From Wikipedia, the free encyclopedia
De Hûndertjierrige Oarloch is in lange rige fan konflikten ôfwiksele mei koart oanhâldende wapenstilstannen tusken de keningen fan Ingelân en Frankryk. De beneaming dêrfoar komt út de 19e iuw en de doer fan de oarloch wurdt meastentiids rekkene tusken 1337 oant 1453.
De Ingelsen behellen ynearsten in protte súksessen, mar it optreden fan Jeanne d'Arc yn 1429 betsjutte foarfêst in kearpunt yn de kriich. Mei de ferovering fan Bordeaux yn 1453 kaam de striid ta in ein. Allinnich de stêd Kales bleau oant 1559 yn Ingelske hannen.
Nei it útstjerren fan de haadline fan it Frânske keningshûs Kapet (1328) makke de Ingelske kening Eduard III, dy't troch syn mem in pakesizzer fan kening Filips IV fan Frankryk wie, oanspraak op de Frânske troan. Yn 1337 fernijde hy syn oanspraak út frees foar Frânske yntervinsje yn Flaanderen en Skotlân. De Frânske kening, Filips VI fan Valois, út de sydline fan de Kapets, besette doe it hartochdom Guyenne, it ienige oerbleaune besit fan de Ingelske kening op it fêstelân. Dat barren wie de direkte oanlieding foar de kriich. Eduard rôp himsels ta kening fan Frankryk út yn 1340 (in titel dy't troch de Ingelske keningen oant 1801 brûkt wurde soe).
De "oarloch" dy't út in rige fan konflikten bestie wurdt meastentiids opdield yn trije of fjouwer parten: de Oarloch fan Eduard (1337-1360), de Oarloch fan Karel (1369-1389), de Oarloch fan Lancaster (1415-1429) en it trage ferfal fan de Plantagenets harren lok neidat Jeanne d'Arc op it toaniel ferskynde (1412-1431).
Ferskate oare eigentiidske Jeropeeske konflikten hawwe streekrjocht betrekking op it konflikt: de Bretonske Suksesjeoarloch, Kastiljaanske Boargeroarloch, de Oarloch fan de Twa Peters en de Krisis fan 1383-1385. De term "Hûndertjierrige Oarloch" is in letter optinksel fan histoarisy, betocht om de rige fan foarfallen beskriuwe te kinnen.
De oarloch hat syn histoaryske betsjutting oan tal fan faktoaren te tankjen. Ek al wie it konflikt yn oanlis in dynastyk konflikt, de kriich hat de oanset jûn ta de ideeën fan sawol it Frânske as Ingelske nasjonalisme. Op militêr flak soarge it foar ynfiering fan nije wapens en kriichstaktiken, dy't de âldere feodale legers troch swiere kavalery dominearre yn West-Jeropa ûndermynje soe. De earste beropslegers yn West-Jeropa sûnt de Romeinske tiid waarden foarme foar it fieren fan oarloch. Troch dat alles, mar ek fanwege syn lange doer, wurdt de hûndertjierrige oarloch faak sjoen as ien fan de wichtichste konflikten yn de skiednis fan Midsiuwske oarlochsfiering.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.