film út 2005 fan David Dobkin From Wikipedia, the free encyclopedia
Wedding Crashers is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2005 ûnder rezjy fan David Dobkin, mei yn 'e haadrollen Owen Wilson, Vince Vaughn, Rachel McAdams en Isla Fisher. It ferhaal giet oer twa manlju dy't ûnútnûge nei trouwerijen geane om it oan te lizzen mei breidsfamkes en oare froulike brulloftsgasten, oant ien fan beiden fereale rekket. De film krige oer it algemien positive resinsjes en úntjoech him ek kommersjeel ta in grut súkses. Neffens guon filmkritisy soe Wedding Crashers holpen hawwe om 'e merk fan romantyske komeedzjes foar in folwoeksen publyk nij libben yn te blazen.
Wedding Crashers | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | David Dobkin | |
produsint | Peter Abrams Robert L. Levy Andrew Panay | |
senario | Steve Faber Bob Fisher | |
kamerarezjy | Julio Macat | |
muzyk | Rolfe Kent | |
filmstudio | Tapestry Films | |
distribúsje | New Line Cinema | |
spilers | ||
haadrollen | Owen Wilson Vince Vaughn Rachel McAdams Isla Fisher | |
byrollen | Christopher Walken Jane Seymour Bradley Cooper Keir O'Donnell Will Ferrell | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 15 july 2005 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske komeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 119 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $40 miljoen | |
opbringst | $285,2 miljoen |
John Beckwith en Jeremy Gray binne mediators by skiedings, dy't it foar de moade hawwe om ûnútnûge nei trouwerijen te gean (yn it Ingelsk: to crash weddings), mei as doel om it oan te lizzen mei breidsfamkes en oare tsjeppe froulike brulloftsgasten. Om't de measte brulloften 'e maityd holden wurde, is dat foar harren heechseizoen. Krekt foar't de simmerfakânsje begjint, fettet Jeremy it plan op om 'e brulloft fan ien fan 'e dochters fan 'e Amerikaanske minister fan Finânsjes William Cleary te 'crashen'. Sa'n prominint fermidden hawwe se noch nea bedroegen, en Jeremy beskôget it as de bekroaning op harren karriêre. Hy plant alles oant yn 'e puntsjes, want om't de minister fan Finânsjes en syn húshâlding bewekke wurde troch aginten fan de Secret Service, bestiet der gjin romte foar flaters. John is tsjin dy tiid wat útsjoen rekke op it hiele brulloft-'crashen' en hy freget him ôf oft dit 'alles' is dat der is, mar hy wurdt meisleept troch it entûsjasme fan Jeremy. Troch falske nammen oan te nimmen en har foar te dwaan as in pear sakelju út Nij-Hampshire dy't yn 'e fierte op in yngewikkelde manear oan 'e Clearys besibbe binne, komme se by de brulloft binnen.
Yn 'e tsjerke, ûnder de ynseinging fan it houlik fan Christina Cleary, kriget Jeremy frijwol daliks in suster fan 'e breid yn it fizier, de readhierrige Gloria. Foar John is it leafde op it earste gesicht as er Claire, de trêde dochter fan 'e minister, sjocht. Letter, op 'e brulloft, lûkt John de oandacht fan Claire, en se reitsje oan 'e praat. Der springt dúdlik in fonk tusken harren oer, mar dan docht bliken dat Claire al in frijer hat, de ûnútsteanbere driftkop en snob Sack Lodge, dy't har efter har rêch om ôfrinne lit en boppedat temûk mei oare froulju omslacht. Underwilens leit Jeremy, dy't inkeld út is op seks, it oan mei Gloria, en se hawwe geslachtsmienskip op in strân fuortby it plak fan 'e brulloft. As se him nei ôfrin fertelt dat it har earste kear wie, ûntdekt er pas hoe besitterich oft se is, en as se binnen de koartste kearen in obsesje foar him ûntwikkelet, wit Jeremy net hoe gau oft er fuortkomme moat. Gloria har útnûging om it wykein troch te bringen yn it bûtenhûs fan har famylje wurdt troch John lykwols mei beide hannen oangrypt, om't er fereale rekke is op Claire. As brulloft-'crashers' hawwe John en Jeremy in stikmannich regels opsteld dêr't se har oan hâlde moatte, en de earste regel is: lit nea in mei-'crasher' allinnich efter. Dat, salang't John net nei hûs ta wol, kin ek Jeremy net fuort.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Yn it bûtenhûs komme de beide mannen better yn 'e kunde mei de Clearys. Gloria is likefolle op seks belust as Jeremy, en se twingt him oanhâldend ta geslachtsmienskip, oant er dêr gjin aardichheid mear oan hat. Nachts blykt se ek noch in kinky kant te hawwen en wurdt er wekker as se him op bêd fêstbûn hat sadat se him nochris beride kin. De minister sels bedriget Jeremy om't er fermoedet dat it dy inkeld om seks mei Gloria te dwaan is. De frou fan 'e minister (en de mem fan Claire en Gloria) falt ûnderwilens John lestich mei seksuële yntimidaasje, en de homoseksuële soan fan 'e minister, Todd, besiket Jeremy te ferlieden as dy nachts nei Gloria har besyk noch neaken fêstbûn op bêd leit. Sack bringt by in potsje Amerikaansk fuotbal op it gazon Jeremy ferskate kearen ferwûnings ta, en beppe Cleary, de mem fan 'e minister, is in rasistyske homofobe fekke dy't eltsenien útflokt.
