film út 2017 fan Alexander Payne From Wikipedia, the free encyclopedia
Downsizing is in Amerikaanske dystopyske, satiryske science fiction-komeedzjedramafilm út 2017 ûnder rezjy fan Alexander Payne, mei yn 'e haadrollen Matt Damon, Christoph Waltz en Hong Chau. De titel betsjut eins "in lytsere maat oannimme", mar ferwiist yn it Ingelsk nei "lytser te wenjen gean" (nei't de bern de doar út binne). Yn 'e film kriget it wurd lykwols in letterlike betsjutting, sadat "minimalisearjen" in bettere oersetting is. It ferhaal folget Paul Safranek, in Amerikaan dy't beslút om in koartby ûntwikkele proseduere te ûndergean, wêrby't syn lichem krompen wurdt oant er noch mar 121/2 sm lang is. Dat betsjut de ein fan syn houlik as syn frou op it lêste momint fan deselde proseduere ôfsjocht. Fan gefolgen moat Paul allinne fierder. Hy set him nei wenjen yn in mienskip fan oare ferlytse minsken en besiket in nij bestean op te bouwen. Syn libben nimt in ûnferwachtse kear nei't er in ferearmoede minskerjochte-aktiviste moetet dy't by wize fan bestraffing ferlytse is. Downsizing waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. De film krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes en flopte yn 'e bioskopen.
Downsizing | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Alexander Payne | |
produsint | Mark Johnson Jim Taylor Alexander Payne | |
senario | Alexander Payne | |
kamerarezjy | Phedon Papamichael | |
muzyk | Rolfe Kent | |
filmstudio | Ad Hominem Enterprises Gran Via Productions | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Matt Damon Christoph Waltz Hong Chau | |
byrollen | Kristen Wiig Udo Kier Rolf Lassgård Jason Sudeikis | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 22 desimber 2017 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-komeedzjedrama | |
taal | Ingelsk (ek wat Noarsk) | |
spyltiid | 135 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $68 miljoen | |
opbringst | $55 miljoen |
Op 'e siik nei in oplossing foar klimaatferoaring en de oerbefolking fan 'e Ierde ûntwikkelet de Noarske wittenskipper Jørgen Asbjørnsen in manear om organyske matearje op in net werom te draaien manear te krimpen, in proseduere dy't er "minimalisearjen" (downsizing) neamt. Hysels en syn frou Anne-Hélène meitsje diel út fan 'e earste groep minsklike testpersoanen, dy't werombrocht wurde ta in lichemslingte fan likernôch 121/2 sm. It idee dêrefter is dat minsken fan dy grutte in folle lytsere konsumpsje hawwe en ek folle minder ôffal produsearje. As de útkomsten fan it ûndersyk fan Asbjørnsen fiif jier letter buorkundich makke wurde, soarget dat foar in wrâldwide sensaasje.
Tsien jier letter geane Paul en Audrey Safranek, in Amerikaanske troud pear út Omaha (Nebraska) dat finansjeel yn 'e swierrichheden sit, nei de reüny fan Paul syn middelbere skoalle. Dêr moetsje se Paul syn skoalfreon Dave en dy syn frou Carol, dy't harsels minimalisearje litten hawwe. Ynstee fan 'e foardielen foar it miljeu, dy't Asbjørnsen foar eagen stiene doe't er it minimalisearjen ûntwikkele, leit Dave út dat foar him de echte driuwfear wie dat er no ryk is, om't er as ferlytse persoan mei itselde salaris fólle langer takin. Dat liket Paul ek wol wat, en hy bepraat Audrey om har beiden ek minimalisearje te litten en te ferhúzjen nei Leisureland ("Frijetiidslân"), in delsetting foar begoedige ferlytse persoanen yn Nij-Meksiko.
