilens fûn yn Tsjechoslowakije, in fazalsteat fan 'e Sovjet-Uny, de Praachske Maityd plak, wêrby't it kommunistyske regear fan dat lân ûnder lieding fan Alexander Dubček de leie wat losser liet. Dat waard yn Moskou net wurdearre, en yn 1968 waard it eksperimint wreed ûnderdrukt doe't Sovjet-troepen, stipe troch legerienheden út oare Eastbloklannen, Tsjechoslowakije binnenfoelen.
Wylst Súdeast-Aazje yn 'e greep fan 'e Fjetnamoarloch ferkearde, waarden de sechstiger jierren yn 'e Folksrepublyk Sina behearske troch de megalomane mar úteinlik ûnnutte projekten fan 'e 'grutte roerman', Mao Zedong: de Grutte Sprong Foarút (1958-1962) en de Kulturele Revolúsje (1966-1970). De Grutte Sprong Foarút, mei syn forsearre yndustrialisaasje en syn kollektivisaasje fan de lânbou, feroarsake de Grutte Sineeske Hongersneed fan 1959-1960, wêrby't 30 oant 60 miljoen minsken omkamen. By de Kulturele Revolúsje waard de absolute terreur fan 'e Reade Gardisten op 'e Sineeske befolking loslitten, mei in folsleine ûntwrichting fan 'e maatskippij ta gefolch. Nei it saneamde Reade Skisma fan 1960 waard de ferhâlding fan Sina mei de Sovjet-Uny geandewei de 1960-er jierren almar minder, oant de beide lannen yn 1969 iepentlik deilis rekken, in barren dat mank gie mei wapene konfrontaasjes oan 'e grins.
Yn Afrika berikte de dekolonisaasje yn 'e sechtiger jierren in hichtepunt, wêrby't 34 fral Britske, Frânske en Belgyske koloanjes selsstannich waarden. Allinnich Portegal wegere steech en harkje nei de ûnôfhinklikheidsrop yn 'e koloanjes, mei as gefolch de Portegeeske Koloniale Oarloch, dy't yn 1961 útbriek en oant 1974 ta duorje soe.
Ekonomysk gie it mei de wrâld poerbêst yn 'e sechstiger jierren. Tsjin 'e ein fan 'e 1950-er jierren wie yn it teheistere Jeropa de weropbou nei de Twadde Wrâldoarloch foar it meastepart ôfrûne, wêrnei't in ûnbidige ekonomyske boom begûn. De oarloch en weropbou tegearre hiene yn hiel Jeropa in nivellearjend effekt op 'e klassemaatskippij hân, en tsjin 'e 1960-er jierren hiene in soad lju út 'e arbeidersklasse yn West-Jeropa jild foar sokke moderne lúkse artikels as in radio, tillefyzje, kuolkast en auto. Ek yn it Eastblok gie de ekonomy sterk foarút yn 'e sechstiger jierren. En nei de trage groei yn 'e fyftiger jierren belibben de Feriene Steaten yn 'e sechstiger jierren in grutte oplibbing. It jild dat dêrmei frijkaam, waard net inkeld ynset foar de finansiering fan 'e Fjetnamoarloch en oare operaasjes yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch, mar ek foar it Apollo-programma, in projekt fan 'e NASA, dat yn 1969 yn it ramt fan 'e Romtewedrin late ta de earste moannelâning.
Wichtichste foarfallen
- 1 jannewaris - Kameroen wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 4 jannewaris - Denemark, Eastenryk, it Feriene Keninkryk, Noarwegen, Portegal, Sweden en Switserlân rjochtsje de Jeropeeske Frijhannelsassosjaasje (EFTA) op.
- 13 febrewaris - Frankryk bringt foar it earst mei súkses in atoombom ta ûntploffing.
- 21 maart - Yn Súd-Afrika fynt it Bloedbad fan Sharpeville plak as de plysje it fjoer iepenet op swarte demonstranten.
- 27 april - Togo wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 22 maaie - De ierdbeving fan Valdivia, yn Sily, is swierste ierdbeving dy't ea fêststeld is, mei in krêft fan 9,5 op 'e skaal fan Richter. Hy feroarsaket in tsûnamy fan 25 m heech dy't de Sileenske kust teheisteret en de Grutte Oseaan oerstekt om op 'e Hawaï-eilannen de havenstêd Hilo mei de grûn lyk te meitsjen en dêrnei ferwuostgings oan te rjochtsjen op 'e kust fan Japan. Der komme 1.000 oant 7.000 minsken om.