Op oantrúnjen fan Jeremy, dy't it spul flugger gean litte wol sadat er gauwer nei hûs kin, jit John foar it diner in eachmiddel yn Sack syn wyn, sadat dy yn 'e diaree rekket. Dat jout John mear kâns om tiid mei Claire troch te bringen, wat se de folgjende deis dogge op in tripke op it syljacht fan 'e Clearys. Sack begjint wat te fermoedzjen, dat hy nimt John en Jeremy mei op jacht en besiket by wize fan net sa subtile hint John yn 'e kont te sjitten mei in skot hagel. Trochdat John, dy't noch nea in gewear ôfsketten hat, op it lêste momint fansiden smiten wurdt troch de wjerslach fan syn jachtgewear, rekket Sack ynstee Jeremy. Werom yn it bûtenhûs skillet Sack in maat fan him op, dy't in privee-detektive ken. Dy lit er in ûndersyk ynstelle nei John en Jeremy. Wylst Gloria mei in pinset de hagelkûgeltsjes út Jeremy syn stuten peuteret, geane John en Claire op in romantysk fytstochtsje nei it ôfhandich en ferlitten strân, dêr't se inoar foar it earst tútsje. Claire jout dan einlings ta dat se ûnwis is oer har gefoelens foar Sack.
Underwilens fertelt Gloria oan Jeremy dat harren frijpartij op it strân ûnder de brulloft fan Christina yn 'e fierste fierte net har earste kear wie, en dat se dat inkeld sein hat om't se tocht dat manlju dat graach hearre mochten. Jeremy beseft dan dat se him bedondere hat op deselde wize as dat hysels ornaris froulju bedonderet, en hy ûntdekt dat er dat ekstreem oantreklik fynt. Underweis werom fan it strân beslút John dat er alles oan Claire opbychte sil om har oer te heljen net mei Sack te trouwen, mar ear't er út syn wurden komme kin, wurdt er ûnderbrutsen troch Jeremy, dy't troch beppe Cleary mei in jachtgewear it hûs útjage wurdt. De privee-detektive dy't Sack ynskeakele hie, hat der mar in pear oeren foar nedich hân om fêst te stellen dat de beide sakelju út Nij-Hampshire hielendal net besteane, en Sack hat gjin tiid ferspile om dy útkomst oan 'e Clearys troch te jaan. De minister freget de beide mannen fatsoenlik mar op net mis te fersteane wize om op te pakken. Claire fielt har troch John ferret, en keart him de rêch ta, mar Gloria fielt har troch it útkommen fan it bedroch noch mear ta Jeremy oanlutsen en makket mei har hannen in hertsje yn syn rjochting foar't se har by har famylje jout.
