From Wikipedia, the free encyclopedia
In pandemy is in epidemy op wrâldwide skeal. It wurd komt út it Gryksk: παν betsjut alle, δεμος betsjut minsken/folk.
Neffens de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) kin in pandemy ûntstean at oan trije easken foldien is:
In sykte dy't wiid ferspraat is, of in soad minsken deadet is net daliks in pandemy; de sykte moat ek ynfektearjend wêze. Sa is kanker bygelyks wol in sykte dy't in soad deaden feroarsaket, mar it wurdt net as in pandemy sjoen omdat it net oerdroegen wurde kin.
De WHO rûkt seis ferskillende 'pandemyske fazes' om de fersprieding fan syktes te klassifisearjen.
In oersjoch fan de trije fazes:
Pandemy-alarmfazes fan de WHO[1] | |
---|---|
Faze | Beskriuwing |
Der sirkulearje gjin dierlike grypfirussen dêr't fan bekend is dat se ynfeksjes feroarsaakje by minsken. | |
Fan in dierlik grypfirus is bekend dat dy in ynfeksje feroarsake hat by in minsk. It firus wurdt dêrom beskôge as in mooglike feroarsaker fan in pandemy. | |
In dierlik of minsklik-dierlik grypfirus hat inkele gefallen of lytse klusters fan besmetting feroarsake by minsken. Der is gjin sprake fan grutskealige oerdracht fan it firus fan minsk op minsk. | |
Fan it dierlike of minsklik-dierlike grypfirus is befêstige dat der sprake is fan oerdracht fan minsk op minsk. Soks betsjut dat de kâns op in útbraak tige oanwêzich is. Faze 4 betsjut in dúdlike ferheging fan it risiko op in pandemy, mar in pandemy is noch te foarkommen. | |
Itselde grypfirus hat útbraken feroarsake yn twa of mear lannen yn deselde WHO-regio[2] Dizze faze jout oan dat in pandemy te ferwachtsjen is. | |
Neist de kriteria fan faze 5 hat it grypfirus in útbraak feroarsake yn teminsten ien oar lân yn ien oare WHO-regio.[2][3] | |
Post-pykperioade | It oantal syktegefallen sakket yn de measte lannen. Omdat pandemyen faak yn weagen optrede is it net ûnmooglik dat it oantal syktegefallen dêrnei wer oprint. |
Post-pandemyske perioade | De aktiviteit fan de firussen is werom op it normale nivo. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.