Westermar
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Westermar is in eartiidsk doarp yn wat no de gemeente De Fryske Marren is. It doarp lei krekt be-easten it sintrum fan wat no De Jouwer is.
Westermar wie tegearre mei oare tsjerkedoarpen Nijehaske, Aldehaske, Haskerhoarne en Sniksweach as gritenij Hasker Fiifgea de kearn fan de lettere gemeente Haskerlân. De dêr op in hegre sânrêch stifte katolike parochy wie de earste yn it gebiet. Yn 1580 waard de earste protestantske tsjerke stiften.
Yn de 15e iuw ûntstie ten westen fan it doarp de útbuorren De Jouwer. De namme komt ek foar as Westermeer en Westermer. De Jouwer lei wat ferfier oer wetter en oerlân nei de Súdwesthoeke wat geunstiger as westermar, en waard al gau sa grut dat Westermar yn ferfal rekke. Uteinlik slokte De Jouwer it oarspronklike memmedoarp op yn 1954. De noch besteande midsiuwske tsjerketoer op begraafplak Westermar (it tsjerkegebou waard al yn 1695 sloopt) is hjirtroch it âldste bouwurk fan De Jouwer. By de herfarming is de tsjerke net opnij ynrjochte, mar waard preke yn de tsjerke op de Jouwer. Fan tekener Cornelis Pronk bestiet noch in skildering fan de toer út 1732. Dêrop is ek al te sjen dat de toer wat skean nei it noardwesten stiet. De eardere tagong fan de toer siet oan de westkant, letter kamen der doarren oan de eastkant, wêr't earder de tsjerke stie. Oan de eastkant fan de toer is noch te sjen wêr't de tsjerke oan de toer fêst sitten hat. Yn de toer binne materialen as dowestien, Bremer sânstien en roaswinkels brûkt út de 13e iuw, dat kin fan de earste bou wêze, mar ek wol fan lettere restauraasjes.
De útdrukking "de rike toer fan Westermar" ûntstie net troch it uterlik fan de toer. De tsjerklike opbringsten wiene hjir mei anneks. De jilden en besittings fan it eardere Earmbestjoer fan de Tsjerkfâdij Westermar binne ûnderbrocht yn de Stifting Westermar. Deze stifting subsidiearret sosjaal-kulturele doelen yn de gemeente Skarsterlân.
Neist it begraafplak ferwize no inkeld noch de namme fan in basisskoalle en in nijbouwyk út de jierren '80 fan de 20e iuw mei dêrtrochhinne rinnend de Westermarwei nei it bestean fan dit doarp.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.