Yn 'e dêropfolgjende moannen besiket John op alderhanne manearen mei Claire yn kontakt te kommen om ûntskuldigings te meitsjen en út te lizzen wat der oan 'e hân wie, mar se reägearret nearne op. Underwilens ûnderhâlde Jeremy en Gloria in geheim relaasje dy't almar serieuzere foarmen oannimt. As John plannen makket om ûnútnûge op it ferlovingsfeest fan Claire en Sack te ferskinen, besiket Jeremy him dat te ûntpraten, mar John wol net harkje. Jeremy seit ta mei him nei it ferlovingsfeest ta te sillen, mar hy komt net opdaagjen en John giet der allinnich hinne. Binnen de koartste kearen hat Sack him yn 'e rekken, en mei in stikmannich maten nimt er John mei nei bûten ta en slacht him yninoar. As John neitiid ferhaal helje wol by Jeremy, trappearret er dy wylst er seks hat mei Gloria. John fielt him ferret en rint fuort, en wol net harkje as Jeremy him besiket út te lizzen wat der oan 'e hân is. Dêrnei komt John telâne yn in spiraal fan klinyske depresje, dronkenskip en selsmoardnigings. Hy giet op eigen manneboet ûnútnûge nei brulloften, dêr't er de sfear bedjert mei deprimearjende taspraken en ûnfoechsume avânses yn 'e rjochting fan 'e breid.
Wylst Claire en Sack harren trouwerij planne, groeie by Claire de twifels. Jeremy freget Gloria om mei him te trouwen en sy jout tawurd. Om't Claire treuzelet mei it trochhakken fan knopen, wurdt besletten dat Gloria en Jeremy earst trouwe sille. Jeremy freget John om syn tsjûge te wêzen, mar John stegeret him ôf. Ynstee siket John kontakt mei Chazz Reinhold, de eardere mentor dy't Jeremy it hiele brulloft-'crashen' bybrocht hat. Chazz is in fint yn syn middeljierren dy't noch by syn mem ynwennet en no froulju moetet troch ûnútnûge nei begraffenissen te gean en it dan oan te lizzen mei widdowen en oare kreaze froulike djipdrôven. Hy bepraat John om mei nei in begraffenis, mar John hat al rillegau troch dat soks him te fier giet. As er in frou sjocht dy't oprjocht om har ferstoarne man rout, twingt dat him om op 'e nij oer konsepten as leafde en houlik nei te tinken. Dêrop hastiget er him nei de brulloft fan Jeremy en Gloria ta, dêr't er noch krekt foar it útsprekken fan 'e trou-ûnthjitten yn 'e tsjerke arrivearret en dan dochs noch syn plak as tsjûge oan 'e side fan Jeremy ynnimme kin.
Jeremy is bliid as in bern dat John dochs noch kommen is, mar Claire, dy't de tsjûge fan Gloria is, rekket der oerstjoer fan. Dat boazet noch oan as John him net behearskje kin en ûnder it útsprekken fan 'e trou-ûnthjitten troch Jeremy en Gloria in flústere monolooch tsjin Claire hâldt. As it Claire tefolle wurdt en se útnaait, ropt John har nei en ferklearret er lûdop en foar it oansjen fan 'e hiele tsjerke syn leafde foar har. Hy seit dat se net beslist mei him hoecht te trouwen, salang't se mar net mei Sack trout. Dêrop seit Sack John it mannewaar op, mar Claire falt him yn it wurd en jout ta dat se net mei him trouwe kin. Dat nimt Sack net goed op en hy wurdt tige opsternaat. Hy freget minister Cleary om Claire teplak te wizen, en as dy de beslissing fan syn dochter stipet, mislediget Sach de minister. As John him noch in stek ûnder wetter jout, springt Sack oer de foarste tsjerkebank hinne om him oan te fallen, mar ear't er John tenei komme kin, slacht Jeremy him bewusteleas by wize fan wraak foar it potsje Amerikaansk fuotbal en de hagel yn 'e kont. Gloria, dy't dêrtroch tige opwûn rekke is, springt Jeremy yn 'e earms en tutet him hertstochtlik. John rint nei Claire ta en tutet har, en sy tutet him werom. Nei de brulloft ride de beide pearkes mei-inoar yn ien auto fuort en beprate se in plan om fjouweresom in brulloft te 'crashen', wêrby't se har foardwaan sille as in mormoanske folksmuzykgroep út Salt Lake City.
