Noard-Dakota

From Wikipedia, the free encyclopedia

Noard-Dakota
Remove ads

Noard-Dakota (Ingelsk: North-Dakota) is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Bismarck. Yn it gebiet lizze in protte Yndianereservaten. Om-ende-by fiif persint fan de befolking is Yndiaan.

Mear ynformaasje Algemien, Oare ynformaasje ...
Remove ads

Skiednis

It gebiet dat tsjintwurdich Noard-Dakota hjit waard eartiids befolke troch de Yndianestammen as de Lakota en de Dakota, dy't mei-inoar ek bekend steane as de . Lakota betsjut "freon". Letter kaam it gebiet yn Frânske hannen en yn 1818 alhiel by de Feriene Steaten.

Op 2 novimber 1889 waarden sawol Noard-Dakota en Súd-Dakota as de 39e en 40e, steaten by de Feriene Steaten.

Geografy

Noard-Dakota heart by de Grutte Flakte-regio en is 183.272 km² grut. It westlik part heart ta de Mountain-tiidsône, it easten ta de Sintral tiidsône en North Dakota grinzet yn it noarden oan Kanada en fierders oan de steaten Montana, Minnesota en Súd-Dakota.

De wichtichste rivier is de Missoery. It heechste punt yn it flakke Noard-Dakota is de top fan White Butte (1069 m).

Keppeling om utens

Mear ynformaasje Feriene Steaten, steaten ...
Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads