Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De fazant (wittenskiplike namme: Phasianus colchicus), ta ûnderskie mei besibbe soarten soms ek wol oantsjut as de gewoane fazant, is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en it skaai fan 'e fazanten (Phasianus). Dizze fûgel is lânseigen fan it Koreaansk Skiereilân yn East-Aazje oant de Balkan yn Súdeast-Jeropa, mar hy waard al yn 'e Aldheid troch de minske yn oare dielen fan Jeropa yntrodusearre, dêr't er sûnt folslein ynboargere rekke is. Folle letter waard de fazant ek as eksoat ynfierd yn Noard-Amearika, Nij-Seelân, Austraalje, Japan, Hawaï en oare gebieten. It is in middelgrutte stânfûgel mei in lange sturt en in omnivoar dieet, dy't sosjaal is en bûten de peartiid om faak yn losse groepen libbet. De seksuele dimorfy is tige grut by dizze soarte. De fazant is populêr as jachtwyld. De IUCN klassifisearret dizze fûgel as net bedrige.
fazant | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
hoanne hin | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Phasianus colchicus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
oarspronklike, lânseigen fersprieding |
De fazant waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1758, troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus yn 'e tsiende edysje fan dy syn Systema Naturæ. De wittenskiplike namme Phasianus is it Latynske wurd foar "fazant". Etymologysk komt it fan it Aldgrykske φἀσιἀνος, fasianos, dat letterlik "[fûgel] fan 'e Fasis" betsjut. Sokke fûgels waarden sjoen troch de Argonauten oan 'e iggen fan 'e rivier de Fasis (no de Rioni) yn it lân Kolchis oan 'e eastkant fan 'e Swarte See (no westlik Georgje). It soartspesifike diel fan 'e wittenskiplike namme, colchicus, betsjut sadwaande ek "fan Kolchis".
De nauste sibbe fan 'e fazant is de griene fazant (Phasianus versicolor), dy't foarkomt yn Japan. Soms wurdt de griene fazant as in ûndersoarte fan 'e fazant sjoen, om't de beide soarten hybride neiteam produsearje kinne. Mar dat is winliken ienfâldichwei in skaaimerk fan goes- en hineftigen (Galloanserae), dy't yn ferhâlding ta oare fûgels mar amperoan oer in postsygoatysk isolearmeganisme beskikke.
Hoewol't foarhinne oannommen waard dat de fazant ek tige nau besibbe wie oan 'e hin (Gallus gallus domesticus), is út ûndersyk nei it mitogondriaal DNA fan 'e beide fûgelsoarten yn 2020 en 2021 oan it ljocht kommen dat dat eins net sa is. Dêrom binne se no yndield by ferskillende tûken fan 'e ûnderfamylje echte fazanten (Phasianinae): de fazant by de echte fazantfûgels (Phasianini), en de hin by de kaamhinfûgels (Gallini).
De fazant is benammen yn dielen fan Aazje lânseigen. Yn it easten rikt syn oarspronklike ferspriedingsgebiet oant en mei Taiwan en it ta Súd-Koreä hearrende eilân Djedjû yn 'e Eastsineeske See. Op it Aziatyske fêstelân komt dizze fûgel foar op it Koreaansk Skiereilân, yn it Kustterritoarium fan it Russyske Fiere Easten, it streamgebiet fan 'e rivier de Amoer, Mantsjoerije, de eastpunt fan Mongoalje, noardeastlik, súdeastlik en súdlik Sina, oant yn noardlik Fjetnam en Birma en it uterste noarden fan Laos.
Fierder westlik libbet de fazant ek yn it westen fan Mongoalje, sintraal Sina, de noardlike en westlike dielen fan Sinkiang-Oeigoerje, sintraal en súdlik Kazachstan, súdlik Kirgyzje, westlik Tadzjikistan, noardlik en noardwestlik Afganistan, súdlik en westlik Oezbekistan, súdlik, eastlik en noardeastlik Turkmenistan en noardlik Iraan. Yn Transkaukaazje komt de fazant as lânseigen fûgel foar yn súdlik Armeenje, hast hiel Azerbeidzjan en hast hiel Georgje útsein it noardwesten. Oan 'e noardkant fan 'e Grutte Kaukasus yn Jeropeesk-Ruslân hearre Tsjetsjeenje, Dagestan en de Wolgadelta noch ta it oarspronklike ferspriedingsgebiet.