- 23 maaie - De Israelyske premier David Ben Gurion makket bekend dat de Dútske oarlochsmisdiediger Adolf Eichmann troch de Israelyske geheime tsjinst út Argentynje (dêr't er nei de Twadde Wrâldoarloch syn taflecht socht hie) ûntfierd is.
- 27 maaie - By in steatsgreep yn Turkije nimt it leger de macht oer.
- 26 juny - Britsk-Somalilân wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk ûnder de namme Steat Somalilân.
- 26 juny - Madagaskar wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 30 juny - De Demokratyske Republyk Kongo, de eardere Belgyske Kongo, wurdt ûnôfhinklik fan Belgje.
- 1 july - Somaalje, it eardere Italjaansk-Somalilân, wurdt ûnôfhinklik fan it tafersjoch troch de Feriene Naasjes, dat útoefene waard troch Itaalje, en ferienet himsels mei de Steat Somalilân, it eardere Britsk-Somalilân.
- 20 july - De Malineeske Federaasje wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 28 july - It Reade Skisma tusken de Sovjet-Uny en de Folksrepublyk Sina fynt plak. De beide kommunistyske grutmachten krije spul en ferbrekke de ûnderlinge relaasjes.
- 1 augustus - Benyn wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 3 augustus - Niger wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 5 augustus - It lettere Boerkina Faso wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk ûnder de namme Opper-Folta.
- 7 augustus - Ivoarkust wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 11 augustus - Tsjaad wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 13 augustus - De Sintraal-Afrikaanske Republyk wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 15 augustus - De Republyk Kongo, de eardere Frânske Kongo, wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 16 augustus - Syprus wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 17 augustus - Gabon wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 20 augustus - Senegal makket him los fan 'e Malineeske Federaasje en wurdt in ûnôfhinklik lân.
- 14 septimber - By in steatsgreep yn 'e Demokratyske Republyk Kongo komt kolonel Joseph-Desiré Mobutu oan 'e macht.
- 22 septimber - De rompsteat fan 'e Malineeske Federaasje giet fierder ûnder de namme Republyk Maly.
- 13 oktober - Der docht him yn 'e Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes yn New York in ferneamd ynsidint foar, wêrby't Sovjet-lieder Nikita Chrûsjtsjov syn skoech útdocht en dêrmei op it sprekstuolte omtimmeret om syn ûntkenning krêft by te setten nei't de fertsjintwurdiger fan 'e Filipinen oppenearre hat dat yn it ramt fan 'e dekolonisaasje ek de Eastbloklannen harren selsstannigens weromkrije moatte.
- 14 oktober - Yn Nederlân wurdt bekend dat ûnder Grinslân in ûnbidich grut ierdgasfjild ûntdutsen is.
- 1 oktober - Nigearia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 8 novimber - De Demokraat John F. Kennedy wint de Amerikaanske presidintsferkiezings en ferslacht dêrby syn Republikeinske tsjinstanner Richard Nixon. Kennedy wurdt de earste roomske presidint fan de Feriene Steaten.
- 28 novimber - Mauretaanje wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 14 desimber - Achttjin Jeropeeske lannen rjochtsje yn 'e mande mei Kanada en de Feriene Steaten de Organisaasje foar Ekonomyske Gearwurking en Untwikkeling (OESO) op.
- 17 jannewaris - Moard op Patrice Lumumba, de premier fan 'e Demokratyske Republyk Kongo, Maurice Mpolo, de minister fan Jeugdsaken en Sport, en Joseph Okito, de ûnderfoarsitter fan 'e senaat. Se wurde stânrjochtlik eksekutearre troch in Belgysk-Kongoleesk fjoerpeloton.
- 15 febrewaris - By Berg-Kampenhout, 4 km foar de Brusselske lofthaven Zaventem, stoart Sabena-flecht 548 del. Alle 72 ynsittenden en in boer op 'e grûn litte dêrby it libben. Ek it foltallige, 18 leden tellende Amerikaanske keunstrydteam, dat ûnderweis wie nei de wrâldkampioenskippen yn Praach, komt om.