personaazje | akteur/aktrise |
John Beckwith | Owen Wilson |
Jeremy Gray | Vince Vaughn |
Claire Cleary | Rachel McAdams |
Gloria Cleary | Isla Fisher |
personaazje | akteur/aktrise |
minister William Cleary | Christopher Walken |
frou Cleary | Jane Seymour |
Sack Lodge | Bradley Cooper |
Todd Cleary | Keir O'Donnell |
Chazz Reinhold | Will Ferrell |
beppe Cleary | Ellen Albertini Dow |
pastoar O'Neil | Henry Gibson |
Randolph | Ron Canada |
Christina Cleary | Jenny Alden |
Craig, Christina har brêgeman | Geoff Stults |
tsjûge fan Craig | Larry Joe Campbell |
dhr. Kroeger | Dwight Yoakam |
frou Kroeger | Rebecca De Mornay |
Camille | Camille Anderson |
Oan it begjin fan 'e film hawwe de Amerikaanske politikus John McCain en de polityk kommentator James Carville in koarte kameo as se de minister en de frou lokwinskje mei de trouwerij fan dochter Christina.
Produsint Andrew Panay krige it idee foar Wedding Crashers troch syn eigen ûnderfinings as brulloft-'crasher' út syn jonkheid. Hy oerlei mei it senarioskriuwersteam Steve Faber en Bob Fisher, dy't der lykwols twifels oer hiene oft om it tema brulloft-'crashen' hinne wol in hiele langspylfilm makke wurde koe. Dêrom besleaten se om 'e beide haadpersoanen fereale wurde te litten op famkes út in foaroansteande politike famylje. Foar dat diel fan it ferhaal lieten de beide mannen har ynspirearje troch harren eigen jonkheidsdream om mei in famke út 'e Kennedy-famylje te trouwen.
It resultearjende senario fan Faber en Fisher waard ûnder de titel Wedding Crashers ferfilme troch regisseur David Dobkin, dy't earder mei akteur Owen Wilson gearwurke hie yn 'e westernkomeedzje Shanghai Knights. Hy hie lykwols mear ûnderfining as toanielregisseur, en stie derop om trije en in heale wike te repetearjen foar't de eigentlik opnamen, dy't 52 dagen duorren, op 22 maart 2004 úteinsetten. De film waard produsearre troch Panay yn gearwurking mei Peter Abrams en Robert L. Levy foar Tapestry Films. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Julio Macat, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Rolfe Kent. De distribúsje waard dien troch New Line Cinema. Foar Wedding Crashers wie in budget beskikber fan $40 miljoen. De film waard opnommen op lokaasje yn Washington, D.C. en Marylân. De brulloftsênes út it begjin fan 'e film waarden opnommen yn 'e Inn at Perry Cabin yn Saint Michaels.
Wedding Crashers gie op 15 july 2005 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Op 3 jannewaris 2006 kaam de film út op dvd, en op 30 desimber 2008 op blu-ray. Nei goed Amerikaansk gebrûk bestiet der in sinsurearre ferzje en in ûnsinsurearre (R-rated) ferzje. De ûnsinsurearre ferzje is acht minuten langer, mar lit beslist gjin skokkende dingen sjen en mar in hiel lyts bytsje froulik bleat. De blu-ray-edysje hat beide ferzjes op ien skiif.
De measte filmkritisy wiene posityf oer Wedding Crashers. Carina Chocano skreau yn 'e Los Angeles Times dat se yn it bysûnder genoaten hie fan it optreden fan Vince Vaughn, dy't se "de siel fan 'e film" neamde. Se hie lykwols krityk op Will Ferrell syn bydrage en fûn it tuskenspul by Chazz Reinhold thús en op 'e begraffenis "ferskriklik". Nettsjinsteande dat fûn se de film as gehiel "fermaaklik" en se wegere om dêr ferûntskuldigings foar te meitsjen. Yn The New York Times skreau Manohla Dargis: "It is kru, jawis, mar ek grappich." Sy fûn de ferskowing fan "in op manlju rjochte sekskomeedzje" nei "in chickflick oer winsken dy't yn ferfolling geane" lykwols steurend.
