Radio Music Award
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Radio Music Awards wiene in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier útrikt wurde foar de bêste lieten op 'e Amerikaanske radiostjoerders. De nominaasjes waarden basearre op 'e hoemannichte spyltiid dy't de lieten op 'e stjoerders taparte krigen, wat wer te krijen hie mei de populariteit. De Radio Music Awards waarden foar it earst útrikt yn 1999, en de seremoanje wie live te sjen op 'e stjoerder The WB. Yn 2000 waard it oernommen troch ABC, en letter waard it trochskood nei NBC, dy't dizze prizen yn 'e merk besocht te setten as de Golden Globes fan 'e muzykyndustry. Winners wiene û.m. NSYNC, Shakira, de Backstreet Boys, Janet Jackson, Mariah Carey, Elton John, Destiny's Child, Tim McGraw, Kelly Clarkson, Lenny Kravitz, Nelly, Avril Lavigne en Christina Aguilera. De lêste útrikking fûn plak yn 2005, wêrnei't de Radio Music Awards in stille dea stoaren.
Radio Music Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | bêste lieten op Am. radio | |
frekwinsje | 1x jiers | |
1e útrikking | 1999 | |
opheft | 2005 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.