- 12 april - De Sovjet-kosmonaut Joeri Gagarin sirkelet as earste minske yn in baan om 'e Ierde.
- 17 april - Mei Amerikaanske stipe fiere anty-kommunistyske Kubaanske ballings yn 'e Bargebaai de Ynvaazje yn de Bargebaai út, mei as bedoeling om in folksopstân op Kuba tewei te bringen en presidint Fidel Castro ôf te setten. De operaasje mislearret jammerdearlik.
- 27 april - Sierra Leöane wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 16 maaie - By in steatsgreep yn Súd-Koreä komt Park Cheung Hee oan 'e macht.
- 30 maaie - Moard op Rafael Trujillo, de diktator fan 'e Dominikaanske Republyk.
- 19 juny - Koeweit wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 1 july - Rûanda en Boerûndy wurde ûnôfhinklik fan Belgje.
- 13 augustus - Yn Berlyn begjinne de Sovjet-Uny en de DDR mei de bou fan 'e Berlynske Muorre, dy't de beide stedsdielen West-Berlyn en East-Berlyn fysyk faninoar skiede moat, sadat kontakt tusken de ynwenners ûnmooglik wurdt.
- 11 septimber - Yn Irak brekt de Fjirde Koerdysk-Arabyske Oarloch út tusken it Iraakske leger en de Koerdyske minderheid yn it noarden fan it lân.
- 28 septimber - Yn Syrje nimt it leger de macht oer. It lân stapt dêrnei út 'e Feriene Arabyske Republyk mei Egypte.
- 1 oktober - It eardere Britsk-Kameroen wurdt opspjalten yn Noard-Kameroen en Súd-Kameroen; Noard-Kameroen komt by Nigearia te hearren, wylst Súd-Kameroen yntegrearre wurdt yn 'e Republyk Kameroen (it eardere Frânsk-Kameroen).
- 9 desimber - Tanganjika wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 10 desimber - It kommunistyske Albaanje ferbrekt de diplomatike bannen mei de Sovjet-Uny.
- 15 desimber - Nei in proses wurdt yn Israel de Dútske oarlochsmisdiediger Aldolf Eichmann ta de deastraf feroardiele.
- 17 desimber - Anneksaasje fan Goä: Yndiaaske troepen falle Goä en Daman en Diû binnen, gebieten mei-inoar de koloanje Portegeesk-Ynje foarmje. It Portegeeske koloniale bestjoer wurdt ferdreaun en de gebieten wurde troch Yndia anneksearre.
- 1 jannewaris - Samoä (yn 't earstoan noch ûnder de namme West-Samoä) wurdt ûnôfhinklik fan Nij-Seelân.
- 8 jannewaris - Yn Nederlân fynt de Treinramp by Harmelen plak, wêrby't 92 minsken omkomme.
- 9 febrewaris - De Feriene Steaten formalisearje de rol dy't Amerikaanske militêre adviseurs oan 'e kant fan Súd-Fjetnam spylje yn 'e Fjetnamoarloch.
- 20 febrewaris - Astronaut John Glenn wurdt de earste Amerikaan dy't yn in baan om 'e Ierde sirkelet.
- 18 maart - Mei de Ferdraggen fan Évian komt in ein oan 'e bloedige Algerynske Oarloch dy't de Frânsen yn harren koloanje Algerije tsjin 'e Algerynske nasjonalisten fiere.
- 3 july - Algerije wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 6 augustus - Jamaika wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 6 augustus - De Amerikaanske filmstjer Marilyn Monroe wurdt dea oantroffen yn 'e sliepkeamer fan har wente yn Los Angeles.
- 31 augustus - Trinidad en Tobago wurde ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 30 septimber - De Amerikaanske presidint John F. Kennedy lit federale troepen yngripe as gûverneur Ross Barnett fan Mississippy in rjochterlik fûnis negearret om James Meredith as earste negroïde studint ynskriuwe te litten oan 'e Universiteit fan Mississippy.
- 9 oktober - Uganda wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 16-28 oktober - De Sovjet-Uny besiket raketten mei atoombommen nei bûnsgenoat Kuba te bringen en se dêr op te stellen. De Feriene Steaten wolle dat tsjin eltse priis foarkomme en blokkearje de oanfier fan 'e raketten. Mei dizze Kubakrisis komt de wrâld gefaarlike ticht by in oarloch tusken de beide supermachten.
