From Wikipedia, the free encyclopedia
Jonathan Banks (folút: Jonathan Ray Banks; Washington, D.C., 31 jannewaris 1947) is in Amerikaansk tillefyzje- en filmakteur. Syn earste rollen dy't it opmerken wurdich wiene, hied er yn 'e films Airplane!, 48 Hrs., en Beverly Hills Cop. Syn trochbraak kaam mei syn rol as de eardere plysjeman Mike Ehrmantraut, yn 'e tillefyzjesearje Breaking Bad. Banks wûn yn 2013 in Saturn Award en hat seis kear nominearre west foar in Emmy.
Jonathan Banks | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jonathan Ray Banks | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 31 jannewaris 1947 | |
berteplak | Washington, D.C. | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
jierren aktyf | 1974 – no | |
prizen | Saturn Award 2013 | |
offisjele webside | ||
Jonathan Banks op Facebook |
Banks waard yn 1947 berne yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., as de soan fan Elena Adams Banks (1917-2012). Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, studearre er oan 'e Universiteit fan Indiana, yn Bloomington yn 'e Amerikaanske steat Indiana, dêr't er yn deselde klasse siet as de lettere akteur Kevin Kline. Yn dy tiid spilen se tegearre yn in produksje fan The Threepenny Opera. Banks briek úteinlik syn stúdzje ôf om as toanielprodusint yn Austraalje op toernee te gean mei in toanielselskip dat de musical Hair opfierde.
Yn 1974 ferhuze Banks nei Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, dêr't er him ûnderhold as toanielakteur oant er lytse roltsjes op 'e tillefyzje begûn te krijen. Sa spile er yn in oerheidsfoarljochtingsspotsje út 1974 op it mêd fan seks, mei as titel Linda's Film on Menstruation. Yn 2015 waard dat nochris foar it fuotljocht helle troch de komyk John Oliver yn syn show Last Week Tonight with John Oliver, wêrby't Banks oan 'e ein fan it programma opkaam om 'e ynhâld fan it (ûnderwilens folslein efterhelle rekke) foarljochtingsfilmke bespotlik te meitsjen.
Yn 'e 1970-er jierren hie Banks fierders lytse roltsjes yn tillefyzjefilms en yn tillefyzjesearjes as Barnaby Jones, Lou Grant en The Waltons. Syn earste rol yn in film wie yn Coming Home, út 1978. Yn 'e 1980-er jierren spile er yn searjes as Little House on the Prairie, Whiz Kids, Cagney and Lacey en Falcon Crest. Tagelyk krige er syn earste opmerkenswurdige rollen yn films as Airplane! (1980), 48 Hrs. (1982), Gremlins (1984) en Beverly Hills Cop (1984). Fan 1987 ôf hie Banks ien fan 'e fêste rollen as Frank McPike yn 'e rige Wiseguy, wêrfoar't er nominearre waard foar in Emmy Award yn 'e kategory bêste manlike byrol yn in dramasearje. Dêrmei wie syn namme as akteur fêstige, alteast yn 'e fermiddens fan 'e tillefyzje- en filmyndustry fan Hollywood.
Yn 'e 1990-er jierren hie Banks benammen gastrollen yn searjes as Star Trek: Deep Space Nine, Highlander: The Series, Matlock, Walker, Texas Ranger en Due South, hoewol't er yn 1997 en 1998 in fêste rol as Guy Mann hie yn 'e komeedzjesearje Fired Up. Op it wite doek hie Banks yn dyselde perioade byrollen yn films as Boiling Point, Under Siege 2: Dark Territory en Flipper. Nei de iuwwiksel hied er gastrollen yn plysjesearjes as CSI: Crime Scene Investigation, Cold Case, Without a Trace, CSI: Miami en Body of Proof, de sikehûsrige ER, de fantasytillefyzjesearje Ghost Whisperer en komeedzjesearjes as Modern Family, Two and a Half Men en Parks and Recreation. In weromkearende rol (as Buzz Hickey) hied er yn 2014 yn alve ôfleverings fan 'e komeedzjesearje Community.
Banks briek ynternasjonaal troch mei syn weromkearende rol as de âld-plysjeman Mike Ehrmantraut, dy't er foar it earst yn 2009 spile, yn it twadde seizoen fan 'e misdiesearje Breaking Bad. Hy fertolke dy rol yn 25 ôfleverings fan dy rige, en sleepte dêrmei yn 2013 syn twadde nominaasje yn 'e wacht foar in Emmy foar bêste manlike byrol yn in dramasearje. Teffens wûn er der datselde jiers in Saturn Award mei yn 'e kategory bêste manlike byrol yn in tillefyzjesearje. Fan 2015 ôf kroep Banks fannijs yn 'e hûd fan Ehrmantraut foar in weromkearende rol yn 'e rige Better Call Saul, in spin-offsearje fan Breaking Bad. Yn 2015, 2016, 2017 en 2019 waard er elts jier foar dy rol nominearre foar in Emmy foar bêste manlike byrol. Hy wûn mei de rest fan 'e cast fan Breaking Bad yn 2014 ek in Screen Actors Guild Award foar bêste ensemble yn in dramasearje.
