From Wikipedia, the free encyclopedia
Dawn of the Planet of the Apes is in Amerikaanske post-apokalyptyske, dystopyske science fiction-aventoerefilm út 2014 ûnder rezjy fan Matt Reeves, mei yn 'e haadrollen Andy Serkis en Jason Clarke. De titel betsjut "Dage fan 'e Planeet fan 'e Apen". De film makket diel út fan 'e Planet of the Apes-franchise en is in remake fan Battle for the Planet of the Apes út 1973, al mei it offisjeel net sa neamd wurde. Dawn of the Planet of the Apes is it twadde diel út 'e rebootsearje fan 'e franchise en folget as sadanich op Rise of the Planet of the Apes út 2011.
Dawn of the Planet of the Apes | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Matt Reeves | |
produsint | Peter Chernin Dylan Clark Rick Jaffa Amanda Silver | |
senario | Mark Bomback Rick Jaffa Amanda Silver | |
basearre op | Battle for the Planet of the Apes fan J. Lee Thompson | |
kamerarezjy | Michael Seresin | |
muzyk | Michael Giacchino | |
filmstudio | 20th Century Fox Chernin Entertainment TSG Entertainment | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Andy Serkis Jason Clarke | |
byrollen | Gary Oldman Keri Russell Toby Kebbell Kodi Smit-McPhee | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 26 juny 2014 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-aventoerefilm | |
taal | Ingelsk, Am. Gebeartetaal | |
spyltiid | 130 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $170 miljoen | |
opbringst | $708,8 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Planet of the Apes | |
● foarich diel | Rise of the Planet of the Apes | |
● folgjend diel | War for the Planet of the Apes |
De plot fan Dawn of the Planet of the Apes ferfettet it ferhaal fan 'e yntelliginte sjimpansee Caesar, dy't no, tsien jier nei de foarfallen yn Rise of the Planet of the Apes, swierrichheden hat om 'e lieding te behâlden oer syn úttynjende mienskip fan minskapen. Underwilens wrakselet in restant fan 'e minsklike befolking om in al tsien jier duorjende pandemy te oerlibjen. Wannear't de beide soarten har yn inoars domein bejouwe, ûntstiet der in konflikt dat útrinne kin op in iepen oarloch dy't beide groepen ferneatigje kin. Dawn of the Planet of the Apes krige fan 'e filmkritisy oer it algemien tige positive resinsjes en groeide yn 'e bioskopen út ta in reuseftige kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar in Oscar, in BAFTA en acht Saturn Awards. In ferfolch dat de (earste) reboottrilogy fan 'e Planet of the Apes-franchise ôfrûne, ferskynde yn 2017 ûnder de titel War for the Planet of the Apes.
Tsien jier nei de pandemy fan wat no de 'apegryp' neamd wurdt (sjoch: Rise of the Planet of the Apes), is de minsklike wrâldbefolking drastysk ynkrompen fan 7 miljard ta sa'n 14 miljoen, mei't mar 1 op 'e 500 minsken ymmún foar de deadlike sykte is. Fan gefolgen hat him in maatskiplike ynstoarting foardien, wêrby't de wrâldwide minsklike beskaving te sink gien is. De oerlibbenen fan 'e befolking fan San Francisco binne gearklofte yn in toer ûnder it liederskip fan in man dy't Malcolm hjit. De minskapen, dy't troch it foar harren yntelliginsjeferheegjende firus no allegearre like yntelligint binne as minsken, hawwe ûnderwilens ûnder lieding fan 'e sjimpansee Caesar in eigen maatskippij opset yn 'e wâlden fan it Nasjonaal Monumint Muir Woods, deunby San Francisco.
Malcolm liedt in groepke minsken de Muir Woods yn op 'e siik nei in âlde wetterkrêftsintrale, dy't er reparearje wol om San Francisco wer fan elektrisiteit te foarsjen. In konfrontaasje mei de apen, dy't de minsken as ynkringers beskôgje, einiget mei de slimme ferwûning fan Carver, ien fan Malcolm syn mannen, troch de sjimpansee Ash, de soan fan Rocket, ien fan 'e ûnderbefelhawwers fan Caesar. Malcolm wit lykwols eskalaasje fan it treffen foar te kommen, en jout gehoar oan Caesar syn befel om op te sokkebaljen. Koba, in mei groeden oerdutsen bonobo (dwerchsjimpansee), dy't foarhinne troch minsken tramtearre is yn in proefdierfasiliteit, bepraat Caesar om mei it apeleger by wize fan yntimidaasje troch San Francisco te tsjen. Dêre sprekt Caesar de minsken ta en seit dat de apen gjin rûzje sykje, mar dat se har ferdigenje sille as de minsken har wer op 'e gerjochtichheid fan 'e apen weagje. Hy easket dat de minsken en de apen allegearre yn har eigen domein bliuwe sille, dan kinne swierrichheden foarkomd wurde.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Ien fan 'e foaroanlju fan 'e minsken, in man dy't Dreyfus hjit, sjocht de komst fan it apeleger en de taspraak fan Caesar as in provokaasje en wol it op geweld oankomme litte as de apen de minsken harren sin net jouwe. Malcolm bêdet de boel del en bepraat Dreyfus om him tiid te jaan om mei Caesar te ûnderhanneljen oer tagong ta de wetterkrêftsintrale. Hy giet mei in lyts espeltsje lju nei it wâld, dêr't er in moeting mei Caesar wit te beävensearjen. Uteinlik stimt Caesar ta yn 'e reparaasje fan 'e wetterkrêftsintrale, salang't Malcolm en syn mannen harren gewearen mar oan 'e apen oerlangje.
Wylst se gearwurkje by de wetterkrêftsintrale, foarmje Malcolm, syn frou Ellie en harren soan Alexander in bân mei de apen. Dy brekbere relaasje kriget in knau as ûntdutsen wurdt dat Carver temûk in pistoal by him draacht en dêrom troch de apen it wâld útsmiten wurdt. Mar it ûnderlinge fertrouwen keart werom wannear't Ellie, dy't in ferpleechster is, mei súkses de sykte behannelet fan Caesar syn oarehelte Cornelia. Underwilens wurdt Carver temûk fermoarde troch Koba, dy't alle minsken hatet fanwegen syn mishanneling as proefdier.
Wylst Malcolm by de wetterkrêftsintrale is, bewapenet Dreyfus de minsken yn San Francisco mei fjoerwapens út it arsenaal fan Fort Point. Koba ûntdekt it arsenaal en konfrontearret Caesar mei it bedroch fan 'e minsken. Wannear't Caesar net leauwe wol dat Malcolm-en-dy dêr wat mei út te stean hawwe, beskuldiget Koba him derfan dat er mear fan minsken hâldt as fan apen. Dêrop jout Caesar him in wan bruien, mar hy deadet him net.
Letter keart Koba werom nei it arsenaal, dêr't er twa skyldwachten fan Dreyfus fermoardet en in fjoerwapen stelt. Wylst Caesar en Malcolm en harren oanhingers in feest hâlde om 'e reparaasje fan 'e wetterkrêftsintrale te fieren, stekt Koba de wenten fan 'e apen yn 'e brân. Dêrnei brûkt er it stellen wapen om Caesar del te sjitten, dy't út 'e beam falt en ferdwynt yn 'e ûndergroei. Koba skoot de skuld foar beide skanddieden op 'e lea fan 'e minsken om it begjinnen fan in oarloch te rjochtfeardigjen. Hy nimt de lieding oer de apen oer en lit it apeleger optsjen nei San Francisco, dêr't se it arsenaal plonderje en in grutskalige oanfal iepenje op 'e toer dêr't de minsklike mienskip wennet. Hoewol't se yn 'e striid swiere ferliezen lije, witte se it gebou binnen te kringen, dêr't se de oerlibjende minsken opslute wylst Dreyfus it rioel yn flechtet. Koba wol de finzenen fermoardzje, mar de sjimpansee Ash wiist him derop dat soks tsjin 'e regels fan Caesar is. Dêrop smyt Koba him út it finster te pletter en lit er alle oare Caesar-loyalisten opslute, ûnder wa de orang-oetan Maurice, de gorilla Luca en Rocket, de heit fan Ash.
Malcolm, Ellie en Alexander fine yn it wâld in slim ferwûne Caesar, dy't se oerbringe nei harren âlde hûs yn San Francisco. Nei't er it troch Koba-en-dy ferovere gebouwekompleks binnenglûpt is om medisinen en oare nedichheden foar ferpleging te sykjen, treft Malcolm dêr Blue Eyes, de soan fan Caesar, dy't in oanhinger fan Koba is. Dyselde wol him earst deameitsje, mar betinkt him as Malcolm fertelt dat Caesar noch libbet. Tegearre keare se werom nei Malcolm syn hûs, dêr't Blue Eyes fan syn heit te hearren kriget wa't him wier delsketten hat. Heit en soan fermoedsoenje har mei-inoar.
