Grutte Pier (film)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Grutte Pier is in mearjierrich filmprojekt oer Grutte Pier fan filmprodusint Steven de Jong. De film wurdt yn 2022 ferwachte yn de bioskoop.
Grutte Pier | ||
film | ||
makkers | ||
regisseur | Steven de Jong | |
senario | Steven de Jong Dick van den Heuvel | |
spilers | ||
haadrollen | Milan van Weelden Elske DeWall | |
byrollen | Bram van der Vlugt Syb van der Ploeg Carla de Bruine Jan Arendz Cas Jansen Lourens van den Akker | |
skaaimerken | ||
premiêre | 2022 | |
foarm | langspylfilm yn trije dielen | |
sjenre | fiksje op histoaryske feiten | |
taal | Frysk (ek as Ingelske ferzje) |
Yn it ferhaal krige Grutte Pier de opdracht fan in geast út de ierde om him net ûnderhearrich meitsje te litten troch in folk fan fier. Pier Gerlofs fan Doania is sa sterk as in dyk, op syn minst 2 meter 10 lang en mei hier oant syn skouders en ynderlik bejeftige mei in mânsk gefoel foar rjochtfeardigens. Grutte Pier libbe yn in rûge, dizenige tiid doe ’t op elke opstân it near lein waard troch hiersoldaten fan alwer in nije polityk lieder. Se berôven de ûnderdrukte boargers foar in bonus op harren wedde. Sa waard ek de pleats fan Pier útkeazen om plondere te wurden en dêr ’t de brân yn moast. Dea en ferdjer wie it gefolch. Pier hie altiten syn ferskuorrende krêft en drift bedimje kind. De leafde foar syn frou Rintsje (Elske DeWall), syn bern, syn Fryslan makken dat hy de rêst yn syn kop bewarje koe nettsjinsteande hieltiten mear stimmen yn syn holle.. Mar at Hollanners ienkear dizze smoarge oanslach leveren op alles wat him dierber wie. It bloed waard him sûpe en wâle by Pier omheech, sels út de Fryske grûn. Dan ropt de geast him op om wraak te nimmen. Dan gripe eleminten fan it Fryske lân him beet en beslút hy om syn lân te befrijen fan alles dat mar tinkt de baas spylje te kinnen. Fûleindige wraak soe tenei it doel fan syn libben wêze. Hy foarme dan syn eigen leger, dat op de Sudersee Hollânske skippen plondere.
Grutte Pier is in epysk ferhaal dat ferteld wurdt troch de eagen fan in opgroeiend bern. Oer hoe ’t elke foarm fan sinneljocht en fleurigens ferdwine kin as it tsjuster fan de siel oansprutsen wurdt. It fertelt hoe ’t in djipwoartele langstme nei frijheid en ûnôfhinklikheid in mins ek herteleas en sûnder betingsten meitsje kin. De krêft fan de grûn, de krêft fan de geast, de krêft fan bloed gearbrocht yn in mytysk epos. Grutte Pier is in oade oan Fryslân dat foar frijheid focht en syn minskesiel oansprekke moast foar in better libben.
De trijedielige film ferhellet de lêste tsien jier fan it libben fan Grutte Pier.[1]
It is de bedoeling om seis of sân jier lang sa’n 25 minuten film op te nimmen. Sa kin Pier syn ûntwikkeling toand wurde ‘fan hurd wurkjende aardige boer ta terrorist’. Ek de oare personaazjes wurde yn dy tiid echt âlder. Dy metoade fan waard earder tapast troch regisseur Richard Linklater foar syn bekroande epos Boyhood.
Yn april 2019 waard in pleats yn Den Horn yn de brân stutsen foar de iepeningssêne. [2]
De sênes wurde ek allegear yn it Ingelsk draaid, om letter te brûken foar in Ingelske ferzje fan de film foar de ynternasjonale merk. Troch de koroanamaatregelen yn maart 2020 moasten de opnames stillein wurde. Yn dy tiid skreau Steven de Jong mei komponist Ronald Schilperoort de titelsong van Grutte Pier en makke De Jong waard in cover foar noch mear muzyk. [3]
It senario fan Grutte Pier film 1 is fan Dick van den Heuvel en Steven de Jong. Meindert Bijlsma hat de âlde Fryske taal hifke en histoarikus Josse Pietersma hat de histoaryske feiten mei foarm jûn. De earste film is losjes basearre op dy feiten. It is benammen fiksje neffens de makkers en de histoaryske feiten foarmje allinnich de ynspiraasjeboarne. [4] De Jong waard earder bekend as makker fan films as De Hel van '63, De Kameleon, De Fûke en Baas Boppe Baas.
Troch de corona epidemy waard de produksje produksje fertrage en krige it projekt finansjele klappen. Bram van der Vlugt, dy't de Gwijde fan Flaanderen yn de film speilet ferstoar hommels oan corona. De measte sênes wiene inkele moannen foar syn dea noch draaid yn Epemastate en Furdgum. It waard dêrmei syn lêste rol yn in ymposante karriêre.
Pier wie yn de oerlevering 'in beam fan in keardel, donker fan antlit en breedskoudere' en jage mei syn 'eangstoanjagende, donkere eagen, as koalen sa grut' makke er de fijân kjel. Grutte Pier wurdt spile troch Milan van Weelden, in man fan 2.10 meter lang mei skuonmaat 53, út Zoetermeer. [5] Van Weelden wie earder te sjen yn de musical Soof en spile earder yn it bûtelân yn de musical The Phantom of the Opera. De frou fan Grutte Pier wurdt spile troch sjongeres Elske DeWall.
Steven de Jong syn soantsje Rens spilet it buorjonkje fan Grutte Pier. Rens is troch Pier min ofte mear adoptearre en hâldt Pier ek in spiegel foar.
It plan om Aart Staartjes in rol te jaan is der net fan komd.[6]
Do bist myn lân is de titelsong by de film en wurdt songen as duet troch haadrolspilers Milan van Weelden en Elske DeWall. [7] De earste single fan it projekt Grutte Pier wie it liet Skriem om my, sjongt troch Carla de Bruine. It is in Fryske cover fan it Finske Nightwish.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.