From Wikipedia, the free encyclopedia
Sniksweach is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, noard fan de Jouwer oan de dyk nei Terherne. It doarp hat 60 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
Sniksweach | ||
Klokkestoel fan Sniksweach | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 60 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8505 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 59' N 5° 47' E | |
Himrik fan Sniksweach (grien) yn de eardere gemeente Skarsterlân | ||
Kaart | ||
De namme is te ferklearjen troch snik: punt en sweach:leechlizzende greide, greide yn puntfoarm dus. It wie greide fan de Eagmaripers; yn de 14e iuw wurdt it gebiet dan ek wol Ackomrypraswagh neamd.
Mei Nijehaske, Aldehaske, Haskerhoarne en Westermar makke it diel út fan iet âlde gebiet Hasker Fiifgea, en is it ien fan de âldere delsettingen fan de eardere gemeente Haskerlân. De gritenijkaart fan Schotanus (1718) jout it ierste byld fan Sniksweach. De Swaag Manne Vaart, letter de Sniksweachster Feart neamd, rûn súdwestlik bylâns in lyts tal pleatsen en joech likegoed nei it noarden as nei it suden, ûntslutingen oer it wetter. Efter de bebouwing rûn in paad dêr’t de tsjerke mei tsjerkhou oan lei. Op it begraafplak stiet ek ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân út 1896 dy't noch brûkt wurdt by begraffenissen. Eigener is de gemeente De Fryske Marren.
1811 | 1890 | 1958 | 2004 | 2021 |
---|---|---|---|---|
68 | 158 | 145 | 60 | 65 |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.