- 20 oktober - De Sineesk-Yndiaaske Oarloch brekt út as troepen fan 'e Folksrepublyk Sina de Yndiaaske steaten Kasjmier en Aruchal Pradesh binnenfalle.
- 21 novimber - De Sineesk-Yndiaaske Oarloch einiget mei in klinkende oerwinning foar Sina. De Sinezen ûntromje daliks it meastepart fan it ferovere gebiet, mar hâlde Aksai Chin, in diel fan Kasjmier, foargoed beset.
- 18 jannewaris - Reinier Paping wint de tige swiere Tolfde Alvestêdetocht yn in tiid fan 10 oeren en 59 minuten.
- 8 febrewaris - By in steatsgreep yn Irak wurdt presidint Abdûl Karim al-Kassem fermoarde. De nije presidint is Abdûl Salim Arif.
- 22 maart - Yn it Feriene Keninkryk ûntstiet trelit as de Profumo-affêre oan it ljocht komt. Minister fan Definsje John Profumo bychtet in bûtenhoulikse relaasje mei de callgirl Christine Keeler op, dy't tagelyk ek omslein hat mei Jevgeni Ivanov, de marine-attasjee fan 'e Sovjet-Uny.
- 1 maaie - Under swiere Amerikaanske druk draacht Nederlân de koloanje Nederlânsk Nij-Guineä (neitiid West-Papoea) oer oan Yndoneezje. Dat bart útdruklik tsjin 'e wil fan 'e lânseigen Papoea-befolking fan it gebiet.
- 11 maaie - Yn 'e Amerikaanske steat Alabama wurde troch blanke ekstremisten ferskate bomoanslaggen dien op swarte foaroanlju.
- 22 maaie - Op in gearkomste yn Addis Abeba rjochtsje de lieders fan Afrikaanske lannen de Organisaasje fan de Afrikaanske Ienheid (OAU) op.
- 11 juny - Gûverneur George Wallace fan 'e Amerikaanske steat Alabama wegeret persoanlik de earste negroïde studinten de tagong ta de Universiteit fan Alabama. Pas nei tuskenkomst fan federale troepen moat er belies jaan.
- 12 juny - Medgar Evers, in lid fan 'e minskerjochte-organisaasje NAACP, wurdt Mississippy fermoarde troch Byron de la Beckwith, in lid fan 'e Ku Klux Klan.
- 16 juny - De Sovjet-kosmonaute Valentina Teresjkova sirkelet as earste frou yn in baan om 'e Ierde.
- 26 juny - De Amerikaanske presidint John F. Kennedy hâldt yn West-Berlyn syn Ich bin ein Berliner-taspraak.
- 26 july - By de ierdbeving fan Skopje komme yn 'e Joegoslavyske dielrepublyk Masedoanje 1.070 minsken om. Fan 'e stêd Skopje wurdt 80% ferwuostge, en mear as 200.000 minsken reitsje dakleas.
- 28 augustus - Oan 'e Mars op Washington, dy't organisearre is troch de Amerikaanske boargerrjochtebeweging, dogge likernôch 200.000 swarte en blanke minsken mei. Yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. harket de mannichte ta hoe't dûmny Martin Luther King syn I Have a Dream-taspraak hâldt.
- 15 septimber - Yn 'e Amerikaanske steat Alabama komme 4 swarte bern om by de bomoanslach op de 16th Street Baptist Church yn Birmingham.
- 16 septimber - De Britske koloanjes Singapoer, Noard-Borneo en Sarawak foarmje mei it al ûnôfhinklike Maleizje (Malakka) de Maleizyske Federaasje.
- 9 oktober - By de trochbraak fan de Vajontdaam komt yn 'e delling fan 'e rivier de Piave, yn Itaalje, by in ierdferskowing in diel fan 'e berch de Toc omleech en falt yn 'e kearmar efter de Vajontdaam, dy't as gefolch dêrfan trochbrekt. Sa'n 2.000 minsken komme om.
- 1 novimber - By in steatsgreep yn Súd-Fjetnam wurdt presidint Ngô Đình Diệm fermoarde. It lân komt ûnder in militêre diktatuer.
