From Wikipedia, the free encyclopedia
Boarnwert is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Boarnwert leit eastlik fan Raard, westlik fan Dokkum en besuden Foudgum. Yn 2021 hie Boarnwert 120 ynwenners. Boarnwert hat gjin doarpskearn, de bebouwing leit om de âlde terp fan Boarnwert hinne.
Boarnwert | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Fryslân |
Gemeente | Noardeast-Fryslân |
Sifers | |
Ynwennertal | 120 (2021) [1] |
Oerflak | 4,32 km², wêrfan: lân: 4,24 km² wetter: 0,08 km² |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 53° 20' N 5° 57' E |
Webside | Side Raard e.o. |
De buorskippen Boarnwerterhoeke, Betterwurd (diel) en Boarnwerthuzen hearre ek by Boarnwert.
Fanâlds wurdt Boarnwert rekkene ta de Holwerter Seis.
Boarnwert hie in frij grutte terp, dy't grutter wie as dy fan de buordoarpen Foudgum en Brantgum. De terp is hjir ek foar in part ôfgroeven. Oan de ringwei is noch te sjen hoe grut de terp west hat.
Der wurdt tocht dat de doarpsnamme 'terp oan it wetter' betsjut. Dat soe kinne want oan 'e noardkant hat de Boarnwerter Mar lein. Dy mar, in reidpoel, is yn 1853 drûchlein.
Yn Boarnwert wurdt yn de twadde Fuldalist (945) Brunnenuurt neamd. Der wurdt wol tocht dat de tsjerke dy't der doe stie oan Bonifatius wijd wie. De tsjerke dy't der no stiet is wijd oan Marije. Soks barde wol faker mei it wikseljen fan eigendom, dan krige de tsjerke ek in oare patroanhillige.
Yn 1845 wie de toer der net mear en waard de klok yn in klokkestoel oan it westwurk hongen. De tsjerke hat ea in rûne absis hân út ± 1200. Sûnt 1816 is de eastlike muorre fan de tsjerke rjocht sletten. Op de westgevel stiet in dakruter út 1884 mei dêryn in klok út 1653, getten troch Eppe van den Arck. It dak fan de tsjerke is foar in part belein mei muontsen en nonnen (holle en bolle dakpannen). De noardlike yngongspartij is fersierd mei in ynswinke halsgevel út 1751 en Frysk opskrift, dy't út de eardere pastorije op De Lytse Jouwer kaam.
By it boukundich ûndersyk fan 1979 binne oerbliuwsels fan fresko's fûn op de oergong fan skip nei absis. Yn de tsjerke binne noch âlde sarken te finen. De moaiste is dy fan Frans fan Aylva en Rixt fan Unia. Dy is makke troch Benedictus Gerbrands fan wa't der mear sarken bewarre bleaun binne. Fierders binne der noch sarken fan dûmnys te finen. De tsjerke is oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.
Minnoltsmastate stie eastlik fan Boarnwert oan de Parallelwei. De state wurde ek wol Sitsemastate of Aylvastate neamd.
Yn de 17e iuw wurdt er beskreaun as in fraaye plaats. In bekende bewenner hat Juw fan Aylva west. Yn 1547 ferstoar dêr Luts Minnoltsma, de frou fan Sijdtje fan Aylva. Sijdtje wie grytman fan West-Dongeradiel (1517) en olderman fan Dokkum (1543), te fergelykjen mei wat no in wethâlder is, beneamd troch Karel V.
Op it plak fan Minnoltsmastate stiet no in kop-hals-romppleats. In dyk neist it alde state terrein is neamd nei de famylje namme Aylva.
Bornhuysterastate stie fier eastlik fan it doarp yn de buorskip Boarnwerthuzen. De state wurde ek wol Bornhuystera of Borndahusen neamd.
De state is wierskynlik yn de 14e iuw boud. De state waard yn 1422 troch Azeghe to Borndahusen bewenne en yn 1511 troch Lolcke Heslinga en Werp Donia. Wannear't de state sloopt is, is net bekend.
Haniastate stie fier eastlik fan it doarp yn de buorksip Boarnwerthuzen.
De state waard nei alle gedachten yn de 14e iuw boud. De state waard yn 1700 troch Gerryt van Cammingha bewenne en yn 1832 troch Pieter Cats. Ek ha de famyljes Sypsma en Hania yn de Haniastate wenne. Wannear’t de state sloopt is, is net bekend.
Op it omgrêfte terrein fan de Haniastate stiet no in kop-hals-romppleats.
Ripperdastate stie súdlik fan de tsjerke fan Boarnwert. Súdlik fan de tsjerke stiene 2 states. Ripperdastate wie de meast westlike.
De state wurdt foar it earst neamd yn 1422 yn in stik tekst oer wichtige persoanen út Dongeradiel. Yn 1422 waard de state troch Ryppert Rypperde bewenne, yn 1444 troch Abbo Ripperda, yn 1640 troch Aleff Aggama, yn 1698 troch Esaias van Aylva en yn 1728 waard de state troch Folkert Sjoerds bewenne. Yn 1728 stie de state der net mear, mar stie der in pleats.
Op it terrein fan de state stiet no ek noch in pleats.
Súdlik fan de tsjerke leit noch in alde stinswier. Wat dêr krekt op dy stinswier stien hat is net bekent.
Oan de Alde Peazens leit de buorskip Boarnwerthuzen. De namme Boarnwerthuzen wiist der op dat it plak jonger is as Boarnwert. In pear terpen rjochtfeardigje de konklúzje dat de buorskip al ûntstie foar de oanlis fan diken, dat soe dan om en de by 1100 west hawwe.
Fanâlds foel ek Betterwurd ûnder Boarnwert, no falt der noch mar in lyts diel fan Betterwurd ûnder Boarnwert, it grutste diel fan de buorskip heart by Dokkum. Betterwurd en Boarnwert foarmen eartiids mei-inoar de njoggende stim yn de gritenij Westdongeradiel.
Boarnwerterhoeke leit by de krusing fan de Raarderwei, Spriens en De Tange. Op Boarnwerterhoeke stiet de eardere grifformearde tsjerke út 1916 fan de arsjitekt Ane Nauta. De tsjerke is no de tsjerke fan de protestantske gemeente fan Boarnwert en Raard. Dêr stiet foar de doarpen Boarnwert, Raard en Foudgum ek de basisskoalle 'Bernewird'.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.