From Wikipedia, the free encyclopedia
Haskerhoarne ( ek wol De Hoarne ) is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súdeast fan De Jouwer. It doarp hat 540 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
Haskerhoarne | ||
Tsjerke fan Haskerhoarne | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 540 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A7 A6 | |
Postkoade | 8506 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 57' NB, 5° 50' EL | |
Komboerd | ||
Himrik fan Haskerhoarne (grien) yn de eardere gemeente Skarsterlân | ||
Offisjele webside | ||
dehoarne.nl | ||
Kaart | ||
De namme soe ferwize nei de hoeke, dat is 'horne'/'herne', yn it Aldfrysk, hearrende ta Aldehaske. It doarp lei yn de Midsiuwen yn de gritenij Hasker Fiifgea. De gritenij Hasker Fiifgea ûntstie yn de 15e iuw as in gearwurkingsferbân tusken de fiif tsjerkedoarpen Aldehaske, Haskerhoarne, Nijehaske, Westermar en Sniksweach.
Eartiids waard ek turf stutsen yn de omkriten. Troch it doarp ried eartiids de tram fan It Hearrenfean nei De Jouwer. Der binne gjin winkels mear yn it doarp; minsken geane meast te boadskipjen nei it tichtby lizzende De Jouwer.
Yn 1897 waard yn it doarp in koöperative molkfabryk stifte. Dy waard yn de jierren santich sluten. Sûnt dy tiid is der net folle wurk, mar wol mear rêst yn it doarp komd, benammen ek troch it kearen fan slûpferkear troch it doarp. By de Wyldehoarnster Singel is in einekoai.
Oant de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 1984 hearde Haskerhoarne by de gemeente Haskerlân, dy't doe op gie yn de gemeente Skarsterlân. Yn 2014 gie dy wer op yn de nije gemeente De Fryske Marren.
It doarp hat in begraafplak dêr't ek Hotze Brouwer beïerdige waard.
It doarpshûs hjit It Trefpunt. It doarp hie in basisskoalle: 'De Lytse Mienskip', dy't yn 2018 slute moast. De bern fan Haskerhoarne geane hjoed-de-dei nei De Jouwer, Aldehaske of Ousterhaule nei skoalle. Sûnt it hûndertjierrich bestean fan Doarpsbelang yn 2007 hat Haskerhoarne in eigen wapen en flagge.
De Doarpskrante ferskynt fiifris yn 't jier.
1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
139 | 416 | 373 | 395 | 415 | 400 | 490 | 555 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2012 en 2021: Alle Cijfers.)
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.