Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Screen Actors Guild Awards (letterlik: de "Filmakteursgildeprizen"), of ek wol de SAG Awards, binne in groep Amerikaanske prizen dy't op jierlikse basis útrikt wurde foar treflike aktearprestaasjes op it mêd fan film en tillefyzje. Sûnt de ynstelling, yn 1995, hat de útrikking fan dizze prizen, dy't ein jannewaris yn Los Angeles holden wurdt, him ûntwikkele ta ien fan 'e jierlikse hichtepunten fan 'e filmyndustry fan Hollywood.
Screen Actors Guild Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | treflike aktearprestaasjes yn films en op 'e tillefyzje | |
útrikt troch | SAG-AFTRA | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | ein jannewaris | |
plak | Los Angeles (Kalifornje) | |
ynsteld | 1995 | |
1e útrikking | 1995 | |
offisjele webside | ||
www.sagawards.org |
Nominaasjes komme fan twa kommisjes, ien foar films en ien foar tillefyzje, elts besteande út 2.100 leden, dy't elts jier op 'e nij op willekeurige basis keazen wurde út it 165.000 man grutte lidmaatskip fan 'e Screen Actors Guild-American Federation of Television and Radio Artists (SAG-AFTRA). Neitiid wurde út dy foarseleksje de winners útornearre troch in stimming ûnder alle leden. Sûnt 1998 wurdt de útrikking fan 'e Screen Actors Guild Awards rjochtstreeks útstjoerd op it Amerikaanske tillefyzjekanaal TNT, en sûnt 2007 ek op 'e stjoerder TBS.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.