From Wikipedia, the free encyclopedia
Mariah Carey (Huntington (New York), 27 maart 1969, is in Amerikaansk sjongster, lietsjeskriuwster, muzikante, aktrise, muzykprodusinte en filantrope fan mingd etnysk komôf, dy't bekend stiet om 'e hege noaten dy't se helje kin. Hja debutearre yn 1990 mei har nei harsels neamde earste album, dat yn 'e Feriene Steaten njoggen kear platina waard. Neitiid hat Carey noch mear as in tolvetal oare studio-albums útbrocht, wêrfan't de measten in tige súksesfol wiene. Guon fan har bekendste hits binne I'll Be There, Dreamlover, Hero, Without You en it noch altyd tige populêre krystnûmer All I Want for Christmas Is You. Hoewol't se úteinsette yn 'e R&B- en popsjenres, skode se ein jierren njoggentich stadichoan op nei hiphop. Oan it begjin fan 'e jierren 2000 waard se in hoart opnommen nei't se fysyk en emosjoneel ynstoart wie, wêr't troch de rabbersparse út en tenei oer berjochte waard. Neitiid rekke it mei har karriêre yn it neigean, oant se yn 2005 wer by de wâl opklaude en fannijs boppe-oan op 'e hitlisten stie. Underwilens hat Carey wrâldwiid mear as 200 miljoen platen ferkocht, wêrmei't se ien fan 'e bêst ferkeapjende muzykartysten aller tiden is. Har karriêre is bekroand mei fiif Grammy Awards en withoefolle oare prizen. Mariah krige yn 2015 in stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.
Mariah Carey | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Mariah Carey | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 27 maart 1969[1] | |
berteplak | Huntington (New York) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk Fenezolaansk Iersk | |
wurkpaad | ||
sjenre | R&B, pop, hiphop, soul | |
sjongtaal | Ingelsk, Spaansk | |
ynstrumint | piano | |
grutste hit(s) | I'll Be There Dreamlover Hero Without You All I Want for Christmas Is You | |
jierren aktyf | 1988 – no | |
prizen | 5x Grammy Award | |
offisjele webside | ||
mariahcarey.com |
Mariah Carey waard berne op 27 maart 1969, yn Huntington, op Long Island, yn 'e steat New York, in lyts foarstedsje fan 'e stêd New York. Har heit, Alfred Roy Carey, wie fan mingd Afro-Amerikaansk en Latino (Fenezolaansk) etnysk komôf, wylst har mem, Patricia Hickey, Iersk bloed hie. Carey wie de efternamme dy't Mariah har Fenezolaanske pake, Francisco Núñez, oannaam nei't er yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw nei de Feriene Steaten ta emigrearre wie.
Carey har mem wie in operasjongster en sjongleraresse dy't tsjin 'e wil fan har famylje mei Carey har heit, in loftfearttechnikus, útnaaide en troude. Neitiid woe de Hickey-famylje neat mear te krijen hawwe mei Carey har mem, harsels, har âldere suster Alison en har jongere broer Morgan, fanwegen de skande dat in blanke frou mei in swarte man troud wie. Sadwaande identifisearret Carey har sterk mei de Afro-Amerikaanske mienskip, hoewol't sysels sa'n ljochte hûdskleur hat, dat se wol foar blank trochgean kin.
Carey har âldelju wrakselen mei har plak yn 'e mienskip, en skieden úteinlik doe't Carey trije jier wie. Alison bleau by har heit, wylst Mariah en Morgan by har mem kamen. Meitiid groeiden Carey en har heit útinoar, en úteinlik soe hja de bannen mei him hielendal ferbrekke. Nei ferskate drege jierren ferfear it gesin nei in mear woltierige buert fan New York, dêr't Carey fierder opgroeide. Op 'e legere skoalle begûn hja al gedichten te skriuwen en dêr meldijkes by te betinken, en blonk hja út by muzykles. Har stim trainde se fan bern ôf oan mei help fan har mem. Dy brocht har yn 'e kunde mei har eigen grutte leafde, de klassike opera, mar doe't dat Carey net folle dearde, sette se har net ûnder druk om dy kant út te gean, eat dêr't Carey har letter tige tankber foar wie. Op 'e middelbere skoalle kaam Carey yn 'e kunde mei de lettere sjonger en muzikant Gavin Christopher en de lettere muzykprodusint Ben Margulies. Mei-inoar wurken se oan Carey har lieten en makken se in demo-tape wêrmei't Carey in foet tusken de doar besocht te krijen by de grutte platelabels, wat kear op kear mislearre.
Koart nei't Carey in lyts appartemintsje yn New York belutsen hie dat se dielde mei fjouwer oare studintes, rekke hja befreone mei de begjinnende popsjongster Brenda K. Starr. Yn desimber 1988 beselskippe se Starr nei in galajûn fan 'e muzykyndustry, dêr't se muzykprodusint Tommy Mottola, de baas fan platemaatskippij Columbia Records, har demotape yn 'e hannen treau. Dy besleat letter dy jûns, mear út ferfeling as om wat oars, om der ûnderweis nei hûs nei te lústerjen. Nei't er twa fan 'e fjouwer nûmers heard hie, kearde er de auto en gie werom nei it feest om Carey te sykjen, mar dy wie ûnderwilens al op hûs oan gien. Yn wat ornaris opdist wurdt as in moderne ferzje fan it bekende mearke Jiskepûster, sette Mottola útein mei in twa wiken duorjende siiktocht nei de ûnbekende sjongster, en doe't er har einlings en te'n lêsten fûn hie, liet er har daliks in kontrakt tekenje.