Blue Eyes keart mei Caesar en Malcolm werom nei de toer, dêr't er alle finzen apen en minsken befrijt. Malcolm spoart Dreyfus op, dy't trochdat der wer stroom wie, kontakt opnimme kinnen hat mei oare minsklike oerlibbenen dy't gearklofte binne op in legerbasis. Dy lju binne no op kommendeweis om 'e striid mei de apen oan te gean. Boppe-yn 'e toer siket Caesar Koba op en falt him oan. Wylst de beide apen fjochtsje, lit Dreyfus yn 'e kelder in bom ôfgean yn in selsmoardoanslach om it hiele gebou ynstoarte te litten en alle apen te deadzjen. It is lykwols om 'e nocht, mei't de toer stean bliuwt. Koba ferliest it gefjocht mei Caesar om't er ree is om op alle apen te sjitten dy't Caesar stypje. Op 't lêst, as er him oan in metalen útsteksel fan 'e toer fêstklammet, byt Caesar him ta dat er gjin aap is. Dêrnei deadet er him troch him te pletter falle te litten.
Malcolm warskôget Caesar foar de opmars fan it minsklike leger fan 'e legerbasis, mar Caesar antwurdet dat de oarloch dochs al begûn wie troch de gewelddiedige hearskippij fan Koba. Hy is derfan oertsjûge dat de oerlibbenen fan San Francisco de apen nea ferjaan sille foar harren oanfal op 'e toer. Om't gearlibjen dêrtroch ûnmooglik wurden is, bepraat er Malcolm om mei syn húshâlding earnewêr oars ûntwyk te sykjen foar't de striid wer losbaarnt. Dêrnei sprekt er de apen ta om harren ta te rieden op 'e kommende oarloch.
personaazje | akteur/aktrise |
Caesar (sjimpansee) | Andy Serkis (motion-capture en stim) |
Malcolm | Jason Clarke |
personaazje | akteur/aktrise |
Dreyfus | Gary Oldman |
Ellie | Keri Russell |
Koba (bonobo) | Toby Kebbell (motion-capture en stim) |
Alexander | Kodi Smit-McPhee |
Cornelia (sjimpansee) | Judy Greer (motion-capture en stim) |
Blue Eyes (sjimpansee) | Nick Thurston (motion-capture en stim) |
Rocket (sjimpansee) | Terry Notary (motion-capture en stim) |
Maurice (orang-oetan) | Karin Konoval (motion-capture en stim) |
Carver | Kirk Acevedo |
Foster | Jon Eyez |
Kemp | Enrique Murciano |
Finney | Keir O'Donnell |
Ash (sjimpansee) | Doc Shaw (motion-capture en stim) |
Grey (sjimpansee) | Lee Ross (motion-capture en stim) |
Luca (gorilla) | Scott Lang (motion-capture en stim) |
McVeigh | Kevin Rankin |
Werner | Jocko Sims |
William Rodman | James Franco (cameo) |
Dawn of the Planet of the Apes waard regissearre troch Matt Reeves nei in senario dat oarspronklik skreaun wie troch Rick Jaffa en Amanda Silver. Letter waard dat nochris oereide troch Mark Bomback. Neffens berjochten yn 'e media soe ek Scott Z. Burns oan it skript bydroegen hawwe, mar dêr krige er gjin fermelding foar op 'e ôftiteling. De film wie útsoarte in remake fan Battle for the Planet of the Apes, út 1973, fan regisseur J. Lee Thompson, mar mocht offisjeel net sa hjitte. As produsinten wiene Peter Chernin, Dylan Clark, Rick Jaffa en Amanda Silver by it projekt belutsen foar de filmstudio's 20th Century Fox, Chernin Entertainment en TSG Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $170 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Michael Seresin, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Giacchino.
De opnamen foar Dawn of the Planet of the Apes setten yn april 2013 útein en duorren oant yn july fan dat jier. De film waard fierhinne opnommen op lokaasje, oars as Rise of the Planet of the Apes, dat foar it meastepart yn 'e studio filme wie. Ien fan 'e wichtichste filmlokaasjes wie Campbell River op Vancouvereilân, yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, dat útkeazen wie omreden fan 'e fariaasje fan 'e lânskippen yn dy krite en de likenis fan dy lânskippen mei de krite om San Francisco hinne, dêr't it ferhaal spile. De sênes dy't yn 'e beboude kom fan San Francisco spylje, waarden foar it meastepart filme yn New Orleans.
De special effects dy't yn 'e postproduksje oan it byldmateriaal tafoege waarden, omfetten krekt as by Rise of the Planet of the Apes alle apen, sadat der gjin prostetyske fisazjy oan 'e film te pas kaam. Produsint fan 'e special effects wie it Nijseelânske bedriuw Weta Digital.
De distribúsje fan Dawn of the Planet of the Apes waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 26 juny 2014 yn San Francisco yn premiêre, en iepene dêrnei op 11 july yn 'e Amerikaanske bioskopen. Yn 'e tuskentiid wie Dawn of the Planet of the Apes û.m. fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Moskou, dêr't it op 28 juny de film wie dêr't it festival mei ôfsleat. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 8 july by platemaatskippij Sony Classical Records. Dawn of the Planet of the Apes waard op 2 desimber 2014 útbrocht op dvd en blu-ray.
