Nei alle gedachten sjitte tusken 1347 en 1351 troch de Swarte Dea in treddepart fan alle Jeropeänen it libben derby yn. Dêrby giet it om tsientallen miljoenen minsken.
Yn Ingelân fermingt it Normandysk-Frânsk fan 'e adel him mei it Angelsaksysk fan 'e legerein ta in nije folkstaal.
Op 'e Balkan kringe de Osmaanske Turken op. De sultansMoerad I en Bajezid I feroveren efterinoar Bulgarije (1388–1393), Servje (1389) en Walachije (1395), besette Tessaloniki (1387) en Tessaalje (1393) en ferslane yn 1396 in Hongaars-Westerske striidmacht, dy't it Byzantynske Ryk te help komt, te Nikopolis.