Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Lombardije (Italjaansk: Lombardia, fan it Germaanske folk de Lombarden, Lombardynsk: Lumbardia), is in regio yn Noard-Itaalje. De regio is ynstitúsjonalisearre yn 1970 en rint fan de Sintrale Alpen yn it noarden oant de rivier de Po yn it suden. Yn it westen wurdt Lombardije begrinzge troch it Lago Maggiore en de rivier Ticino, yn it easten troch de Gardamar en de rivier de Minsio. Lombardije wurdt fierders omklamme troch Switserlân en de regio's Trentino-Súd-Tirol, Feneto, Emilia-Romagna en Piëmont.
Lombardije Lombardia | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Itaalje | |
Algemien | |
Haadstêd | Milaan |
Oerflakte | 23.863,65 km² |
Befolking | 10.037.014 (31.07.2024) |
Befolkingstichtens | 420,6 ynw./km² |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Pizzo Bernina: 4.050 m |
Oantal gemeenten | 1546 |
Provinsjes | Bergamo, Brescia, Como, Cremona, Lecco, Lodi, Mantua, Milaan, Monza, Pavia, Sondrio, Varese |
Fan alle Italjaanske regio's hat Lombardije it grutste oantal ynwenners. De regio is foar Itaalje ekonomysk fan grut belang.
Lombardije kin yn trije geografyske gebieten opdield wurde:
De grutste leechflakte fan it Italjaanske skiereilân is it tichtstbefolke en meast yndustralisearre part fan de regio. Dêr lizze ek de grutte stêden Milaan, Brescia en Bergamo.
Sawat alle grutte Noard-Italjaanske marren lizze yn Lombardije (útsein de Ortamar). De marren binne wichtige toeristyske trekpleisters foar de regio.
Yn de regio lizze inkele fan de heechste berchtoppen fan de Alpen wêrûnder de Piz Bernina (4049 meter). Twa wichtige Lombardyske Alpendellings binne it Valtellina en it Val Camonica. Grut parten fan de bergen binne beskerme gebieten.
De regio bestiet út de metropolitane stêd Milaan en alve provinsjes:
De ûndersteande tabel toant gemeenten yn Lombardije mei mear as 40.000 ynwenners (sifers 2024). Haadstêden fan 'e provinsjes binne mei fette letters oanjûn.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lombardy fan Wikimedia Commons. |
Regio's fan Itaalje | ||
---|---|---|
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje | ||
· · |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.