Remove ads

In doktoraat is de heechste graad dy't men oan in universiteit behelje kin. De drager fan in doktoraat is in doktor (as predikaat faak ôfkoarte ta 'dr.'). Men kriget in doktoraat troch te promovearjen op in beskaat proefskrift (of dissertaasje), in wittenskiplik non-fiksjewurk dat men oer in ûnderwerp skriuwe moat oangeande de stúdzje dêr't men yn promovearje wol. It skriuwen fan sa'n proefskrift folget op it dwaan fan wittenskiplik ûndersyk nei it ûnderwerp dêr't men faak yn oerlis mei jins stúdzjebegelieder(s) foar keazen hat, en dat yn 'e praktyk 4-6 jier yn beslach nimt. Dêrnei kin mei it eigentlike skriuwwurk faak ek noch ferskate jierren muoid wêze. Gauris wurde doktoraal-kandidaten foar de perioade fan it skriuwen fan it proefskrift fia in arbeidskontrakt of stúdzjebeurs oansteld as assistint oan 'e universiteit.

It eigentlike beheljen fan in doktoraat wurdt de promoasje neamd, en de persoan dy't dat docht is de promovindus. Neidat in promoasjekommisje fan saakkundigen it proefskrift beoardiele hat, komt it yn it gefal fan goedkarring ta in promoasjeplechtichheid. Dy kin op syn betiidst trije jier nei oanfang fan it ûndersyk plakfine. Sa'n seremoanje bestiet út in iepenbiere mûnlinge ûnderfreging troch dosinten en heechlearaars fan 'e oangeande fakulteit, wêrby't de promovindus syn of har proefskrift ferdigenje moat tsjin krityske fragen en opmerkings. Sa't de namme al seit is dit lykwols inkeld in plechtichheid, en bestiet der nei goedkarring troch in promoasjekommisje yn prinsipe gjin kâns mear dat it proefskrift by de promoasjeplechtichheid noch ôfwiisd wurde kin. Oan 'e ein fan 'e seremoanje wurdt oan de promovindus syn of har doktoraatsdiploma (of promoasjebul) oerlange.

Der besteane ek earedoktoraten. Dat binne ûnderskiedings ta earbetoan dy't troch universiteiten útrikt wurde oan lju dy't har bysûnder fertsjinstlik makke hawwe foar de maatskippij yn it algemien. Hjirfoar hoecht dus net studearre te wurden.

It doktoraat moat net betize wurde mei it doktoraaleksamen, it ôfslutende eksamen dat foarhinne yn Nederlân late ta de titel doktorandus (drs.), dy't ûnderwilens ferfongen is troch dy fan master.

Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.

Remove ads