- 22 novimber - By in besyk oan Dallas (Teksas) wurdt de Amerikaanske presidint John F. Kennedy deasketten wylst er yn in iepen auto in rûnrit makket. Der wurdt suver daliks in fertochte fan 'e moard oppakt: Lee Harvey Oswald.
- 24 novimber - Lee Harvey Oswald, de man dy't ferantwurdlik holden wurdt foar de moard op John F. Kennedy, wurdt sels deasketten troch nachtklubeigner Jack Ruby.
- 4 desimber - Yn it nije Italjaanske koälysjeregear fan premier Aldo Moro binne foar it earst ek sosjalistyske partijen opnommen.
- 10 desimber - It Sultanaat Sansibar wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 12 desimber - Kenia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 12 jannewaris - By in bloedige steatsgreep yn Sansibar wurdt de lêste sultan, Djamsjyd bin Abdûlla, ôfset. It lân wurdt no de Folksrepublyk Sansibar en Pemba.
- 31 jannewaris - Yn it ûnder tafersjoch fan it regear fan 'e Feriene Steaten publisearre rapport Smoking and Health wurdt foar it earst in ferbân lein tusken smoken en longkanker.
- 27 maart - By in ierdbeving yn Alaska, ek bekend as de Goedfreedierdbeving, komme 133 minsken om. It is de swierste ierdbeving yn Noard-Amearika dy't ea registrearre is.
- 31 maart-1 april - By in steatsgreep yn Brazylje wurdt it demokratysk keazen regear fan presidint João Goulart ôfset en komt in militêre diktatuer oan 'e macht, dy't it lân mear as tweintich jier ûnderdrukke sil.
- 26 april - De Republyk Tanganjika en de Folksrepublyk Sansibar en Pemba ferrane ta in nij lân: de Feriene Republyk Tanzania.
- 29 april - De Nederlânske prinsesse Irene trout yn Rome mei de roomske Spaanske ealman Karel Hugo fan Boerbon-Parma.
- 12 juny - Yn Súd-Afrika wurdt de swarte anty-apartheidsaktivist Nelson Mandela feroardiele ta libbenslange finzenisstraf.
- 21 juny - Yn 'e Amerikaanske steat Mississippy fine de saneamde Frijheidssimmermoarden plak. Derby wurde trije aktivisten fan 'e Amerikaanske boargerrjochtebeweging, James Chaney, Andrew Goodman en Mickey Schwerner, fermoarde troch de Ku Klux Klan yn gearwurking mei de pleatslike plysje.
- 2 july - De Amerikaanske presidint Lyndon B. Johnson ûndertekenet de Boargerrjochtewet fan 1964, wêrmei't rasseskieding op skoallen, op it wurk en yn iepenbiere romten yllegaal wurdt.
- 6 july - Malawy wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 2 augustus - By it Ynsidint yn de Golf fan Tonkin wurdt (nei it sizzen fan 'e Amerikanen) in Amerikaansk marineskip yn 'e Golf fan Tonkin, foar de kust fan Noard-Fjetnam, oanfallen troch de Noardfjetnamezen. (Yn 2005 soe út frijjûne dokuminten fan 'e Amerikaanske feilichheidstsjinst NSA bliken dwaan dat de oanfal troch de Amerikanen optocht wie as ferlechje om aktive dielname fan Amerikaanske troepen oan 'e Fjetnamoarloch te rjochtfeardigjen.)
- 7 augustus - It Amerikaanske Kongres nimt de Golf-fan-Tonkinresolúsje oan, wêrmei't as antwurd op ít Ynsidint yn de Golf fan Tonkin frij baan jûn wurdt oan 'e ynset fan Amerikaanske gefjochtstroepen yn 'e Fjetnamoarloch.
- 21 septimber - Malta wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 27 septimber - It rapport fan 'e Kommisje-Warren oer de moard op John F. Kennedy wurdt publisearre. Neffens de kommisje wurke de (ek fermoarde) Lee Harvey Oswald folslein allinnich.
- 15 oktober - Fanwegen syn almar ûnfoarsisberder hâlden en dragen wurdt Sovjet-lieder Nikita Chrûsjtsjov út al syn funksjes set. As siktaris-generaal wurdt er opfolge troch Leonid Brezjnjev.
