Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Kabûs bin Saïd al-Saïd (Arabysk: قابوس بن سعيد آل سعيد, sekuere transliteraasje: Qabūs bin Sa‘īd al-Sa‘īd; útspr.: [qa'bu:s bin sa'ʕi:d æl sa'ʕi:d], likernôch: "ka-bûûs byn sa-iid êl-sa-iid"; Salalah, 18 novimber 1940 – Maskat, 10 jannewaris 2020) wie sultan fan Omaan fan 1970 oant syn dea yn 2020. Hy wie de ienlingssoan fan sultan Saïd bin Taimoer fan Maskat en Oman, en genoat ûnderwiis yn Ingelân. Nei syn weromkear yn syn heitelân, yn 1966, oppenearre er him as foarstanner fan herfoarmings, wêrnei't er troch syn heit min ofte mear finzenset waard. Yn 1970 fierde Kabûs mei Britske stipe in steatsgreep út wêrby't sultan Saïd ûnder fuotten helle waard.
Kabûs bin Saïd al-Saïd | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
echte namme | قابوس بن سعيد آل سعيد, Qabūs bin Sa‘īd al-Sa‘īd | |
nasjonaliteit | Omaansk | |
bertedatum | 18 novimber 1940 | |
berteplak | Salalah (Omaan) | |
stjerdatum | 10 jannewaris 2020 | |
stjerplak | Maskat (Omaan) | |
dynasty | Hûs fan Saïd | |
etnisiteit | Omaansk-Arabysk | |
sultan fan Omaan | ||
regear | 1970 – 2020 | |
foargonger | Saïd bin Taimoer al-Saïd | |
opfolger | Haitam bin Taryk al-Saïd |
Doe't er neitiid sultan wurden wie, sette Kabûs útein mei in belied dat it isolearre en efterbleaune Omaan iepenstelde foar de wrâld en yn inkele desennia tiid folslein modernisearre. Dêrtroch begûn de wolfeart fan 'e gewoane boargers hurd omheech te gean. Under it regear fan Kabûs waard fierders de Dofaarske Opstân delslein, de slavernij ôfskaft en in grûnwet ynfierd. Kabûs manûvrearre syn lân yn in bûnsgenoatskip mei grutte buorman Saûdy-Araabje en de Westerske wrâld, wylst it him tagelyk slagge om it oanbuorjende Iraan te freon te hâlden. Op jierren hie de sultan te lijen ûnder oanboazjende minnichte, oant er begjin 2020 stoar oan termkanker. Op dat stuit wied er it langst regearjende steatshaad yn 'e Arabyske wrâld.
Kabûs bin Saïd waard yn 1940 berne yn Salalah, yn 'e Dofar-regio fan wat doe noch it Sultanaat fan Maskat en Omaan wie. Hy wie de ienlingssoan fan sultan Saïd bin Taimoer al-Saïd en dy syn frou, sjeika Mazûn al-Masjani. Hy waard grutbrocht yn it ibadisme (de trêde streaming binnen de islaam njonken it soennisme en it sjiïsme), dy't de steatsgodstsjinst fan Omaan is. Kabûs genoat leger en middelber ûnderwiis yn Salalah, mar waard dêrnei, doe't er sechstjin jier wie, om utens stjoerd. Hy learde fierder oan in priveeskoalle yn it Ingelske Bury St Edmunds.
Doe't er tweintich jier wie, begûn Kabûs in oplieding ta ofsier oan 'e Britske Keninklike Militêre Akademy Sandhurst. Dêr studearre er twa jier letter ôf, yn septimber 1962, wêrnei't er tsjinst naam yn it Britske Leger. Hy waard as subaltern ofsier tafoege oan it 1e Bataljon Cameronians (Scottish Rifles), in Skotsk lânmachtûnderdiel dat oarspronklik foarme wie út leden fan 'e Clan Cameron (dêrfandinne de namme). Mei harren lei Kabûs in jier yn Dútslân. Neitiid krige er in stêffunksje yn it Britske Leger. Nei't er ôfswaaid wie út it leger, studearre Kabûs bestjoerskunde yn Ingelân en sleat er syn oplieding ôf mei in wrâldreis ûnder begelieding fan 'e Britske ofsier Leslie Chauncy. Kabûs soe letter de earerang fan generaal yn it Britske Leger krije.
