steat fan de Feriene Steaten fan Amearika From Wikipedia, the free encyclopedia
Iowa (Ingelsk: Iowa; útspr.: ['a:jowə], likernôch "aajowe"), offisjeel de Steat Iowa (Ingelsk: State of Iowa), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Iowa, byneamd de Hawkeye State, leit likernôch yn 'e midden fan it lân, ynklamme tusken de beide grutte rivieren de Mississippy en de Missoery, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Midwesten. De haadstêd en teffens grutste stêd is Des Moines. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe goed 3,1 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 30e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Iowa mei 145.743 km² de 26e steat. Iowa stiet benammen bekend as in agrarysk gebiet. Ien fan 'e grutste toeristyske trekpleisters wurdt foarme troch de oerdutsen brêgen fan Madison County.
Steat Iowa State of Iowa | |
---|---|
flagge | wapen |
Our Liberties We Prize and Our Rights We Will Maintain (Ingelsk, "Us Frijheden Wurdearje Wy en Us Rjochten Sille Wy Hanthavenje") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
algemien | |
ôfkoarting | IA |
lân | Feriene Steaten |
status (jier) | steat (1846) |
haadstêd | Des Moines |
grutste stêd | Des Moines |
offisjele taal | Ingelsk |
sifers | |
ynwennertal | 3.107.000 (2014) |
befolkingstichtens | 21,2 / km² |
oerflak | 145.743 km² (0,7% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Hawkeye State |
tiidsône | UTC –6 |
simmertiid | UTC –5 |
webside | www.iowa.gov |
De namme fan Iowa is ôflaat fan 'e Iowa (of Ioway), in Yndiaansk folk dat foar de kolonisaasje fan 'e steat yn dizze krite wenne. Hjoed oan 'e dei libje de Iowa benammen yn 'e buorsteaten Kansas en Nebraska en fierder nei it súdwesten, yn Oklahoma.
Iowa hat in oerflak fan 145.743 km², wêrfan't 0,7% út wetter bestiet. It leit yn 'e Sintrale Tiidsône (UTC –6, simmertiid –5). De steat wurdt folslein omjûn troch oare Amerikaanske steaten, en grinzget yn it súdeasten en easten oan Illinois, yn it noardeasten oan Wiskonsin, yn it noarden oan Minnesota, yn it noardwesten oan Súd-Dakota, yn it westen en súdwesten oan Nebraska, en yn it suden oan Missoery. Yn it súdwesten dielt Iowa krèkt net in grins mei Kansas.
Iowa is de iennichste Amerikaanske steat wêrfan't de east- en westgrinzen folslein foarme wurde troch twa rivieren; yn it easten is dat de Mississippy, en yn it westen binne it de Missoery en de Grutte Sioux. De noardgrins is in rjochte line op 43º30′ noarderbreedte. De súdgrins waard yn 1849 troch it Amerikaansk Heechgerjochtshôf fêststeld nei't der in wapene konflikt (bekend as de Hunichoarloch) mei de steat Missoery drige út te brekken, en is foar it meastepart krektlyk in rjochte line, op 40º35′ noarderbreedte, behalven yn it uterste súdeasten, dêr't de grins de rin fan 'e rivier de Des Moines folget, dy't yn 'e Mississippy útmûnet.
Iowa heart ta de Grutte Flakten, en it lânskip is dan oer it algemien ek frij igaal. Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje waard hast de hiele steat oerdutsen troch langgerzige prêrje. It heechste punt yn 'e steat is Hawkeye Point, op 509 m boppe seenivo, en it leechste punt is it plak dêr't de rivier de Des Moines yn 'e Mississippy útmûnet, yn it uterste súdeasten fan 'e steat, mei in hichte fan 146 m boppe seenivo. Der binne yn Iowa twa federale Yndianereservaten:
De krite fan Noard-Amearika dy't no Iowa foarmet, wurdt al teminsten 13.000 jier troch de minske bewenne. Tûzenen jierren lang wiene de Yndianen yn dit gebiet nomadyske jager-sammelders, oant se goed 3.000 jier lyn foar it earst lânbou begûnen te bedriuwen mei domestisearre plantesoarten, lykas maïs en beane. Yn it dêropfolgjende Wâldlântiidrek naam de agraryske ôfhinklikheid fan 'e Yndiaanske kultuer yn Iowa almar ta, oant him yn 'e lette prehistoaryske perioade (omtrint 900 n.Kr.) in kompekse sedintêre lânboumaatskippij ûntjoech, wêrby't fêste doarpen stifte waarden.