Carey har earste studio-album, Mariah Carey, kaam út yn 1990. Columbia joech mer as $1 miljoen út oan promoasje en reklame, en nei in trage start klom it album úteinlik nei de top fan 'e Amerikaanske Billboard 200-list. Carey waard dermei nominearre foar in Grammy Award (de wichtichste Amerikaanske muzykpriis) foar album fan it jier en wûn sels in Grammy foar bêste nije artyst, wylst de single Vision of Love in Grammy foar bêste popoptreden fan in sjongster wûn en noch foar trije oaren nominearre waard. Behalven Vision of Love berikten ek de singles Love Takes Time, Someday en I Don't Wanna Cry it earste plak op 'e hitlisten, en dêrmei wie Carey de earste artyst sûnt The Jackson 5 yn 'e jierren sechtich, dy't mei sawol de debútsingle as de trije dêropfolgjende singles it earste plak helle. It album Mariah Carey waard njoggen kear platina yn 'e Feriene Steaten, sân kear platina yn Kanada, fjouwer kear platina yn Nij-Seelân, trije kear platina yn Japan en ien kear platina yn Austraalje en Grut-Brittanje. Wrâldwiid waarden der mear as 15 miljoen eksimplaren fan ferkocht.
Carey har twadde studio-album, Emotions, kaam út yn 1991. Dêrfoar wurke se gear mei Walter Afanasieff, in muzykprodusint fan namme. Yn dyselde snuorje krigen Carey en har âlde freon Ben Margulies spul om 'e hichte fan 'e royaltys dêr't hy as mei-skriuwer fan har iere lieten rjocht op hie. De rjochter kaam deroan te pas en de freonskip einige mei rûzje. Emotions die it ûnderwilens tige goed, al koe it it súkses fan Carey har debútalbum net belykje. Der waarden wrâldwiid 8 miljoen eksimplaren fan ferkocht, en inkeld de titelsong helle it earste plak op 'e hitlisten.
In grut oandiel yn har súkses hie Carey har stimberik, dat fiif oktaven beslacht, en dêr't se (hege) noaten foarby de sânde oktaaf mei helje kin. Letter soe har dat in fermelding yn it Guinness Book of Records opsmite, mar om't se nea live optrede, giene der yn it begjin fan har karriêre geruchten dat Carey in "studiowjirm" wie, dy't inkeld mei help fan studiotechnyk sa sjonge koe. Carey sels hold út dat it om plankekoarts gie, mar om 'e geruchten foar iens en foar altyd te ûntsenuwen boekte Columbia Records in optreden op MTV Unplugged, in tillefyzjeprogramma op 'e muzykstjoerder MTV. Dêr song hja û.m. I'll Be There, dat oarspronklik yn 1970 populêr makke wie troch The Jackson 5. Hoewol't Carey en Afanasieff pas op it lêste momint besleaten om dat nûmer yn it optreden yn te passen, waard dat in grut súkses.
Ein augustus 1993 brocht Carey har trêde studio-album út, dat de titel Music Box krige. Nei't Emotions, dat in oade wie oan 'e Motown-muzyk dêr't Carey mei opgroeid wie, it net sa goed dien hie as har debútalbum, waard besletten om mei Music Box mear op 'e pop-toer te gean. Dat die fertuten, want it album waard in ûnbidich súkses, dat Carey yn Amearika har earste diamanten plaat opsmiet. Uteinlik giene der mear as 32 miljoen eksimplaren fan oer de toanbank, wêrmei't it ien fan 'e bêst ferkeapjende albums aller tiden wie. Boppedat besoarge Music Box Carey ek har definitive ynternasjonale trochbraak, mei grutte súksessen yn Japan, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, Grut-Brittanje, Frankryk, Dútslân, Nederlân, Sweden en ferskate oare Jeropeeske lannen. Fan 'e singles diene fral Hero en Without You it bûtenwentige goed. Nei it útbringen fan Music Box gie Carey foar it earst op in koart toernee, dat trouwens beheind bleau ta Noard-Amearika en wêrby't se mar seis konserten joech. Likegoed wie dat foar har in grutte stap.
Neitiid kaam men by Columbia Records mei it idee op 'e lapen om in krystalbum te meitsjen. Carey wie dêr wol foar te finen, en der waard besletten dat de cd in mjuks fan traysjonele hymnen en nije lieten befetsje soe. Mei Afanasieff, dy't ek in grut oandiel hân hie yn it skriuwern fan 'e lieten foar Music Box, sette Carey har oan it wurk. It album, dat de titel Merry Christmas krige, kaam yn novimber 1994 út. It rûn tige goed en waard mei 15 miljoen eksimplaren it bêstferkochte krystalbum aller tiden. De lead-single wie ien fan 'e nijskreaune lieten, All I Want for Christmas Is You. Dat ûntjoech him ta Carey har grutste ynternasjonale hit, al die it it iroanysk genôch yn 'e Feriene Steaten sels wat minder goed.