- 16 oktober - De Folksrepublyk Sina bringt foar it earst mei súkses in atoombom ta ûntploffing.
- 24 oktober - Sambia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 4 novimber - De Iraanske geastlike Rûholla Chomeiny, in skerp kritikus fan 'e sjah, wurdt út syn heitelân ferballe.
- 24 novimber - Belgyske kommando's befrije yn 'e Demokratyske Republyk Kongo in groep fan 60 Amerikanen en 800 Belgen dy't yn Stanleystad gizele waarden troch rebellen. By de operaasje falle in protte deaden.
- 7 febrewaris - Yn it ramt fan 'e Fjetnamoarloch fiert de Amerikaanske Loftmacht foar it earst bombardeminten út op Noard-Fjetnam.
- 18 febrewaris - Gambia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 21 febrewaris - Moard op 'e kontroversjele swarte Amerikaanske aktivist Malcolm X.
- 8 maart - De earste Amerikaanske gefjochtstroepen arrivearje yn Súd-Fjetnam om aktyf ynset te wurden by de striid yn it ramt fan 'e Fjetnamoarloch.
- 18 maart - De Sovjet-kosmonaut Aleksej Leonov makket as earste minske in romtewanneling.
- 21 maart - Begjin fan 'e troch de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging organisearre Marsen fan Selma nei Montgomery, yn 'e Amerikaanske steat Alabama.
- 28 april - De Feriene Steaten dogge in ynfal yn 'e Dominikaanske Republyk.
- 26 juny - De Maldiven wurde ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 6 augustus - De Amerikaanske presidint Lyndon B. Johnson ûndertekenet de Nasjonale Stimrjochtwet fan 1965, wêrmei't it yllegaal wurdt om op lykfol hokker wize tsjin te hâlden dat minsken gebrûk meitsje fan harren stimrjocht (wat yn it Amerikaanske Suden oant no ta struktureel barde om swarten harren rjochten te ûntnimmen).
- 9 augustus - Singapoer wurdt ûnôfhinklik fan Maleizje.
- 11 augustus - Yn Los Angeles brekt yn 'e swarte wyk Watts de Opskuor fan Watts út, wêrby't 36 deaden falle en foar $175 miljoen oan skea oanrjochte wurdt.
- 6 septimber - De Yndiaask-Pakistaanske Oarloch fan 1965 brekt út. Yndiaaske troepen falle Pakistan binnen en marsjearje op nei de miljoenestêd Lahoare.
- 9 septimber - De orkaan Betsy rjochtet slimme skea oan yn 'e Feriene Steaten, yn 'e krite by de kust fan 'e Golf fan Meksiko lâns. Der falle 81 deaden en der wurdt foar $1,4 miljard oan skea oanrjochte.
- 22 septimber - Nei de Yndiaaske ferovering fan Lahoare moat Pakistan ynbine. Der wurdt in wapenstilstân sletten, dy't yn 'e praktyk in ein makket oan 'e Yndiaask-Pakistaanske Oarloch fan 1965.
- 1 oktober - Yn Yndoneezje mislearret in kommunistyske steatsgreep (de saneamde Oktoberrevolte), ûnder lieding fan kolonel Oentoeng, it haad fan 'e liifwachten fan presidint Soekarno. Neitiid komt der in massamoard op gong, wêrby't nei skatting 500.000 oant 3 miljoen minsken ombrocht wurde: net allinnich kommunisten, mar elts dy't fan kommunistyske sympatyen fertocht wurdt.
- 9 novimber - By de Black-out fan 1965 falt yn acht steaten yn it noardeasten fan 'e Feriene Steaten en yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario in jûn de elektrisiteit út. Njoggen moannen letter is der in baby boom.
- 11 novimber - De Republyk Rodeezje ferklearret him ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 27 novimber - Oan 'e Mars op Washington foar Frede yn Fjetnam, in grutte demonstraasje tsjin 'e Fjetnamoarloch yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., dogge sa'n 25.000 minsken mei.
- 9 maart - Nei ûnienichheid mei de Feriene Steaten lûkt Frankryk him werom út 'e kommandostruktuer fan 'e NATO, mar bliuwt wol lid fan it bûnsgenoatskip.
