Dit is in list fan talen yn Jeropa dy't besiket in folslein oersjoch te bieden fan it taalferskaat op it Jeropeeskekontinint.
Register:A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
Yn dizze list binne allinnich talen opnommen dy't lânseigen binne yn Jeropa. Dus bygelyks it Papiamintysk yn Nederlân, dat hjir brocht is troch resinte ymmigranten fan 'e Antillen, is net werjûn, likemin as it Turksk yn Dútslân. It Turksk yn Bulgarije en Roemeenje is lykwols àl opnommen, mei't dat dêr in lânseigen minderheidstaal is. Hjirby moat oantekene wurde dat op dat mêd in útsûndering makke is foar de talen fan 'e Roma en de wenweinbewenners, dy't soms ek noch mar frij resint yn guon Jeropeeske lannen kommen binne.
Fierders binne allinnich talen opnommen dy't troch in oansjenlik diel fan 'e taalkundigen as sadanich beskôge wurde of dy't earne in offisjele status hawwe; dialekten binne yn prinsipe bûten beskôging litten. Soms is de skiedsline tusken in taal en in dialekt lykwols dreech oan te tsjutten en binne ek yn 'e wittenskiplike mienskip de mienings ferdield. Yn sokke gefallen is oan sokke taalfarianten it foardiel fan 'e twifel jûn, en binne se oer it algemien foar de folsleinens al yn dizze list opnommen.
In spesjaal gefal giet de taal oan dy't foarhinne bekend stie as Servo-Kroätysk. Sûnt it útinoarfallen fan Joegoslaavje binne dêr de nasjonale farianten Servysk, Kroätysk, Bosnysk en Montenegrynsk (en de etnyske farianten Bûnjevatysk en Goraansk) út fuortkommen, dy't yn taalkundich opsjoch dúdlik gjin aparte talen binne. Yn dit gefal is de list lykwols oanpast oan 'e politike reäliteit.
Fierders binne ek útstoarne talen en dôvegebeartetalen opnommen. Utstoarne talen binne werom te kennen oan in dagger (†) foar de namme. Inkeld talen sûnder hjoeddeiske fuortsetting binne opnommen, dus bygelyks it Aldnederlânsk, Aldnoarsk, Midfrysk en Midfrânsk binne net opnommen, om't it Nederlânsk, resp. Noarsk, Frysk en Frânsk tsjintwurdich noch sprutsen wurde. Gebeartetalen binne opnommen mei't dat folweardige kommunikaasjefoarmen binne, mei deselde of ferlykbere struktueren as sprutsen talen (grammatika, leksikon, semantyk, ensfh.).
ta einbeslút de trije lannen dy't sawol yn Jeropa as yn Aazje lizze:
Turkije is yn syn gehiel opnommen fanwegen praktyske beswieren, om't der gjin sifers oangeande sprekkerstallen fan talen bekend binne dy't inkeld foar it Jeropeeske diel fan Turkije jilde.
Fan Ruslân is yn prinsipe allinnich it Jeropeeske diel opnommen, mar de sprekkersoantallen fan in taal as it Russysk jilde foar it hiele lân, dus ynklusyf Sibearje; inkeld talen dy't útslutend yn Sibearje sprutsen wurde, binne weilitten.
Fan Kazachstan leit mar in lyts stikje yn Jeropa, en oangeande dat lân binne dêrom inkeld in stikmannich talen opnommen dy't yn dat lytse diel sprutsen wurde (mar de sifer oangeande dy talen jilde wol wer foar it hiele lân).
Register:A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
Abazaansk (Abaza) - Noardwestkaukazysk, Abazgysk
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Karatsjai-Tsjerkesje (njonken it Russysk en 3 oare minderheidstalen) - 38.000 sprekkers (2010)
Turkije: minderheidstaal, net erkend - 10.000 sprekkers (1995)
Abgazysk (Abšəa) - Noardwestkaukazysk, Abazgysk
Abgaazje (steat mei beheinde erkenning): offisjele taal (njonken it Russysk) - 122.000 (2003)
Georgje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Abgaazje (dy't Georgje net behearsket) (njonken it Georgysk) - 3.500 sprekkers (2002; sprekkers yn Abgaazje net meirekkene)
Kosovo: minderheidstaal, net erkend - gjin sprekkers mear (600-700 sprekkers yn 1981, 100% fan de etnyske groep; de hiele mienskip waard yn 1998 ûnder de Kosovo-oarloch evakuëarre nei Adygeä)
Masedoanje: minderheidstaal, net erkend - ûnbekend tal sprekkers
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Adygeä (njonken it Russysk) - 118.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 125.000 minsken (2010)
Turkije: minderheidstaal, net erkend - 278.000 sprekkers (2000)
Agûlsk (Ağul ç’al) - Noardeastkaukazysk, Lezgysk
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Dagestan (njonken it Russysk en 12 oare minderheidstalen) - 29.000 sprekkers (2010)
Bulgarije: minderheidstaal, net erkend - ûnbekend (lyts) tal sprekkers
Grikelân: minderheidstaal, net erkend - 60.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 150.000 (2002/2007)
Itaalje: minderheidstaal, erkend - 100.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 260.000 minsken (2007)
Kosovo: ien fan 'e offisjele talen (njonken it Servysk) - 1.645.000 sprekkers (2011)
Kroaasje: minderheidstaal, net erkend - 14.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 18.000 minsken (2011)
Masedoanje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 16 gemeenten yn noardwestlik en westlik Masedoanje (njonken it Masedoanysk) - 508.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 509.000 minsken (2011)
Montenegro: minderheidstaal, erkend; mei lanlik in semy-offisjele status; ien fan 'e offisjele talen yn 'e gemeente Ulcinj - 33.000 sprekkers, wêrûnder 30.000 etnyske Albanezen fan in etnyske groep fan 31.000 minsken (2011)
de Oekraïne: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 1.700 sprekkers fan in etnyske groep fan 3.300 minsken (2001)
Roemeenje: net-territoriale minderheidstaal, erkend - 500 sprekkers fan in etnyske groep fan 4.000 minsken (2002)
Servje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 3 gemeenten yn súdlik Servje - 62.000 sprekkers (2002)
teoretyske taal dy't yn 'e Aldheid sprutsen wêze soe yn noardlik Frankryk en Belgje, en teffens oan 'e súdkust fan Ingelân; dizze teory wol hawwe dat it folk fan 'e Belgae net in foarm fan it KeltyskeGallysk sprieken, sa't ornaris oannommen wurdt, mar in Yndo-Jeropeeske taal dy't noch Keltysk, noch Germaansk wie; útstoarn yn 'e 6e of 7e iuw
† Aldkappadoasysk - ûnklassifisearre, mar wierskynlik Yndo-Jeropeesk, Anatoalysk
yn 'e Aldheid sprutsen yn sintraal eastlik Lyts-Aazje; útstoarn omtrint de 6e iuw f.Kr.
yn 'e Aldheid sprutsen yn noardlik Grikelân en súdlik Masedoanje; rekke fan6of de 4e iuw f.Kr. stadichoan yn ûnbrûk; wierskynlik útstoarn foar it begjin fan 'e jiertelling
Poalen: minderheidstaal, net erkend - foar safier bekend gjin memmetaalsprekkers (útstoarn yn 'e iere 18e iuw; der wurdt besocht dizze taal nij libben yn te blazen; 50 twadde-taalsprekkers yn 2009)
Ruslân: minderheidstaal, net erkend - gjin memmetaalsprekkers (yn Ruslân yn 'e provinsje Kaliningrad, oan 'e Eastsee)
Abgaazje (steat mei beheinde erkenning): minderheidstaal, erkend - gjin lânseigen memmetaalsprekkers (wol sprekkers fan it Homsjetysk, dat as in dialekt fan it Armeensk beskôge wurdt)
Armeenje: offisjele taal - 2.962.000 sprekkers (2011)
Azerbeidzjan: minderheidstaal, net erkend (yn 'e oarspronklik autonome republyk Nagorno Karabach, dy't Azerbeidzjan net mear behearsket, is it Armeensk de offisjele taal) - 120.000 sprekkers (2009; sprekkers yn Nagorno Karabach net meirekkene)
Bulgarije: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 6.600 sprekkers (2011)
Georgje: minderheidstaal, erkend; mei in beskate semy-offisjele status yn 'e súdlike regio Samtskhe-Javakheti, dêr't de Georgyske steat de folsleine kosten draacht foar omtrint 144 Armeensktalige skoallen - 249.000 sprekkers (2002)
Grikelân: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 60.000 sprekkers (2007)
Hongarije: net-territoriale minderheidstaal, erkend - 440 sprekkers fan in etnyske groep fan mooglik wol 3.300 minsken small>(2011)
Malta: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - gjin sprekkers mear fan in etnyske groep fan 500 minsken
Nagorno Karabach (steat mei beheinde erkenning): offisjele taal - 146.000 sprekkers (2013)
de Oekraïne: minderheidstaal, erkend - 50.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 100.000 minsken (2001)
Poalen: net-territoriale minderheidstaal, erkend, mar yn Poalen útstoarn yn 'e 18e iuw (der is noch wol in Armeenske minderheid fan 8.000 minsken yn Poalen, mar dy sprekt Poalsk)
Georgje: minderheidstaal, net erkend - 2.000 sprekkers (2002)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; offisjele taal fan 'e autonome republyk Dagestan (njonken it Russysk en 12 oare minderheidstalen) - 715.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 912.000 minsken (2010)
Turkije: minderheidstaal, net erkend - ûnbekend tal sprekkers
Nagorno Karabach (steat mei beheinde erkenning): offisjele taal - 6 sprekkers (2005; yn 1989 wiene der noch 41.000, mar dy binne sûnt ferdreaun by etnyske suverings)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; offisjele taal fan 'e autonome republyk Dagestan (njonken it Russysk en 12 oare minderheidstalen) - 473.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 603.000 minsken (2010)
Turkije: minderheidstaal, net erkend - 530.000 sprekkers (2000)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Kabardo-Balkaarje (njonken it Russysk en it Kabardysk) - 109.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 113.000 minsken (2010)
Turkije: minderheidstaal, net erkend - ûnbekend tal sprekkers fan in etnyske groep fan 7.000 minsken (2000)
Frankryk: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 11.000 sprekkers (teljier ûnbekend)