Mei har fyfde studio-album, Daydream, dat yn 1995 útkaam, begûn Carey de popmuzyk fan Music Box te fermingen mei R&B- en hiphop-ynfloeden. Fan dit album waarden wrâldwiid 25 miljoen eksimparen ferkocht, en it wie Carey har bêst ferkeapjende album yn 'e Feriene Steaten. De twadde single wie One Sweet Day, in liet dat ynspirearre wie troch de dea fan muzykprodusint David Cole en troch Carey har suster Alison, dy't mei AIDS oanhelle rekke wie. One Sweet Day bleau yn 'e Feriene Steaten sechtsjin wiken lang op it earste plak op 'e hitlisten stean en ferbriek dêrmei alle rekôrs. Nei it útbringen fan Daydream gie Carey wer op toernee, wêrby't se diskear û.m. Tokio oandie.
Mei har folgjende beide albums, Butterfly (1997) en Rainbow (1999), sette Carey har súkses fuort, wêrby't se yn tanimmende mjitte hiphop-eleminten yn har muzyk bemjukse. Teffens begûn se mear gear te wurkjen mei hiphopartysten as Jermaine Dupri, Mystikal en Snoop Dogg. Oan 'e oare kant song se yn 1998 it duët When You Believe, dat in grutte hit waard, mei Whitney Houston, foar de soundtrack fan 'e tekenfilm The Prince of Egypt. Yn 2000 briek Carey nei tsien jier mei Columbia en tekene se in kontrakt foar $100 miljoen mei Virgin Records.
Yn 2001 sette se ek foar it earst útein mei te akearjen, yn 'e film Glitter, dy't spesjaal foar har skreaun wie. Yn july fan dat jier begûn se lykwols ynkoherinte berjochten op har offisjele webside te setten, en op 26 july waard se ynienen opnommen mei útputtingsferskynsels en om't se lichaamlik en geastlik ynstoart wêze soe. De publikaasje fan sawol de film as de byhearrende soundtrack waarden fersteld, mar doe't se úteinlik dochs útbrocht waarden, flopten se raar. Neitiid kocht Carey har kontrakt mei Virgin Records ôf mei $50 miljoen, en fleach se nei Itaalje, dêr't se fiif moannen lang yn Capri ferbleau om op te knappen. Hoewol't se letter dat jier in kontrakt oangie mei Island Records en dêrnjonken in eigen label, MonarC Entertainment, oprjochte, die har folgjende album, Charmbracelet (2002), it lang sa goed net as syn foargongers. Yn 'e media waard de ein fan Carey har karriêre al foarsein.
Mar yn 2005 klaude Carey wer by de wâl op mei har njoggende studio-album, The Emancipation of Mimi. Dêrfoar wurke hja benammentlik gear mei hiphop-artyst Jermaine Dupri, mar ek wol mei oaren, wêrûnder R&B-stjer Kanye West. Dit album kaam yn ferskate lannen boppe-oan op 'e albumlisten binnen en waard waarm ûnthelle troch de resinsinten. De twadde single, We Belong Together, wûn û.m. twa Grammy Awards, twa Radio Music Awards en fiif Billboard Music Awards, en wie krúsjaal foar it wer op 'e rails krijen fan Carey har karriêre. Mei The Emancipation of Mimi, wêrfan't yn totaal wrâldwiid rom 12 miljoen eksimplaren ferkocht waarden, helle se nochris in Grammy binnen foar bêste contemporary R&B-album. Carey har tsiende album, E=MC² (2008), die it minder goed mei "mar" 2½ miljoen ferkochte eksimplaren, hoewol't se mei de lead-single Touch My Body har achttjinde nûmer 1-hit helle, wêrmei't se it rekôr fan 'e artyst mei de measte nûmer 1-hits yn 'e Feriene Steaten yn 'e hannen krige (dat earder fan Elvis Presley west hie, mei santjin earste plakken).
Nei't Carey yn 'e foargeande jierren al ferskate kearen as aktrise wurksum west hie, briek se yn 2009 op dat mêd troch mei har rol as maatskiplik wurkster yn 'e film Precious. Se foel dermei yn 'e prizen op sawol it Amerikaanske Sundance Film Festival as op it Filmfestival fan Toronto, en wûn de Breakthrough Actress Performance Award op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs. Datselde jiers (2009) kaam Carey har album Memoirs of an Imperfect Angel út, dat it lang sa goed net die as har eardere cd's, en dêr't net mear as 2 miljoen fan ferkocht waarden, ek al neamde muzykresinsint Stephen Thomas Erlewine, fan AllMusic, it "har ynteressantste album yn tsien jier." Neitiid brocht Carey noch in nij krystalbum út, Merry Christmas II You (2010), en inkele studio-albums, Me. I Am Mariah... The Elusive Chanteuse (2014) en Caution (2018), dy't it likemin al te goed diene. Dat wie oars mei har duët fan All I Want for Christmas Is You mei tineridoal Justin Bieber, út 2011, dat in grutte hit waard. Njonken har sjongen leit Carey har de lêste jierren ek almar mear ta op aktearwurk yn films en op 'e tillefyzje, ynklusyf wurk as stimaktrise.
