Fazanten

From Wikipedia, the free encyclopedia

Fazanten
Remove ads

De fazanten (wittenskiplike namme: Phasianus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae), it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de boppefamylje fan 'e fazantfûgels (Phasianoidea), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de ûnderfamylje fan 'e echte fazanten (Phasianinae) en de tûke fan 'e echte fazantfûgels (Phasianini). Ta dit skaai hearre twa soarten, wêrûnder de (gewoane) fazant (Phasianus colchicus), dy't as eksoat ek yn Fryslân foarkomt. De fazanten steane bekend om harren grutte seksuele dimorfy.

Fluch de feiten
Remove ads
Remove ads

Taksonomy

It skaai fan 'e fazanten waard yn 1758 troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus yntrodusearre yn 'e tsiende edysje fan syn Systema Naturæ. De wittenskiplike namme Phasianus is it Latynske wurd foar "fazant". Etymologysk komt it fan it Aldgrykske φἀσιἀνος, fasianos, dat letterlik "[fûgel] fan 'e Fasis" betsjut. Sokke fûgels waarden sjoen troch de Argonauten oan 'e igge fan 'e rivier de Fasis (no de Rioni) yn it lân Kolchis oan 'e eastkant fan 'e Swarte See (no westlik Georgje).

Remove ads

Soarten

Ta de fazanten hearre twa libbene soarten: de (gewoane) fazant (Phasianus colchicus) út Aazje, dy't as eksoat yn Jeropa en Noard-Amearika yntrodusearre is en dêr alhiel húsriem wurden is, en de griene fazant (Phasianus versicolor) út Japan. In trêde soarte, de Bulgaarske fazant (Phasianus bulgaricus) waard yn 2020 foar it earst wittenskiplik beskreaun oan 'e hân fan fossilen dy't fûn wiene yn Bulgarije. Dy datearje út it Mioseen, mear as 5 miljoen jier lyn.

  • skaai fazanten (Phasianus)
    • Bulgaarske fazant (Phasianus bulgaricus) †
    • fazant (Phasianus colchicus)
    • griene fazant (Phasianus versicolor)
Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads