From Wikipedia, the free encyclopedia
In geheime tsjinst is in oerheidsorganisaasje dy't op foar in diel klandestine of alteast geheime wize ûndersyk docht yn it foardiel fan 'e nasjonale feilichheid fan in lân. In wichtich ûnderdiel fan sok ûndersyk wurdt foarme troch spionaazje en kontraspionaazje. De spesifike taken fan in geheime tsjinst kinne lykwols fan lân ta lân sterk útinoar rinne. Sa kin in geheime tsjinst bgl. foar in diel it foech fan in plysje-organisaasje hawwe (fral op it mêd fan befeiliging en bewekking). Ek is it mooglik dat de taken fan in geheime tsjinst hielendal geheim binne of hielendal net, of foar in diel geheim en foar in oar diel net. Sommige geheime tsjinsten operearje iepentlik yn har eigen lân, mar temûk om utens, en oaren operearje iepentlik om utens mar temûk yn eigen lân.
Der besteane ferskate soarten geheime tsjinsten:
Hoewol't de agentes in rebus, dy't yn it lette Romeinske Ryk aktyf wiene, al as in soarte fan geheime tsjinst beskôge wurde kinne, wurdt as de grûnlizzer fan 'e (moderne) geheime tsjinst faak de Frânsman Joseph Fouché (1759-1820 sjoen. Dat wie yn elts gefal in pionier op it mêd fan it sammeljen fan ynljochtings mei as doel om dy te brûken foar steatsfeilichheid. Hy soe Napoleon Bonaparte, yn 'e tiid dat dy noch earste konsul fan 'e Earste Frânske Republyk wie, ferskate kearen it libben rêden hawwe troch moardgearspannings oan it ljocht te bringen, wêrfoar't er in ticht net fan ynformanten brûkte.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.