Fan 'e filmkritisy krige Dawn of the Planet of the Apes oer it algemien tige positive resinsjes. Sa omskreau Guy Lodge yn it tydskrift Variety de film as: "al mei al in geweldich ferfolch op it better-as-ferwachte Rise of the Planet of the Apes út 2011". Ty Burr fan The Boston Globe hie in protte lof foar Andy Serkis yn 'e rol fan 'e apelieder Caesar, dy't neffens him "yn hâlden en dragen, spraak en pinige gesichtútdrukkings" in mjitte fan konflikt oerbrocht dy't "in kening mei hast Shakespeariaanske swidens" net wanlyk wie. Yn The New York Times waard Dawn of the Planet of the Apes priizge troch A.O. Scott om't de film neffens him it juste lykwicht wist te finen tusken aksje en in sterk ferhaal. Hy skreau: "It is technysk yndrukwekkend en sa spannend dat jin it yn jins ûnderbúk fiele, jawis, mar it jout jin ek in protte om oer nei te tinken en sels om om te jaan."
Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter skreau dat "it [de film] slagget om teminsten trije dingen útsûnderlike goed te dwaan dy't al dreech genôch binne om los faninoar op te rêden: it sûnder ûnderbrekking hanthavenjen oer in perioade fan twa oeren fan in sêftkes siedend nivo fan spanning; it ôfleverjen fan in [ferfolchfilm] dy't oansjenlik better is as it earste diel fan in franchise; en it produsearjen fan in krêftich humanistysk boadskip troch it gebrûk fan in cast fan personaazjes dy't bestiet út apen." Yn dat ljocht ferliek er Dawn of the Planet of the Apes mei in oare ferfolchfilm dy't faak beskôge wurdt as better as it orizjineel: Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back.
In resinsje dy't út 'e toan foel, wie dy fan Andrw O'Hehir op 'e webside Salon.com. Hy skreau: "Dit is in regel dy't my sa njonkelytsen dúdlik wurden is: eltse film dy't begjint mei ien fan dy nepnijsmontaazjes, dêr't snipels fan echte CNN-bylden oaninoar plakt binne om sa'n bytsje in gefoel fan urginsje op te wekjen omtrint de ôfseage apokalyps dêr't it ferhaal om draait, binne al weardeleas foar't se begûn binne. Dizze docht syn plicht troch te besykjen om werom te wrakseljen út dy weardeleazens, mar it einiget allegear mei roppen en razen."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Dawn of the Planet of the Apes in tige heech goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 316 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei yntelliginsje en in emosjonele wjerklang dy't de bjusterbaarlike special effects belykje kin, docht Dawn of the Planet of the Apes der yn ferhâlding mei syn foargonger noch in skepke boppe-op mei in opwinende en ambisjeuze útbarsting fan science fiction-prestaasjes." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Dawn of the Planet of the Apes in goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 48 resinsjes.
Dawn of the Planet of the Apes brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $208,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $500,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $708,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $170 miljoen betsjut dat in winst fan $538,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Dawn of the Planet of the Apes de op sân nei meast opbringende film fan 2014, nei Transformers: Age of Extinction, The Hobbit: The Battle of the Five Armies, Guardians of the Galaxy, Maleficent, The Hunger Games: Mockingjay – Part 1, X-Men: Days of Future Past en Captain America: The Winter Soldier. De webside Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst foar Dawn of the Planet of the Apes op $182,2 miljoen.
Yn 2015 waard Dawn of the Planet of the Apes sawol by de Oscars as by de Britske BAFTA's nominearre foar de priis foar bêste fisuele effekten. By de Australyske AACTA International Awards waard de film nominearre foar de priis foar bêste ynternasjonale byrol fan in akteur (Andy Serkis). By de Saturn Awards waard de film nominearre foar prizen yn 8 kategoryen: bêste science fiction-film, bêste regisseur, bêste byrol fan in akteur (Andy Serkis), bêste aktearprestaasje fan in jongere akteur (Kodi Smit-McPhee), bêste filmmuzyk, bêste produksje-ûntwerp, bêste fisazjy en bêste special effects.
Dawn of the Planet of the Apes wûn de Annie Award foar bêste personaazje-animaasje yn in live-actionproduksje. By de Critics' Choice Awards waard de film nominearre foar de priis foar bêste science fiction/horrorfilm en wûn er de priis foar bêste fisuele effekten. By de Empire Awards wiene der nominaasjes foar bêste film, bêste science fiction- of fantasyfilm en bêste regisseur; de film wûn de Empire Award foar bêste akteur (Andy Serkis).
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.