Grikelân: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 40.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 84.000 minsken (1996)
Hongarije: net-territoriale minderheidstaal, erkend - 54.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 309.000 minsken (2011)
Itaalje: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 5.000 sprekkers (1990)
Kosovo: net-territoriale minderheidstaal, erkend - 8.800 sprekkers fan in etnyske groep fan 36.000 (2011)
Masedoanje: net-territoriale minderheidstaal, erkend; offisjele taal yn 'e gemeente Šuto Orizari - 39.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 54.000 minsken (2011)
Moldaavje: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 12.000 sprekkers (1993)
Montenegro: net-territoriale minderheidstaal, erkend - 2.600 sprekkers fan in etnyske groep fan 5.300 minsken (2011)
de Oekraïne: net-territoriale minderheidstaal, erkend - 2.000 sprekkers (teljier ûnbekend)
Roemeenje: net-territoriale minderheidstaal, erkend - 100.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 245.000 minsken (teljier ûnbekend)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Basjkortostan (njonken it Russysk) - 1.150.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 1.590.000 minsken (2010)
Frankryk: minderheidstaal, net erkend - 51.000 sprekkers (2011) fan in etnyske groep fan 730.000 minsken (1991)
Spanje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome mienskip Baskelân en yn 61 gemeenten fan 'e autonome mienskip Navarra (njonken it Spaansk) - 663.000 sprekkers (2011)
Baskelân: ien fan 'e offisjele talen (njonken it Spaansk) - 600.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 2.000.000 minsken (2011)
Kastylje-Leön: minderheidstaal, net erkend - gjin lânseigen memmetaalsprekkers mear (útstoarn yn 'e 18e iuw yn 'e eksklaveTreviño, dy't folslein omjûn wurdt troch de regio Baskelân)
Navarra: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 61 gemeenten (njonken it Spaansk) - 63.000 sprekkers (2011)
Nederlân: minderheidstaal, erkenning as streektaal beheind ta de provinsje Fryslân; semy-offisjele status yn 'e gemeente It Bilt - 8.500 sprekkers (2009)
Masedoanje: minderheidstaal, erkend - 8.600 sprekkers fan in etnyske groep fan 20.000 minsken (2011)
Montenegro: minderheidstaal, erkend; mei lanlik in semy-offisjele status; ien fan 'e offisjele talen yn 4 gemeenten - 34.000 sprekkers, wêrûnder 32.000 lânseigen Bosnyske Moslims (út 'e Sandzjak fan Novi Pazar) fan in etnyske groep fan 74.000 minsken (2011)
Servje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 5 gemeenten - 168.000 sprekkers (2011)
Sloveenje: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 32.000 sprekkers (2002)
Turkije: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 18.000 sprekkers (1965) fan in etnyske groep fan 100.000-2 miljoen minsken (2008/2010)
Bosnyske Gebeartetaal (bestiet net), sjoch: Joegoslavyske Gebeartetaal en Kroätyske Gebeartetaal
Bulgarije: offisjele taal - 5.665.000 sprekkers (2011; ynkl. it Pomaakske dialekt fan 'e Pomaken of islamisearreBulgaren)
Grikelân: minderheidstaal (ûnder de namme fan Pomaaksk), net erkend - 30.000 sprekkers (1998)
Hongarije: minderheidstaal, net erkend - 2.900 sprekkers fan in etnyske groep fan 3.600 minsken (2011)
Masedoanje: minderheidstaal, net erkend - 1.400 sprekkers (2001)
Moldaavje: minderheidstaal, erkend - 39.000 sprekkers, wêrûnder 36.000 etnyske Bulgaren fan in etnyske groep fan 66.000 minsken (2004; Transdnjestrje net meirekkene)
de Oekraïne: minderheidstaal, erkend - 131.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 205.000 minsken (2001)
Roemeenje: (Palytjaanske of Paulysjaanske dialekt) minderheidstaal, erkend - 7.300 sprekkers fan in etnyske groep fan 12.000 minsken (2011)
Transdnjestrje (steat mei beheinde erkenning): net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 7.600 sprekkers fan in etnyske groep fan 14.000 minsken (2004)
Turkije: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 300.000 sprekkers (2001)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; offisjele taal fan 'e autonome republyk Dagestan (njonken it Russysk en 12 oare minderheidstalen) - 486.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 589.000 minsken (2010; ynkl. sprekkers fan it Itsarysk, Kaitaaksk, Kûbatsjynsk en Tsjiragysk, dat mooglik aparte talen binne)
Denemark: offisjele taal - 3.255.000 sprekkers (2012; mei it Jutsk derby: 5.355.000 sprekkers)
Dútslân: minderheidstaal, erkend - 19.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 40.000 minsken (2000; ynk. it Jutsk 21.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 45.000 minsken)
de Fêreu-eilannen: ien fan 'e offisjele talen (mei in legere wetlike status as it Faroysk) - 1.500 sprekkers (2011)
Grienlân: minderheidstaal, erkend; mei in semy-offisjele status dy't it gebrûk foar publike saken talit (sûnt 2009 is it Grienlânsk de iennichste offisjele taal fan Grienlân) - 6.200 sprekkers (2014)
Iislân: minderheidstaal, net erkend - 900 sprekkers (2014)
Belgje: ien fan 'e offisjele talen (njonken it Frânsk en it Nederlânsk); iennichste offisjele taal yn 'e Dútsktalige Mienskip - 45.000 sprekkers (2015)
Bosnje-Hertsegovina: minderheidstaal, erkend - histoarysk in lytse minderheid, mar tsjintwurdich frijwol gjin sprekkers mear (1996)
Bulgarije: minderheidstaal, net erkend - 440 sprekkers (2001)
Denemark: minderheidstaal, erkend - 6.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 26.000 minsken (2007)
Dútslân: offisjele taal - 69.800.000 sprekkers (2012)
Eastenryk: offisjele taal - 7.116.000 sprekkers (2001)
Fatikaanstêd: semy-offisjele taal, yn offisjeel gebrûk by it Ministearje fan Bûtenlânske Saken, by de Switserske Garde en yn l'Osservatore Romano - miskien 100-200 lânseigen sprekkers
Frankryk: minderheidstaal, ienige erkenning - 1.278.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 1.880.000 minsken (1999), ferdield oer de folgjende dialekten:
Loataringenfrankysk (Lothrìnger Plàtt): 78.000 sprekkers (1999; tige beheinde erkenning)
Hongarije: minderheidstaal, erkend - 38.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 132.000 minsken (2011)
Itaalje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome regio Trentino-Súd-Tiroal en yn 3 gemeenten yn 'e autonome regio fan 'e Aostadelling - 322.000 sprekkers fan 'e folgjende dialekten/talen:
Karintysk-Beiersk (Karntnarisch): 2.000 sprekkers yn 'e autonome regio Friûly-Julysk Feneesje (teljier ûnbekend; gjin erkenning as selsstannige minderheidstaal los fan it Dútsk)
Mokeensk (Bernstolerisch; Italjaansk: Mòcheno): 2.300 sprekkers yn 'e provinsje Trentino (2001; erkenning as selsstannige minderheidstaal los fan it Dútsk beheind ta de gemeenten Garait, Palait en Bernstol en Vlarötz, yn Trentino)
Tiroalsk-Beiersk (Tirolarisch): 315.000 sprekkers yn 'e provinsje Súd-Tiroal (2011; gjin erkenning as selsstannige minderheidstaal los fan it Dútsk)
Tsimbrysk (Tzimbrisch): 880 sprekkers yn 'e provinsje Trentino en de regio Feneto (2001; erkenning as selsstannige minderheidstaal los fan it Dútsk beheind ta de gemeente Lusérn yn Trentino)
Walserdútsk (Walschertiitsch): 3.400 sprekkers yn 'e autonome regio fan 'e Aostadelling en de regio Piëmont (1978; gjin erkenning as selsstannige minderheidstaal los fan it Dútsk, mar ûnder de wetjouwing fan Piëmont oantsjut as in net-erkende taal wêrfan't it gebrûk fan oerheidswegen befoardere wurde moat)
Moldaavje: minderheidstaal, net erkend - 3.800 sprekkers (teljier ûnbekend)
Nederlân: minderheidstaal, net erkend (ornaris beskôge as dialekten fan it Limboarchsk, hoewol't se dat taalkundich sjoen net binne; wichtichste dialekt: Tsjerkriedsk Plat) - 30.000-40.000 sprekkers (2014)
de Oekraïne: minderheidstaal, erkend - 4.100 sprekkers fan in etnyske groep fan 33.000 minsken (2001)
Poalen: minderheidstaal, erkend; offisjele taal (mei in legere wetlike status as it Poalsk) yn 27 gemeenten - 500.000 sprekkers (1998)
Slowakije: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e gemeente Krahule - 4.700 sprekkers (2011)
Switserlân: (Switserdútske dialekten, Schwyzerdütsch) ien fan 'e offisjele talen (njonken it Frânsk, it Italjaansk en it Retoromaansk); iennichste offisjele taal yn 17 kantons; ien fan 'e offisjele talen yn 4 kantons - 4.600.000 sprekkers (2005)
Tsjechje: minderheidstaal, erkend; mei in semy-offisjele status yn beskate gemeenten - 41.000 sprekkers (2011)
Ta it Dútsk wurde ornaris in protte tige ferskillende dialekten rekkene, mei dêrûnder in stikmannich dy't alhiel net of mar tige dreech ûnderling fersteanber binne mei it Standertdútsk. Feitliks ferskille de Dútske standerttaal en de measte "dialekten" folle mear faninoar as dat bgl. it Noarsk, Deensk en Sweedsk har faninoar ûnderskiede. Dochs wurde dy trije Skandinavyske taalfoarmen rûnom as selsstannige talen sjoen, wylst it mei de ûnderskate soarten Middeldútsk en Opperdútsk wizânsje is en beskôgje se allegear as dialekten fan ien en deselde taal. De Dútske "dialekten" binne dêrom net apart yn dizze list opnommen, mar hjirûnder dochs in koarte ynventarisaasje:
Middeldútsk:
Ertsysk (Aarzgebèèrgsch): súdlik Saksen - ûnbekend tal sprekkers
Heechprusysk (Hochpreußisch): foarhinne yn Poalen, Kaliningrad en Litouwen - ûnbekend tal sprekkers, mar nei alle gedachten hast útstoarn
Tsimbrysk (Tzimbrisch): ferskate eksklaves yn noardlik Itaalje - 880 sprekkers (2001)
Walserdútsk (Walschertiitsch): súdlik Dútsktalich Switserlân, eksklaves yn Itaalje en dielen fan Lychtenstein en Foararlberch - 23.000 sprekkers: 10.000 yn Switserlân (2004), 8.100 yn Eastenryk (2000), 3.400 yn Itaalje (1978), 1.300 yn Lychtenstein (1995)
Itaalje: minderheidstaal, net erkend - 338.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 3.000.000 minsken (2006)
Eönavysk, sjoch: Galisysk
Erzya, sjoch: Erzysk
Erzysk (Erźań keĺ) - Oeralysk, Mordwynsk
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Mordoovje (njonken it Russysk en it Moksysk) - 37.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 57.000 minsken (2010)
Abgaazje (steat mei beheinde erkenning): minderheidstaal, net erkend - ûnbekend (lyts) tal sprekkers (de measte Esten yn Abgaazje, ôfstammelingen fan kolonisten dy't har yn 1884 yn it doarp Psou nei wenjen setten, waarden yn 1992-1993 nei Estlân ta evakuëarre fanwegen de oarloch yn Abgaazje)
Estlân: offisjele taal - 1.040.000 sprekkers (2012)
Finlân: minderheidstaal, net erkend - 33.000 sprekkers (2013)
Letlân: minderheidstaal, net erkend - 2.000 sprekkers (2011)
Estlân: minderheidstaal, erkend - 2.600 sprekkers fan in etnyske groep fan 7.600 minsken (2011)
Finlân: ien fan 'e offisjele talen (njonken it Sweedsk) - 5.100.000 sprekkers (2012)
Noarwegen: minderheidstaal, erkend - gjin (lânseigen) sprekkers mear mei't de Wâldfinske minderheid de eigen taal ferlern hat (as de Kwennen meirekkene wurde: 2.000-8.000 sprekkers)
Sweden: minderheidstaal, erkend - 201.000 sprekkers (2009; de saneamde Swedenfinnen; de Wâldfinnen hawwe de eigen taal ferlern; as de Tornedelsters en de Kwennen meirekkene wurde: 231.000 sprekkers of mear)
Belgje: ien fan 'e offisjele talen (njonken it Nederlânsk en it Dútsk); iennichste offisjele taal yn it gewest Walloanje; ien fan 'e offisjele talen yn it gewest Brussel (njonken it Nederlânsk) - 3.900.000 sprekkers (2012)
Fatikaanstêd: semy-offisjele taal, yn offisjeel gebrûk foar diplomasy, by it Ministearje fan Bûtenlânske Saken, by de Switserske Garde en yn l'Osservatore Romano - inkele tsientallen lânseigen sprekkers
Frankryk: offisjele taal - 60.000.000 sprekkers (2012)
Guernsey: ien fan 'e offisjele talen (mei in legere wetlike status as it Ingelsk) - gjin lânseigen memmetaalsprekkers (wol sprekkers fan it GuernseyaanskNormandysk, dat op 'e Kanaaleilannen beskôge wurdt as in dialekt fan it Frânsk)
Itaalje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome regio Valle d'Aosta - 8.000 sprekkers (1999)
Jersey: ien fan 'e offisjele talen (njonken it Ingelsk) - gjin lânseigen memmetaalsprekkers (wol sprekkers fan it JerseyaanskNormandysk, dat op 'e Kanaaleilannen beskôge wurdt as in dialekt fan it Frânsk)
Switserlân: ien fan 'e offisjele talen (njonken it Dútsk, it Italjaansk en it Retoromaansk); iennichste offisjele taal yn 4 kantons; ien fan 'e offisjele talen yn 3 kantons - 1.820.000 sprekkers (2012)
Bulgarije: minderheidstaal, net erkend - 5.000 sprekkers (2007)
Masedoanje: minderheidstaal, net erkend - 8.000 sprekkers (teljier ûnbekend)
Moldaavje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Gagaûzje (njonken it Roemeensk en it Russysk) - 105.000 sprekkers, wêrûnder 102.000 etnyske Gagaûzen fan in etnyske groep fan 148.000 minsken (2004; Transdnjestrje net meirekkene)
de Oekraïne: minderheidstaal, erkend - 23.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 32.000 minsken (2001)
Roemeenje: minderheidstaal, net erkend - 45 sprekkers (2002; yn 1930 noch in etnyske groep fan 105.000 minsken)
Transdnjestrje (steat mei beheinde erkenning): net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 2.800 sprekkers fan in etnyske groep fan 4.000 minsken (2004)
Turkije: minderheidstaal, net erkend - 15.000 sprekkers (teljier ûnbekend)
Portegal: minderheidstaal, net erkend - 15.000 sprekkers (1994)
Spanje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome mienskip Galysje (njonken it Spaansk) - 2.340.000 sprekkers (2012; ynkl. sprekkers om utens yn Spanje)
Astuerje: (Eönavysk dialekt, Eonaviego) minderheidstaal, erkend (erkenning fan dit spesifike dialekt, ûnder de offisjele namme fan "Galisysk-Astuerysk" beheind ta Astuerje) - 45.000 sprekkers (2002)
Galysje: ien fan 'e offisjele talen (njonken it Spaansk) - 1.610.000 sprekkers (2007)
Frankryk: minderheidstaal, net erkend - 28.000 sprekkers (teljier ûnbekend)
Gallûreesk (Gadduresu) - Yndo-Jeropeesk, Romaansk (ornaris beskôge as in dialekt fan it Italjaansk, of ek wol fan it Korsikaansk)
Itaalje: minderheidstaal, erkenning beheind ta de autonome regio Sardynje; ien fan 'e offisjele talen fan 'e provinsje Olbia-Tempio (njonken it Italjaansk en it Sardysk) - 100.000 sprekkers (1993)
Abgaazje (steat mei beheinde erkenning): minderheidstaal, erkend - 46.000 sprekkers (2011; mar dêrby binne ek alle sprekkers fan it Mingrelysk en it Swanetysk meiteld; sûnder dy beide groepen nei skatting 8.000 sprekkers fan Georgysk yn Abgaazje)
Armeenje: minderheidstaal, net erkend - 970 sprekkers (2011)
yn 'e Midsiuwen sprutsen yn Spanje, Portegal, Itaalje en de Donaudelta; útstoarn yn 'e 8e of 9e iuw (in dochtertaal, it Krimgoatysk waard noch sprutsen oant yn 'e 18e iuw)
Akrotiri en Dhekelia: ien fan 'e offisjele talen (njonken it Ingelsk) - 7.700 sprekkers (2014)
Albaanje: minderheidstaal, erkend - 15.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 24.000 minsken (2011)
Armeenje: minderheidstaal, erkend - gjin lânseigen sprekkers ( wol sprekkers fan it Pontysk, dat as yn Georgje as in Gryksk dialekt beskôge wurdt)
Bulgarije: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 1.400 sprekkers
Frankryk: minderheidstaal, net erkend; útstoarn op Korsika yn 1982 (der is noch wol in etnysk Grykske minderheid fan 1.000 minsken op Korsika, mar dy sprekt Frânsk en Korsikaansk)
Georgje: minderheidstaal, erkend - gjin lânseigen sprekkers (wol sprekkers fan it Pontysk, dat as yn Georgje as in Gryksk dialekt beskôge wurdt)
Grikelân: offisjele taal - 10.700.000 sprekkers (2012)
Hongarije: net-territoriale minderheidstaal, erkend - 1.900 sprekkers fan in etnyske groep fan 3.900 minsken (2011)
Itaalje: minderheidstaal, erkend - 20.000 sprekkers (1980) fan in etnyske groep fan 76.000 minsken (2011)
Nagorno Karabach (steat mei beheinde erkenning): minderheidstaal, net erkend - 22 sprekkers (2005)
Noard-Syprus (steat mei beheinde erkenning): minderheidstaal, erkend - 640 sprekkers (2006; nei de Turkske besetting fan Noard-Syprus waarden dêr 180.000-200.000 Griken ferdreaun by etnyske suverings)
de Oekraïne: minderheidstaal, erkend - gjin lânseigen sprekkers (wol sprekkers fan it Pontysk, dat yn 'e Oekraïne as in Gryksk dialekt beskôge wurdt)
Poalen: minderheidstaal, erkend - ûnbekend tal sprekkers, wierskynlik gjin memmetaalsprekkers
Heechdútsk, sjoch: Dútsk
Heechmarysk (Kyryk Mary jÿlmÿ) - Oeralysk, Tsjeremissysk
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Mary-El (njonken it Russysk en it Nedermarysk) - 30.000 sprekkers (2012)
Eastenryk: minderheidstaal, erkend - 26.000 sprekkers (2001) fan in etnyske groep fan 60.000 minsken (2013)
Bosnje-Hertsegovina: net-territoriale minderheidstaal, erkend - ûnbekend (lyts) tal sprekkers
Hongarije: offisjele taal - 9.840.000 sprekkers (2012)
Kroaasje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn gemeenten dêr't Hongaren mear as in trêde fan de befolking útmeitsje (njonken it Kroätysk) - 14.000 sprekkers (2011)
de Oekraïne: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen (njonken it Oekraynsk yn 7 doarpen yn it distrikt Mukachevo - 149.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 157.000 minsken (2001)
Roemeenje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen (njonken it Roemeensk) yn alle gemeenten dêr't de Hongaren >20% fan 'e befolking útmeitsje - 1.230.000 sprekkers (2011; foar it meastepart it Seeklyske dialekt, Székely, mar ek it tige ôfwikende Tsjango-dialekt, Csángó, mei 6.500 sprekkers)
Servje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e provinsje Woiwodina (njonken it Servysk en 4 oare minderheidstalen) - 254.000 sprekkers (2011)
Sloveenje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen (njonken it Sloveensk yn 'e gemeenten Dobrovnik, Hodoš en Lendava - 8.700 sprekkers (2013)
Finlân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen (njonken it Finsk en 2 oare minderheidstalen en mei in legere wetlike status as it Finsk) yn 'e gemeente Inari - 300 sprekkers fan in etnyske groep fan 700 minsken (2001)
Akrotiri en Dhekelia: ien fan 'e offisjele talen (njonken it Gryksk) - 8.000 sprekkers (2014)
Fatikaanstêd: semy-offisjele taal, yn offisjeel gebrûk by it Ministearje fan Bûtenlânske Saken en yn l'Osservatore Romano - mar inkele tsientallen lânseigen sprekkers
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Yngûsjeesje (njonken it Russysk) - 306.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 445.000 (2010)
Bosnje-Hertsegovina: minderheidstaal, erkend - gjin lânseigen memmetaalsprekkers (foarhinne wol sprekkers fan it Fenesiaansk, dat faak as in dialekt fan it Italjaansk beskôge wurdt)