Yn 2014 spile Banks de rol fan plysjeresjersjeur Hatcher yn 'e misdiekomeedzje Horrible Bosses 2. Oare films dêr't er yn 'e 2010-er jierren yn spile, wiene û.m. Identity Thief (2013), Mudbound (2017) en The Commuter (2018). Ek wied er as stimakteur belutsen by de tekenfilm Incredibles 2 (2018). Fierders wurke er yn 2018 mei oan 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, fan 'e Nederlânske regisseur Roel Reiné, oer Redbad, kening fan 'e Friezen, dy't yn 'e achtste iuw libbe. Banks spile yn dy film de histoaryske persoan fan 'e Frankyske hofmeier Pepyn fan Herstal, ien fan 'e wichtichste antagonisten.
Banks troude yn 1968 mei syn earste frou Marnie Fausch, mei wa't er ien dochter krige. Nei't harren houlik yn 1970 al nei twa jier op in skieding útrûn wie, bleau er tweintich jier frijfeint. Yn 1990 wertroude er mei syn twadde frou Gennera, mei wa't er in twilling (twa jonges) krige. Banks hat ek in styfdochter út in eardere relaasje fan syn twadde frou.
Yn april 2016 waard oan Banks troch syn eardere universiteit, de Universiteit fan Indiana, in earedoktoraat takend. Syn hûs yn Kalifornje baarnde yn 2018 ôf by de Woolseybrân, in grutte natoerbrân.
Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1976 | Barnaby Jones | Vince Gentry | gastrol; ôfl. Dead Heat |
1976 | The Macahans | Woodward | tillefyzjefilm |
1977 | Family | assistint | gastrol; ôfl. Taking Chances: Part I |
1977 | Barnaby Jones | autoferkeaper | gastrol; ôfl. Duet for Dying |
1977 | Carter Country | Bob Phillips | gastrol; ôfl. The Fireside Burnside Budget Chat |
1977 | Alexander: The Other Side of Dawn | Michael | tillefyzjefilm |
1979 | Lou Grant | Clay Starkes | gastrol; ôfl. Kidnap |
1979 | The Waltons | Jeb Sanders | gastrol; ôfl. The Wager |
1979 | Lou Grant | Cyrus | gastrol; ôfl. Sweep |
1979 | She's Dressed to Kill | Rudy Striker | tillefyzjefilm |
1980 | Desperate Voyage | Louis | tillefyzjefilm |
1980 | Little House on the Prairie | Jed | gastrol; ôfl. Darkness Is My Friend |
1981 | Lou Grant | ynkringer | gastrol; ôfl. Rape |
1981 | Sanford | Al | gastrol; ôfl. Cal the Coward |
1981 | The Gangster Chronicles | Dutch Schultz | weromkearende rol; 13 ôfl. |
1981 | Best of the West | Hombre | gastrol; 2 ôfl. |
1982 | Report to Murphy | Vinny | gastrol; ôfl. Papillon |
1982 | T.J. Hooker | Danny Scott | gastrol; ôfl. The Witness |
1983 | Hill Street Blues | Reggie | gastrol; 2 ôfl. |
1983 | Whiz Kids | ? | gastrol; ôfl. Programmed For Murder |
1983 | T.J. Hooker | Freddy Baker | gastrol; ôfl. The Hostages |
1983 | The Invisible Woman | Darren | tillefyzjefilm |
1983 | Murder Me, Murder You | Janos Saracen | tillefyzjefilm |
1984 | Jessie | Ernie Ross | gastrol; ôfl. Pilot |
1984 | Cagney & Lacey | Keith Edsin | gastrol; ôfl. Old Debts |
1984 | Nadia | Gheorge Comaneci | tillefyzjefilm |
1985 | Otherworld | luitenant-kolonel Nuveen Kroll | weromkearende rol; 8 ôfl. |
1985 | Hunter | resjersjeur Gary Krewson | gastrol; ôfl. The Big Fall |
1986 | The Fifth Missile | Ray Olson | tillefyzjefilm |
1986 | Assassin | Earl Dickman | tillefyzjefilm |
1986 | Who Is Julia | Jack Bodine | tillefyzjefilm |
1987 | Falcon Crest | Kolinksi | weromkearende rol; 8 ôfl. |
1987 | Designing Women | Eldon Ashcroft IV | gastrol; ôfl. 101 Ways to Decorate a Gas Station |
1987–1990 | Wiseguy | Frank McPike | fêste rol; 74 ôfl. nom. Emmy Award foar bêste byrol fan in akteur yn in dramasearje |
1991 | Don't Touch My Daughter | Ryter | tillefyzjefilm |
1993 | Star Trek: Deep Space Nine | Shel-la | gastrol; ôfl. Battle Lines |