Yn 1966, doe't er 26 jier wie, kearde Kabûs werom nei syn heitelân, dêr't er him yn it keninklik paleis yn Salalah by syn heit joech. Sultan Saïd bin Taimoer wie op it persoanlike flak in hiel sjarmant man, mar as hearsker wied er aartskonservatyf en op eltse foarm fan feroaring tsjin. Troch syn krewearjen om Omaan safolle mooglik te isolearjen fan 'e moderne wrâld wie it lân, dat yn 'e njoggentjinde iuw noch de koloniale grutmachten fan Jeropa nei de kroan stutsen hie, ferwurden ta in Midsiuwsk anagronisme. Doe't Kabûs himsels oppenearre as foarstanner fan herfoarmings, waard er yn syn fertrekken yn syn heite paleis isolearre holden fan polityk en bestjoer. Hy mocht nearne hinne, en waard, njonken slaven en tsjinstfolk fansels, inkeld besocht troch in mei soarch útsocht groepke paleisfunksjonarissen besteande út 'e soannen fan syn heite riedshearen, mei dêropta in pear bûtenlânske freonen, lykas de lettere Kanadeeske brigadegeneraal Timothy Landon. Dy sitewaasje duorre fjouwer jier, wêryn't Kabûs him benammen talei op 'e stúdzje fan 'e islaam en de skiednis fan Omaan.
Op 23 july 1970 sette Kabûs syn heit ôf by in steatsgreep dy't stipe waard troch it Feriene Keninkryk. De Britten hiene doedestiden in protte ynfloed yn Omaan, om't Britske ofsieren effektyf it befel fierden oer it Omaanske Leger. Hoewol't it Feriene Keninkryk yn 1970 eltse belutsenens by it barren ûntstried, wie de kûp yn Londen pland troch de Britske geheime tsjinst MI6 en amtners fan 'e Britske ministearjes fan Definsje en Bûtenlânske Saken, mei goedkarring fan premier Harold Wilson. De steatsgreep kin karakterisearre wurde as in fierhinne bloedleaze paleiskûp. Sultan Saïd waard yn ballingskip stjoerd, en brocht de rest fan syn libben troch yn in Londensk hotel. De formele troansbestiging troch Kabûs fûn noch de deis fan 'e steatsgreep plak. Hy ferklearre dat it lân net mear it Sultanaat fan Maskat en Omaan wêze soe, mar it Sultanaat Omaan. Dêrmei waard in âlde twadieling, dy't inkeld noch yn namme bestie, opheft.
It earste probleem dat Kabûs oplosse moast, wie de Dofaarske Opstân (1962-1976), in kommunistyske rebûlje yn 'e regio Dofar, yn it uterste súdwesten fan Omaan, dy't ûnderstipe waard troch it oanbuorjende Súd-Jemen. Kabûs wist de opstân úteinlik del te slaan troch syn útwreide en better bewapene leger yn te setten yn kombinaasje mei Iraanske troepen stjoerd troch sjah Mohammed Reza Pachlevi en Jordaanske troepen stjoerd troch syn freon kening Hoessein. Dêropta waarden ek Britske kommando's fan 'e SAS ynset, en fierde de Britske Keninklike Loftmacht bombardeminten út.
Kabûs rjochtfeardige syn steatsgreep mei syn bedoeling om Omaan de moderne tiid binnen te loadsen troch in yngeand herfoarmingsprogramma, dat betelle wurde moast mei de groeide ynkomsten út 'e ierdoaljeferkeap, dy't syn heit inkeld oppotte hie. Polityk-maatskiplik sjoen urf Kabûs yn 1970 in folslein efter de tiid rekke lân. Der wie frijwol gjin sûnenssoarch, ûnderwiis of yndustry, en minder as 10 km oan ferhurde wegen. De befolking ûnderhold himsels folslein mei lânbou en fiskerij. Mei it jild út 'e oaljeynkomsten liet Kabûs hûnderten kilometers nije wegen oanlizze. Ek liet er skoallen en sikehuzen bouwe en in telekommunikaasjenetwurk meitsje sadat Omaan foar it earst tillefoan krige. Teffens waard in elektrisiteitsnetwurk oanlein. Projekten foar de oanlis fan in haven en in lofthaven dy't al ûnder it regear fan syn heit mei uterste tsjinnichheid úteinset wiene, liet Kabûs mei faasje foltôgje, en dêropta liet er in twadde haven oanlizze.
Om wat oan it wettertekoart te dwaan, joech de sultan opdracht foar de bou fan in ûntsâltingsfabryk, sadat seewetter drinkber makke wurde koe. Under syn regear waard ek de ûndernimmingssin fan 'e Omaanjers oanfitere. Der waarden banken, hotels, fersekeringsmaatskippijen en útjouwerijen oprjochte. Foar it betellingsferkear dêr't oant dy tiid de Yndiaaske rûpy en de Marije Teresa-daalder foar brûkt wiene, waard de Omaanske rial ynfierd. Yn it earste jier fan syn regear skafte Kabûs yn Omaan fierders de slavernij ôf, in beslút dat tsjintwurdich as ien fan syn wichtichste dieden beskôge wurdt. Ek fierde Kabûs yn syn lân foar it earst godstsjinstfrijheid yn. Syn jierdei, 18 novimber, waard de nasjonale feestdei fan Omaan, wylst de earste dei fan syn regear, 23 july, in oare feestdei waard mei de namme Dei fan Werberte.