Fatikaanstêd: ien fan 'e offisjele talen (mei in hegere status as it Latyn); teffens yn offisjeel gebrûk by it Ministearje fan Bûtenlânske Saken, by de Switserske Garde en yn l'Osservatore Romano - 500 sprekkers (2014)
Frankryk: minderheidstaal, net erkend - gjin lânseigen memmetaalsprekkers (wol 5.400 sprekkers fan it Liguerysk, dat faak as in dialekt fan Italjaansk beskôge wurdt)
Grikelân: minderheidstaal, net erkend - gjin lânseigen memmetaalsprekkers (foarhinne op Korfû wol sprekkers fan it Fenesiaansk, dat faak as in dialekt fan it Italjaansk beskôge wurdt, mar no gjin sprekkers mear fan in etnyske groep fan 1.300 minsken)
Itaalje: offisjele taal - 34.793.000 sprekkers (2012; mei it Emyljaansk, Fenesiaansk, Gallûreesk, Kalabrysk, Liguerysk, Lombardysk, Napolitaansk, Nonsk, Piëmonteesk, Romanjoalsk, Salentynsk, Sassareesk, Sisyljaansk en Solandrysk derby: 57.700.000 sprekkers)
Kroaasje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan it distrikt Istrje (njonken it Kroätysk) - gjin lânseigen memmetaalsprekkers (wol 50.000 sprekkers fan it Fenesiaansk, dat faak as in dialekt fan it Italjaansk beskôge wurdt)
Monako: minderheidstaal, net erkend - gjin lânseigen memmetaalsprekkers (wol 5.100 sprekkers fan it Liguerysk (Monegaskysk), dat faak as in dialekt fan Italjaansk beskôge wurdt)
Montenegro: minderheidstaal, net erkend - gjin lânseigen memmetaalsprekkers (wol 140 sprekkers fan it Fenesiaansk, dat faak as in dialekt fan it Italjaansk beskôge wurdt)
Roemeenje: net-territoriale minderheidstaal, erkend - gjin lânseigen memmetaalsprekkers (wol 2.600 sprekkers fan it Fenesiaansk, dat faak as in dialekt fan it Italjaansk beskôge wurdt)
San Marino: offisjele taal - 10.000-15.000 sprekkers (2004; mei it Romanjoalsk derby, dat faak as in dialekt fan it Italjaansk beskôge wurdt: 25.000 sprekkers)
Sloveenje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e gemeenten Izola, Koper en Piran (njonken it Sloveensk) - gjin lânseigen memmetaalsprekkers (wol 2.300 sprekkers fan it Fenesiaansk, dat faak as in dialekt fan it Italjaansk beskôge wurdt)
Switserlân: ien fan 'e offisjele talen (njonken it Dútsk, it Frânsk en it Retoromaansk); iennichste offisjele taal yn 1 kanton; ien fan 'e offisjele talen yn 1 kanton - 363.000 sprekkers (2012; mei it Lombardysk derby, dat faak as in dialekt fan it Italjaansk beskôge wurdt: 666.000 sprekkers)
Sweden: minderheidstaal, net erkend - 30.000 sprekkers (2000; it Harjedelstersk meirekkene: 35.000 sprekkers)
Jatvingysk, sjoch: Súdovysk
† Jazygysk - Yndo-Jeropeesk, Iraansk (perfoarst oarspronklik in dialekt fan it Ossetysk)
Hongarije: minderheidstaal, net erkend - gjin sprekkers mear; nei alle gedachten útstoarn yn 15e iuw; noch wol in etnyske subgroep fan it Hongaarske folk
Armeenje: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 800 sprekkers (2015)
Azerbeidzjan: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - ûnbekend (lyts) tal sprekkers
Belgje: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 20.000 sprekkers (teljier ûnbekend; 17.000 sprekkers yn 'e stêd Antwerpen, 1997)
Bosnje-Hertsegovina: minderheidstaal, erkend - gjin memmetaalsprekkers mear (frijwol de hiele Joadske mienskip is ûnder de Bosnyske Boargeroarloch, omtrint 1993, nei Israel ta evakuëarre)
Denemark: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 2.000 sprekkers (teljier ûnbekend)
Dútslân: net-territoriale minderheidstaal, erkend - 5.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 49.000 minsken (2000)
Eastenryk: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 1.000 sprekkers (teljier ûnbekend)
Lúksemboarch: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - ûnbekend (tige lyts) tal sprekkers
Moldaavje: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - ûnbekend tal sprekkers fan in etnyske groep fan 3.600 minsken (2004; Transdnjestrje net meirekkene)
Noarwegen: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 400 sprekkers (teljier ûnbekend)
de Oekraïne: net-territoriale minderheidstaal, erkend - 3.200 sprekkers (2001) fan in etnyske groep fan 62.000 minsken (2015; de etnyske groep telde yn 1991 noch 634.000 minsken en it tal sprekkers sil doe navenant grutter west hawwe; de measten binne sûnt nei Israel ferfearn)
Ruslân: net-territoriale minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome joadske provinsje Birobidzjan yn Sibearje (njonken it Russysk) - 1.700 sprekkers fan in etnyske groep fan 157.000 minsken (2010)
Sloveenje: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - ûnbekend (tige lyts) tal sprekkers, mooglik útstoarn
Slowakije: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 750 sprekkers (teljier ûnbekend)
Switserlân: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 3.000 sprekkers (teljier ûnbekend)
Transdnjestrje (steat mei beheinde erkenning): minderheidstaal, net erkend - ûnbekend tal sprekkers fan in etnyske groep fan 1.300 minsken (2004)
Tsjechje: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 900 sprekkers (teljier ûnbekend)
Wyt-Ruslân: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 270 sprekkers fan in etnyske groep fan 13.000 minsken (2009; de etnyske groep telde noch 231.000 minsken yn 1991, mei in navenant heger sprekkerstal; de measten binne sûnt nei Israel ferfearn)
Jodzjaaksk, sjoch: Komy-Jodzjaaksk
Joegoslavyske Gebeartetaal - dôvegebeartetaal (bestiet út Servyske, Sloveenske en Kosovaarske dialekten; soms wurdt ek Kroätyske Gebeartetaal wol as in dialekt fan Joegoslavyske Gebeartetaal beskôge)
Bosnje-Hertsegovina: net-territoriale minderheidstaal, erkend - ûnbekend tal brûkers
Kosovo: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - ûnbekend tal brûkers
Montenegro: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - ûnbekend tal brûkers
Servje: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 10.000 brûkers (2014)
Sloveenje: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 1.000 brûkers (2014)
Dútslân: minderheidstaal, net erkend - gjin sprekkers mear (foarhinne benammen sprutsen yn Hamburch); útstoarn yn 'e iere 19e iuw (tsjintwurdich tige beheind gebrûk as liturgyske taal)
it Feriene Keninkryk: minderheidstaal, net erkend - gjin sprekkers mear; útstoarn yn 'e iere 19e iuw (tsjintwurdich tige beheind gebrûk as liturgyske taal)
Nederlân: minderheidstaal, net erkend - gjin sprekkers mear; útstoarn yn 'e iere 19e iuw (tsjintwurdich tige beheind gebrûk as liturgyske taal)
Portegal: minderheidstaal, net erkend - gjin sprekkers mear sûnt koart nei de ferballing fan 'e Joaden yn 1597
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Kabardo-Balkaarje (njonken it Russysk en it Balkaarsk) - 452.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 517.000 minsken (2010)
Turkije: minderheidstaal, net erkend - 1.000.000 sprekkers (2005)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Kalmukje (njonken it Russysk) - 81.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 183.000 minsken (2010)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Karatsjai-Tsjerkesje (njonken it Russysk en 3 oare minderheidstalen) - 196.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 218.000 minsken (2010)
Turkije: minderheidstaal, net erkend - ûnbekend tal sprekkers fan in etnyske groep fan 13.000 minsken (2000)
Ruslân: minderheidstaal, erkend (yn 'e autonome republyk Kareelje ek inkeld erkend as minderheidstaal; gjin offisjele status) - 17.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 27.000 minsken (2010; sprekkers fan it Tver-Karelysk net meiteld)
Poalen: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 11 gemeenten (njonken it Poalsk en mei in legere wetlike status as it Poalsk) - 106.000 sprekkers fan in etnyske groep fan likernôch 150.000 minsken (2011)
Frankryk: minderheidstaal, erkenning as streektaal beheind ta it departemint Pyrénées-Orientales - 102.000 sprekkers (1996)
Itaalje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e gemeente Alghero (njonken it Italjaansk en 2 oare minderheidstalen) - 17.000 sprekkers (1996)
Spanje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome mienskippen Kataloanje en de Baleären (njonken it Spaansk) - 3.607.000 sprekkers (2001/2013; mei it Falinsiaansk derby: 5.374.000 sprekkers)
Kazachstan: ien fan 'e offisjele talen (njonken it Russysk) - 10.097.000 sprekkers (2009)
Ruslân: minderheidstaal, erkend (yn Jeropeesk Ruslân fierhinne net-territoriaal, mar mei in lytse territoriale minderheid yn 'e Wolga-delta) - 648.000 sprekkers (2010)
Turkije: minderheidstaal, net erkend - 600 sprekkers (1982)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Dagestan (njonken it Russysk en 12 oare minderheidstalen) - 426.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 503.000 minsken (2010)
Turkije: minderheidstaal, net erkend - 550 sprekkers (teljier ûnbekend)
Koerdysk, sjoch: Noardkoerdysk en Sazaysk
† Koerlânsk - Yndo-Jeropeesk, Baltysk (alternative namme: Koersk of Aldkoersk)
Letlân: minderheidstaal, net erkend - gjin memmetaalsprekkers mear (útstoarn yn 'e 16e iuw)
(1) Koersk (âlde Baltyske taal), sjoch: Koerlânsk
(2) Koersk (Kuršu) - Yndo-Jeropeesk, Baltysk (alternative namme: Nijkoersk; faak beskôge as in dialekt fan it Letsk)
Litouwen: minderheidstaal, net erkend - 9 sprekkers (2008) fan in etnyske groep fan in pear hûndert minsken
Komaansk - Altaysk, Turksk (alternative nammen: Kûmaansk of Poloftsysk)
