From Wikipedia, the free encyclopedia
Isla Fisher (útspr.: ['a:ila 'fɪʃəɹ], likernôch "aaila fisjer"; folút: Isla Lang Fisher; Maskat (Omaan), 3 febrewaris 1976) is in Britsk-Australysk aktrise en skriuwster fan Skotsk etnysk komôf. Nei't se as tiner twa romans skreaun hie, begûn se yn 'e njoggentiger jierren har karriêre as aktrise mei in fêste rol yn 'e Australyske soapsearje Home and Away. Yn 2005 briek se ynternasjonaal troch mei har optreden yn 'e Amerikaanske film Wedding Crashers. Fisher troude yn 2010 mei de Ingelske komyk Sacha Baron Cohen.
Isla Fisher | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Isla Lang Fisher | |
nasjonaliteit | Britsk Australysk | |
berne | 3 febrewaris 1976 | |
berteplak | Maskat (Omaan) | |
etnisiteit | Skotsk | |
jierren aktyf | 1983 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Fisher waard yn 1976 berne yn 'e Omaanske haadstêd Maskat, as de dochter fan Brian Fisher en dy syn frou Elspeth Reid, dy't allebeide fan Skotsk komôf wiene. Har heit, in bankier, wurke doedestiden yn Omaan foar de Feriene Naasjes. Doe't se njoggen moanne âld wie, ferhuzen Fisher har âlden mei har werom nei Bathgate, yn Skotlân, en doe't se seis jier wie, emigrearre it gesin nei Austraalje, dêr't Fisher en har fjouwer bruorren fierder opgroeiden yn Perth, de haadstêd fan 'e dielsteat West-Austraalje.
Nei eigen sizzen hie se yn Perth in geweldige jeugd mei in "tige bûtendoarich libben". Har earste aktearûnderfining die Fisher op 'e legere skoalle op. Mei achttjin jier skreau hja mei help fan har mem de tinerromans Bewitched en Seduced by Fame. Beide waarden goed ferkocht. Letter soe se yn in fraachpetear fertelle dat se perfoarst skriuwster fan berop wurden wie as har aktearkarriêre op 'e non rûn wie.
Fanôf har njoggende libbensjier wurke Fisher yn Austraalje al mei oan reklamespotsjes, en letter spile se yn in pear populêre Australyske tinersearjes, Bay City en Paradise Beach. Har earste lanlike bekendheid wûn se as Shannon Reed, yn 'e soapsearje Home and Away, in rol dy't se fan 1994 oant en mei 1997 ferfolle. Neitiid skreau hja harsels op har 21ste yn foar in aktearoplieding oan 'e École Internationale de Théâtre Jacques Lecoq, yn Parys. Oanslutend wie se yn it Feriene Keninkryk wurksum as mymspylster en toanielaktrise, en yn 2001 hie se in rol yn 'e Dútske horrorfilm Swimming Pool: Der Tod Feiert Mit.
Har earste rol yn in Hollywood-produksje ferfolle Fisher yn 2002, yn 'e filmferzje fan 'e tekenfilmrige Scooby-Doo. Dêryn spile hja Mary Jane, de freondinne fan Shaggy, dy't allergysk blykt te wêzen foar hûnen. Se rûn fan begjint oant ein om mei in blûne prúk op, om't it personaazje Daphne Blake (spile troch Sarah Michelle Gellar) de iennichste readhierrige frou yn 'e film wêze moast. Nei't se yn 2003 meispile hie yn 'e Australyske komeedzje The Wannabes, slagge it har om in Amerikaanske ympressario te finen. Dy besoarge har yn 2005 in rol yn 'e film Wedding Crashers, mei Vince Vaughn en Owen Wilson, as de emosjoneel ynstabile en nymfomane Gloria, de jongste dochter fan it gesin Cleary, dy't obsedearre rekket troch it personaazje fan Vaughn. Dizze rol betsjutte Fisher har ynternasjonale trochbraak.
Sûnt hat Fisher yn films te sjen west as Wedding Daze (2006), mei Jason Biggs; The Lookout (2007), mei Joseph Gordon-Levitt; Hot Rod (2007), mei Andy Samberg; Definitely, Maybe (2008), mei Ryan Reynolds en Rachel Weisz; en Confessions of a Shopaholic, mei John Goodman. Yn 2011 liende se har stim oan in personaazje yn 'e tekenfilm Rango, in parody op in western. Fierders wurke se ek as stimaktrise mei oan 'e tekenfilm Rise of the Guardians, dy't útkaam yn 2012. Yn 2013 spile se mei Leonardo DiCaprio yn The Great Gatsby, en yn 2014 mei Woody Harrelson yn Now You See Me.
Op it mêd fan har eigen identiteit hat Fisher sein dat se har Australysk fielt en dat se foar it libben oer in tige ûntspande hâlding oannimt. Har mem en bruorren wenje yn it Grykske Atene, wylst har heit syn tiid ferdield tusken it Dútske Frankfurt en Nikaragûa.
Op 15 maart 2010 troude Fisher yn Parys mei de Ingelske-Joadske komyk Sacha Baron Cohen, mei wa't se yn 2002 op in feestje yn Sydney mei yn 'e kunde kommen wie, en mei wa't se har yn 2004 ferloofd hie. Foar har houlik bekearde Fisher har yn 2007 ta it joadendom en naam se de Hebriuwske namme Ayala (איילה) oan, dat "hine" (wyfkeshart) betsjut. Nei eigen sizzen is se no in praktisearjend joadinne, dy't û.m. de foarskriften foar de sabbat yn acht nimt. Oan 'e oare kant hat se ek sein: "Wy hawwe tegearre in takomst, en wat ús oanbelanget komt godstsjinst op it twadde plak nei leafde." Fisher hat mei har man trije bern: Olive (2007), Elula Lottie Miriam (2010) en Montgomery Moses Brian (2015).
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.