Aostadelling

From Wikipedia, the free encyclopedia

Aostadelling

De Aostadelling (Italjaansk: Valle d'Aosta of Val d'Aosta; Frânsk: Vallée d'Aoste) is in yn 1945 oprjochte bercheftige autonome regio yn noardwestlik Itaalje. It is de lytste regio fan it lân, dy't yn it westen grinzget oan Frankryk, yn it noarden oan Switserlân en yn it suden oan 'e regio Piëmont.

Fluch de feiten Aostadelling Valle d'Aosta Vallée d'Aoste, Flagge ...
Aostadelling
Valle d'Aosta
Vallée d'Aoste
Flagge Wapen
Thumb Thumb
Lokaasje yn Itaalje
Thumb
Algemien
Haadstêd Aosta
Oerflakte 3.260,9 km²
Befolking 122.935 (31.07.2024)
Befolkingstichtens 37,7 ynw./km²
Oare ynformaasje
Heechste punt Mont Blanc: 4.800 m
Oantal gemeenten 74
Provinsjes Aosta
Slute

Geografie

Thumb
Kaart fan 'e regio.

De Aostadelling beslacht 3.260,9 km² en de haadstêd is Aosta. De regio omfettet, sa't de namme al seit, de delling fan Aosta, feitliks de delling fan 'e rivier de Dora Baltea, dy't in sydrivier fan 'e Po is. Ferskate syddellings hearre ek ta de regio.

Begrinzing

Yn it noarden wurdt de Aostadelling fan it Switserske Wallis (de delling fan 'e Rhône) skaat troch de Walliser Alpen. De Grutte Sint-Bernardpas liedt oer dizze berchrêch nei Martigny. Oare passen oer de Walliser Alpen binne allinnich rinnende begeanber. Yn it noardwesten wurdt de regio begrinzge troch it massyf fan 'e Mont Blanc, oare kant wêrfan't yn Frankryk de delling fan Chamonix leit. De Aostadelling is mei Chamonix ferbûn troch de Mont-Blanctunnel, dy't de E25 ûnder de Mont Blanc troch liedt.

Thumb
Aosta

Súd en súdwest fan 'e Aostadelling lizze de Grajyske Alpen, dêr't de Lytske Sint-Bernardpas oer nei it westen liedt, nei Bourg-Saint-Maurice yn 'e Savoaiske Tarentaisedelling. De súdkant fan 'e Aostadelling wurdt foarme troch it massyf fan 'e Gran Paradiso. Yn it easten grinzget de regio, ta einbeslút oan 'e Piëmonteeske dellings Valsesia en Val d'Ossola.

Befolking

De Aostadelling hat in befolking fan om-ende-by 123.000 ynwenners (2024). Der wurde ferskate talen sprutsen: Italjaansk, Franko-Provinsaalsk en Frânsk. It Frânsk, dat mei in Italjaansk in offisjele status yn 'e regio hat, wurdt mar troch in lytse minderheid fan 4.000 minsken as memmetaal sprutsen; in folle grutter oanpart fan 'e befolking wurdt foarme troch de lju dy't fan hûs út Franko-Provinsaalsk prate: 68.000. Dat is in taal dy't healwei tusken it Frânsk en it Oksitaansk yn stiet, en dy't ek yn it Frânske Savoie en yn súdwestlik Switserlân sprutsen wurdt.

Gemeenten

Grutste gemeenten yn 'e regio neffens ynwenners (sifers: 31.12.2020):

Mear ynformaasje Posysje, Wapen ...
Posysje Wapen Gemeente Ynwennertal
Oerflak
(km²)
Hichte
(m boppe seenivo)
Aosta 34.110 21,39 583
Sarre :4.759 28,28 625
Châtillon 4.454 39,68 549
Saint-Vincent 4.402 20,57 575
Quart 4.051 62,05 535
Pont-Saint-Martin 3.543 6,92 345
Saint-Christophe 3.407 14,74 619
Gressan 3.395 25,30 626
Saint-Pierre 3.201 26,18 676
10º
Nus 2.968 57,36 529
Slute

Ofbylden

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aostadelling fan Wikimedia Commons.
Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.