De fersprieding by de noardkust fan Lyts-Aazje lâns waard foarhinne al beskôge as troch de minske yntrodusearre, mar nije ynsichten út 'e ienentweintichste iuw hâlde yn dat de populaasje dy't fan 'e Lytse Kaukasus yn súdwestlik Georgje by de súdigge fan 'e Swarte See lâns hielendal oan 'e See fan Marmara en de grins fan Jeropa ta rikt, nei alle gedachten lânseigen is. Itselde jildt foar de populaasje op 'e súdlike Balkan. It gauris opdiste ferhaal dat de Alde Griken de fazant yn 'e sechsde iuw f.Kr. út Kolchis (no Georgje) helle hawwe om 'e fûgel yn Grikelân te yntrodusearjen, kin net wier wêze of is oars mar de heale wierheid, want argeologyske fynsten fan fazantebonken op 'e súdlike Balkan geane tebek oant yn it sechsde milennium f.Kr.
Men giet der sadwaande no fan út dat de fazant de súdeastlike Balkan op eigen krêft berikt hat en dêr dus as lânseigen beskôge wurde moat. De lêste populaasje lânseigen swarthalsfazanten yn Grikelân, besteande út sa'n 100–250 eksimplaren, libbet yn 'e delta fan 'e rivier de Nestos yn West-Traasje, oan 'e kust fan 'e Egeyske See boppe it eilân Tasos. Yn súdlik Bulgarije ferdwûn de lêste lânseigen populaasje yn 'e 1970-er jierren troch hybridisearring mei fazanten dy't út East-Aazje wei yntrodusearre wiene.
Om't de fazant sok populêr jachtwyld is, waard de fûgel al fan 'e Aldheid ôf troch de minske as eksoat yntrodusearre yn gebieten dêr't er fan oarsprong net foarkaam. Sa is er oer hast hiel Jeropa ferspraat rekke, dêr't er nei tûzen oant mear as twatûzen jier no folslein ynboargere is. Ta it Jeropeeske ferspriedingsgebiet fan 'e fazant hearre frijwol hiel East-, Midden- en Noardwest-Jeropa, útsein de Alpenregio fan eastlik Frankryk oant Eastenryk en Sloveenje. Op 'e Balkan ûntbrekt er inkeld yn it uterste noardeasten fan Grikelân en it westen fan it Turkske East-Traasje. Op 'e eilannen yn 'e Middellânske See komt er net foar, behalven op Majorka en yn it noardwesten fan Korsika. Op it Apenynsk Skiereilân ûntbrekt er yn Kalaabrje (de "Tean" fan 'e Lears fan Itaalje).
Op it Ibearysk Skiereilân is de fersprieding tige fragmintarysk, mei lytse isolearre populaasjes ferspraat oer noardlik en noardeastlik Spanje en westlik Portegal. Op 'e súdpunt fan Spanje, mei Gibraltar, komt de fazant ek foar, en oanslutend bestiet der oarekant de Strjitte fan Gibraltar in fersprieding by de noardwestkust fan Marokko lâns. De Britske Eilannen hearre hielendal ta it areaal fan dizze fûgel, útsein ôfhandige eilantsjes lykas de Sjetlâneilannen, de Orkaden, de Hebriden en Man. Op it Skandinavysk Skiereilân komt de fazant foar yn it suden fan Sweden en Noarwegen, mei isolearre populaasjes yn 'e omkriten fan 'e Noarske stêd Stavanger en op it Sweedske eilân Gotlân. Yn it Baltikum is de fersprieding beheind ta súdlik Litouwen en de eastkust fan 'e Golf fan Riga. Yn Finlân komt de fazant foar yn brede stripen by de kusten fan 'e Botnyske Golf en de Finske Golf lâns. De noardeastgrins fan 'e fersprieding rint troch noardlik Wyt-Ruslân en sintraal Ruslân om by de Wolgadelta út te kommen.