Tsjin 'e tiid dat de earste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers Iowa besochten, waard it gebiet befolke troch fierhinne sedintêre Dakota, Winnebago, Iowa en Oto (Otoe), dy't wierskynlik ôfstammen fan 'e prehistoaryske Oneota. Folken dy't har yn 'e lette prehistoaryske en iere histoaryske tiid yn Iowa fêstigen, wiene de Illinois, Sôk (Sauk), Foks (Fox) en Omaha. De earste Jeropeänen dy't it gebiet oandiene, wiene de Frânske ûntdekkingsreizgers Jacques Marquette en Louis Jolliet, dy't yn 1673 by in reis oer de rivier de Mississippy ferskate doarpen op 'e Iowaanske igge besochten.
Iowa waard in ûnderdiel fan 'e ûnbidich grutte Frânske koloanje Louisiana, dy't him útstriek fan 'e Mississippydelta oant yn wat no Kanada is. It bleau yn Frânske hannen oant 1763, doe't de koloanje by de Frede fan Parys yn Spaanske hannen kaam. Dêrnei hearde it 37 jier ta de Spaanske koloanje Nij-Spanje (it lettere Meksiko), oant de Spanjerts it yn 1800 wer weromjaan moasten oan Frankryk. Napoleon lykwols, dy't it doe yn Parys foar it sizzen hie, koe fanwegen de Britske oppermacht op 'e wrâldseeën net folle mei it gebiet, dat yn 1803 ferkocht er de koloanje oan in oare fijân fan 'e Britten, de Feriene Steaten, by in transaksje dy't bekendstiet as de Louisiana-oankeap.
Yn 1805 waard Iowa fierhinne yn kaart brocht troch de Amerikaanske kartograaf Zebulon Pike, mar pas yn 1808 kaam der mei de bou fan Fort Madison foar it earst in offisjele Amerikaanske oanwêzichheid yn it gebiet. Dy fêsting waard lykwols yn 1813, ûnder de saneamde Oarloch fan 1812, ynnommen troch de Britten en harren Yndiaanske bûnsgenoaten, de Sôk, Foks en Winnebago. Nei't de Amerikanen yn it easten lykwols de oerwinning yn dy oarloch behelle hiene, waard harren gesach op 'e nij oer Iowa fêstige. Neitiid fitere it Amerikaanske regear blanke kolonisten oan om har yn Iowa te fêstigjen, wylst de Yndiaanske folken ûnder druk set waarden om harren lân te ferkeapjen.
Nei't de Feriene Steaten ûnder de betingsten fan in omstriden ferdrach it meastepart fan 'e lettere steat Illinois yn beslach nommen hiene, briek yn 1834 de Oarloch fan Swarte Hauk út (in opstân ûnder de Sôk en Foks, dy't laat waard troch it opperhaad Swarte Hauk). Nei't de rebûlje delslein waard, fierden de Amerikanen in belied dat derop rjochte wie om alle Yndianen út Iowa wei nei it westen te deportearjen. De Sôk en Foks waarden yn 1832 út 'e Mississippydelling ferdreaun, yn 1843 út 'e delling fan 'e rivier de Iowa en yn 1846 fan it hiele grûngebiet fan Iowa. De Winnebago waarden yn 1850 út Iowa wei nei it westen ta deportearre, en de Dakota oan 'e ein fan 'e 1850-er jierren. De Omaha wisten mar in hiel lyts brêgehaad op 'e eastigge fan 'e rivier de Missoery te behâlden. Yn 1856 waard de Sôk en Foks lykwols tastien om werom te kommen, en yn 1857 kochten dy by Tama de earste grûn op fan wat letter it Sôk en Foks Yndianereservaat fan Iowa wurde soe.
De blanke kolonisten dy't har ûnderwilens fan juny 1833 ôf yn Iowa nei wenjen setten hiene, kamen fral út Ohio, Pennsylvania, New York, Indiana, Kentucky en Firginia. Yn 1838 waard Iowa foar it earst as steatkundige ienheid kreëarre, as it Iowa-territoarium, dat doe in (blanke) befolking fan goed 23.000 minsken hie. Suver fuortendaliks dêrnei begûn men yn Iowa kampanje te fieren om as folweardige steat ta de Amerikaanske Uny talitten te wurden. Op 28 desimber 1846 krige dat syn beslach, en waard Iowa de 29ste Amerikaanske steat.
Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) stie Iowa oan 'e kant fan it Noarden, hoewol't der yn 'e steat in sterke anty-oarlochbeweging bestie ûnder kolonisten fan Súdlike en roomske orizjine. Der waard yn Iowa sels net fochten, hoewol't der fuort oer de grins by Athens, yn Missoery, yn 1861 al in fjildslach plakfûn. Op in totale (blanke) befolking fan 675.000 minsken waarden 116.000 manlju út Iowa ûnder de tsjinstplicht twongen en tsjinje yn it Noardlike leger, wat yn relative termen mear is as yn hokker Amerikaanske steat ek. Dêrûnder wiene goed 75.000 frijwilligers. Likernôch 19.000 Iowaanske soldaten sneuvelen yn 'e Boargeroarloch.
Nei de oarloch woeks de befolking fan Iowa tusken 1865 en 1900 op dramatyske wize oan, û.m. troch ymmigraasje út Jeropa. It wie yn dy tiid dat har in protte lju út Nederlân en ek út Fryslân wei yn Iowa fêstigen. Ek wie dat de snuorje dat Iowa him ûntjoech ta ien fan 'e wichtichste lânbougebieten fan 'e Feriene Steaten. Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw soarge de grutte fraach nei produkten dy't ûnder de Earste Wrâldoarloch (1914-1918) ûntstie, yn Iowa foar grutte wolfeart.
Yn 'e 1920-er jierren stoarte de ekonomy fan 'e steat lykwols yn, en ûnder de Grutte Depresje giene in protte lytse boeren oer de kop, wat it ûntstean fan grutte boerebedriuwen yn 'e hân wurke. Nei de Twadde Wrâldoarloch begûn him yn Iowa ek yndustry en letter in wichtige tsjinstesektor te ûntwikkeljen. De Buorkerijkrisis fan 'e tachtiger jierren soarge yn Iowa foar in grutte resesje en earmoede sa't sûnt de Krisisjierren net mear sjoen wie. Fanôf 1985 klaude de steat wer by de wâl op en hat him in gruttere diversifiëarring fan 'e ekonomy foardien.
Iowa bestiet bestjoerlik út 99 countys, mar omfiemet 100 countyhaadplakken, mei't Lee County der twa hat. De steatshaadstêd, Des Moines, leit yn Polk County, in ein besuden it mulpunt fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Iowa bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan 'e Algemiene Assimblee fan Iowa (oftewol it Steatskongres fan Iowa), dat bestiet út 'e Steatssenaat mei 50 leden en it Steatshûs fan Offurdigen mei 100 leden. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Iowa, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Iowa 4 sitten.
It politike lânskip fan Iowa wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen wurde frjemdernôch offisjeel oantsjut as "net-partijige politike organisaasjes", en spylje mar in marzjinale rol. Oant de 1980-er jierren stimde Iowa yn mearderheid Republikeinsk, mar neitiid wie it tritich jier lang in saneamde swingsteat (dêr't it beide kanten útgean koe). Sûnt 2012 stimt Iowa yn mearderheid Demokratysk. Eltse fjouwer jier stiet Iowa ûnder de Amerikaanske presidintsferkiezings ein jannewaris, begjin febrewaris yn it mulpunt fan 'e belangstelling om't de Iowa caucus (tegearre mei de in wike letter holden New Hampshire primary) it begjinpunt is fan 'e foarferkiezings (om 'e presidintskandidaten fan 'e beide grutte partijen út te ornearjen).
Hoewol't Iowa noch altyd bekendstiet as in lânbougebiet, makke de lânbousektor tsjin 2007 eins noch mar 3,7% út fan it bruto steatsprodukt fan Iowa. De wichtichste lânbouprodukten binne bargefleis, maïs, sojabeane, hjouwer, kowefleis, aaien en suvelprodukten. Iowa is de grutste produsint fan maïs en etanol fan 'e Feriene Steaten. De yndustrysektor besloech yn 2003 21% fan 'e Iowaanske ekonomy, wêrby't fral itensprodukten levere wurde, mar ek masinery, elektryske apparaten, gemyske produkten, griene enerzjy en metalen healfabrikaten. It grutste part fan 'e steatsekonomy wurdt lykwols opmakke troch de tsjinstesektor, mei as wichtichste ûnderdielen it fersekeringswêzen en de útjouwersbrâns.
Iowa is net it meast toeristyske diel fan 'e Feriene Steaten, mar in beskate plattelânske sjarme kin it net ûntsein wurde. De wichtichste attraksjes binne de haadstêd Des Moines, mei syn museä en bestjoersgebouwen, en de oerdutsen brêgen fan Madison County, dy't ferneamd makke binne troch de romantyske Hollywood-film The Bridges of Madison County, út 1995, mei Clint Eastwood en Meryl Streep yn 'e haadrollen.
Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Iowa yn 2014 3.107.000 ynwenners, wat in groei fan 2,0% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 21,2 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is de haadstêd Des Moines, mei 209.000 ynwenners yn 2014. Oare gruttere plakken binne: Cedar Rapids (129.000), Davenport (103.000), Sioux City (83.000) en Iowa City (73.000). Fan 'e befolking fan Iowa wie yn 2010 72,2% berne yn Iowa sels, wylst 23,2% berne wie yn in oare Amerikaanske steat, 0,5% yn Porto Riko of oare Amerikaanske territoaria, en 4,1% yn it bûtenlân. Yn april 2009 besleat it Heechgerjochtshôf fan Iowa dat de steatswet dy't it pearkes fan itselde geslacht ferbea om te trouwen, tsjin 'e Amerikaanske Grûnwet yngie. Dêrmei waard Iowa (as plattelânssteat noch wol) de trêde Amerikaanske steat dêr't it homohoulik ynfierd waard.
Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e Iowaanske befolking doe sa: 88,7% blanken; 5,0% Latino's; 2,9% swarten; 1,7% Aziaten; 0,4% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 1,2% oaren of fan mingd etnysk komôf. Blanke Iowanen binne fierhinne fan Noardwest-, Midden- en Noardjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Dútsers (35,7% fan 'e totale Iowaanske befolking), Ieren (13,5%), Ingelsen (9,5%), Angelsaksyske Amerikanen (6,6%) en Noaren (5,7%).
Iowa omfiemet twa federaal erkende Yndianestammen, te witten:
Dizze stammen hawwe beide har eigen reservaat. Der binne yn Iowa gjin stammen mei inkeld erkenning op steatsnivo.
De offisjele taal fan Iowa is it Ingelsk, dat neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 doe foar 94% fan 'e befolking de memmetaal wie. Op it twadde plak kaam it Spaansk, mei 167.000 sprekkers, en op it trêde plak it Dútsk, mei 17.000 sprekkers. Gjin inkele oare taal hat yn Iowa mear sprekkers as 0,5% fan 'e befolking. Foarhinne wiene der folle mear Dútsktaligen, mar ûnder de Earste Wrâldoarloch waard yn 1918 mei de saneamde Babelproklamaasje it sprekken fan Dútsk yn it iepenbier yn Iowa ferbean.
It Pennsylvaansk, soms beskôge as in Dútsk dialekt, mar soms ek as in aparte taal, wurdt yn Iowa sprutsen yn 'e koloanjes dy't de Amish der stifte hawwe. Om Pella hinne waard foarhinne in Nederlânsk dialekt sprutsen (it Pella-Nederlânsk) troch kolonisten fan Nederlânsk komôf. De iennichste Yndiaanske taal dy't yn Iowa geregeldwei brûkt wurdt, is it Meskwaky, de taal fan 'e Sôk en Foks.
Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2001 75% fan 'e befolking fan Iowa út kristenen, wêrûnder 52% protestanten en 23% (of 503.000) roomsen. De grutste protestantske denominaasjes wiene yn 2010 de Feriene Metodistyske Tsjerke mei 235.000 leden en de Evangelysk-Lutherske Tsjerke yn Amearika mei 230.000 leden. Oare wichtige protestantske tsjerkegenoatskippen wiene de Presbyteriaanske Tsjerke (FSA) mei goed 51.000 leden, de Herfoarme Tsjerke yn Amearika mei 40.000 leden en de Feriene Tsjerke fan Kristus mei 39.000 leden. Ateïsten en agnosten foarmen yn 2001 13% fan 'e befolking. Alle net-kristlike godstsjinsten besloegen mei-inoar 6% fan 'e befolking.
Krekt as it meastepart fan it Amerikaanske Midwesten hat Iowa in fochtich lânklimaat, mei hjitte en fochtige simmers en kâlde winters. Simmerdeis binne temperatueren oerdeis fan 32 °C net útsûnderlik, wylst it kwik by 't winter maklik sakje kin oant –28 °C. Rekôrtemperatueren wiene 48 °C, op 20 july 1934 yn Keokuk, en –44 °C op 3 febrewaris 1996 te Elkader. Delslachhoemannichten rinne útinoar; it súdeasten kriget jiers wol 970 mm, wylst it noardwesten it drûchst is, mei likernôch 710 mm. De measte rein falt simmerdeis, mar by 't winter kin der wol in protte snie delkomme. Iowa leit by 't maityd yn 'e gefaresône oangeande tornado's, wêrfan't der jiers trochinoar 47 (sawol grutten as lytsen) de steat treffe. Yn 2008 kamen dêrby tolve minsken om, wat it ta it deadlikeste tornadojier makke sûnt 1968.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.