From Wikipedia, the free encyclopedia
Tanganjika (Swahily en Ingelsk: Tanganyika) wie in soeverein en ûnôfhinklik lân yn Afrika dat bestie fan 1961 oant 1964. It kaam fuort út 'e eardere Dútske koloanje Dútsk East-Afrika, en wie sûnt de ein fan 'e Earste Wrâldoarloch bestjoerd troch de Britten. Tanganjika besloech it fêstelân fan wat no Tanzania is. It wie yn 't earstoan in parlemintêre monargy mei de Britske keninginne Elizabeth II oan it haad, mar waard yn 1962 in presidinsjele republyk, en krige doe de formele namme Republyk Tanganjika (Swahily: Jamhuri wa Tanganyika; Ingelsk: Republic of Tanganyika). Twa jier letter, yn april 1964, gie it lân mei de Folksrepublyk Sansibar en Pemba op yn 'e nije Feriene Republyk Tanzania. De namme Tanganjika wurdt noch altyd wol brûkt om it diel fan Tanzania oan te tsjutten dat op it fêstelân fan Afrika leit.
Republyk Tanganjika Jamhuri wa Tanganyika (Swahily) Republic of Tanganyika (Ingelsk) | |
---|---|
1961 – 1964 | |
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Dar es Salaam |
offisjele taal | Swahily, Ingelsk |
steatsfoarm | parlemintêre monargy (1961-1962) presidinsjele republyk (1962-1964) |
ûntstien út | Territoarium Tanganjika |
opgien yn | Tanzania |
no diel fan | Tanzania |
sifers | |
ynwennertal | 9.774.000 (1960) |
befolkingstichtens | 10,3 / km² (1960) |
oerflak | 944.842 km² |
bykommende ynformaasje | |
folksliet | Mungu ibariki Afrika |
muntienheid | Eastafrikaanske skelling |
Tanganjika besloech in oerflak fan 944.842 km² en bestie út it fêstelân fan it hjoeddeiske Tanzania, de súdlikste Sansibareilannen ynbegrepen, wêrûnder it grutte eilân Mafia. It noardlike diel fan dy arsjipel, mei as grutste eilannen Sansibar en Pemba, hearden net ta Tanganjika, mar foarmen it Sultanaat Sansibar, dat sûnt 1890 in protektoraat ûnder Britsk bestjoer wie. Tanganjika waard fierders begrinzge troch Britsk East-Afrika (it lettere Kenia) yn it noarden, de Fiktoariamar, Oeganda (in Britske koloanje), Rûanda en Boerûndy (trustgebieten fan 'e Feriene Naasjes ûnder Belgysk bestjoer) yn it noardwesten, de Tanganjikamar mei oan 'e oare kant de Belgyske Kongo (no de Demokratyske Republyk Kongo) yn it westen, de Britske koloanjes Noard-Rodeezje (Sambia) en Njassalân (Malawy) yn it súdwesten, Portegeesk East-Afrika (it tsjintwurdige Mozambyk) yn it suden en de Yndyske Oseaan yn it easten.
Tanganjika kaam fuort út 'e yn 1884 stifte koloanje Dútsk East-Afrika. Nei de Dútske nederlaach yn 'e Earste Wrâldoarloch waard dat gebiet, krekt as alle oare Dútske koloanjes, yn beslach nommen. Neitiid waard it bestjoerd troch de Britten, earst fan 1922 ôf as in mandaatgebiet fan it Folkebûn, en nei de Twadde Wrâldoarloch as in trustgebiet fan 'e Feriene Naasjes. Twa tradisjonele lânseigen keninkrykjes yn it noardwesten fan Dútsk East-Afrika waarden troch it Folkebûn ûnder Belgysk tafersjoch steld, en ûntjoegen har letter ta Boerûndy en Rûanda.
Op 9 desimber 1961 waard Tanganjika in soeverein en ûnôfhinklik lân. Yn 't earstoan hie it de steatsfoarm fan in parlemintêre monargy, mei de Britske keninginne Elizabeth II as steatshaad, yn in personele uny mei de measte oare lidsteaten fan it Britske Mienebêst. De grûnwetlike rol fan 'e monarch waard dêrby fierhinne taparte oan 'e Britske gûverneur-generaal fan Tanganjika. Persiis in jier letter, op 9 desimber 1962, waard de steatsynrjochting lykwols herfoarme. Dêrby waard de monargy ôfskaft, en ûntjoech Tanganjika him ta in republyk mei in presidint oan it haad, by wa't it grutste part fan 'e útfierende macht lei. It lân bleau lid fan it Britske Mienebêst.
Nei't op 10 desimber 1963 it Sultanaat Sansibar ek ûnôfhinklik wurden wie, fûn dêr op 12 jannewaris 1964 in bloedige steatsgreep plak, wêrby't Djamsjyd bin Abdûlla, de lêste sultan fan Sansibar, ôfset waard. Neitiid waard de Folksrepublyk Sansibar en Pemba útroppen. Yn 'e nije steat bestie in sterke marxistyske politike streaming, en yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch ûntstie der ûnder de Westerske grutmachten noed dat soks de Sovjet-Uny in brêgehaad yn East-Afrika ferskaffe soe. Sadwaande waard der druk útoefene op Julius Nyerere, de presidint fan Tanganjika, en Abeid Karume, de nije presidint fan Sansibar en Pemba, om harren lannen gear te foegjen. It tinken wie dat it gruttere Tanganjika de sitewaasje yn Sansibar dan stabilisearje soe.
Yn april 1964 sleaten Nyerere en Karume in oerienkomst, en fan gefolgen ûntstie der op 26 april in nij lân: de Feriene Republyk Tanzania, wêrfan't de namme opmakke wie út 'e earste wurdlidden fan 'e beide steaten dy't der yn opgiene. It lytse Sansibar krige binnen de steatsynrjochting fan Tanzania de status fan autonome republyk. Yn it nije lân waard Nyerere presidint en Karume waard presidint fan 'e Sansibar, in amt dêr't it fise-presidintskip fan Tanzania oan ferbûn wie.
Neffens de folkstelling fan 1960 hie Tanganjika doe 9.774.000 ynwenners. De befolkingstichtens bedroech 10,3 minsken de km². De offisjele talen fan Tanganjika wiene it Ingelsk en it Swahily.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.