Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Skarsterbrêge is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, tusken De Jouwer en Sint Nyk. It doarp hat 800 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skarsterbrêge | ||
Westkant fan Skarsterbrêge | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 800 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 6,87 km² (6,74 km² lân, 0,13 km² wetter) | |
Befolkingsticht. | 116 ynw. /km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A6 A7 | |
Postkoade | 8517 | |
Netnûmer | 0513 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 57' NB, 5° 47' EL | |
Offisjele webside | ||
https://www.skarsterbrege.nl/ | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje Skarsterbrêge (grien) yn 'e eardere gemeente Skarsterlân. |
As in lytse koloanje is Skarsterbrêge yn de 18e iuw ûntstien as útbuorren fan Ousterhaule en Ouster-Nijegea op de Skarren, op de krusing tusken in dyk en in feart, de Skarster Rien. Dat wetter rint fan de Tsjûkemar nei de Langwarder Wielen. Op 'e hichte fan de skarren (in gebiet dat boeren mienskiplik brûkten om fee te weidzjen) waard it doarp boud. Lange tiid waard Skarsterbrêge dan ek De Skarren neamd. Yn 1888 waard de Skarremole boud.Yn de 18de iuw waard, ter ferfanging fan in drûchfallen feart, de Skarster Rien groeven foar de turffeart. Yn de Skarren moast in (tol)brêge komme foar de krúsende dyk.
Yn 1911 waard it alfde fabryk fan it Súdhollânske suvelkonsern N.V. Hollandia yn Skarsterbrêge boud. Hoewol't dat byldbeskiedende fabryk tusken 1929 en 2002 fan Nestlé hiet, hjit de haadstrjitte fan it doarp noch altyd Hollandiastrjitte. Earste helte 20e iuw bestie Skarsterbrêge allinnich út dy strjitte mei dêroan in tsjerke en in pear pleatsen njonken it fabryk en syn rige arbeidershúskes fan griis en rôze kalksânstien, dy't it byld fan it doarp útmeitsje.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Skarsterbrêge diel út fan de eardere gemeente Doanjewerstâl, dêrnei fan de gemeente Skarsterlân, dy't yn 2014 opgie yn de fúzjegemeente De Fryske Marren.
Oan de Sint Nykster kant fan it doarp stiet noch in opfallend bouwurk. De protestanske tsjerke waard yn 1914 troch de foaroansteande Snitser arsjitekt Geert Stapenséa ûntwurpen yn in behearste Berlagiaanske styl en mei dekorative keramyske sier fan kuenstner Willem Brouwer út Leiderdorp.
Njonken de Skarrenmoune steane by it doarp ek noch twa wynmotors, in lytse en in wat gruttere. Byldbeskiedend yn de Hollandiastrjitte is in rige arbeiderswenten út begjin 20e iuw. East fan it fabryk leit hjoed de dei in nijbouwyk mei dêryn in fiiftal strjitten. De âldste twa strjitten besteane hast hielendal út rychjeshuzen, wylst de nijere strjitten (boud nei de 1990-er jierren) hast allinnich út frijsteande huzen bestean. Yn de nijste strjitte (Trijegea) wennet men teffens oan it wetter fan de Skarster Rien.
It Pleatslik Belang Skartsterbrêge komt op foar de belangen fan it doarp. Om 'e pear moanne komt de nijsbrief Brêgepraat út. Skarsterbrêge hat in eigen basisskoalle Iepenbiere Basisskoalle De Brêge, tankstasjon en slachter. Der is alle jierren in doarpsfeest.
1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2013 | 2024 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
699 | 729 | 756 | 723 | 689 | 710 | 830 | 785 |
Boarne: Alle Cijfers (2013 en 2024)
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.