Yn totaal hat Mariah Carey ûnder har karriêre wrâldwiid mear as 200 miljoen platen ferkocht, wat har ta ien fan 'e bêst ferkeapjend muzykartysten aller tiden makket. Yn 'e Feriene Steaten is se neffens de gegevens fan 'e Recording Industry Association of America (RIAA) de op twa nei bêst ferkeapjende artyst ea, mei 63½ miljoen ferkochte platen. Carey hat û.m. 5 Grammy Awards wûn, 19 World Music Awards, 11 American Music Awards en 31 Billboard Music Awards. Neffens it tydskrift Forbes wie se yn 2007 de op fjouwer nei rykste frou yn 'e showbusiness, mei in fermogen fan $270 miljoen. Yn 2011 waard har fermogen skat op $500 miljoen. Njonken har sjong- en aktearwurk is Carey ek aktyf as muzykprodusinte, en yn 2010 brocht se in kolleksje juwiellen, skuon en rûkersguod op 'e merk.
Wylst hja har album Music Box oan it opnimmen wie, begûn Carey om te gean mei har ûntdekker, platebaas Tommy Mottola. Hja trouden op 5 juny 1993. Mar fan 1995 ôf gie it berchôf mei harren relaasje, wat neffens de ferhalen foar in grut part oan Mottola syn besitterige hâlding te witen wie en fierder ek kaam troch saaklike ûnienichheden oer de kant dy't Carey mei har karriêre út woe. Uteinlik einige it houlik yn 1998 yn in skieding. Dêrnei hie se fan 1999 oant 2001 in relaasje mei Latino-sjonger Luis Miguel. Mei akteur en komyk Nick Cannon kaam Carey yn 'e kunde doe't se op in eilantsje foar de kust fan Antigua de fideoklip fan it nûmer Bye Bye opnamen. Op 30 april 2008 troude se mei Cannon op 'e Bahama's, wêrnei't se op 30 april 2011 in twilling te wrâld brocht, de jonkjes Monroe en Moroccan. Yn augustus 2014 befêstige Cannon dat Carey en hy in pear moanne earder útinoar gien wiene.
Op it mêd fan godstsjinst hat Carey oanjûn dat se kristlik is. Se is ek in filantrope, dy't troch de jierren hinne finansjele stipe jûn hat en aktyf belutsen west hat by in ferskaat oan goeddiedichheidsorganisaasjes. Sa hat se har û.m. ynset foar it yn oanrekking bringen fan 'e ûnderbedielde jongerein út 'e binnenstêd fan New York mei de skiene keunsten en mei karriêremooglikheden; foar it útkomme litten fan 'e winsken fan terminaal sike bern fia de Make-A-Wish Foundation; en foar de slachtoffers fan 'e oanslaggen fan 9/11, fan orkaan Katrina, fan kanker en fan 'e ierdbeving fan 2010 yn Haïty. Ek hat se ferskate kearen benefytkonserten holden. Yn 2008 waard hja beneamd ta hongerambassadrise fan it World Food Programme fan 'e Feriene Naasjes.
titel | útbrocht op | label | prizen en nominaasjes | resultaat |
---|---|---|---|---|
Mariah Carey | 12 juny 1990 | Columbia Records | Billboard Music Award: bêste album, froulike artyst Billboard Music Award: bêste album, popartyst Billboard Music Award: bêste album Soul Train Music Award: bêste R&B/soulalbum, froulike artyst nom. Grammy Award: album fan it jier |
(9× platina) (7× platina) (5× platina) (4× platina) (3× platina) (platina) (goud) |
Emotions | 13 septimber 1991 | Billboard Music Award: bêste album, froulike artyst nom. Soul Train Music Award: bêste R&B/soulalbum, froulike artyst |
(4× platina) (4× platina) (4× platina) (platina) (platina) (platina) (goud) (goud) | |
Music Box | 31 augustus 1993 | ARIA Music Award: populêrste album fan it jier ARIA Music Award: bêste prestaasje fan in album yn 'e hitlisten nom. Billboard Music Award: bêste album, froulike artyst nom. Billboard Music Award: bêste Billboard 200-album nom. Soul Train Music Award: bêste R&B/soulalbum, froulike artyst |
(2× diamant) (diamant) (diamant) (12× platina) (7× platina) (5× platina) (5× platina) (5× platina) (4× platina) (2× platina) | |
Merry Christmas | 28 oktober 1994 | (2× diamant) (6× platina) (5× platina) (2× platina) (2× platina) (platina) (platina) (goud) (goud) | ||
Daydream | 28 septimber 1995 | Japanske Gouden Skiifpriis ynternasjonaal popalbum fan it jier nom. Grammy Award: bêste songen popalbum nom. Grammy Award: album fan it jier nom. American Music Award: favorite pop/rockalbum nom. American Music Award: foar favorite soul/R&B-album nom. Soul Train Music Award: bêste R&B/soulalbum, froulike artyst |
(2× diamant) (11× platina) (7× platina) (5× platina) (5× platina) (2× platina) (2× platina) (platina) (goud) | |