Hoewol't Kabûs yn 1996 in grûnwet foar Omaan ôfkundige, bleau it lân in absolute monargy, en regearre er by dekreet. Der bestiet yn Omaan gjin skieding fan 'e machten; alle macht leit by de sultan, dy't tagelyk ek stêfsjef fan 'e striidkrêften, minister fan Definsje, minster fan Bûtenlânske Saken en presidint fan 'e sintrale bank is. De sultan hat it rjocht om rjochters te beneamen, kin feroardielden graasje skinke en fûnissen omsette. Syn gesach is ûnoantaastber en syn ûnderdienen wurde achte harren dêryn te skikken.
Under de Arabyske Maityd ûntstiene der yn juny 2011 ek yn Omaan protesten. De demonstranten easken in ferheging fan 'e leanen, in ferleging fan 'e prizen fan libbensnedichheden, de skepping fan mear banen en bestriding fan 'e korrupsje. Sultan Kabûs wachte it spul net ôf, mar reägearre frijwol daliks mei it ûntslach fan in trêdepart fan syn kabinet, gruttere macht foar de riedjaande folksgearkomste en ferskate oare temjittekommings. Dêrnei stoaren de protesten in stille dea.
Under it regear fan Kabûs bin Saïd krige Omaan nauwere bannen mei Iraan as de oare Arabyske steaten fan 'e Perzyske Golf. Dy sitewaasje duorre ek oan nei't de sjah yn 1979 by de Islamityske Revolúsje ôfset wie. Kabûs tocht der lykwols goed om en hâldt ek it Westen te freon. As gefolch dêrfan koed er as midsman fungearje tusken de Feriene Steaten en de Islamityske Republyk Iraan. Sa fasilitearre er yn 2011 de frijlitting fan inkele Amerikaanske kuierders dy't al sûnt 2009 yn Iraan fêstholden waarden. By dy gelegenheid betelle Kabûs $1 miljoen foar harren frijlitting. Ek holp er yn 2013 de ûnderhannelings útein dy't twa jier letter laten ta in ynternasjonale nukleêre oerienkomst mei Iraan (dêr't de Amerikaanske presidint Donald Trump syn lân yn 2018 út weromloek).
Under de Iraaksk-Iraanske Oarloch (1980-1988) socht Kabûs yn 1981 stipe by de oare Arabyske Golfsteaten troch de oprjochting fan 'e Gearwurkingsried fan 'e Golf (GCC), yn 'e mande mei Saûdy-Araabje, de Feriene Arabyske Emiraten, Katar, Bachrein en Koeweit. Under de Earste Golfoarloch, yn 1991, sleat Kabûs Omaan oan by de ynternasjonale koälysje dy't him oankante tsjin 'e besetting fan Koeweit troch it Iraakske rezjym fan Saddam Hoessein. As gefolch dêrfan waarden de bannen mei de oare Arabyske Golfsteaten fierder oanhelle.
Yn 'e 1990-er jierren wie de GCC benammen rjochte tsjin fierdere agresje fan Irak, mar nei't Saddam Hoessein yn 2003 yn 'e Twadde Golfoarloch ûnder fuotten helle wie, kante de GCC him almar mear oan tsjin 'e tanimmende Iraanske ynfloed yn it Midden-Easten. Kabûs gie dêr foar it meastepart net yn mei en hoewol't Omaan lid bleau fan 'e GCC, die it binnen dy organisaasje almar minder mei. Sa wegere Kabûs om him by de troch Saûdy-Araabje oanfierde koälysje te jaan dy't yn 2015 yn 'e Twadde Jemenityske Boargeroarloch ynterveniëarre tsjin 'e troch Iraan stipe Hûty-rebellen. Ek hold Kabûs syn lân neutraal doe't yn 2017 de Katareeske Diplomatike Krisis útbriek, wêrby't Saûdy-Araabje en syn bûnsgenoaten in alomfiemjende boycot ynstelden tsjin it lytse Katar, om't dat net om it sizzen fan Saûdy-Araabje jaan woe.
Yn oktober 2018 nûge Kabûs de Israelyske premier Benjamin Netanyahu út om Omaan te besykjen, ek al ûnderhâlde de beide lannen gjin diplomatike betrekkings. Netanyahu wie de earste premier fan Israel dy't Omaan oandie sûnt Shimon Peres yn 1996 in besyk oan it lân brocht hie.
