Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Secret Service, folút: United States Secret Service (USSS), wat "Geheime Tsjinst fan de Feriene Steaten" betsjut, is in Amerikaanske federale plysjetsjinst dy't ressortearret ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Thúslânbefeiliging, en dy't twa ferantwurdlikheden hat: it bestriden fan finansjele misdriuwen en de befeiliging fan heech pleatste persoanen yn it Amerikaanske regear. De Secret Service is fêstige yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., en hie yn 2013 mear as 6.700 wurknimmers, wêrfan't 4.400 beëdige plysjeminsken wiene. De beëdige leden binne ferdield oer de spesjaal aginten, dy't boargerklean drage, en de Uniformearre Difyzje. Oant 1 maart 2003 foel de Secret Service ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Finânsjes.
Secret Service | |
---|---|
flagge | embleem |
algemiene gegevens | |
namme folút | United States Secret Service ("Geheime Tsjinst fan de Feriene Steaten") |
ôfkoarting | USSS |
lân | Feriene Steaten |
haadkertier | Washington (D.C.) |
oprjochte | 1865 |
doel | bestriding fan finansjele misdriuwen; persoansbeskerming |
sifers | |
wurknimmers | >6.700 (2013) |
beëdige leden | 4.400 |
jierliks budget | $1,92 miljard (2013) |
oar | |
webside | www.secretservice.gov |
De Secret Service waard yn 1865 oprjochte troch presidint Abraham Lincoln (iroanyskernôch op 'e dei dat er fermoarde waard, 14 april), om 'e falskemunterij oan te pakken dy't doe, oan 'e ein fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, skearing en ynslach wie. Sadwaande waard de tsjinst ûnderbrocht by it Ministearje fan Finânsjes. Bestriding fan falskemunterij, ferfalsking fan Amerikaanske weardepapieren en ûndersyk nei grutskalige fraude hearre noch altiten ta de kearntaken fan 'e Secret Service. Dêr binne troch de jierren hinne nochal wat saken by kommen, lykas de bestriding fan ferfalsking fan identiteitsbewizen en kompjûterfraude. De Secret Service ûntjoech him ek ta de earste Amerikaanske binnenlânske feilichheids- en kontraspionaazjetsjinst, mar de taken op dat mêd en oare bykommende terreinen binne meitiid oernommen troch de FBI, CIA, NSA, ATF, de Amerikaanske Ymmigraasjetsjinst (ICE) en de Amerikaanske Belestingtsjinst (IRS), dy't allegear fan letter datum datearje as de Secret Service.
Doe't nei de moard op 'e Amerikaanske presidint William McKinley, yn 1901, foar in elk dúdlik waard dat sokke pommeranten net mear sûnder liifwachten koene, joech it Amerikaanske Kongres oan 'e Secret Service, dat doedestiden noch de iennichste federale plysje-organisaasje wie, de opdracht en it foech om 'e presidint en syn famylje en beskate oare oerheidsfunksjonarissen te beskermjen en te befeiligjen. Sa ûntstie de wat tipelsinnige twafâlde ferantwurdlikheid fan 'e Secret Service op mêden dy't fierders neat mei-inoar te krijen hawwe. Hjoed de dei bewurkmasteret de tsjinst de persoanlike befeiliging fan:
It is mooglik foar elkmis fan 'e boppeneamde persoanen om offisjeel ôfstân te dwaan fan befeiliging troch de Secret Service, útsein de presidint, de fise-presidint, de presidint-elekt, de fise-presidint-elekt en yn it gefal dat der gjin fise-presidint is (wat barre kin as de fise-presidint kommen is te ferstjerren, of as de presidint kommen is te ferstjerren en de fise-presidint him opfolge is) de earstfolgjende pleatsferfanger fan 'e presidint. Soms is it troch oerlaping fan foech nedich om nau mei oare feilichheidstsjinsten gear te wurkjen. Om in foarbyld te jaan: doe't de eardere presidintsfrou Hillary Clinton yn 2009 minister fan Bûtenlânske Saken waard, waard se thús befeilige troch de Secret Service, mar op har wurk en ûnder har reizen troch de Diplomatic Security Service (DSS).