1993 | Blind Side | Aaron | tillefyzjefilm |
1994 | Highlander: The Series | Mako | gastrol; ôfl. Under Colour of Authority |
1994 | Matlock | Jack Starling | gastrol; ôfl. The P.I. |
1994 | Walker, Texas Ranger | Shelby Valentine | gastrol; ôfl. Deadly Reunion |
1994 | Tales from the Crypt | William | gastrol; ôfl. The Assassin |
1995 | Due South | Garret | gastrol; ôfl. Heaven and Earth |
1995 | Women of the House | Jim Sugarbaker | gastrol; 2 ôfl. |
1994–1995 | SeaQuest 2032 | Maximillian Scully | gastrol; 2 ôfl. |
1996 | Diagnosis: Murder | Max Jupe | gastrol; ôfl. Murder by Friendly Fire |
1997 | Melanie Darrow | Arthur Abbott | tillefyzjefilm |
1997 | A Thousand Men and a Baby | preester Edward O'Reilly | tillefyzjefilm |
1997–1998 | Fired Up | Guy Mann | fêste rol; 28 ôfl. |
1998 | Dollar for the Dead | kolonel Skinner | tillefyzjefilm |
2000 | Diagnosis: Murder | Bruce Locatelli | gastrol; ôfl. Murder by Remote |
2000–2001 | The Trouble with Normal | dokter Lowell | gastrol; 2 ôfl. |
2001 | The District | Monya Pastov | gastrol; ôfl. Fools Russian: Part I |
2003 | Alias | Frederick Brandon | gastrol; 2 ôfl. |
2003 | Strong Medicine | Frank Hardwyck | gastrol; ôfl. Skin |
2004 | Joan of Arcadia | sheriff Mike Rakowski | gastrol; ôfl. Jump |
2004–2006 | CSI: Crime Scene Investigation | Bobby Jensen | weromkearende rol; 2 ôfl. |
2005 | E-Ring | admiraal Cooper | weromkearende rol; 4 ôfl. |
2006 | Ghost Whisperer | Lyle Chase | gastrol; ôfl. Friendly Neighborhood Ghost |
2006 | Without a Trace | Sal Marcello | gastrol; ôfl. Check Your Head |
2006–2007 | Day Break | Shadow Man | weromkearende rol; 7 ôfl. |
2007 | Dexter | adjunkt-direkteur fan 'e FBI Max Adams | gastrol; 2 ôfl. |
2008 | ER | Robert Truman | gastrol; ôfl. Atonement |
2008 | Shark | Jason Normandy | gastrol; 2 ôfl. |
2008 | Life | Nathan Gray | gastrol; ôfl. Crushed |
2008 | Eli Stone | spesjaal agint Johnathan Maine | gastrol; ôfl. Owner of a Lonely Heart |
2009 | Lie to Me | âld-FBI-agint Bitcher | gastrol; ôfl. Sacrifice |
2009 | Cold Case | John Clark | gastrol; ôfl. Jackals |
2009 | Castle | Bruce Kirby | gastrol; ôfl. Hell Hath No Fury |
2009–2012 | Breaking Bad | Mike Ehrmantraut | fêste rol; 25 ôfl. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in dramasearje (2014) nom. Emmy Award foar bêste byrol fan in akteur yn in dramasearje (2013) 2 × nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in dramasearje (2012, 2013) nom. Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur op 'e tillefyzje (2013) |
2011 | Modern Family | Donnie Pritchett | gastrol; ôfl. The Musical Man |
2011 | Two and a Half Men | pantsjesbaas | gastrol; ôfl. A Fishbowl Full of Glass Eyes |
2011 | CSI: Miami | Oscar Duarte | gastrol; ôfl. Long Gone |
2012 | Ringer | Remy Osterman | gastrol; 2 ôfl. |
2012 | Parks and Recreation | Steve Wyatt | gastrol; ôfl. Ben's Parents |
2012 | Vegas | Angelo LaFlatta | gastrol; 2 ôfl. |
2013 | Bloodline | Leo Killpriest | pilotôflevering |
2013 | Body of Proof | Glenn Fitz | gastrol; ôfl. Daddy Issue |
2013–2015 | Axe Cop | ferskaat | as stimakteur; weromkearende rol; 3 ôfl. |
2014 | Community | Buzz Hickey | weromkearende rol; 11 ôfl. |
2014 | Mike Tyson Mysteries | de Tsjoender | as stimakteur; gastrol; ôfl. Is Magic Real? |
2015 | The Lizzie Borden Chronicles | dhr. Flowers | weromkearende rol; 3 ôfl. |
2015 | Major Lazer | De Wet | as stimakteur; gastrol; ôfl. Escape from Rave Island |
2015 | Gravity Falls | Filbrick Pines | as stimakteur; gastrol; ôfl. A Tale of Two Stans |
