Remove ads

In mar (ôfhinklik fan de grutte bytiden: plas) is in troch fêstelân omringde wetterflakte, almeast mei in 'fiedende' en in 'ôfwetterjende' rivier. It lêste is lykwols gjin rigel. Somtiden wurdt in beheindere definysje fan mar brûkt dy't gjin sâlt wetter talit. In wetterflakte sûnder in ôfwetterjende rivier, dêr't sâlt wetter yn stiet, jildt dan net as in mar. Sa wurdt de Kaspyske See dan net as in mar beskôge mar as in see, in sletten see.

Thumb
Lake Nahuel Huapi (Argentynje)
Thumb
Lake Mapourika, Nij-Seelân
Remove ads

De grutste marren op 'e wrâld

Hjirûnder stiet in opsomming fan de grutste marren op 'e wrâld, oardere nei de boppeflakte. Oardere nei ynhâld soe lykwols it Baikalmar, hjir nûmer 8, de grutste mar wêze.

  1. Kaspyske See (Aazje) - 371.000 km²
  2. Boppemar (Noard-Amearika) - 83.000 km²
  3. Fiktoariamar (Afrika) - 68.800 km²
  4. Hueronmar (Noard-Amearika) - 60.000 km²
  5. Michiganmar (Noard-Amearika) - 58.020 km²
  6. Tanganjikamar (Afrika) - 32.900 km²
  7. Grutte Bearemar (Noard-Amearika) - 31.790 km²
  8. Baikalmar (Aazje) - 30.500 km²
  9. Aralmar (Aazje) - 28.687 km²
  10. Grutte Slavemar (Noard-Amearika) - 28.440 km²

Grutste marren fan parten fan de wrâld binne:

  • De Ladogamar (18.100 km²) is de grutste mar fan Jeropa.
  • De Iselmar (1.100 km²) is de grutste mar fan Nederlân.
  • De Tsjûkemar (21,16 km²) is de grutste mar fan Fryslân.

Fan de Jeropeeske talen binne der guons (Dútsk, Frânsk, Latynsk), dêr't it besibbe Fryske wurd mar, see yn betsjut. Oarsom hat it Dútsk twa wurden See dêr't der See júst mar by betsjut.

Remove ads

Marren yn Nederlân

Aldegeaster Brekken -- Alkmarder Mar -- Ankeveense plassen -- Belterwijde -- Burgumer Mar -- Beulakerwijde -- Binnenbedijkte Maas -- Bovenwijde -- Braassemer Mar -- Brandemar -- Brielse Mar -- Feluwemar -- Flakke Brekken -- Fluezen -- Gythoarnske Mar -- Goaiïngarypster Puollen -- Gooimar -- Grevelingenmar -- Grutte Brekken -- Grutte Gaastmar -- Hasker Wiid -- Hegemer Mar -- De Holken -- Iemmar -- Jiskenhúster Mar -- Idzegeaster Poel -- Drylster Brekken -- Iselmar -- Ketelmar -- De Kûfurd -- Langwarder Wielen -- Lauwersmar -- Leekster Mar -- Kagerplassen -- Langeraarse plassen -- De Leijen -- Loosdrechtse plassen -- Moarre -- Naarder Mar -- Nannewiid -- Nieuwkoopse plassen -- Oostvoornsemar -- Paterswoldsemar -- Pikmar -- Reeuwijkse plassen -- Ringwiel -- Sânmar -- Skyldmar -- Sleattemer Mar -- Snitser Mar -- Súdlaardermar -- Swarte Mar -- Terhernster Mar -- Terhernster Puollen -- Terkaplester Puollen -- Tsjûkemar -- Veerse Meer -- Vinkeveense Plassen -- Westeinder Plassen.

Remove ads

Marren earne oars yn Jeropa

Balatonmar -- Bodenmar -- Fjouwerwâldstêdenmar -- Komomar -- Gardamar -- Ladogamar -- Lago Maggiore -- Loch Ness -- Mälarmar -- Mar fan Annecy - Mar fan Bolsena - Mar fan Genêve -- Mar fan Lugano -- Mar fan Surich -- Neusiedler Mar -- Ohridmar - Onegamar -- Päijännemar -- Peipusmar -- Prespamar -- Saimaamar -- Shkodërmar -- Vänermar -- Vättermar

Marren earne oars yn de wrâld

Aralmar -- Atabaskamar -- Baikalmar -- Biwamar -- Boppemar -- Earymar -- Fiktoariamar -- Grutte Bearemar -- Grutte Sâltmar -- Grutte Slavemar -- Hueronmar -- Manitobamar -- Michiganmar -- Mar fan Nikaragûa -- Ontariomar -- Sevanmar -- Tanganjikamar -- Tobamar -- Titicacamar -- Tonlé Sap-mar-- Vostokmar -- Mar fan de Wâlden -- Winnipegmar -- Winnipegosismar

Sjoch ek

  • Stomar.

Keppeling om utens

  • Wikiwurdboek-side - mar

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.

Remove ads