Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Steven de Jong (Skarsterbrêge, 26 juny 1962) is in súksesfolle Fryske regisseur en produsint fan (spyl)films. De Jong folge de "Media Akademy" in Hilfertsom en makke dêrnei namme mei ferfilmingen fan meast Fryske ûnderwerpen. As regisseur makke er sawol jeugdfilms as films foar folwoeksenen.
Steven de Jong | ||
regisseur en/of produsint | ||
Steven de Jong by de produksje fan Stuk! (2014) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 26 juny 1962 | |
berteplak | Skarsterbrêge | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | filmregisseur, filmprodusint, akteur | |
bekenste produksje(s) | De Hel van '63, Snuf de Hond in oorlogstijd, De schippers van de Kameleon, Grutte Pier | |
jierren aktyf | 1985-no | |
offisjele webside | ||
http://www.stevendejongfilms.nl/ |
De Jong is hikke en tein yn Skarsterbrêge. Nei de middelbe reskoalle begûn hy as 18-jierrige in platewinkel op de Jouwer. Dêr kaam letter in cd-winkel op It Hearrenfean by. Lettter folge De Jong de "Media Academie" yn Hilfertsom en makke dêrnei namme mei in soad ferfilmings fan meast Fryske ûnderwerpen. Hy makke yn 1981 syn debút as akteur yn Zeg 'ns Aaa. Hy wurke dêrnei mear as tsjien jier foar de produksjemaatskippijen fan Joop van den Ende en John de Mol, as ûnde mear regisseur en produsint, foar ferskate telefyzjeproduksjes wêrûnder Goede Tijden Slechte Tijden, De Erfenis en Paardenmagazine.[1]
Yn 1995 sette de Jong in eigen produksjemaatskippij op, Steven Dejong Producties. Hy produsearre, regisearre en skreau it senario foar tsientallen films en telefysyproduksjes, wêrûnder Spijkerhoek, De Hel van ’63, De Scheepsjongens van Bontekoe en Snuf de Hond.
Hy wie dêrnei aktyf as regisseur en as bestjoerder fan syn trije produksjemaatskippijen. Tegearre mei Dick van den Heuvel skriuwt hy faak de senario's. De Jong is ek foarsitter fan de Stichting Frysk Filmfûns.
Yn 2000 wûn De Jong de 'Televizierring' foar Westenwind foar syn wurk as regisseur en creative producer. Foar syn rezje- en aktearwurk foar De Fûke krige hy de Stimulânspriis, en ek 2 Gouden Keal-nominaasjes. Mei syn films wûn hy ferskate oare prizen, wêrûnder in platinafilm foar De schippers van de Kameleon, in gouden film foar De Scheepsjongens van Bontekoe, Kameleon 2 en De Hel van '63, en in tal lokale prizen as de Cinekid bêste film foar Penny's Shadow en de titel Best Art & Director op it Bagdad International Film Festival.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.