De Secret Service ûndersiket jiers tûzenen gefallen wêrby't persoanen drigeminten uterje oan it adres fan 'e Amerikaanske presidint. Krekt as de eigentlike persoansbefeiliging wurdt sok ûndersyk útfierd troch de yn boarger klaaide spesjaal aginten. Sûnt de Secret Service mei de befeiliging fan 'e Amerikaanske presidint belêstge is, is der mar ien presidint mear omkommen, en dat wie John F. Kennedy, yn 1963. (De oare trije fermoarde Amerikaanske presidinten, Abraham Lincoln (1865), James Garfield (1881) en William McKinley (1901), waarden ombrocht foar't persoansbefeiliging ta de taken fan 'e Secret Service hearde.) Fierders hawwe Secret Service-aginten moardoanslaggen witten te ferideljen op 'e presidinten Harry Truman (1950), Gerald Ford (1975) en Ronald Reagan (1981). Der wurdt fan 'e leden fan 'e Secret Service ferwachte dat se de presidint sa nedich mei harren eigen lichem beskermje sille, sa't agint Tim McCarthy yn 1981 die troch yn 'e baan fan 'e kûgel te stappen dy't foar Reagan bedoeld wie. Hoewol't McCarthy slim ferwûne rekke, bettere er wer hielendal op. It iennichste lid fan 'e Secret Service dat ea by in oanfal op in presidint omkommen is, wie soldaat Leslie Coffelt, fan 'e Uniformearre Difyzje, dy't yn 1950 by de oanslach op Truman yn syn boarst en ûnderlichem rekke waard, mar foar't er stoar noch ien fan 'e beide dieders deaskeat.
De Uniformearre Difyzje (UD), dy't út 1.300 manskippen bestiet, is belêstge mei de befeiliging fan it Wite Hûs as gehiel, en teffens dy fan oare residinsjes fan 'e Amerikaanske presidint (lykas it bûten Camp David), en fierders de residinsje fan 'e fise-presidint, it Ministearje fan Finânsjes (as ûnderdiel fan it Wite Hûs) en bûtenlânske ambassades yn Washington, D.C. De UD waard yn 1922 oprjochte as de Wite-Hûsplysje (White House Police Force), mar waard yn 1930 folslein yntegrearre yn 'e Secret Service. Harren wurk behellet it bemanjen fan in stelsel fan fêste befeiligingsposten, wachtrinnen en it útfieren fan patrûljes op 'e fyts, de motorfyts en yn 'e auto.
Yn april 2012 kaam in skandaal oan it ljocht dêr't aginten fan 'e Secret Service by belutsen wiene. Under it besyk fan presidint Obama oan in top fan Noard- en Súdamerikaanske lieders yn Cartagena, yn Kolombia, fierden alve Secret Service-aginten en personeel fan alle fjouwer tûken fan 'e Amerikaanske Striidkrêften yn in hotel feest, wat mank gie mei de ynname fan grutte hoemannichten alkohol en it ynhieren fan pleatslike prostituees. Presidint Obama waard dêrtroch yn ferlegenheid brocht en de Secret Service stie foar skut. Neitiid waarden njoggen aginten twongen om ûntslach te nimmen of mei pinsjoen stjoerd. Nije regels waarden opsteld dy't it Secret Service-minsken ferbiede om "gelegenheden dy't op in minne namme lizze" ("non-reputable establishments") te besykjen. Teffens waard it harren tenei ferbean om binnen tsien oeren foar't har tsjinst begjint noch alkohol te drinken, en waard de tagong ta harren hotelkeamers beheind.
De Secret Service hat troch jierren hinne gauris it ûnderwerp fan film en literatuer west. It bekendst binne yn dat ferbân de films In the Line of Fire ("Yn 'e Baan fan 'e Kûgel") en Guarding Tess. In the Line of Fire is in thriller út 1993 mei akteur Clint Eastwood yn 'e haadrol as in âldere Secret Service-agint dy't noch altiten in trauma hat fan 'e moard op Kennedy (dêr't er as nijynkommeling by oanwêzich wie), en dy't no de iennichste is dy't de tsjintwurdige presidint rêde kin fan in psychopatyske moardner, spile troch John Malkovich. Yn Guarding Tess (1994) spilet akteur Nicolas Cage in agint dy't de widdo fan in eardere presidint (Shirley MacLaine) bewekje moat. Sy fynt de befeiliging lestich, en besiket dy allegeduerigen te omsilen, oant se op in kear ferdwynt om't se echt ûntfierd is en net ien it leauwe wol.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.