Butterfly | 16 septimber 1997 | Japanske Gouden Skiifpriis ynternasjonaal popalbum fan it jier | (diamant) (5× platina) (2× platina) (2× platina) (platina) (platina) (2× goud) (goud) (goud) | |
Rainbow | 27 oktober 1999 | Japanske Gouden Skiifpriis ynternasjonaal popalbum fan it jier | (4× platina) (3× platina) (2× platina) (platina) (platina) (platina) (goud) (goud) (goud) (goud) | |
Charmbracelet | 20 novimber 2002 | Island Records | Japanske Gouden Skiifpriis ynternasjonaal popalbum fan it jier | (platina) (platina) (goud) (goud) (goud) (goud) |
The Emancipation of Mimi | 30 maart 2005 | Grammy Award: bêste contemporary R&B-album Billboard R&B/Hip-Hop Award: bêste R&B-hiphopalbum Soul Train Music Award: bêste R&B/soulalbum, froulike artyst nom. Grammy Award: album fan it jier nom. American Music Award: favorite pop/rockalbum (2005) nom. American Music Award: favorite soul/R&B-album (2005 & 2006) nom. Billboard Music Award: bêste Billboard 200-album nom. Billboard Music Award: bêste R&B/hiphopalbum |
(6× platina) (3× platina) (2× platina) (platina) (platina) (platina) (goud) | |
E=MC² | 14 april 2008 | nom. American Music Award: bêste soul/R&B-album | (platina) (platina) (goud) (goud) (goud) | |
Memoirs of an Imperfect Angel | 22 septimber 2009 | nom. Soul Train Music Award: aldertreflikst album | (goud) (sulver) | |
Merry Christmas II You | 2 novimber 2010 | (goud) | ||
Me. I Am Mariah... The Elusive Chanteuse | 6 maaie 2014 | Def Jam Recordings | ||
Caution | 16 novimber 2018 | Epic Records |
titel | útbrocht op | label | prizen en nominaasjes |
resultaat |
---|---|---|---|---|
Glitter | 18 augustus 2001 | Virgin Records | (platina) (platina) (goud) (goud) | |
All I Want for Christmas Is You | 22 novimber 2017 | Epic Records | ||
Mariah Carey's Magical Christmas Special | 4 desimber 2020 | Legacy Recordings Sony Music |
titel | útbrocht op | label | prizen en nominaasjes | resultaat |
---|---|---|---|---|
MTV Unplugged | 2 juny 1992 | Columbia Records | American Music Award: favorite adult contemporary-album nom. Grammy Award: bêste popoptreden, sjongster nom. American Music Award: favorite soul/R&B-album nom. Soul Train Music Award: bêste R&B/soulalbum, froulike artyst |
(4× platina) (2× platina) (2× platina) (platina) (2× goud) (goud) (goud) |
Valentines | 28 jannewaris 2000 | |||
The Live Debut – 1990 | 17 july 2020 |
titel | útbrocht op | label | prizen en nominaasjes | resultaat |
---|---|---|---|---|
#1's | 16 novimber 1998 | Columbia Records | Japanske Gouden Skiifpriis ynternasjonaal popalbum fan it jier | (2× diamant) (5× platina) (3× platina) (2× platina) (2× platina) (2× platina) (2× platina) (goud) |
Greatest Hits | 4 desimber 2001 | Columbia Records Virgin Records |
(3× platina) (2× platina) (2× platina) (platina) (platina) (goud) | |
The Ballads | 17 oktober 2008 | Columbia Records Legacy Recordings Virgin Records |
(goud) | |
Playlist: The Very Best of Mariah Carey | 26 jannewaris 2010 | Columbia Records Legacy Recordings |
||
The Essential Mariah Carey | 7 jannewaris 2011 | |||
#1 to Infinity | 15 maaie 2015 | Columbia Records Epic Records Legacy Recordings |
(sulver) | |
Japan Best | 17 oktober 2018 | Columbia Records Legacy Recordings |
||
The Rarities | 2 oktober 2020 |
titel | útbrocht op | label | prizen en nominaasjes | resultaat |
---|---|---|---|---|
25 juny 2003 | The Remixes | Columbia Records Island Records Virgin Records |
nom Billboard Music Award: bêste elektroanyske album |
abum | útbrocht yn |
---|---|
12s | 1998 |
Mariah Carey / Emotions / Music Box | 17 septimber 2001 |
MTV Unplugged / Daydream / Butterfly | |
Music Box / Rainbow | 27 septimber 2004 |
Daydream / Butterfly | 28 septimber 2007 |
Music Box / Butterfly | 26 septimber 2008 |
3CD Collector's Set | 15 septimber 2009 |
Daydream / Mariah Carey | 4 juny 2010 |
Emotions / Rainbow / Butterfly | 9 novimber 2010 |
Charmbracelet / The Emancipation of Mimi / E=MC² | 22 july 2011 |
Charmbracelet / The Emancipation of Mimi | 5 desimber 2012 |
E=MC² / Memoirs of an Imperfect Angel |