Yn Noard-Amearika hat de fazant as eksoat in grut ferspriedingsgebiet, dat yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten it suden fan 'e steaten Maine, Nij-Hampshire en Vermont beslacht, hiel Massachusetts (útsein Martha's Vineyard en Nantucket), Rhode Island en Connecticut, westlik, noardwestlik en súdeastlik New York (Long Island ynbegrepen), hiel Nij-Jersey, noardlik Maryland, súdeastlik en noardwestlik Pennsylvania, noardeastlik en westlik Ohio, noardlik en súdeastlik Indiana, it suden fan Neder-Michigan, noardlik en sintraal Illinois, súdlik Wisconsin, súdlik en sintraal Minnesota, hiel Iowa op 'e súdeastpunt nei, de noardwestpunt fan Missouri, westlik en noardeastlik Kansas, de Oklahoma Panhandle, it noarden fan 'e Teksaanske Panhandle, eastlik en noardwestlik Nij-Meksiko, hiel Colorado, Nebraska, Súd-Dakota, Noard-Dakota en Montana, noardlik en eastlik Wyoming, frijwol hiel Utah, de noardrâne fan Arizona, eastlik, noardlik en westlik Nevada, it uterste noardeasten fan Kalifornje, súdlik en westlik Idaho, en Washington en Oregon beëasten de Cascades.
Oanslutend komt de fazant yn Kanada foar yn it suden fan 'e provinsje Britsk-Kolumbia, súdlik en sintraal Alberta, súdlik Saskatchewan, súdwestlik Manitoba, súdlik Ontario, súdlik Nij-Breunswyk en hiel Nij-Skotlân (mei Cape Bretoneilân) en Prins Edwardeilân. Isolearre populaasjes besteane yn Noard-Amearika yn 'e Sintrale Delling fan Kalifornje bewesten fan 'e Sierra Nevada, yn it súdwesten fan Nij-Meksiko oan 'e igge fan 'e Rio Grande, en by de kust fan 'e Stille Oseaan lâns fan Noardlik Kalifornje fia westlik Oregon en Washington oant it Legere Fêstelân fan Britsk-Kolumbia en de súdlike helte fan Vancouvereilân.
Yn Japan komt de fazant as eksoat foar op it hiele noardlike haadeilân Hokkaido, dielen fan 'e súdeastkust fan Honsjû, yn it westen fan Sjikokû, yn it noarden en suden fan Kjûsjû, op it lytse eilantsje Tsushima yn 'e Koreästrjitte en op 'e Rjûkjû-eilannen, dy't yn in keatling fan súdlik Japan nei Taiwan rinne. Yn Austraalje komme isolearre populaasjes fazanten foar by de súdwestkust lâns fan Perth oant Busselton yn West-Austraalje, by Cairns en Townsville oan 'e noardeastkust fan Queenslân, yn westlik Fiktoaria en yn deselde steat by Melbourne en Bairnsdale, op 'e eilantsjes King en Flinders yn 'e Bass-strjitte en yn it noardwesten, noardeasten en easten fan Tasmaanje. Oare plakken op 'e wrâld dêr't de fazant as eksoat foarkomt, binne it Noardereilân fan Nij-Seelân, Hawaï (frijwol alle eilannen), it eilân Eleuthera yn 'e Bahama's, it eilân Juventud yn súdwestlik Kuba, en lytse dielen fan Argentynje, Sily, Oerûguay, Brazylje en Perû.
Yn Nederlân komt de fazant yn frijwol it hiele lân foar yn gaadlike habitats, lykas boulân en natoergebieten. Mar yn bgl. stedske fermiddens of yn iepen greiden sil men dizze fûgel omdôch sykje. Yn Fryslân libbet er benammen yn 'e Bouhoeke en it beamrike súdeasten fan 'e provinsje.