2015 | Robot Chicken | Composite Superman | as stimakteur; gastrol; ôfl. Magical Friendship |
2015 | The Expanse | earste ofsier | gastrol; ôfl. Dulcinea |
2015 | MythBusters | Mike Ehrmantraut | gastrol; ôfl. Supernatural Shooters |
2015–no | Better Call Saul | Mike Ehrmantraut | fêste rol; 48 ôfl. 4 × nom. Emmy Award foar bêste byrol fan in akteur yn in dramasearje (2015–2017, 2019) 2 × nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in dramasearje (2019, 2021) 2 × nom. Satellite Award foar bêste byrol fan in akteur yn in tillefyzjesearje, minysearje of tillefyzjefilm (2016, 2017) nom. Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur op 'e tillefyzje (2019) |
2016–2018 | Skylanders Academy | Eruptor | as stimakteur; fêste rol; 38 ôfl. |
2017 | Dr. Ken | dokter Erwin | gastrol; ôfl. Ken's Professor |
2017–2020 | Tangled: The Series | Quirin | as stimakteur; weromkearende rol; 8 ôfl. |
2020 | F Is for Family | William Murphy | as stimakteur; weromkearende rol; 9 ôfl. |
2020 | The Casagrandes | Coach Crawford | as stimakteur; gastrol; ôfl. Team Effort |
2020 | The Comey Rule | James Clapper | gastrol; 2 ôfl. |
2021–no | A Tale Dark & Grimm | Johannes | as stimakteur; weromkearende rol |
films | |||
1977 | The Night They Took Miss Beautiful | Buck | |
1978 | Coming Home | marinier op feest | |
1978 | The Cheap Detective | taksysjauffeur | |
1978 | Who'll Stop the Rain | marinier | |
1979 | The Rose | tillefyzjeferslachjouwer | |
1980 | Airplane! | Gunderson | |
1980 | Stir Crazy | Jack Graham | |
1981 | Gangster Wars | Dutch Schultz | |
1982 | Frances | lifter | |
1982 | 48 Hrs. | resjersjeur Algren | |
1984 | Gremlins | helpsheriff Brent | |
1984 | The Adventures of Buckaroo Banzai Across the 8th Dimension | Lizardo-sikehûswachter | |
1984 | Beverly Hills Cop | Zack | |
1986 | Armed and Dangerous | Clyde Klepper | |
1987 | Cold Steel | de "Iceman" | |
1988 | Pin | Pin | as stimakteur |
1990 | Honeymoon Academy | Pitt | |
1992 | Freejack | Michelette | |
1992 | There Goes the Neighborhood | Handsome Harry | |
1993 | Boiling Point | Max Waxman | |
1995 | Under Siege 2: Dark Territory | Scotty | |
1996 | Flipper | Dirk Moran | |
1996 | Dark Breed | kaptein-luitenant-op-see Joe Shay | |
1999 | Let the Devil Wear Black | Satch | |
1999 | Foolish | Numbers | |
1999 | Trash | rjochter Callum | |
2001 | Crocodile Dundee in Los Angeles | Miloš Drubnik | |
2001 | Proximity | Price | |
2002 | Dark Blue | ûnderkommissaris Jimmy Barcomb | |
2002 | R.S.V.P. | Walter Franklin | |
2006 | Puff, Puff, Pass | Lance | |
2007 | Reign over Me | Stelter | |
2008 | Proud American | Moretti | |
2012 | Watercolor Postcards | Ledball | |
2013 | Identity Thief | Paolo | |
2013 | Roar | Bernie Warren | koarte film |
2014 | Bullet | Carlito Kane | |
2014 | Authors Anonymous | David Kelleher | |
2014 | Horrible Bosses 2 | resjersjeur Hatcher | |
2016 | Term Life | Harper | |
2016 | Alibi | Billy | koarte film |
2017 | Mudbound | "Pappy" McAllan | nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in spylfilm |
2018 | The Commuter | Walt | |
2018 | Incredibles 2 | Rick Dicker | as stimakteur |
2018 | Redbad | hofmeier Pepyn fan Herstal | |
2019 | El Camino: A Breaking Bad Movie | Mike Ehrmantraut | |
2022 | Catwoman: Hunted | Black Mask | as stimakteur |
fideospultsjes | |||
2015 | Batman: Arkham Knight | James Gordon | as stimakteur; te finen ûnder "Voiceover & Mocap Talent" |
2018 | Lego: The Incredibles | Rick Dicker | as stimakteur; te finen ûnder "Featuring the Voice Talents of:" |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.