From Wikipedia, the free encyclopedia
Nijehaske is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, krekt west fan It Hearrenfean. It doarp hat 45 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
Nijehaske | ||
Utsjoch op Nijehaske | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 45 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8466 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 57' NB, 5° 53' EL | |
Himrik fan Nijehaske (grien) yn de eardere gemeente Skarsterlân | ||
Kaart | ||
Nijehaske is begûn as eastlike útbou fan it âldere doarp Haske, dat letter Aldehaske hjitte soe. Dy twa doarpen foarmen it sintrum fan de eardere gemeente Haskerlân. Troch feanterij, dy't al yn de 16e iuw geande wie, ûntjoech it doarp. Doe't 200 jier letter de Gitersken nei it gebiet kamen om fean ôf te graven, woeks it tal ynwenners fan beide doarpen hurd.
De groei fan it tichteby lizzende It Hearrenfean, dat op de grins fan trije gemeenten lei, soarge der foar dat in grut stik fan it doarp ferdwûn. De bebouwing west fan de Hearresleat en noard fan de Stasjonsstrjitte bleau oer. It oarspronklike hert fan Nijehaske hearde al sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1934 by It Hearrenfean. Dêr stie ek de herfoarme tsjerke dy't eartiids ien wie mei Haskerdiken en Nijbrêge. Allinnich it tsjerkhôf oan de Jousterwei is dêr noch fan oer. It stasjon fan It Hearrenfean stie oant 1933 yn Nijehaske.[2]
It oerbliuwend part fan Nijehaske hearde oant 1984 by de gemeente Haskerlân dy't doe opie yn de gemeente Skarsterlân. Yn 2014 gie dy wer op yn de nije gemeente De Fryske Marren.
Yn It Hearrenfean is in tichtebylizzende nijbouwyk Nijehaske neamd nei it doarp.
Foarby Nijehaske rint ek it Nije Hearrenfeanster Kanaal.
1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|
237 | 100 | 109 | 123 | 110 | 50 | 55 |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.