Paul en Audrey beävensearje dat se tagelyk de proseduere ûndergean sille, yn 'e mande mei in kloft oare minsken. Dêrby wurde se faninoar skaat om't men foar it minimalisearjen neaken wêze moat, sadat manlju by manlju en froulju by froulju pleatst wurde. Nei't er krompen ta 121/2 sm bykomt yn 'e útsliepkeamer, kriget Paul in tillefoantsje fan Audrey, dy't him fertelt dat se har op it lêste momint betocht hat en derfoar keazen hat om 'e proseduere net te ûndergean. Dêr heakket se daliks mar oan ta dat se no gjin takomst mear sjocht foar harren houlik, om't se (letterlik) net mear byinoar passe. Mei oare wurden: se giet by him wei en wol skiede.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
In jier letter tekenet Paul de skiedingspapierren. Hy wennet no yn Leisureland yn in lyts appartemintsje, mei't er it omreden fan 'e alimintaasje dy't er betelje moat net mear opbringe kin om yn 'e filla te wenjen dy't Audrey foar harren útsocht hie. Hy wurket yn in callcenter om't er syn fergunning as ergoterapeut nea oerset hie fan Nebraska nei Nij-Meksiko om't er net ferwachte hie dat er ea noch hoege soe te wurkjen. Paul hopet in nije leafde fûn te hawwen yn Kristen, in ferlytse allinnichsteande mem, mar hja makket it mei him út en beëiniget harren relaasje. Yrritearre oer alle leven dat by feestfierende buorlju wei komt, giet Paul dêrhinne om te kleien. Sa komt er yn 'e kunde mei de syn freonlike Servyske buorman Dušan Mirković, dy't in ferlytse playboy en swarthanneler is. Paul bliuwt as gast op it feest, drinkt tefolle alkohol en rekket út 'e tiid.
De oare moarns wurdt Paul wekker yn it romme appartemint fan Dušan, dêr't in hiel team ferlytse skjinmakkers delkomt om 'e rommel fan it feest op te rêden. Paul ken ien fan 'e skjinmaksters werom as Trần Ngọc Lan, in Fjetnameeske minskerjochte-aktiviste, dy't fan oerheidswegen finzenset en tsjin har wil minimalisearre is. Hja ûntsnapte mei in stikmannich oare ferlytse Fjetnamezen yn in tillefyzjedoaze nei de Feriene Steaten, mar ûnderweis rekken de oaren dea en Trần oerlibbe de reis mar kwealk en moast neitiid ien fan har skonken ûnder de knibbel ôfsette litte. Om't er mei syn kennis as ergoterapeut sjocht dat de skonkproteze har net goed past, biedt Paul oan om har dêrmei te helpen.
De trochpakkende Trần nimt Paul op sleeptou, wat hielendal syn bedoeling net wie, en bringt him nei in delsetting krekt bûten it eigentlike Leisureland, dêr't de earme ferlytse persoanen wenje yn in fjouwertal fan binnen omboude skuorkes foar minsken fan normale grutte, dy't foar harren hege flatgebouwen allyk binne. Om dêr te kommen geane se, hiel tapaslik, mei de (lytse) bus troch in ôffierputsje yn 'e ringmuorre fan Leisureland. De skuorke-flatgebouwen is wêr't de ferlytse skjinmakkers en it ferlytse tsjinstfolk wenje dy't it soargefrije libbentsje fan 'e ferlytse riken yn Leisureland mooglik meitsje. Paul hie nea tocht dat sokke mistannen ek yn 'e maatskippij fan ferlytse persoanen foarkamen, en hy is skokt troch de ûntdekking en de abominabele libbensomstannichheden yn wat winliken in sloppewyk is.
Yn har appartemint oankommen, lit Trần Paul besykje om in freondinne fan har te helpen, dy't op stjerren leit. Wannear't se him úteinlings oan har skonkproteze wurkje lit, fernielt er dy by fersin. It duorret moannen foar't se in nijenien krije kin, en oant dy tiid moat se har behelpe mei in houten poat. Om it goed te meitsjen, seit Paul ta dat er fergees foar har skjinmakbedriuw wurkje sil en har helpe sil by it ynsammeljen fan iten by de riken om yn 'e sloppewyk oan 'e earmen om te partsjen.
As Dušan foar it ferstân kriget hoe't Paul himsels yn 'e swierrichheden brocht hat, fynt er dat hilarysk. Hy en syn maat Joris Konrad sille krekt op reis om in lading lúkse swarte keapwaar ôf te leverjen by de oarspronklike koloanje fan ferlytse persoanen yn Noarwegen, dat hy besiket Paul te helpen om ûnder syn ferplichtings út te kommen troch him út te nûgjen om mei. Unferwachts kundiget Trần lykwols oan dat sy dan ek mei giet, mei't se troch har bekendheid as minskerjochte-aktiviste in steande útnûging fan dr. Asbjørnsen hat om dêr ris del te kommen.