- 10 maart - De Nederlânske kroanprinsesse Beatrix trout yn Amsterdam mei de Dútser Claus von Amsberg. De plechtichheid wurdt ûntsierd troch opstjitsjes tusken demonstranten en de plysje, en by de rydtocht troch de binnenstêd wurde sels in pear reekbommen goaid.
- 18 maart - Yn Yndoneezje skoot generaal Soeharto presidint Soekarno oan 'e kant en lûkt alle macht nei himsels ta.
- 13 april - Presidint Abdûl Salim Arif fan Irak komt om by in fleantúchûngemak. Hy wurdt opfolge troch syn broer Abdûl Rachman Arif.
- 26 maaie - Guyana wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 16 july - De Sineeske lieder Mao Zedong makket syn ferneamde swimtocht yn 'e rivier de Jangtse.
- 8 augustus - Op inisjatyf fan Mao Zedong kart de Sineeske Kommunistyske Partij it begjin fan 'e Kulturele Revolúsje goed.
- 6 septimber - Moard op Hendrik Verwoerd, de premier fan Súd-Afrika en de grûnlizzer fan 'e apartheid, troch Dimitri Tsafendas.
- 30 septimber - Botswana wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 4 oktober - Lesoto wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 30 novimber - Barbados wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 13 desimber - Yn it ramt fan 'e Fjetnamoarloch fiert de Amerikaanske Loftmacht foar it earst bombardeminten út op boargerdoelen yn Hanoi, de haadstêd fan Noard-Fjetnam.
- 21 april - By in steatsgreep yn Grikelân komt mei it saneamde Kolonelsrezjym, in militêre diktatuer, oan 'e macht.
- 30 maaie - Biafra, in steat foar etnyske Ibo yn it súdeasten fan Nigearia, ropt de ûnôfhinklikheid út. Dit liedt ta de tige bloedige Biafraanske Oarloch (ek wol de Nigeriaanske Boargeroarloch neamd).
- 5-10 juny - De Seisdeiske Oarloch: Israel falt de Arabyske lannen Egypte en Syrje oan. Jordaanje en ferskate oare Arabyske lannen minge har letter yn 'e striid. Troch it Israelyske oerwicht yn 'e loft wurdt de oarloch yn seis dagen beslist mei in klinkende oerwinning. Israel beset dêrby East-Jeruzalim, it Westjordaanlân, de Gaza-stripe, it Sinaï-skiereilân en de Golan-hichte.
- 26 july - De Frânske presidint Charles de Gaulle brekt syn steatsbesyk oan Kanada ôf nei't it regear yn Ottawa de foarfallen ûnder syn besyk oan 'e Frânsktalige provinsje Kebek "ûntalitber" neamd hat. Yn Kebek hie De Gaulle in taspraak yn Montreal besletten mei de útrop "Vive le Québec libre!" ("Lang libje it frije Kebek!"), in ferwizing nei de ôfskiedingsbeweging yn dy provinsje.
- 9 oktober - De ferneamde Argentynske revolúsjonêr Che Guevara wurdt yn Bolivia finzen nommen troch de Amerikaanske feilichheidstsjinst CIA en it Boliviaanske leger, en neitiid stânrjochtlik eksekutearre.
- 30 novimber - Súd-Jemen wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 3 desimber - De Súdafrikaanske sjirurch Christiaan Barnard fiert de earste herttransplantaasje by in minske út.
- 5 jannewaris - Alexander Dubček wurdt de nije lieder fan it kommunistyske Tsjechoslowakije. Under syn lieding begjint dêr in perioade fan herfoarming dy't de Praachske Maityd komt te hjitten.
- 30 jannewaris - Yn it ramt fan 'e Fjetnamoarloch begjinne Noard-Fjetnam en de Viet Cong oan it Tet-offinsyf, wêrmei't se Súd-Fjetnam en de Feriene Steaten folslein oer it mad komme.
- 31 jannewaris - Naurû wurdt ûnôfhinklik fan Austraalje.
- 12 maart - Mauritsius wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 16 maart - Amerikaanske troepen rjochtsje yn Súd-Fjetnam it Bloedbad fan Mỹ Lai oan, wêrby't tusken de 374 en 504 ûnwapene manlju, froulju, bern en poppen fermoarde wurde.
- 4 april - Yn Memphis (Tennessee) wurdt de swarte Amerikaanske dûmny Martin Luther King, it boechbyld fan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging, fermoarde troch James Earl Ray.