Kabûs finansierde út eigen bûse de bou en it ûnderhâld fan in stikmannich Omaanske moskees, wêrfan't de bekendste de Grutte Sultan Kabûsmoskee yn Maskat is. Hy hat ek betelle foar de bou yn Omaan fan protestantske en roomske tsjerken en hindoeïstyske timpels, benammen foar lju út it Westen en gastarbeiders út Pakistan en Yndia. Troch in donaasje fan Kabûs oan 'e UNESCO koe yn 'e iere 1990-er jierren de Sultan Kabûs Priis foar Miljeubehâld ynsteld wurde, in ynternasjonale priis foar miljeubeskermers, dy't sûnt 1991 om it jier útrikt wurdt.
Kabûs troude op 22 maart 1976 mei syn folle nicht Kamila Sajida Nawwal bint Taryk al-Saïd (b. 1951), in dochter fan syn omke Sajid Taryk bin Taimoer al-Saïd en dy syn twadde frou Sajida Sjawana bint Nasir al-Saïd. Dat houlik bleau lykwols sûnder bern, en einige boppedat yn 1979 yn in skieding. Kabûs troude nea wer en lei yn geheime dokuminten fêst wa't syn erfgenamt wie. Syn eks-frou wertroude yn 2005.
Yn septimber 1995 wie Kabûs fuort bûten syn paleis yn Salalah belutsen by in auto-ûngemak dat it libben easke fan ien fan syn ynfloedrykste en meast foaroansteande ministers, Kaïs bin Abdûl Mûnim al-Zawawi.
Kabûs wie fierders in grut leafhawwer en promoater fan klassike muzyk. Hy rjochte in orkest fan 120 leden op dat heech oanskreaun stiet yn it Midden-Easten. Fierders joech er de bekende Argentynske filmkomponist Lalo Schifrin opdracht om in wurk te skriuwen mei as titel Symfoanyske Ympresjes fan Omaan. Kabûs wie ek de mesenas fan 'e Omaanske folksmuzikant Salim Rasjid Soeri, dy't by wize fan tank ferskate loflieten oan 'e sultan wijde.
Yn 2015 waard by Kabûs termkanker fêststeld, dêr't er jierrenlang foar behannele waard. Hy rekke lykwols almar mear yn 'e minnichte, en op 14 desimber 2019 waard bekendmakke dat de dokters him opjûn hiene. Neitiid kearde er út it Universitêr Sikehûs Leuven, yn Belgje, werom nei Omaan om te stjerren. Dat barde op 10 jannewaris 2020, doe't de sultan 79 jier âld wie. De folgjende dei waarden trije dagen fan nasjonale rou ôfkundige. De flagge fan Omaan soe foar in perioade fan fjirtich dagen yn it hiele lân healstôk hingje.
Oars as de oare steatshaden fan 'e Golfsteaten hie Kabûs, dy't bruorren noch bern hie, foarôfgeande oan syn dea gjin erfgenamt oanwiisd. Yn kêst 6 fan 'e grûnwet stiet dat, as de troan fakant rekket, de keninklike famylje fan Omaan gearkomme moat om binnen trije dagen in nije sultan oan te wizen. Mochten de leden fan it Hûs fan Saïd net út 'e rie komme kinne, dan wie der in geheim brief fan Kabûs wêryn't hysels in opfolger oanwiisde. Dat brief mocht inkeld iepene wurde yn 'e oanwêzigens fan 'e lieding fan leger, geheime tsjinst, hofhâlding en twa kwasy-parlemintêre advysrieën.
Om't eltsenien wist dat de kâns frijwol nihyl wie dat de keninklike famylje ta in ienriedich beslút komme kinne soe, seagen bûtenlânske analisten dy regels as in yngewikkeld plan fan sultan Kabûs om syn eigen kar fan opfolger dertrochhinne te drukken sûnder dat er de namme fan dy persoan al by syn libben bekend hoegde te meitsjen, sadat er net mei de dêr sûnder mis op folgjende kontroverse konfrontearre wurde soe. Op 11 jannewaris 2020 waard it brief fan Kabûs iepene. De nije sultan bliek Haitam bin Taryk al-Saïd te wêzen, in neef fan Kabûs en in broer fan syn eks-frou, dy't foar it ferstjerren fan Kabûs minister fan Erfskip en Nasjonale Kultuer wie.
8. Faisal bin Toerki al-Saïd | ||||||||||||||||
4. Taimoer bin Faisal al-Saïd | ||||||||||||||||
9. Alija bint Tûwaini al-Saïd | ||||||||||||||||
2. Saïd bin Taimoer al-Saïd | ||||||||||||||||
10. Ali bin Saliim | ||||||||||||||||
5. Fatima bint Ali al-Saïd | ||||||||||||||||
11. Alija bint Bargasj al-Saïd | ||||||||||||||||
1. Kabûs bin Saïd al-Saïd | ||||||||||||||||
12. Ali al-Masjani | ||||||||||||||||
6. Achmed bin Ali al-Masjani | ||||||||||||||||
3. Mazûn bint Achmed al-Masjani | ||||||||||||||||
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.