Brian Lowry skreau yn it tydskrift Variety dat er Wedding Crashers "frij amusant" fûn, "by fleagen oerdreaun en [...] út en troch in bytsje homofoob." Hy priizge benammen Rachel McAdams, mei't it har slagge wie om "gatten yn it ferhaal op te foljen en warempel in reälistysk persoanaazje te kreëarjen." Fierders utere er teloarstelling oer it feit dat neffens him Christopher Walken yn 'e film te min ta syn rjocht kaam. Kritikus Roger Ebert joech Wedding Crashers yn in resinsje yn 'e Chicago Sun-Times mar twa stjerren fan fjouwer. Hoewol't er tajoech dat der "yndividuële mominten" wiene dy't "hiel grappich" wiene, fûn er dat regisseur David Dobkin net genôch syn bêst dien hie.
It Britske tydskrift Empire joech Wedding Crashers trije fan fiif stjerren. De resinsje dy't yn dat blêd ôfprinte waard, wie tige kompliminteus oer Vince Vaughn en Owen Wilson, dy't hiel goed gearwurken en inoar as duo oanfollen, "sûnder de gebrûklike grapmaker/oanjouwer-dynamyk." Wol waard it skript omskreaun as "gearflânze" en fûn de skriuwer fan it artikel dat de senarioskriuwers "guon potinsjeel kostlike grappen" lizze lieten. Kimberley Jones ferliek de film yn har resinsje yn The Austin Chronicle mei in oare romantyske komeedzje dy't op it rântsje wie, There's Something About Mary, en yn dy kontekst befûn se Wedding Crashers as te licht. Se fûn de plot klisjeemjittich en de karakterisearring fan seksuële oriïntaasje en ras steurend: "Homo's en swarten wurde respektivelik fertsjintwurdige troch in ferwoeksen psychoat en in Jamaikaanske tsjinstfeint." Ek beskuldige se de film fan in "soere toan" en "ûnopmerklikheid oer de kant dy't it ferhaal útgiet."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, behelle Wedding Crashers lykwols it frij hege goedkarringspersintaazje fan 76% op basis fan 186 ûnderskate resinsjes. De konsenuskrityk dy't dêrby jûn waard, wie: "Wedding Crashers is sawol grof as leaf, en befettet earsteklas komyske optredens fan Vince Vaughn en Owen Wilson." Op Metacritic, de foarnaamste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 64% op basis fan 39 resinsjes.
Fuort nei't Wedding Crashers op 15 july 2005 yn 'e bioskopen yn Noard-Amearika yn premiêre gien wie, ûntjoech de film him al ta in kommersjeel súkses. Yn it iepeningswykein waard $33,9 miljoen binnenhelle, wêrmei't de makkers sa goed as út 'e kosten wiene. Uteinlik brocht Wedding Crashers yn Noard-Amearika $209,3 miljoen op en yn oare lannen $75,9 miljoen. Dêrmei kaam de totale opbringst út op $285,2 miljoen. Ofset tsjin in budget fan $40 miljoen kaam dat del op in winst fan goed $245 miljoen. Neffens guon filmkritisy hat it kommersjele súkses fan Wedding Crashers holpen om 'e merk fan romantyske komeedzjes foar in folwoeksen publyk nij libben yn te blazen.
Wedding Crashers waard nominearre foar fiif MTV Movie Awards. By de útrikking op 24 april 2006 wûn de film trije prizen: yn 'e kategory bêste film, yn 'e kategory bêste team yn in film (Owen Wilson en Vince Vaughn) en yn 'e kategory bêste akteartrochbraak (Isla Fisher).
Nei it súkses fan Wedding Crashers wie der ferskate kearen praat fan dat der in ferfolch makke wurde soe, mar dêr kaam nea wat fan. Neffens regisseur Dobkin soene hy en haadrolspilers Vaughn en Wilson in idee oer in twadde film besprutsen hawwe, wêryn't sy it opnimme soene tsjin in bettere brulloft-'crasher' as sysels, dy't spile moatte wurde soe troch James Bond-fertolker Daniel Craig. Dat idee waard lykwols nea fierder útwurke. De komeedzjefilm The Internship, út 2013, wêryn't Vaughn en Wilson ek de haadrollen spilen, waard troch filmkritikus A.A. Dowd omskreaun as "in ûnoffisjeel ferfolch" op Wedding Crashers (hoewol't it in hiel oar ferhaal is mei folslein oare personaazjes en Rachel McAdams en Isla Fisher der net yn foarkomme).
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.