Hongarije: minderheidstaal, net erkend - gjin sprekkers mear; útstoarn yn 'e iere 17e iuw (de Komanen wiene fan oarsprong in nomadysk folk dat de steppes fan Roemeenje, Moldaavje, de Oekraïne en súdlik Ruslân oant yn 'e Kaukasus bewenne; setten har yn 13e iuw nei wenjen mank de Hongaren; noch altyd in etnyske subgroep fan it Hongaarske folk)
Komy (Komi kyv) - Oeralysk, Permysk
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Komy (njonken it Russysk) - 156.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 228.000 minsken (2010)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan it bysûndere distrikt Komy-Permjaakje (njonken it Russysk) - 63.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 95.000 minsken (2010)
Bulgarije: minderheidstaal, net erkend - 1.400 sprekkers (2011)
Litouwen: minderheidstaal, net erkend; gjin sprekkers mear (útstoarn oan 'e ein fan 'e 18e iuw) fan in etnyske groep fan 2.800 minsken (2011)
Moldaavje: minderheidstaal, net erkend - 2.000 sprekkers (teljier ûnbekend)
de Oekraïne: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk de Krim en fan de stêd mei bysûndere status Sebastopol (yn beide gefallen njonken it Oekraynsk en it Russysk) - 228.000 sprekkers (2001) fan in etnyske groep fan 260.000 minsken (2006)
Poalen: minderheidstaal, erkend; gjin sprekkers mear (útstoarn oan 'e ein fan 'e 18e iuw) fan in etnyske groep fan 1.900 minsken (2011)
Turkije: minderheidstaal, net erkend - 2.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 150.000 oant mooglik wol 6.000.000 minsken (2000)
Wyt-Ruslân: minderheidstaal, net erkend; gjin sprekkers mear (útstoarn oan 'e ein fan 'e 18e iuw) fan in etnyske groep fan 5.000 minsken (teljier ûnbekend)
Eastenryk: minderheidstaal, erkend (yn 'e dielsteat Boargelân is dêrnjonken ek spesifyk it Boargelânkroätysk erkend) - 19.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 45.000 minsken (2001)
Hongarije: minderheidstaal, erkend - 14.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 24.000 minsken (2011)
Kroaasje: offisjele taal - 4.200.000 sprekkers (2012)
Masedoanje: minderheidstaal, net erkend - 2.700 sprekkers (2002)
Montenegro: minderheidstaal, erkend; mei lanlik in semy-offisjele status; ien fan 'e offisjele talen yn 'e gemeente Trivat - 2.800 sprekkers, wêrûnder 2.500 etnyske Kroäten fan in etnyske groep fan 6.000 minsken (2011)
Roemeenje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e gemeenten Lupac en Caraşova (njonken it Roemeensk) - 6.800 sprekkers (2002)
Servje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome provinsje Woiwodina (njonken it Servysk en 4 oare minderheidstalen) - 114.000 sprekkers (2006)
Kwensk (Kvääni) - Oeralysk, Eastseefinsk (ek wol beskôge as in dialekt fan it Finsk)
Noarwegen: minderheidstaal, erkend; offisjele taal yn 'e gemeente Porsanger (njonken it Noarsk en it Noardsamysk) - 2.000-8.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 10.000-60.000 minsken (2005)
Sweden: minderheidstaal, net erkend - ûnbekend tal sprekkers fan in etnyske groep fan mooglik 5.000 minsken (teljier ûnbekend)
Itaalje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 15 gemeenten fan 'e autonome regio Trentino-Súd-Tiroal (njonken it Italjaansk en it Dútsk) - 31.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 38.000 minsken (2013)
Estlân: minderheidstaal, net erkend - gjin sprekkers mear; útstoarn omtrint 1940
Lakkysk (Lakku Maz) - Noardeastkaukazysk, Lakkysk
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Dagestan (njonken it Russysk en 12 oare minderheidstalen) - 146.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 179.000 minsken (2010)
Langobardysk, sjoch: Longobardysk
Lapsk, sjoch: Samysk
Latgaalsk (Latgalīšu) - Yndo-Jeropeesk, Baltysk (faak beskôge as in dialekt fan it Letsk)
Letlân: minderheidstaal, ienige erkenning as in te beskermjen "histoaryske fariant fan 'e Letske taal", wêrfan't it gebrûk befoardere wurde moat - 200.000 sprekkers (2009)
Ruslân: minderheidstaal, net erkend - 5.000 sprekkers (teljier ûnbekend; yn it oan Letlân grinzgjende distrikt Pytalovo (foarhinne Abrene), dat fan 1917 oant 1940 by Letlân hearde)
Fatikaanstêd: ien fan 'e offisjele talen (mei in legere wetlike status as it Italjaansk) - gjin memmetaalsprekkers; noch altyd yn gebrûk as tsjerketaal
Spanje: minderheidstaal, erkenning beheind ta de autonome mienskip Kastylje-Leön - 25.000 sprekkers (2010) fan in etnyske groep fan 1.000.000 minsken (teljier ûnbekend)
Portegal: minderheidstaal, net erkend - 500 sprekkers (2011)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Dagestan (njonken it Russysk en 12 oare minderheidstalen) - 402.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 474.000 minsken (2010)
Turkije: minderheidstaal, net erkend - 2.000-10.000 sprekkers (teljier ûnbekend)
Frankryk: minderheidstaal, net erkend - 5.400 sprekkers (5.000 yn it uterste súdeasten fan it Frânske fêstelân (2003) en 300-400 op Korsika (2007))
Itaalje: minderheidstaal, lanlik net erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e gemeenten Calasetta en Carloforte, yn 'e autonome regio Sardynje (njonken it Italjaansk en it Sardysk) - 500.000 sprekkers (2002)
Monako: (Monegaskysk dialekt, Munegascu) minderheidstaal, erkend; semy-offisjele status (mei twatalige strjitnambuorden, ferplichte ûnderwiis foar bern, ensfh.) - 5.100 sprekkers (1988)
† Liifsk (Līvõ kēļ) - Oeralysk, Eastseefinsk
Letlân: minderheidstaal, erkend; semy-offisjele status yn 'e beskerme regio de Liifske Kust (Līvõd Rānda) - gjin memmetaalsprekkers mear (útstoarn yn 2013) fan in etnyske groep fan 250 minsken (2011)
† Lykaoanysk - ûnklassifisearre, mar wierskynlik Yndo-Jeropeesk, Anatoalysk
yn 'e Aldheid sprutsen yn sintraal súdlik Lyts-Aazje; útstoarn yn it 1e milennium f.Kr.
Litouwen: offisjele taal - 2.300.000 sprekkers (2012; mei it Samogitysk derby: 2.800.000 sprekkers)
Poalen: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e gemeente Puńsk (njonken it Poalsk en mei in legere wetlike status as it Poalsk) - 30.000 sprekkers (2005)
Noarwegen: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e gemeente Tysfjord (njonken it Noarsk) - 500 sprekkers fan in etnyske groep fan 1.000 minsken (1992)
Sweden: minderheidstaal, erkend - 1.500 sprekkers fan in etnyske groep fan 6.000 minsken (1992)
† Lusitaansk - Yndo-Jeropeesk, mooglik Keltysk, mooglik Italysk (of mooglik isolearre yn 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje)
Bosnje-Hertsegovina: minderheidstaal, erkend - 2.300 sprekkers (2005; ynkl. it Torbessyske dialekt fan 'e Masedoanyske Moslims of Torbeš)
Albaanje: minderheidstaal, erkend - 4.400 sprekkers fan in etnyske groep fan 5.500 minsken (2011)
Bulgarije: minderheidstaal, net erkend - 230.000 sprekkers (1992)
Grikelân: minderheidstaal, net erkend - 50.000 sprekkers (1999) fan in etnyske groep fan 150.000 minsken (1992)
Hongarije: minderheidstaal, net erkend - 5.000 sprekkers (1995)
Kosovo: minderheidstaal, net erkend - 1.100 sprekkers (1981)
Kroaasje: minderheidstaal, net erkend - 4.100 sprekkers (2011)
Masedoanje: offisjele taal - 1.345.000 sprekkers, wêrûnder 1.298.000 etnyske Masedoaniërs (2011)
Montenegro: minderheidstaal, net erkend - 510 sprekkers fan in etnyske groep fan 900 minsken (2011)
Roemeenje: net-territoriale minderheidstaal, erkend - 700 sprekkers (2002) fan in etnyske groep fan mooglik 6.000 minsken (2004)
Servje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e doarpen Jabuka en Pančevo, yn 'e autonome provinsje Woiwodina (njonken it Servysk en 5 oare minderheidstalen) - 23.000 sprekkers (2011)
Sloveenje: minderheidstaal, net erkend - 4.000 sprekkers (2002)
Grikelân: minderheidstaal, net erkend - 3.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 4.000 minsken (2002)
Masedoanje: minderheidstaal, net erkend - 2.000 sprekkers (2002)
Roemeenje: minderheidstaal, net erkend - 1.200 sprekkers (teljier ûnbekend)
Turkije: minderheidstaal, net erkend - ûnbekend tal sprekkers fan in etnyske groep fan 4.000-5.000 minsken (2006)
Megleno-Roemeensk, sjoch: Meglenitysk
† Merjaansk - Oeralysk, miskien Eastseefinsk
Ruslân: minderheidstaal, net erkend - gjin sprekkers mear; útstoarn nei de 11e iuw, wierskynlik oan 'e ein fan 'e Midsiuwen; der bestiet noch altyd (of wer) in etnyske groep dy't him mei de oarspronklike kultuer fan 'e Merjanen assosjearret
Kazachstan: minderheidstaal, net erkend - 50.000 sprekkers (1986; wierskynlik no folle minder, mei't in protte sprekkers ferfearn binne nei Dútslân en Noard- en Súd-Amearika)
de Oekraïne: minderheidstaal, net erkend - gjin sprekkers mear (etnyske groep is út 'e Oekraïne weiwurden sûnt de midden fan 'e 20e iuw)
Ruslân: minderheidstaal, net erkend - ûnbekend (lyts) tal sprekkers (de etnyske groep begûn al om 1900 hinne nei oare lannen te ferfarren, en de efterbliuwers binne is sûnt 1991 hast allegear emigrearre nei Noard- en Súd-Amearika en Dútslân)
† Minoysk - ûnklassifisearre
yn 'e Aldheid sprutsen op Kreta; útstoarn omtrint de 15e iuw f.Kr. (hoewol't it letter sprutsen Eteokretinzysk mooglik in dochtertaal wie)
Portegal: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 3 gemeenten fan it distrikt Bragança (njonken it Portegeesk) - 15.000 sprekkers (2000)
yn 'e Aldheid sprutsen yn it noardwesten fan Lyts-Aazje; útstoarn yn 'e 1e iuw f.Kr.