titel | útbr. yn | album | prizen en nominaasjes | resultaat |
---|---|---|---|---|
Vision of Love | 1990 | Mariah Carey | Grammy Award: bêste popoptreden, sjongster Billboard Music Award: bêste single, froulike artyst Soul Train Music Award: bêste R&B/soul-single, froulike artyst Soul Train Music Award: bêste R&B/soul-liet fan it jier BMI Pop Music Award: bêste lietsjeskriuwer nom. Grammy Award: plaat fan it jier nom. Grammy Award: liet fan it jier |
(platina) (goud) (goud) |
Love Takes Time | BMI Pop Music Award: bêste lietsjeskriuwer BMI Pop Music Award: liet fan it jier |
(goud) (goud) | ||
Someday | 1991 | BMI Pop Music Award: bêste lietsjeskriuwer nom. American Music Award: bêste dancesingle |
(goud) | |
I Don't Wanna Cry | BMI Pop Music Award: bêste lietsjeskriuwer | |||
There's Got to Be a Way | ||||
Emotions | Emotions | Billboard Music Award: bêste single, froulike artyst BMI Pop Music Award: bêste liet nom. Grammy Award: bêste popoptreden, sjongster |
(platina) (goud) (goud) | |
Can't Let Go | BMI Pop Music Award: bêste liet | |||
Make It Happen | 1992 | BMI Pop Music Award: bêste lietsjeskriuwer | (goud) | |
I'll Be There (mei gastoptr. Trey Lorenz) |
MTV Unplugged | nom. Grammy Award: bêste R&B-sjongoptreden, duo of groep nom. American Music Award: favorite pop/rock-single |
(platina) (goud) (goud) (sulver) | |
If It's Over | ||||
Dreamlover | 1993 | Music Box | Billboard Music Award: bêste Hot 100 Airplay-nûmer ASCAP Award: bêste poplietsjeskriuwer BMI Pop Music Award: bêste lietsjeskriuwer fan it jier BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer nom. Grammy Award: bêste popoptreden, sjongster nom. American Music Award: bêste soul/R&B-single nom. Billboard Music Award: bêste single, froulike artyst |
(6× platina) (platina) (goud) (sulver) |
Hero | ASCAP Award: Rhythm & Soul-lietsjeskriuwer (1994 & 1995) ASCAP Award: poplietsjeskriuwer (1995) BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer nom. Grammy Award: bêste popoptreden, sjongster nom. Billboard Music Award: bêste Hot 100-single nom. Billboard Music Award: bêste Hot 100 Airplay-nûmer |
(2× platina) (2× platina) (platina) (platina) (goud) (goud) | ||
Without You | 1994 | (2× platina) (platina) (platina) (platina) (platina) (platina) (goud) (goud) (goud) | ||
Never Forget You | (goud) | |||
Anytime You Need a Friend | ASCAP Award: bêste poplietsjeskriuwer BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer (1995 & 1996) |
(goud) (goud) (sulver) | ||
All I Want for Christmas Is You | Merry Christmas | (diamant) (diamant) (8× platina) (7× platina) (6× platina) (3× platina) (2× platina) (platina) (platina) (goud) | ||
Miss You Most (at Christmas Time) | ||||
Christmas (Baby, Please Come Home) | (platina) (goud) | |||
Santa Claus Is Comin' to Town | (goud) | |||
Hark! The Herald Angels Sing | (goud) | |||
Fantasy | 1995 | Daydream | International Dance Music Award danceplaat fan it jier BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer nom. Grammy Award: bêste popoptreden, sjongster nom. Billboard Music Award: bêst ferkeapjende Hot 100-single nom. Billboard Music Award: bêst ferkeapjende Hot Dance Maxi-single |
(5× platina) (3× platina) (platina) (platina) (goud) |
One Sweet Day (mei Boyz II Men) |
Billboard Music Award: spesj. priis foar 16 wiken op nû. 1 ASCAP Award: bêste Rhythm & Soul-lietsjeskriuwer BMI Pop Music Award: liet fan it jier BMI Pop Music Award: bêste lietsjeskriuwer nom. Grammy Award: plaat fan it jier nom. Grammy Award: bêste popgearwurking mei sang nom. Billboard Music Award: bêste 100 Hot-single nom. MTV Video Music Award: bêste R&B-fideoklip |
(3× platina) (3× platina) (platina) (platina) (goud) (goud) | ||
Joy to the World | Merry Christmas | |||
Open Arms | Daydream | |||
Always Be My Baby | 1996 | Billboard Music Award bêste 100 Hot Airplay-nûmer BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer (1997 & 1998) nom. Grammy Award: bêste R&B-optreden, sjongster nom. Billboard Music Award: bêste 100 Hot-single |
(5× platina) (2× platina) (goud) (goud) | |
Forever | BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer | |||