Yn in Noarske fjord komme Asbjørnsen en syn frou Anne-Hélène oan board fan 'e boat fan Dušan, dy't bestjoerd wurdt troch Konrad, in âld-seekaptein. Asbjørnsen fertelt dat krekt mei wissichheid fêststeld is dat de klimaatferoaring no net mear stoppe wurde kin troch it ûntsjinkearbere frijkommen fan metaanemisjes út 'e ûntteiende poalstreken. Fan gefolgen sil de minskheid binnen inkele generaasjes útstjerre. Paul freget oft minimalisearjen soks net ferhelpe kin, mar Asbjørnsen antwurdet dat de proseduere te let kommen is, mei't oant no ta mar 3% fan 'e wrâldbefolking derfoar keazen hat om him minimalisearje te litten. Dy nachts fine Paul en Trần inoar en bedriuwe de leafde.
De oare deis, as se oankomme by de oarspronklike koloanje, ûntdekke de reizgers dat Asbjørnsen in needplan yn wurking steld hat: hy en de oare ferlytse kolonisten binne fan doel en slút harrensels op yn in grutte, selsfoarsjennende klûs, djip ûnder de grûn, en harren ôfstammelingen sille pas oer 8.000 jier wer foar 't ljocht komme, as it miljeu oan it ierdoerflak himsels wer stabilisearre hawwe sil. Paul is ien en al opwining, mei't er fuort oannimt dat er op dit stuit op dit plak brocht wêze moat om't it syn lotsbestimming is om mei ûnder de grûn. Dušan en Konrad leauwe wol dat Asbjørnsen-en-dy de technyske kanten fan harren plan goed trochtocht hawwe, mar se binne tige skeptysk oer de fraach oft it minsklik aard it wol tastean sil om 8.000 jier mei in beheinde groep oare minsken opsletten te sitten. Se ornearje dat de kolonisten inoar útmoarde hawwe sille noch foar't de rest fan 'e minskheid útstoarn is. Boppedat fine se Asbjørnsen-en-dy wol sympatike minsken, mar lykje se wol wat op in sekte.
Paul freget Trần om mei him nei de ûndergrûnske klûs te gean, mar sy wegeret. Se seit dat dejingen dy't ferlet hawwe fan har help deselden binne dy't boppe de grûn bliuwe. Paul set syn sin lykwols troch en Trần bliuwt yn fertwifeling efter. Dušan seit tsjin har dat se net yn noed hoecht te sitten, want neat dat Paul docht, pakt út sa't it him foar eagen stiet. Hy hat der alle fertrouwen yn dat Paul him úteinlik betinke sil. Wylst de doar fan 'e klûs tichtgiet, betinkt Paul him yndie en op it lêste nipperke slagget er wer nei bûten ta, dêr't er Trần yn 'e earms falt. Werom yn Leisureland giet Paul troch mei it helpen fan Trần om 'e bewenners fan 'e sloppewyk by te stean, en beseft er mei fernuvering dat er yndie syn lotsbestimming fûn hat.
personaazje | akteur/aktrise |
Paul Safranek | Matt Damon |
Dušan Mirković | Christoph Waltz |
Trần Ngọc Lan | Hong Chau |
personaazje | akteur/aktrise |
Audrey Safranek | Kristen Wiig |
Joris Konrad | Udo Kier |
dr. Jørgen Asbjørnsen | Rolf Lassgård |
Dave Johnson | Jason Sudeikis |
Anne-Hélène Asbjørnsen | Ingjerd Egeberg |
dr. Andreas Jacobsen | Søren Pilmark |
Carol Johnson | Maribeth Monroe |
Solveig Edvardsen | Margareta Pettersson |
Kristen | Kerri Kenney-Silver |
Leisureland-gids Matt | Don Lake |
Leisureland-ferkeapster | Niecy Nash |
Leisureland-bestjoerster | Donna Lynne Champlin |
anestesiolooch | James Van Der Beek (cameo) |
dr. Oswaldo Pereira | Joaquim de Almeida (cameo) |
Jeff Lonowski | Neil Patrick Harris (cameo) |
Laura Lonowski | Laura Dern (cameo) |
ferlytse frou yn bus | Margo Martindale (cameo) |
Downsizing waard regissearre troch Alexander Payne nei in senario himsels, dat er tegearre mei Jim Taylor ûntwikkele hie oer in perioade fan twa en in heal jier tusken syn eardere film Sideways, út 2004, en syn dêropfolgjende film The Descendants (2011). It hie eins de bedoeling west dat Downsizing it earstfolgjende filmprojekt fan Payne wurde soe, mar troch omstannichheden makke er ynstee The Descendants en dêrnei Nebraska (2013). Op 5 novimber 2014 waard oankundige dat Downsizing no echt oan bar wie.
