From Wikipedia, the free encyclopedia
De Rône (Frânsk: Rhône) is in 812 kilometer lange rivier yn it súdeasten fan Frankryk (550 km) en Switserlân. De rivier ûntspringt yn Switserlân, yn de Rône-gletsjer fan it Gotthard-massyf. De rivier krúst de Mar fan Sjenêve, streamt dêrnei fierder nei it súdwesten. Yn Lyon bûgt de rivier nei it suden en einiget yn de Middellânske See, besúdeasten Montpellier.
De Rhône hat it op twa nei grutste debyt fan alle rivieren dy't yn de Middellânske See útmûnje. Allinne de Donau en de Nyl leverje mear wetter oan, mar de Donau docht dat yndirekt omdat er yn de Swarte See útmûnet. De Rhône hat in streamgebiet fan 98.000 km2. De grutste sydrivier is de Saône en de wichtichste stêden oan de rivier binne Genève, Lyon en Avignon. De Rhônedelling stiet bekend as in foaroansteand wynbougebiet.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.