- 3 maaie - Begjin fan 'e maaieprotesten fan 1968 yn Frankryk. Studinten en arbeiders komme yn opstân tsjin it Frânske regear fan presidint Charles de Gaulle.
- 4 juny - Yn Los Angeles wurdt de Amerikaanske politikus Robert Kennedy fermoarde troch Sirhan Sirhan.
- 30 juny - Yn 'e Kalifornyske studintestêd Berkeley wurdt nei dagen fan fûleindige gefjochten tusken de plysje en anty-oarlochsdemonstranten de needtastân ôfkundige.
- 17 july - By de Revolúsje fan 17 July wurdt yn Irak presidint Abdûl Rachman Arif ôfset. De macht yn it lân komt no yn 'e hannen fan 'e Ba'thpartij. Achmed Hassan al-Bakr wurdt de nije presidint en Saddam Hoessein wurdt fise-presidint.
- 21 augustus - De legers fan 'e Sovjet-Uny, de DDR, Hongarije, Bulgarije en Poalen falle harren Warsjaupakt-bûnsgenoat Tsjechoslowakije binnen, en meitsje dêr mei geweld in ein oan 'e Praachske Maityd.
- 6 septimber - Swazylân wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 2 oktober - Yn Meksiko-Stêd rjochtet de plysje by fûleindige gefjochten mei studinten it Bloedbad fan Tlatelolco oan, wêrby't 300 oant 500 studinten en omstanners omkomme.
- 12 oktober - Ekwatoriaal-Guinee wurdt ûnôfhinklik fan Spanje.
- 16 jannewaris - Op it Wenseslasplein yn 'e Tsjechoslowaakske haadstêd Praach docht de studint Jan Palach selsmoard troch himsels yn 'e brân te stekken, út protest tsjin 'e ûnderdrukking fan 'e Praachske Maityd.
- 2 maart - By in wapene treffen tusken de Sovjet-Uny en de Folksrepublyk Sina oan 'e grinsrivier de Oessoery falle sa'n 71 deaden.
- 15 maart - Op 'e nij fynt der in wapene treffen plak tusken de Sovjet-Uny en de Folksrepublyk Sina oan 'e grinsrivier de Oessoery. Hjirby falle krapoan 100 deaden.
- 16-21 maaie - Besetting fan it Maagdenhuis, yn Amsterdam (dat it bestjoerssintrum fan 'e Universiteit fan Amsterdam is), troch protestearjende studinten.
- 22 juny - De rivier de Cuyahoga, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, fljocht yn 'e brân. Dat is fier fan de earste kear, mar diskear docht it ynfloedrike tydskrift Time der ferslach fan, mei as gefolch dat der einlings en te'n lêsten peal en perk steld wurdt oan 'e miljeufersmoarging mei brânbere ôffalprodukten fan 'e gemyske yndustry.
- 28 juny - Begjin fan 'e Stonewall-opskuor yn New York, wêrby't homoseksuëlen foar it earst iepentlik yn ferset komme tsjin ferfolging troch de plysje. Dit is it begjin fan 'e homorjochtebeweging yn 'e Feriene Steaten.
- 21 july - De Amerikaanske astronaut Neil Armstrong, fan 'e Apollo 11-missy, set as earste minske foet op 'e moanne.
- 8-10 augustus - Yn 'e Feriene Steaten begeane folgelingen fan 'e geastlik steurde moardner en sektelieder Charles Manson de Manson-moarden, wêrby't û.m. aktrise Sharon Tate, de swiere frou fan regisseur Roman Polanski, om hals brocht wurdt.
- 15-18 augustus - It legindaryske muzykfestival Woodstock wurdt holden yn in greide yn 'e Amerikaanske steat New York. Der komme mear as 400.000 besikers op ôf.
- 18 augustus - De orkaan Camille, ien fan 'e swierste orkanen ea metten, giet by de Amerikaanske kust fan 'e Golf fan Meksiko oan lân en rjochtet dêr slimme skea oan. Der komme 259 minsken om.
- 1 septimber - By in steatsgreep yn Lybje komt kolonel Mûammar Kadaffy oan 'e macht.
- 27 novimber - De Al-Wadia-oarloch tusken Saûdy-Araabje en Súd-Jemen brekt út.
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.