Misjaarsk, sjoch: Tataarsk
Mitanny, sjoch: Hoerritysk
Mòcheno, sjoch: Dútsk
† Moeromysk - Oeralysk, miskien Eastseefinsk
yn 'e Midsiuwen sprutsen yn sintraal Ruslân; útstoarn yn 'e 11e of 12e iuw
Mokeensk, sjoch: Dútsk
Moksha, sjoch: Moksysk
Moksysk (Mokšenj kälj) - Oeralysk, Mordwynsk
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Mordoovje (njonken it Russysk en it Erzysk) - 130.000 sprekkers (2013) fan in etnyske groep fan 687.000 minsken (2010)
Kroaasje: minderheidstaal, net erkend - 4.500 sprekkers (2011)
Masedoanje: minderheidstaal, net erkend - 2.700 sprekkers (2002)
Montenegro: offisjele taal - 136.000 sprekkers, wêrûnder 106.000 etnyske Montenegrinen fan in etnyske groep fan 279.000 minsken (2011)
Servje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e gemeente Mali Iđos, yn 'e autonome provinsje Woiwodina (njonken it Servysk en 4 oare minderheidstalen) - 39.000 sprekkers (2011)
Sloveenje: minderheidstaal, net erkend - 2.700 sprekkers (2002)
Turkije: minderheidstaal, net erkend - 250.000 sprekkers (2013)
Itaalje: minderheidstaal, net erkend (ûnder de wetjouwing fan 'e regio Kampaanje oantsjut as in net-erkende taal wêrfan't it gebrûk lykwols befoardere wurde moat) - 5.700.000 sprekkers (2002)
Denemark: minderheidstaal, net erkend - 1.500 sprekkers (teljier ûnbekend)
Dútslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e dielsteaten Sleeswyk-Holstein en Meklenburch-Foarpommeren (njonken it Dútsk) - 2.700.000 sprekkers (2007) fan in etnyske groep fan likernôch 10.000.000 minsken
Belgje: ien fan 'e offisjele talen (njonken it Frânsk en it Dútsk); iennichste offisjele taal yn 'e Nederlânsktalige Mienskip en it gewest Flaanderen; ien fan 'e offisjele talen yn it gewest Brussel (njonken it Frânsk) - 5.180.000 sprekkers (2014)
Frankryk: minderheidstaal, net erkend - 20.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 60.000 minsken (2007)
Dútslân: minderheidstaal, net erkend (hjirby giet it om 'e Nederrynske en Eastbergyske dialekten) - ûnbekend tal sprekkers, mooglik by de 100.000 om (teljier ûnbekend)
Nederlân: offisjele taal - 12.900.000 sprekkers (2014)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Mary-El (njonken it Russysk en it Heechmarysk) - 470.000 sprekkers (2012) fan in etnyske groep fan 548.000 minsken (2010)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e autonome gebieten Nenetsje en Jamalo-Nenetsje (njonken it Russysk) en yn it bysûndere distrikt Taimyr (njonken it Russysk en 2 oare minderheidstalen) - 22.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 45.000 minsken (2010; ynkl. it diel fan it wengebiet yn noardwestlik Sibearje)
Finlân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen (njonken it Finsk en ferskate oare minderheidstalen en mei in legere wetlike status as it Finsk) yn 3 gemeenten en in diel fan in fjirde gemeente - 1.700 sprekkers fan in etnyske groep fan 3.500 minsken (2001)
Noarwegen: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 7 gemeenten (njonken it Noarsk) - 20.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 30.000 minsken (2013)
Sweden: minderheidstaal, erkend - 4.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 5.000 minsken (1992)
Noarwegen: offisjele taal - 4.640.000 sprekkers (2012)
der binne 4 standertskriuwtalen, wêrfan't 2 in offisjele status hawwe:
Bokmål ("Boeketaal"): offisjele skriuwtaal - brûkt troch rom 4.000.000 minsken
Høgnorsk ("Heechnoarsk"): ûnoffisjele skriuwtaal - brûkt troch in ûnbekend (lyts) tal minsken
Nynorsk ("Nijnoarsk"): offisjele skriuwtaal - brûkt troch 600.000 minsken
Riksmål ("Rykstaal"): ûnoffisjele skriuwtaal - brûkt troch in ûnbekend (lyts) tal minsken
Sweden: minderheidstaal, net erkend - 10.000 sprekkers (yn 'e krite Bohuslân) (teljier ûnbekend; mei it Jamtsk en it Harjedelstersk derby: 45.000 sprekkers)
Ruslân: minderheidstaal, net erkend - gjin lânseigen memmetaalsprekkers mear fan in etnyske groep fan 100 minsken (2010)
Bulgarije: minderheidstaal, net erkend - 500 sprekkers (2007)
Roemeenje: minderheidstaal, net erkend - 11.000 sprekkers (2007)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e autonome republyk Karatsjai-Tsjerkesje (njonken it Russysk en 3 oare minderheidstalen) en yn 'e autonome republyk Dagestan (njonken it Russysk en 12 oare minderheidstalen) - 87.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 104.000 minsken (2010)
Turkije: minderheidstaal, net erkend - ûnbekend tal sprekkers fan in etnyske groep fan 90.000 minsken (teljier ûnbekend)
it Feriene Keninkryk: (Anglo-Normandysk dialekt, Anglo-Normand) minderheidstaal, net erkend - gjin memmetaalsprekkers mear; noch altyd yn gebrûk foar seremoniële doelen
Frankryk: minderheidstaal, net erkend - >100.000 sprekkers (teljier ûnbekend)
it Feriene Keninkryk: minderheidstaal, net erkend - gjin memmetaalsprekkers mear (foarhinne sprutsen op 'e Orkney- en Sjetlâneilannen en it uterste noardlike puntsje fan it Skotske fêstelân); útstoarn omtrint 1850 (op Sjetlân wurdt besocht de taal nij libben yn it blazen)
Oedmoertysk (Udmurt kyl) - Oeralysk, Permysk
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Oedmoersje (njonken it Russysk) - 324.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 554.000 minsken (2010)
Armeenje: minderheidstaal, net erkend - 1.200 sprekkers (2011)
Azerbeidzjan: minderheidstaal, net erkend - 22.000 sprekkers (2009)
Bosnje-Hertsegovina: minderheidstaal, erkend - ûnbekend (lyts) tal sprekkers
Donjetsk (steat mei beheinde erkenning): ien fan 'e offisjele talen (njonken it Russysk) - ûnbekend tal sprekkers (gjin gegevens beskikber oangeande it tal en de etnisiteit fan 'e ynwenners)
Estlân: minderheidstaal, net erkend - 23.000 sprekkers (2000)
Lûhansk (steat mei beheinde erkenning): ien fan 'e offisjele talen (njonken it Russysk) - ûnbekend tal sprekkers (gjin gegevens beskikber oangeande it tal en de etnisiteit fan 'e ynwenners)
Moldaavje: minderheidstaal, erkend - 130.000 sprekkers, wêrûnder 119.000 etnyske Oekraïners fan in etnyske groep fan 282.000 minsken (2004; Transdnjestrje net meirekkene)
Nagorno Karabach (steat mei beheinde erkenning): minderheidstaal, net erkend - 21 sprekkers (2005)
Roemeenje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 13 gemeenten (njonken it Roemeensk) - 51.000 sprekkers (2011)
de Oekraïne: offisjele taal - 31.971.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 37.542.000 (de rest sprekt Russysk)(2001; sifers ynkl. de folksrepubliken fan Donjetsk en Lûhansk)
Poalen: minderheidstaal, erkend - 51.000 sprekkers (2011) fan in etnyske groep fan 150.000 minsken (teljier ûnbekend)
Ruslân: minderheidstaal, erkend - 1.928.000 sprekkers (2010) fan in etnyske groep fan 4.365.000 minsken (2001)
Transdnjestrje (steat mei beheinde erkenning): ien fan 'e offisjele talen (njonken it Russysk en it Roemeensk - 68.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 161.000 minsken (2004)
Tsjechje: minderheidstaal, erkend - 8.500 sprekkers (1991; 54.000 sprekkers yn 2011, mar dêrûnder binne in protte nijynkommelingen)
Wyt-Ruslân: minderheidstaal, erkend - 8.800 sprekkers fan in etnyske groep fan 159.000 minsken (2009)
Georgje: minderheidstaal, net erkend - 3.000 sprekkers (2006)
Grikelân: minderheidstaal, net erkend - 27.000 sprekkers (2006)
de Oekraïne: minderheidstaal, net erkend - ûnbekend ta sprekkers (guon boarnen hawwe it oer 95.000 sprekkers yn 2000 yn 'e provinsje Donjetsk, mar by de folkstelling fan 2001 joegen dêre fan 'e 77.516 etnyske Griken mar 112 in oare memmetaal op as Gryksk (d.w.s Pontysk), Oekraynsk of Russysk)
Frankryk: minderheidstaal, net erkend; semy-offisjele status yn 'e regio Provence-Alpes-Côte d'Azur - 1.500.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 6.750.000 minsken (1997)
Itaalje: minderheidstaal, erkend; teffens erkend as streektaal yn 'e regio Piëmont - 100.000 sprekkers (1990)
Monako: minderheidstaal, net erkend - 4.500 sprekkers (1988)
Spanje: (Araneesk dialekt, Aranés) minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e comarcaVal d'Aran - 4.500 sprekkers (2007) fan in etnyske groep fan 5.600 minsken (1991)
Georgje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome provinsjale entiteit Súd-Osseesje (dy't Georgje net behearsket) (njonken it Georgysk) - 38.000 sprekkers (2002; sprekkers yn Súd-Osseesje net meirekkene)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Noard-Osseesje-Alaanje (njonken it Russysk) - 451.000 sprekkers (fan in etnyske groep fan 529.000 minsken)
Súd-Osseesje (steat mei beheinde erkenning): offisjele taal (njonken it Russysk en it Georgysk) - 46.000 (2012)
Turkije: minderheidstaal, net erkend - 37.000 sprekkers (2015)
Bosnje-Hertsegovina: minderheidstaal, erkend - ûnbekend (lyts) tal sprekkers (ûnder de Bosnyske Boargeroarloch, yn jierren '90, binne 4.000 etnyske Poalen út Bosnje wei repatriëarre wurden nei Poalen ta)
Dútslân: minderheidstaal, net erkend - 241.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 2.006.000 (2011)
Fatikaanstêd: semy-offisjele taal, yn offisjeel gebrûk by it Ministearje fan Bûtenlânske Saken en yn l'Osservatore Romano - inkele tsientallen lânseigen sprekkers
Frankryk: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - ûnbekend tal sprekkers fan in etnyske groep fan 1.000.000 minsken (teljier ûnbekend; de skiednis fan 'e Poalske minderheid yn Frankryk begûn mei de ymmigraasje fan 100.000 Poalen yn 'e Napoleontyske Tiid (1802-1815), sadat yn dit gefal sa stadichoan sprutsen wurde kin fan in lânseigen minderheid)
Hongarije: minderheidstaal, net erkend - 3.100 sprekkers fan in etnyske groep fan 5.700 minsken (2011)
Fatikaanstêd: semy-offisjele taal, yn offisjeel gebrûk by it Ministearje fan Bûtenlânske Saken en yn l'Osservatore Romano - inkele tsientallen lânseigen sprekkers
Portegal: offisjele taal - 10.000.000 sprekkers (2012)
Spanje: minderheidstaal, net erkend - 4.600 sprekkers (2006)
yn 'e Aldheid sprutsen yn Noard-Afrika (de taal fan Kartago), en teffens op Sisylje en Malta; útstoarn (yn Noard-Afrika) yn 'e 6e iuw (n.Kr.), mar yn Jeropa al yn 'e 2e iuw (n.Kr.)