Underneath the Stars | ||||
O Holy Night | Merry Christmas | (goud) (goud) | ||
Honey | 1997 | Butterfly | ASCAP Award: bêste poplietsjeskriuwer BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer nom. MTV Video Music Award: bêste fideoklip, froulike artyst nom. ALMA Award: aldertreflikste fideoklip nom. Grammy Award: bêste R&B-optreden, sjongster nom. Grammy Award: bêste R&B-liet |
(2× platina) (platina) (goud) (sulver) |
Butterfly | BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer nom. Grammy Award: bêste popoptreden, sjongster |
|||
The Roof (Back in Time) | 1998 | |||
Breakdown (mei gastoptr. Krayzie Bone en Wish Bone) |
(goud) (goud) | |||
My All | BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer nom. MOBO Award: bêste ynternasjonale single nom. Billboard Music Award: bêst ferkeapjende Hot Dance Maxi-single |
(platina) (goud) (goud) (sulver) | ||
When You Believe (mei Whitney Houston) |
#1's | nom. Grammy Award: bêste popgearwurking mei sang nom. ALMA Award: aldertreflikste fideoklip nom. ALMA Award: aldertreflikste útfiering liet foar spylfilm |
(platina) (platina) (platina) (platina) (platina) (goud) (goud) (goud) (sulver) | |
I Still Believe | 1999 | (platina) | ||
Heartbreaker (mei gastoptr. Jay-Z) |
Rainbow | nom. Soul Train Music Award: bêste R&B/soul-single, froulike artyst | (platina) (platina) (platina) (goud) (goud) | |
Thank God I Found You (mei gastoptr. Joe en 98 Degrees) |
BMI Urban Music Award: bêste lietsjeskriuwer fan it jier nom. Grammy Award: bêste popgearwurking mei sang |
(goud) | ||
Crybaby (mei gastoptr. Snoop Dogg) |
2000 | |||
Can't Take That Away (Mariah's Theme) | ||||
Against All Odds (Take a Look at Me Now) (solo of mei Westlife) |
(goud) | |||
Loverboy (mei gastoptr. Cameo) |
2001 | Glitter | Billboard R&B/Hip-Hop Award: bêst ferkeapjende R&B/hiphop-single nom. Billboard Music Award: bêst ferkeapjende Hot 100-single |
(goud) (goud) |
Reflections (Care Enough) | ||||
Never Too Far | ||||
Don't Stop (Funkin' 4 Jamaica) (mei gastoptr. Mystikal) |
||||
Never Too Far/Hero Medley | Greatest Hits | |||
Through the Rain | 2002 | Charmbracelet | nom. Billboard Music Award: bêst ferkeapjende Hot Dance Maxi-single | (goud) (goud) |
Boy (I Need You) (mei gastoptr. Cam'ron) |
nom. MTV Video Music Award: Brazil bêste ynternasjonale fideoklip | |||
Bringin' On the Heartbreak | 2003 | |||
It's Like That | 2005 | The Emancipation of Mimi | nom. Grammy Award: bêste popoptreden, sjongster | (goud) (goud) (sulver) |
We Belong Together | Grammy Award: bêste R&B-optreden, sjongster Grammy Award: bêste R&B-liet World Music Award: meast draaide single Billboard Music Award: bêste 100 Hot-single Billboard Music Award: bêst ferkeapjende Hot 100 Airplay-nûmer Billboard Music Award: bêste rhymthmic-liet Billboard Music Award: Hot 100-liet fan it desennium Billboard Music Award: radioliet fan it desennium Radio Music Award: foar liet fan it jier (mainstreamhitradio) Radio Music Award: liet fan it jier (Urban & Rhythmic-radio) Soul Train Music Award: bêste R&B/soul-single, froulike artyst ASCAP Award: liet fan it jier ASCAP Award: liet fan it desennium BMI Pop Music Award: bêste hitlistliet BMI Pop Music Award: meast draaide nûmer BMI Urban Music Award: liet fan it jier Vibe Award: bêste R&B-liet Teen Choice Award: bêste leafdesliet nom. Grammy Award: plaat fan it jier nom. Grammy Award: liet fan it jier nom. MTV Video Music Award: bêste fideoklip, froulike artyst nom. MTV Video Music Award: bêste R&B-fideoklip nom. MTV Japan Video Music Award: bêste R&B-fideoklip nom. MTV Japan Video Music Award: bêste fideoklip, froulike artyst nom. Billboard Music Award: bêste Pop 100-liet nom. Billboard Music Award: bêste Pop 100 Airplay-nûmer nom. Billboard Music Award: bêste Hot R&B/Hip-Hop-liet nom. Billboard Music Award: bêste Hot R&B/Hip-Hop Airplay-nûmer nom. Billboard Music Award: foar bêste Adult R&B-liet nom. Billboard Music Award: bêste Hot Dance Club Play-single nom. Billboard R&B/Hip-Hop Award: bêste R&B/hiphop-liet nom. Billboard R&B/Hip-Hop Award: bêste R&B/Hip-Hop Airplay-nûmer |
(4× platina) (platina) (platina) (goud) | ||