De fazant is in middelgrutte fûgel. De hoanne hat trochinoar in kop-sturtlingte fan 60–89 sm, dêr't de lange sturt krapoan 50 sm fan yn beslach nimme kin. Hinnen binne in slach lytser en hawwe in kop-sturtlingte fan 50–63 sm, mei in sturt dy't maksimaal 20 sm mjit. De wjukspanne bedraacht by fazanten 56–86 sm. Hoannen weagje 1/2–3 kg, wylst hinnen yn trochsneed in gewicht hawwe fan 900 g.
It fearrekleed fan 'e hoannen is oer hast it hiele lichem blinkend goud of fel koperbrún mei kastanjebrune oerdwerse streekjes op 'e fearren. Dêroerhinne leit faak in blinkende glâns fan grien oant pears. De lange sturtfearren, dy't net funksjoneel binne en inkeld tsjinje om mei te pronkjen, binne ljochter fan kleur, mar mei deselde oerdwerse streekjes, dy't dêr lykwols útskaaie nei swart. De ûnderkanten fan 'e wjukken binne wyt of krêmkleurich. De stuten binne soms wat blauwich. Om 'e hals hawwe in protte ûndersoarten en de measte hybridisearre fazanten in brede wite bân. Dy ûntbrekt lykwols by de de westlikste ûndersoarten. De kop liket troch de ljochtfal op 'e glinsterjende fearren faak blau te wêzen, mar is eins flessegrien. Om 'e eagen hinne, mar fral oan 'e ûnderkant en yn 'e rjochting fan 'e snaffel hawwe fazantehoannen in keale, felreade lel. Op 'e efterholle sitte twa lytse toefen, dy't wol wat wei hawwe fan earen.
It uterlik fan 'e fazant is in skoallefoarbyld fan seksuele dimorfy, mei't de hin der folslein oars útsjocht. Dy hat gjin felle kleuren of lange sturt, mar ynstee in saai, ljochtbrún fearrekleed dat bespikkele en bestreke is mei dûnkerbrún. De sturt is folle koarter, de halsbân ûntbrekt altyd en datselde jildt foar de reade lel en de toefen. Healwoeksen eksimplaren hawwe, ek as it hoantsjes binne, deselde kleuring as de hinnen, oant se mei 10 wiken ta har folwoeksen fearrekleed ferfearje. Njonken de hjirboppe beskreaune natuerlike kleuren besteane der ek albinistyske (wite), melanistyske (swarte) en flavistyske (giele) fazanten. Hoewol't dy kleurings ek yn it wyld foarkomme as genetyske mutaasje, giet it hjirby almeast om domestisearre (of ferwyldere domestisearre) fazanten, dy't foar har kleur fokt binne.
Fazanten libje yn wâlden, op boulân en steppes, yn gebieten mei strewelleguod en yn moerassen. Greiden sûnder beamguod is foar harren in marzjinaal biotoop, dat foar populaasjes net libbensfetber is. Yn berchtmen komt de fazant oer it algemien foar op in hichte fan 1.500–3.000 m.
De fazant libbet fierhinne op 'e grûn, mar bringt de nacht troch yn 'e beammen. Fazanten binne sosjale fûgels, dy't bûten de peartiid om losse groepen foarmje. Domestisearre fazanten litte lykwols gauris in sterke skieding nei geslacht sjen, wêrby't hoannen by hoannen bliuwe en hinnen by hinnen. As se ienris bejage binne en dêrom minsken mei gefaar assosjearje, binne fazanten tige skouwe fûgels, dy't har amper sjen litte.
De fazant is gjin geweldige fleaner. Hoewol't er sûnder swierrichheden lytse ôfstannen fleanend ôflizze kin, jout er der dúdlik de foarkar oan om himsels geandefoets te ferpleatsen, sels as der gefaar driget. As er oer it mad kommen wurdt, kin er lykwols hommels en mei grutte krêft opfleane, wêrby't er de alaarmrop kok-kok-kok uteret om soartgenoaten te warskôgjen. Ornaris fleane fazanten mar mei in faasje fan 43–61 km/h, mar as se efterfolge wurde, kinne se in maksimumfaasje fan 90 km/h berikke.
