From Wikipedia, the free encyclopedia
Christina María Aguilera (Staten Island (New York City), 18 desimber 1980) is in Amerikaansk popartyste.
Se briek definityf troch mei har debútalbum Christina Aguilera (1999). Mi Reflejo (2000), in Spaansktalich popalbum, en My Kind of Christmas (2000) waarden ek goed ûntfongen.
Aguilera's twadde studioalbum Stripped (2002) wie minder súkselfol as har foarrige albums - nei alle gedachten om't hja har ûnskuldige tsienerymago ferruile hie foar in nij mear eksplisyt sexy imago.
Har tredde studioalbum Back to Basics (2006) hie ynfloeden fan soul-, jazz- en bluesmuzyk en waard wol posityf ûntfongen. Wilens hat hja in Grutste Hits album útbrocht mei de namme Keeps Gettin' Better: A Decade of Hits (2008) en der in fjirde studio album, wat yn de simmer fan 2009 ferskynde. Wrâldwiid hat Aquilera mear as 42 miljoen platen ferkocht.
Aguilera hat in grut tal prizen wûn, dêr't fiif Grammy Awards, fan achttjin nominaasjes by binne.
Studio albums
Kompilaasje
DVDs
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Christina Aguilera fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.