Shake It Off | BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer BMI Pop Music Award: meast draaide nûmer nom. MTV Video Music Award: bêste R&B-fideoklip nom. MTV Australia Video Music Award: bêste R&B-fideoklip |
(4× platina) (goud) | ||
Get Your Number (mei gastoptr. JD) |
||||
Don't Forget About Us | BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer BMI Pop Music Award: meast draaide liet BET Award: publykspriis nom. Grammy Award: bêste popoptreden, sjongster nom. Grammy Award: bêste R&B-liet nom. Billboard Music Award: bêste Hot Dance Club Play-single |
(platina) (goud) | ||
Fly Like a Bird | 2006 | |||
Say Somethin' (mei gastoptr. Snoop Dogg) |
||||
Touch My Body | 2008 | E=MC² | BMI Pop Music Award: bêste poplietsjeskriuwer nom. MTV Video Music Award: bêste fideoklip, froulike artyst nom. MTV Video Music Award: Japan bêste karaokeliet nom. BET Award: bêste komyske fideoklip |
(2× platina) (goud) (goud) |
Bye Bye | nom. Teen Choice Award: foar bêste R&B-nûmer | (platina) | ||
I'll Be Lovin' U Long Time | ||||
Right to Dream | net op in album | |||
I Stay in Love | E=MC² | |||
Obsessed | 2009 | Memoirs of an Imperfect Angel | ASCAP Award: meast draaide liet nom. Billboard Music Award: bêst ferkeapjende 100 Hot-single |
(3× platina) (goud) (sulver) |
I Want To Know What Love Is | ||||
H.A.T.E.U. | ||||
Up Out My Face (mei gastoptr. Nicki Minaj) |
2010 | |||
Angels Cry (mei gastoptr. Ne-Yo) |
||||
Oh Santa! | Merry Christmas II You | |||
Auld Lang Syne (The New Year's Anthem) | ||||
When Christmas Comes (mei John Legend) |
2011 | |||
Triumphant (Get 'Em) (mei gastoptr. Rick Ross en Meek Hill) |
2012 | net op in album | ||
Almost Home | 2013 | nom. World Music Award: wrâlds bêste liet nom. World Music Award wrâlds bêste fideoklip |
||
#Beautiful (mei gastoptr. Miguel) |
Me. I Am Mariah… The Elusive Chanteuse | nom. World Music Award: foar wrâlds bêste liet nom. World Music Award: wrâlds bêste fideoklip |
(2× platina) (platina) (goud) (goud) (sulver) | |
The Art of Letting Go | nom. World Music Award: wrâlds bêste liet | |||
You're Mine (Eternal) | 2014 | nom. World Music Award: wrâlds bêste liet nom. World Music Award: wrâlds bêste fideoklip |
||
You Don't Know What to Do (mei gastoptr. Wale) |
||||
Infinty | 2015 | #1 to Infinity | ||
I Don't (mei gastoptr. YG) |
2017 | net op in album | ||
With You | 2018 | Caution | ||
A No No | 2019 | |||
In the Mix | net op in album | |||
Save the Day (mei gastoptr. Lauryn Hill) |
2020 | The Rarities | ||
Out Here on My Own | ||||
Oh Santa! (mei gastoptr. Ariana Grande en Jennifer Hudson) |
Mariah Carey's Magical Christmas Special | |||
Here We Go Around Again | The Rarities | |||
Fall in Love at Christmas (mei Khalid en Kirk Franklin) |
2021 | net op in album |
titel | útbr. yn | album | prizen en nominaasjes | resultaat |
---|---|---|---|---|
Endless Love (mei Luther Vandross) |
1994 | Songs | nom. Grammy Award: bêste popgearwurking mei sang | (platina) (platina) (platina) (sulver) |
Sweetheart (mei JD) |
1998 | Live in 1472 | ||
Things That U Do (mei Jay-Z) |
2000 | Vol. 3… Life and Times of S. Carter | ||
I Know What You Want (mei Busta Rhymes) |
2003 | It Ain't Safe No More | nom. MTV Video Music Award: bêste hiphopfideoklip | (platina) (platina) (goud) (sulver) |
U Make Me Wanna (mei Jadakiss) |
2004 | Kiss of Death | ||
So Lonely (mei Twista) |
2006 | The Day After | ||
Lil' L.O.V.E. (mei Bone Thugs-n-Harmony) |
2007 | Strength & Loyalty | ||
Just Stand Up! (mei oare artysten tsjin kanker) |
2008 | net op in album | ||
My Love (mei The-Dream) |
2009 | Love vs. Money | ||
Everybody Hurts (mei oare artysten foar Haïty) |
2010 | net op in album | ||
All I Want for Christmas Is You (Superfestive!) (mei Justin Bieber) |
2011 | Under the Mistletoe | (goud) | |
Where I Belong (mei Busta Rhymes) |
2021 | Extinction Level Event 2: The Wrath of God | ||
Somewhat Loved (mei Jam & Lewis) |
Jam & Lewis: Volume One | |||
Big Energy Remix (mei Latto) |
2022 | 777 | ||
Foar in folsleine list mei alle prizen en nominaasjes fan Mariah Carey, sjocht op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.