From Wikipedia, the free encyclopedia
It Minnistedútsk is in taal dy't heart ta de Súdwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen.
Minnistedútsk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Minnistysk Platdútsk, Minnistysk Nederdútsk, Minnistysk Eastnederdútsk | |
eigen namme | Plautdietsch | |
lânseigen yn | de Russyske Federaasje, Kazachstan, Kirgyzje, Dútslân, de Feriene Steaten fan Amearika, Kanada, Paraguay, Bolivia, Meksiko, Brazylje, Belize | |
tal sprekkers | 400.000 | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk - Nedersaksysk - Eastnederdútsk - Nederprusysk - Minnistedútsk | |
dialekten | ûndúdlik | |
taalstatus | ||
offisjele status | it Minnistedútsk genietet nearne erkenning as minderheidstaal | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | n.f.t. | |
ISO 639-2 | n.f.t. | |
ISO 639-3 | pdt |
It is ûntstien út 'e eastlike dialektgroep fan it Nederdútsk. Guon taalkundigen sjogge it dêrom noch altyd as in subdialekt fan it Eastnederdútske Nederprusysk. De measten beskôgje it tsjintwurdich lykwols as in ôfsûnderlike Nedersaksyske taal, mei't it foar sprekkers fan it Nederdútsk (yn noardlik Dútslân) en it Nedersaksysk (yn noardeastlik Nederlân) troch syn iuwenlange ôfsûnderlike ûntwikkeling net mear fersteanber is.
In grut part fan 'e lju yn 'e minnistyske mienskippen dêr't it Minnistedútsk ûntstie, wie ôfkomstich út Fryslân en oare parten fan 'e Nederlannen. Yn 'e wurdskat fan it Minnistedútsk binne noch altyd ynfloeden fan it Nederlânsk en it Frysk werkenber.
It Minnistedútsk wurdt sprutsen troch sa'n 400.000 minsken, dêr't 150.000 fan it noch alle dagen brûke. Foar hast 111.000 minsken yn Súd-Amearika is it Minnistedútsk sels de iennichste taal dy't se sprekke kinne.
De lannen dêr't tsjintwurdich grutste groepen Minnistedútsktaligen wenje, binne Dútslân, mei tusken 90.000 en 145.000 sprekkers, en Kanada, dêr't it Minnistedútsk as memmetaal sprutsen wurdt troch 80.000 minsken en as twadde taal troch nochris 20.000 lju. Sjoch de ûndersteande tabel foar in folsleine ferdieling fan 'e Minnistedútsktaligen oer de lannen.
|
Yn it sprekkerstal yn Paraguay binne ek 19.000 minsken meirekkene dy't sawol Minnistedútsk as Standertdútsk as memmetaal hawwe. Fierders wurdt it Minnistedútsk ek sprutsen troch tige lytse mienskippen yn Kosta Rika, Argentynje en Urûguay.
It Minnistedútsk is ûntstien út it Nederdútsk dat sprutsen waard yn 'e minnistyske mienskippen dy't harren fan 'e sechstjinde iuw ôf oan 'e rivier de Weichsel yn it hjoeddeiske Poalen fêstigen. Dy minnisten wienen religieuze flechtlingen, dy't yn 'e Nederlannen en it Dútske Ryk ferfolge waarden om't se oanhingers wienen fan 'e ferneamde Fryske tsjerkeherfoarmer Minne Simens.
Fan 1787 ôf, doe't harren wengebiet yn 'e hannen kaam fan it keninkryk Prusen, teagen se fierder nei it easten ta en fêstigen se koloanjes oan 'e kust fan 'e Swarte See, yn wat tsjintwurdich de Oekraïne is, yn in gebiet dat ûntfolke wie trochdat Ruslân it doe krekt ferovere hie op 'e Turken. Fan 1874 ôf, doe't se ek yn Ruslân ferfolge waarden foar harren leauwe, emigrearren withoefolle fan harren nei Kanada, de Feriene Steaten en lannen yn Súd-Amearika.
De minnisten dy't yn 'e Oekraïne efterbleauwen, waarden yn 1941 mei de oare Ruslândútsers nei Sibearje en Sintraal-Aazje deportearre. Sûnt de fal fan it kommunisme en it útinoarfallen fan 'e Sowjetuny yn 1991 is it meastepart fan harren nei Dútslân emigrearre.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.