De peartiid duorret fan ein maart oant juny. Fazanten binne polygyn, wat betsjut dat de hoannen mei safolle mooglik hinnen pearje, wylst de hinnen mar mei ien hoanne pearje. Nei de pearing makket de hin in nêst op 'e grûn, dat bestiet út in ûndjip útskrabe dobke beklaaid mei wat gers of blêden. It leit op in beskut plak, ornaris ûnder beskûl fan strewelleguod of oare opgeande fegetaasje, soms ûnder in hage en hiel selden yn in heaberch dêr't net folle minsklike aktiviteit omhinne is. It komt ek foar dat de fazanthin in âld nêst fan in oare fûgel oernimt.
By gelegenheid binne fazanten briedparasiten, dy't har aaien yn it nêst fan in oare fûgel lizze om se troch dy ûnwittende gastâlder útbriede te litten. Yn Noard-Amearika hat benammen de prêrjehin (Tympanuchus cupido) dêr lêst fan. De fazantepiken smite de echte jongen fan harren 'pleechâlden' net út it nêst, lykas koekoekspiken dogge, mar fazante-aaien komme wol earder út as prêrjehinne-aaien, mei as gefolch dat de prêrjehin it brieden fan har eigen aaien net foltôget en mei de fazantepiken it nêst ferlit. Foarbylden fan oare fûgelsoarten dy't ûnder it briedparasitisme fan 'e fazant te lijen hawwe, binne de patriis (Perdix perdix), de kalkoen (Meleagris gallopavo) en ferskate soarten einen, rallen en rûchpoathinnen.
Fazantehinnen produsearje ornaris 8–15 aaien it lechsel, dy't bleek oliifkleurich binne en oer in perioade fan 2–3 wiken lein wurde. De briedtiid duorret 22–27 dagen. De piken binne nêstflechters, dy't inkele oeren nei't se út it aai kommen binne, it nêst al op eigen krêft ferlitte. Se bliuwe ferskate wiken deunby de hin, dy't harren lykwols net fuorret. Ynstee liedt se har bruod nei plakken ta dêr't de piken harrensels fuorje kinne. Mei 12–14 dagen kinne de piken fleane, en mei 15 wiken binne se folwoeksen.
Fazanten binne omnivoaren, dy't in breed ferskaat oan dingen frette. In oansjenlik diel dêrfan is plantaardich: sieden, fruchten lykas beien, nuten lykas ikels, blêden en oare griene plantedielen. Mar se frette ek in ferskaat oan wringeleas dierte: ynsekten lykas sprinkhoannen, larven, rûpen en eameldersaaien, mar ek wjirms, lytse hagedissen (lykas yn Nederlân de poatleaze blynslange) en sels lytse wrotmûzen en fûgelpiken.
De fazant hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje op 'e measte plakken stabyl liket te wêzen. It is de offisjele steatsfûgel fan Súd-Dakota, ien fan mar twa steatsfûgels fan Amerikaanske steaten dy't net lânseigen binne yn 'e Feriene Steaten.
Behalven yn it wyld komt de fazant ek foar yn finzenskip, op kommersjele bedriuwen dêr't er fokt wurdt foar de slacht, mar ek as pronkfûgel troch foliêrehâlders. Hoewol't der har by de fazant noch gjin ûnderskate rassen ûntwikkele hawwe sa't dat by oar plomfee it gefal is (lykas hinnerassen of kalkoenerassen), kin de fazant likegoed as semy-domestisearre beskôge wurde.
De fazant is ien fan 'e meast bejage fûgels fan 'e wrâld. Fazantejacht wurdt ornaris bedreaun troch mei jachtgewearen tariste jagers dy't kalm troch gaadlike habitats foar de fûgels banjerje en hûnen ynsette om 'e fazanten op te spoaren, opfleane te litten, en se, nei't se sketten binne, op te heljen. Dêrfoar wurde steande hûnen en spaniels brûkt.
Fazanten binne sûnt de Romeinske Tiid as jachtwyld mei opsetsin op withoefolle plakken troch de minske yntrodusearre. Op 'e Britske Eilannen, bygelyks, waard de fazant yn 1059 as eksoat naturalisearre, al is it mooglik dat dat ek al troch de Romeinen dien wie en dat de fûgel ûnderwilens útstoarn wie. De yntrodusearre fûgel wie fan 'e Transkaukazyske ûndersoarte (Phasianus colchicus colchicus), dy't gjin wite bân om 'e hals hat. Dizze fûgel kaam yn Ingelân neitiid by fersin bekend te stean as de "âlde Ingelske fazant", dy't tsjin 'e iere santjinde iuw útstoar. Yn 'e achttjinde iuw folge in nije yntroduksje, diskear fan 'e Sineeske ûndersoarte (Phasianus colchicus torquatus), dy't wól in wite halsbân hat.
Mar pas yn 'e 1830-er jierren waard de fûgel yn Ingelân werûntdutsen as jachtwyld. De populariteit fan 'e fazant as jachtfûgel hat tsjintwurdich sokke foarmen oannommen dat yn it Feriene Keninkryk, benammen yn sintraal en súdlik Ingelân, elts jier 50 miljoen kommersjeel fokte fazanten yn it wyld útset wurde foar it jachtseizoen. De measten dêrfan is mar in koarte frijheid beskern foar't se ôfsketten wurde, mar guon slúchslimme of gewoan lokkige eksimplaren ûntkomme oan 'e slachting. Ien en oar hat in omraak fluktuëarjende populaasjegrutte ta gefolch, dy't yn july sa'n 55 miljoen fûgels bedraacht en juny fan it jier dêrop noch mar 5 miljoen.
Yn Noard-Amearika waard de fazant yn 1773 út Ingelân wei yntrodusearre. It is dêr no in tige algemiene fûgel, benammen yn 'e Rocky Mountains en op 'e Grutte Flakten. De jacht op fazanten is yn 'e Feriene Steaten fral yn 'e Flaktesteaten populêr. Allinnich al yn Súd-Dakota wurde jiers mear as in miljoen fazanten sketten troch mear as 200.000 jagers. It grutste part fan 'e fazanten dy't dêrby sketten wurde, bestiet, oars as yn it Feriene Keninkryk, út wylde fûgels.
Yn Nederlân waarden yn 'e tweintichste iuw ek in protte fazanten yn finzenskip fokt en koart foar it jachtseizoen yn it wyld útset, mar yn 1993 hat de oerheid it near lein op dy praktyk. Fan gefolgen wurde der sûnt elts jier mear fazanten sketten as dat der troch natuerlike fuortplanting by komme, wat betsjut dat de populaasje yn Nederlân stadichoan fierder ynkrimpt. Mei't de fazant, nettsjinsteande it feit dat er hjir al mear as tûzen jier foarkomt, offisjeel noch altyd beskôge wurdt as in eksoat, wurdt dat fan oerheidswegen net as in ferkeard ding sjoen.
Der binne 30 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e fazant (Phasianus colchicus). In protte dêrfan rinne it gefaar om te ferdwinen troch hybridisearring mei yntrodusearre fazanten út oare gebieten. De ûndersoarten wurde ûnderskaat nei de lichaamlike skaaimerken fan 'e hoannen. Hinnen fan ferskillende ûndersoarten kinne yn 'e regel net útinoar holden wurde, sels net troch ekspêrs.
De ûndersoarten wurde ornaris opdield yn in stikmannich kloften. De beide haadkladen, de readstútfazanten of Westerske fazanten en de griisstútfazanten of Easterske fazanten, ûnderskiede har net inkeld nei uterlik, mar ek nei fersprieding: de Westerske fazanten komme rûchwei foar yn Sintraal-Aazje, Transkaukaazje en Lyts-Aazje, wylst de Easterske fazanten beheind binne ta East-Aazje. De skieding tusken beide kloften wurdt foarme troch de hege berchtmen yn it westen fan Sina. It tinken mank ornitologen is dat de beide groepen it ûnderlinge kontakt ferlearen yn 'e lêste iistiid, doe't der mear en gruttere woastinen foarkamen trochdat der sa'n soad wetter fêstsiet yn 'e iiskapen. Dat duorre lykwols net lang genôch om 'e beide kloften ta aparte soarten útgroeie te litten.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.