Noarwegen: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - ûnbekend tal sprekkers, mar omskreaun mei de termen active use ("yn aktyf gebrûk") en vigorous ("libben", "krêftich") (1997)
Reizger-Skotsk (Cant) - ûnklassifisearre (wierskynlik in mingtaal)
it Feriene Keninkryk: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 4.000 sprekkers (1996)
Reizger-Spaansk (Quinqui) - ûnklassifisearre (wierskynlik in mingtaal)
Spanje: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - ûnbekend tal sprekkers, omskreaun as vigorous ("libben", "krêftich") (1996), fan in etnyske groep fan 40.000 minsken (teljier ûnbekend)
Noarwegen: net-territoriale minderheidstaal, erkend - 100-150 sprekkers (2014) fan in etnyske groep fan 10.000 minsken (2010)
Sweden: net-territoriale minderheidstaal, erkend - ûnbekend tal sprekkers, mooglik hielendal gjin memmetaalsprekkers mear (2014) fan in etnyske groep fan 65.000 minsken (2010)
Switserlân: ien fan 'e offisjele talen (njonken it Dútsk, it Frânsk en it Italjaansk); ien fan 'e offisjele talen yn 1 kanton - 37.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 72.000 minsken (2012)
It Retoromaansk bestiet út in sântal sterk faninoar ôfwikende "dialekten", dy't foar in part hielendal net of mar kwealk ûnderling fersteanber binne en poer taalkundich sjoen eins ek wol talen hjitte meie. Hjirby giet it om:
Bosnje-Hertsegovina: minderheidstaal, erkend - ûnbekend (tige lyts) tal sprekkers
Bulgarije: minderheidstaal, net erkend - 900 sprekkers (2011)
Hongarije: minderheidstaal, erkend - 14.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 26.000 minsken (2011)
Moldaavje: offisjele taal (hoewol't de Moldavyske grûnwet de offisjele taal fan it lân oantsjut as Moldavysk (Moldovenească), sprekt de ûnôfhinklikheidsferklearring fan Roemeensk; yn 2013 die it Moldavyske Heechgerjochtshôf datoangeande de útspraak dat de tekst fan 'e ûnôfhinklikheidsferklearring foarrang hat, en dat mei "Moldavysk" yn 'e grûnwet eins "Roemeensk" bedoeld wurdt) - 2.543.000 sprekkers, wêrûnder 2.496.000 etnyske Roemenen fan in etnyske groep fan 2.638.000 minsken (2004; Transdnjestrje net meirekkene)
de Oekraïne: minderheidstaal, erkend; offisjele taal yn 'e doarpen Tarasivtsi en Bila Tserkva - 320.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 410.000 minsken (2001)
Roemeenje: offisjele taal - 19.900.000 sprekkers (2012)
Ruslân: minderheidstaal, erkend - 117.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 160.000 minsken (2000)
Servje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e autonome provinsje de Woiwodina, yn 8 gemeenten en yn 11 doarpen yn in 9e gemeente (yn alle gefallen njonken it Servysk en 4 oare minderheidstalen) - 29.000 sprekkers (2011)
Transdnjestrje (steat mei beheinde erkenning): ien fan 'e offisjele talen (njonken it Russysk en it Oekraynsk - 168.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 178.000 (2004)
Hongarije: minderheidstaal, net erkend - 1.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 3.300 minsken (2011)
Kroaasje: (Pannoanysk-Roeteensk dialekt, Ruski) minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn gemeenten dêr't Roetenen mear as in trêde fan de befolking útmeitsje (njonken it Kroätysk) - 2.300 sprekkers (2001)
de Oekraïne: minderheidstaal, net erkend - 720.000 sprekkers (1994)
Poalen: (Lemkyske dialekt, Lemky) minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e gemeente Gorlice (njonken it Poalsk en mei in legere wetlike status as it Poalsk) - 17.000 sprekkers (2011) fan in etnyske groep fan 65.000 minsken (1994)
Ruslân: minderheidstaal, net erkend - 230 sprekkers (2010)
Servje: (Pannoanysk-Roeteensk dialekt, Ruski) minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome provinsje Woiwodina (njonken it Servysk en 4 oare minderheidstalen) - 16.000-30.000 sprekkers (2002, resp. 2006)
Slowakije: minderheidstaal, erkend - 34.000 sprekkers (2011) fan in etnyske groep fan 128.000 minsken (1994)
Tsjechje: minderheidstaal, net erkend - 1.100 sprekkers (2001)
Denemark: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - foar safier bekend gjin memmetaalsprekkers mear (noch wol brûkt as twadde taal) fan in etnyske groep fan 15.000-20.000 minsken (teljier ûnbekend)
Dútslân: minderheidstaal, net erkend - foar safier bekend gjin memmetaalsprekkers mear; noch wol yn gebrûk as twadde taal/geheimtaal (2005)
Noarwegen: hannelstaal (sûnt de 18e iuw) foar kommunikaasje tusken Russyske keaplju en de fiskersbefolking fan noardlik Noarwegen - net mear sprutsen (lêste dokumintearre gebrûk yn 1923)
Azerbeidzjan: minderheidstaal, net erkend - 119.000 sprekkers (2009)
Bulgarije: minderheidstaal, net erkend - 10.000 sprekkers (2011)
Donjetsk (steat mei beheinde erkenning): ien fan 'e offisjele talen (njonken it Oekraynsk) - ûnbekend tal sprekkers (gjin gegevens beskikber oangeande it tal en de etnisiteit fan 'e ynwenners)
Finlân: minderheidstaal, erkend - 3.000 sprekkers (fan in etnyske groep fan 5.000 minsken (2007; dit binne de saneamde 'Aldrussen'– de 'Nijrussen', nije ymmigranten, net meirekkene)
Lûhansk (steat mei beheinde erkenning): ien fan 'e offisjele talen (njonken it Oekraynsk) - ûnbekend tal sprekkers (gjin gegevens beskikber oangeande it tal en de etnisiteit fan 'e ynwenners)
Moldaavje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e autonome republyk Gagaûzje (njonken it Roemeensk en it Gagaûzysk); semy-offisjele status as "taal foar ynteretnyske kommunikaasje" - 541.000 sprekkers, wêrûnder 188.000 etnyske Russen fan in etnyske groep fan 201.000 minsken (2004; Transdnjestrje net meirekkene)
Nagorno Karabach (steat mei beheinde erkenning): minderheidstaal, net erkend - 170 sprekkers (2005)
de Oekraïne: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk de Krim en fan 'e stêd mei bysûndere status Sebastopol (yn beide gefallen njonken it Oekraynsk en it Krimtataarsk); ien fan 'e offisjele talen yn 7 provinsjes en yn 3 stêden yn oare provinsjes (yn alle gefallen njonken it Oekraynsk) - 14.266.000 sprekkers, wêrûnder 7.994.000 Russen (fan in totale etnyske groep fan 8.334.000 minsken); de rest fan 'e sprekkers binne etnyske Oekraïners en leden fan oare etnisiteiten (2001; sifers ynkl. de folksrepubliken fan Donjetsk en Lûhansk)
Ruslân: offisjele taal - 125.000.000 sprekkers (1999)
Servje: minderheidstaal, net erkend - 1.200 sprekkers (2002)
Slowakije: minderheidstaal, net erkend - ûnbekend tal sprekkers, mooglik likernôch 1.500 (teljier ûnbekend)
Súd-Osseesje (steat mei beheinde erkenning): ien fan 'e offisjele talen (njonken it Ossetysk en it Georgysk) - 2.100 sprekkers (2007)
Transdnjestrje (steat mei beheinde erkenning): ien fan 'e offisjele talen (njonken it Oekraynsk en it Roemeensk) - 280.000 sprekkers, wêrûnder in etnyske groep fan 169.000 Russen (2005)
Wyt-Ruslân: ien fan 'e offisjele talen (njonken it Wytrussysk) - 6.672.000 sprekkers, wêrûnder 785.000 etnyske Russen (2009)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Dagestan (njonken it Russysk en 12 oare minderheidstalen) - 30.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 35.000 minsken (2010)
Itaalje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e autonome regio Sardynje (njonken it Italjaansk) - 1.000.000 sprekkers, wêrfan 500.000 sprekkers fan it Logûdoreeske haaddialekt (1993) en 500.000 sprekkers fan it Kampidaneeske haaddialekt (2007)
Sassareesk (Sassaresu) - Yndo-Jeropeesk, Romaansk (ornaris beskôge as in dialekt fan it Italjaansk, of ek wol fan it Korsikaansk)
Itaalje: minderheidstaal, erkenning beheind ta de autonome regio Sardynje; ien fan 'e offisjele talen fan 'e provinsje Sassari (njonken it Italjaansk en it Sardysk) - 100.000 sprekkers (1993)
Dútslân: minderheidstaal, erkend - 1.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 5.000 minsken (2007)
Seeklysk, sjoch: Hongaarsk
Sefardysk (Sefardí) - Yndo-Jeropeesk, Romaansk (alternative nammen: Judeo-Spaansk of Ladino)
Albaanje: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - gjin sprekkers mear
Bosnje-Hertsegovina: net-territoriale minderheidstaal, erkend - ûnbekend (tige lyts) tal sprekkers, mooglik útstoarn (frijwol de hiele Sefardyske mienskip waard ûnder de Bosnyske Boargeroarloch, yn 'e njoggentiger jierren, nei Israel ta evakuëarre)
Bulgarije: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 2.000 sprekkers (1997)
Grikelân: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 1.000 sprekkers (1997)
Kosovo: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - ûnbekend (tige lyts) tal sprekkers, mooglik útstoarn
Masedoanje: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - ûnbekend (tige lyts) tal sprekkers, mooglik útstoarn
Servje: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - wierskynlik gjin sprekkers mear
Spanje: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - ûnbekend (lyts) tal sprekkers, mooglik útstoarn
Turkije: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 10.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 15.000 minsken (2007)
Albaanje: minderheidstaal, net erkend - ûnbekend (lyts) tal sprekkers (de minderheid bestie yn 1928 noch út 65.000 Serven en Montenegrinen; in protte Serven ferlieten Albaanje ûnder de Joegoslavyske oarloggen fan begjin en mids jierren njoggentich; ûnder de Kosovo-oarloch fan 1998-99 folge in nije úttocht)
Bulgarije: minderheidstaal, net erkend - 310 sprekkers (2011)
Hongarije: minderheidstaal, erkend - 3.700 sprekkers fan in etnyske groep fan 7.200 minsken (2011)
Kosovo: ien fan 'e offisjele talen (njonken it Albaneesk) - 93.000 sprekkers, wêrfan 67.000 yn Noard-Kosovo (2014), en 26.000 yn 'e rest fan it lân (2011)
Kroaasje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn gemeenten dêr't Tsjechen mear as in trêde fan de befolking útmeitsje (njonken it Kroätysk) - 187.000 sprekkers (2011)
Masedoanje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e gemeente Čučer-Sandevo (njonken it Masedoanysk) - 25.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 36.000 minsken (2011)
Montenegro: minderheidstaal, erkend; mei lanlik in semy-offisjele status; 394.000 sprekkers, wêrûnder 178.000 etnyske Serven (en û.m. 156.000 etnyske Montenegrinen) (2011)
de Oekraïne: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 620 sprekkers (2001)
Roemeenje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e gemeenten Pojejena, Socol en Sviniţa (njonken it Roemeensk) - 18.000 sprekkers (2011)
Ruslân: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 3.500 sprekkers (2010)
Servje: offisjele taal - 5.988.000 sprekkers (2011)
Sloveenje: minderheidstaal, net erkend - 39.000 sprekkers (2002)
Turkije: minderheidstaal, net erkend - 20.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 61.000 minsken (1980)
Nederlân: minderheidstaal, net erkend; semy-offisjeel yn 'e provinsje Seelân (wat him û.m. uteret yn twatalige plaknammebuorden) - 220.000 sprekkers (2003)
† Sikany - ûnklassifisearre
yn 'e Aldheid sprutsen op sintraal Sisylje; útstoarn omtrint 300 f.Kr.