As produsinten wiene Payne sels, Jim Taylor en Mark Johnson by it projekt belutsen foar de filmstudio's Ad Hominem Enterprises en Gran Via Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $68 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Phedon Papamichael, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Rolfe Kent.
De opnamen foar Downsizing setten op 1 april 2016 útein. Der waard filme yn Markham, op 'e Universiteit fan Toronto Mississauga yn Mississauga en yn it Aga Khan Museum yn Toronto, allegearre yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario. De binnendoarsênes waarden foar it meastepart filme yn 'e Pinewood Toronto Studios. Yn 'e Feriene Steaten waarden ferskate sênes opnommen yn Omaha (Nebraska) en yn Los Angeles (Kalifornje). De einsênes waarden filme op en by de Trollfjord yn noardlik Noarwegen.
De distribúsje fan Downsizing waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film waard foar it earst fertoand op 30 augustus 2017 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, en hy wie letter dat jier ek te sjen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. Op 22 desimber 2017 gie Downsizing yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. De film kaam op 6 maart 2018 beskikber as digitale download en waard op 20 maart fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.
Fan 'e filmkritisy krige Downsizing mingde resinsjes. Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter, dy't de film úteinlik it earste plak tapartsje soe op syn listke fan bêste films fan 2017, priizge Downsizing as "grut en prachtich". Hy hie fral lof foar de rezjy fan Alexander Payne en de aktearprestaasjes fan Damon, Waltz en Chau. Hy skreau: "[D]it is in tige minskleavjende film, dy't, lykas de bêste Hollywood-klassikers, oanfielt as folslein fan it momint sels en tagelyk tiidleas. It wie in riskante gok, mar ien dy't de kreätive jackpot wûn hat."
Yn 'e Britske krante The Guardian joech Xan Brooks 5 fan 5 stjerren oan wat er "Alexander Payne syn miniatuermasterwurk" neamde. Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone parte oan Downsizing 31/2 fan 4 stjerren ta. Hy skreau dat "Alexander Payne syn dystopyske science fiction-satire" troch "kjelmeitsjende aktearprestaasjes en special effects […] oerrint fan it genot fan it ûnferwachtse."
Oan 'e oare kant fan it spektrum fûn David Sims fan The Atlantic net folle oan Downsizing. Syn oardiel wie: "As Payne de ferminging fan sjenres ta in súkses meitsje kinnen hie, wie [de film] in masterwurk wurden. Spoiler (lytse letterkes net nedich): dat hat er net oprêden." Yn it blêd The New Yorker omskreau Richard Brody Downsizing as "trije films yn ien: in ridlikenien, in geweldigenien en in ferskriklikenien. Dy wurde feriene yn it neistribjen fan it grutte idee fan 'e film, mar it rikken nei in grut idee is no just it grutste swakke punt fan 'e film." Keith Uhlich fan Slant Magazine joech Downsizing mar 11/2 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Payne […] liket te mienen dat er it iene of oare grutte statement makke. Dat je lynje ris rêstich efteroer en besauwe jin deroer hoe't er oan ien wei troch fierder besiket te rikken as syn earm lang is."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Downsizing in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 301 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] bringt in talintearre cast gear en hat in stikmannich wierlik ynteressante ideeën. Foar beskate dielen fan it publyk is dat miskien genôch om 'e frustrearjende tekoartkommings fan it einprodukt te ferjaan." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Downsizing in goedkarringspersintaazje fan 63%, basearre op 48 resinsjes.
Downsizing brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $24,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $30,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $55,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $68 miljoen betsjut dat in ferlies fan $13 miljoen, dêr't de marketingkosten noch by opteld wurde moatte.
Downsizing wûn de Virtuoso Award fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Santa Barbara. Hong Chau waard foar har rol as Trần Ngọc Lan nominearre foar de Golden Globe, de Screen Actors Guild Award en de Critics' Choice Movie Award yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise. De film waard fierders nominearre foar de Saturn Award foar bêste fantasyfilm, de Satellite Award foar bêste artdirection en produksje-ûntwerp en de Gouden Liuw op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.