De Erasmuspriis is in priis dy't yn 1958 ynsteld is troch Prins Bernhard foar bysûnder wichtige bydragen op kultureel, sosjaal of sosjaal-wittenskiplike mêd, yn Jeropa en dêrbûten. Klam leit op humanistyske wearden: tolerânsje, kulturele mearfoarmigens en ûndogmatysk, kritysk tinken.
De priis is yn 1958 ynsteld troch Prins Bernhard, en wurdt alle jierren takend troch it bestjoer fan de Stifting Praemium Erasmianum. De priis wurdt benammen útrikt as in bekroaning foar eardere prestaasjes. De útrikking is yn it Paleis op 'e Daam yn Amsterdam. De stifting kin in publikaasje oer it wurk fan de priiswinner útbringe, en it mêd krijt oandacht yn it jierferslach fan de stifting. Ferbûn oan de priis is ek in jildbedrach fan, sûnt 2012 € 150.000.
- 1958 - It Eastenrykske folk
- 1959 - Karl Jaspers en Robert Schuman
- 1960 - Marc Chagall en Oskar Kokoschka
- 1962 - Romano Guardini
- 1963 - Martin Buber
- 1964 - Union Académique Internationale
- 1965 - Charlie Chaplin en Ingmar Bergman
- 1966 - Herbert Read en René Huyghe
- 1967 - Jan Tinbergen
- 1968 - Henry Moore
- 1969 - Gabriel Marcel en Carl Friedrich von Weizsäcker
- 1970 - Hans Scharoun
- 1971 - Olivier Messiaen
- 1972 - Jean Piaget
- 1973 - Claude Lévi-Strauss
- 1974 - Ninette de Valois en Maurice Béjart
- 1975 - Ernst Gombrich en Willem Sandberg
- 1976 - Amnesty International en René David
- 1977 - Werner Kaegi en Jean Monnet
- 1978 - La Marionettistica Fratelli Napoli Catania, Yves Joly, Tandarica en Bread and Puppet Theatre
- 1979 - Die Zeit en Neue Zürcher Zeitung
- 1980 - Nikolaus Harnoncourt en Gustav Leonhardt
- 1981 - Jean Prouvé
- 1982 - Edward Schillebeeckx
- 1983 - Raymond Aron, Isaiah Berlin, Leszek Kołakowski en Marguerite Yourcenar
- 1984 - Massimo Pallottino
- 1985 - Paul Delouvrier
- 1986 - Václav Havel
- 1987 - Alexander King
- 1988 - Jacques Ledoux
- 1989 - Internationale Commissie van Juristen
- 1990 - John Grahame Douglas Clark
- 1991 - Bernard Haitink
- 1992 - Simon Wiesenthal en Archivo General de Indias
- 1993 - Peter Stein
- 1994 - Sigmar Polke
- 1995 - Renzo Piano
- 1996 - William Hardy McNeill
- 1997 - Jacques Delors
- 1998 - Peter Sellars en Mauricio Kagel
- 1999 - Mary Robinson
- 2000 - Hans van Manen
- 2001 - Claudio Magris en Adam Michnik
- 2002 - Bernd en Hilla Becher
- 2003 - Alan Davidson
- 2004 - Sadiq Jalal al-Azm, Fatima Mernissi en Abdulkarim Soroush
- 2005 - Steven Shapin en Simon Schaffer
- 2006 - Pierre Bernard
- 2007 - Péter Forgács
- 2008 - Ian Buruma
- 2009 - Antonio Cassese en Benjamin Ferencz
- 2010 - José Antonio Abreu
- 2016 - A.S. Byatt, Britsk skriuwer
- 2011 - Joan Busquets
- 2012 - Daniel Dennett
- 2013 - Jürgen Habermas
- 2014 - Frie Leysen
- 2016 - A.S. Byatt, Britsk skriuwer
- 2017 - Michèle Lamont, Kanadeesk sosjolooch
- 2018 - Barbara Ehrenreich, Amerikaansk ûndersykssjoernalist
- 2019 - John Adams, Amerikaansk komponist
- 2021 - Grayson Perry, Britsk keunstner, skriuwer en dokumintêremakker
- 2023 - David Grossman, Israëlysk skriuwer fan berneboeken, romans en essays