Finlân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen (njonken it Finsk en twa oare minderheidstalen, en mei in legere wetlike status as it Finsk) yn 'e gemeente Inari - 300 sprekkers fan in etnyske groep fan 500 minsken (2007)
Noarwegen: minderheidstaal, erkend - gjin memmetaalsprekkers mear
Ruslân: minderheidstaal, erkend - 350 sprekkers fan in etnyske groep fan 400 minsken (2010)
Ierlân: minderheidstaal, ienige erkenning as streektaal (binnen it ramtwurk fan 'e Britsk-Ierske Ried en it Noard/Súd Taalorgaan) - 10.000 sprekkers (teljier ûnbekend)
Hongarije: minderheidstaal, erkend - 1.700 sprekkers fan in etnyske groep fan 2.400 minsken (2011)
Itaalje: minderheidstaal, erkend; teffens ûnder de wetjouwing fan 'e autonome regio Friûly-Julysk Feneesje oantsjut as in streektaal wêrfan't it gebrûk befoardere wurde moat) - 100.000 sprekkers (1987)
Kroaasje: minderheidstaal, net erkend - 11.000 sprekkers (2011)
Sloveenje: offisjele taal - 1.910.000 sprekkers (2012)
Hongarije: minderheidstaal, erkend - 9.900 sprekkers fan in etnyske groep fan 30.000 minsken (2011)
Kroaasje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn gemeenten dêr't Slowaken mear as in trêde fan de befolking útmeitsje (njonken it Kroätysk) - 4.700 sprekkers (2011)
de Oekraïne: minderheidstaal, erkend - 6.400 sprekkers (2010)
Roemeenje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e gemeente Nădlac (njonken it Roemeensk en it Hongaarsk) - 14.000 sprekkers (2011)
Servje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome provinsje Woiwodina (njonken it Servysk en 4 oare minderheidstalen) - 53.000 sprekkers (2011)
Slowakije: offisjele taal - 4.750.000 sprekkers (2012)
Ruslân: minderheidstaal, net erkend - gjin sprekkers mear (foarhinne yn noardlik Ruslân brûkt, oan 'e kust fan 'e Wite See); lêste gebrûk oan 'e ein fan 'e 19e iuw
Gibraltar: (Janito-dialekt, Llanito) minderheidstaal, net erkend - 18.000 sprekkers
Fatikaanstêd: semy-offisjele taal, yn offisjeel gebrûk by it Ministearje fan Bûtenlânske Saken en yn l'Osservatore Romano - inkele tsientallen lânseigen sprekkers
Spanje: offisjele taal - 33.920.000 sprekkers (2014)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Dagestan (njonken it Russysk en 12 oare minderheidstalen) - 126.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 146.000 minsken (2010)
de Oekraïne: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 73.000 sprekkers (2001)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Tatarstan (njonken it Russysk) - 4.280.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 5.311.000 minsken (2010; ynkl. sprekkers fan it Misjaarsk, Mişär)
Turkije: minderheidstaal, net erkend - 26.000 sprekkers (2004)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Dagestan (njonken it Russysk en 12 oare minderheidstalen) - 1.600 sprekkers (2010)
yn 'e Aldheid sprutsen yn noardeastlik Grikelân, JeropeeskTurkije en Bulgarije; útstoarn yn of nei de 6e iuw (it lêste oerlibjende dialekt wie it Bessaansk, dat yn elts gefal noch yn 'e 6e iuw sprutsen waard)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Dagestan (njonken it Russysk en 12 oare minderheidstalen) - 11.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 13.000 minsken (2010)
Kroaasje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn gemeenten dêr't Tsjechen mear as in trêde fan de befolking útmeitsje (njonken it Kroätysk) - 9.600 sprekkers (2011)
de Oekraïne: minderheidstaal, net erkend - 1.200 sprekkers fan in etnyske groep fan 5.900 minsken (2001)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Karatsjai-Tsjerkesje (njonken it Russysk en 3 oare minderheidstalen) - 64.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 73.000 minsken (2010)
Azerbeidzjan: minderheidstaal, net erkend - 5.000 sprekkers (2002)
Georgje: minderheidstaal, net erkend - 8.100 sprekkers (2002)
de Oekraïne: minderheidstaal, net erkend - 1.600 sprekkers fan in etnyske groep fan 2.900 sprekkers (2001)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Tsjetsjeenje (njonken it Russysk) en fan 'e autonome republyk Dagestan (njonken it Russysk en 12 oare minderheidstalen) - 1.350.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 1.431.000 minsken (2010)
Turkije: minderheidstaal, net erkend - 100.000 sprekkers (teljier ûnbekend)
Tsjiragysk (Ĥuġul) - Noardeastkaukazysk, Dargysk (ek wol beskôge as in dialekt fan it Dargysk)
Ruslân: minderheidstaal, net erkend - ûnbekend (lyts) tal sprekkers (2001)
Ruslân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e autonome republyk Tsjûwasje (njonken it Russysk) - 1.043.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 1.436.000 minsken (2010)
Ruslân: minderheidstaal, erkend (fierhinne net-territoriaal, mar mei in lytse territoriale minderheid, de saneamde Koebanturkmenen, yn 'e Koeban-regio, benoarden de Kaukasus) - 37.000 sprekkers (2010), wêrûnder 10.000 Koebanturkmenen (1994), dy't it sterk fan 'e Turkmeenske standerttaal ôfwikende Koebanturkmeenske of Trûchmeenske dialekt (Truhmen dili) sprekke
Turkije: minderheidstaal, net erkend - 920 sprekkers (1982)
Abgaazje (steat mei beheinde erkenning): minderheidstaal, net erkend - ûnbekend tal sprekkers (oantallen fan 10.000-15.000 lykje fertroebele te wêzen troch "weromkearende" leden fan 'e Abgazyske minderheid yn Turkije)
Azerbeidzjan: minderheidstaal, net erkend - ±119.000 sprekkers (2000), wêrûnder 19.000 Osmaanske Turken (1998) en 90.000-110.000 Mesketyske Turken (2001)
Grikelân: minderheidstaal, net erkend - 135.000 sprekkers, wêrûnder 130.000 Westtrasyske Turken (1998) en 5.000 Dodekanezyske Turken (2005; 3.400 op Roados en 2.000 op Kos)
Kosovo: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn it distrikt Prizren (njonken it Albaneesk en it Servysk) - 19.000 sprekkers (2011)
Kroaasje: minderheidstaal, net erkend - 370 sprekkers (2011)
Georgje: minderheidstaal, net erkend - 600-1.000 sprekkers (2006; de Mesketyske Turken, in minderheid út súdlik Georgje, waard yn 1944 deportearre nei Sintraal-Aazje)
Masedoanje: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e gemeenten Centar Župa en Plasnica (njonken it Masedoanysk) - 72.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 78.000 minsken (2002)
Montenegro: minderheidstaal, net erkend - 104 sprekkers (2011)
Noard-Syprus (steat mei beheinde erkenning): offisjele taal - 284.000 sprekkers (2011)
Ruslân: minderheidstaal, net erkend - gjin sprekkers mear fan in etnyske groep fan 33 minsken (2010; frijwol de hiele etnyske groep fan 40.000 minsken waard yn 1864 nei Turkije ferdreaun)
Turkije: minderheidstaal, net erkend - gjin sprekkers mear (útstoarn yn 1992)
Udynsk (Udin muz) - Noardeastkaukazysk, Lezgysk
Armeenje: minderheidstaal, net erkend - 200 sprekkers (2006)
Azerbeidzjan: minderheidstaal, net erkend - 3.800 sprekkers (2009)
Georgje: minderheidstaal, net erkend - 200 sprekkers (2008)
Ruslân: minderheidstaal, net erkend - 4.300 sprekkers (2010)
Portegal: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - 500 sprekkers (teljier ûnbekend)
Roemeenje: net-territoriale minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 80 gemeenten (njonken it Roemeensk) - 242.000 sprekkers (2002) fan in etnyske groep fan 1.250.000 minsken (1997)
it Feriene Keninkryk: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan it lânsdiel Wales - 421.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 3.693.000 minsken (2011; ynkl. sprekkers om utens yn it Feriene Keninkryk)
Wales: ien fan 'e offisjele talen (njonken it Ingelsk) - 320.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 3.064.000 minsken (2011)
it Feriene Keninkryk: net-territoriale minderheidstaal, net erkend - ûnbekend (lyts) tal sprekkers fan in etnyske groep fan 30.000 minsken; wierskynlik net mear as memmetaal sprutsen
Wendysk, sjoch: Nedersorbysk of Polabysk
Wepsysk (Vepsän keľ) - Oeralysk, Eastseefinsk
Ruslân: minderheidstaal, erkenning beheind ta de autonome republyk Kareelje - 1.600 sprekkers fan in etnyske groep fan 6.000 minsken (2010)
Nederlân: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen fan 'e provinsje Fryslân - 500.000 sprekkers (2004; ynkl. sprekkers om utens yn Nederlân)
Fryslân: ien fan 'e offisjele talen (njonken it Nederlânsk) - 347.000 sprekkers (2004)
Grinslân: minderheidstaal, net erkend - 3.000 sprekkers (2004)
de Oekraïne: minderheidstaal, erkend - 55.000 sprekkers fan in etnyske groep fan 276.000 minsken (2001)
Poalen: minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 4 plattelânsgemeenten en yn 'e stedsgemeente Hajnówka (njonken it Poalsk en mei in legere wetlike status as it Poalsk) - 220.000 sprekkers (2001)
Ruslân: minderheidstaal, erkend - heechút 130.000 sprekkers (25% fan 'e etnyske groep; skatting op grûn fan it feit dat yn Wyt-Ruslân sels mar 26,1% fan 'e etnyske Wytrussen de eigen taal as memmetaal hat) fan in etnyske groep fan 521.000 minsken (2010)
Tsjechje: minderheidstaal, erkend - ûnbekend tal sprekkers
Wyt-Ruslân: ien fan 'e offisjele talen (njonken it Russysk) - 2.224.000 sprekkers (23,4% fan 'e befolking), wêrûnder 2.077.000 etnyske Wytrussen (2009)
Woatysk (Vaďďā tšēli of Vađđa ceeli) - Oeralysk, Eastseefinsk
Ruslân: minderheidstaal, net erkend - 68 sprekkers fan in etnyske groep fan 72 minsken (2010)
Wolgatataarsk, sjoch: Tataarsk
sjoch ûnder de I
Register:A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.