Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
It kleaster fan Fulda, is it Benediktynske kleaster fan Fulda yn Hessen, Dútslân. It waard stfte op 12 maart 744 troch Sint Sturmius, in learling fan Bonifatius.
Sturmius naam it stik lân plechtich yn besit en rjochte in krús op. It ûnlân waard rillegau ree makke foar de bou. Bonifatius joech persoanlik lieding oan de bou fan it kleaster en de tsjerke dy't wijd waard oan de Alderhillichste Ferlosser. Bonifatius beneamde Sturmius as earste abt fan de nije stifting, dy't alle besteande kleasters yn Dútslân yn gruttens en ferneamdens te boppe gean moast, en dy't in kweekskoalle foar prysters wurde moast. De kleasteroarder wie neffens dy fan de Abdij fan Monte Cassino. Sturmius gie sels nei Itaalje (748) om him dêr op de hichte te stellen. Om de folsleine selsstannigens fan de abdij feilich te stellen ferkrige Bonifatius in privileezje (4 novimber 751) fan Paus Zacharias dat de abdij direkt ûnder de Hillige Stoel pleatste en sa net ûnder episkopale (biskoplike) rjochtsfoech foel.[1]
De abten fan Fulda waarden yn de 10e iuw de earste abt fan de Benediktinen yn Dútslân en Galje. Yn de 12e iuw waarden hja ek keizerlike kânseliers en yn de 13e iuw prinsen fan it keizerryk. Fulda wie it sintrum fan kleasterherfoarming yn de tiid fan it regear fan Hindrik II.
It prestiizje fan Fulda naam lykwols ôf yn de neifolgjende iuwen. Yn 1803 waard it sekularisearre nei de Reichsdeputationshauptschluss, mar waard yn 1829 in episkopale sit.
Fulda wie fan 1802 oant 1806 residinsje en besit fan de lettere kening Willem I
De kleasterbibleteek befette sa'n 2000 manuskripten. Dêr waard wurk bewarre sa as Tasitus syn Annales en de Codex Fuldensis. It kleaster wurdt beskôge as de widze fan de Ald-Heechdútske literatuer.
It kleaster Fulda krige om 800 hinne in protte besit yn Fryslân, fral yn de omkriten fan Dokkum, mei omdat Bonifatius bannen mei Fryslân hie. De krekte grutte en lizzing fan dat besit is mar foar in part te efterheljen. De pacht bestie net allinnich út jild, mar ek wol, flaaks, weefsels en nôt koe de pacht mei foldien wurde. De pacht waard faak min opbrocht; dat ferbettere tydlik nei in reis fan abt Haldamar yn 944. Nei 1160 wurdt gjin Frysk besit fan Fulda mear neamd. De registers fan Fulda en Werden binne wichtige boarnen foar begryp fan de doetiidske ekonomyske- en agraryske tastân. Ek foar geografy, toponomy en antroponymy binne de registers ynstruktyf. Fulda hie yn Fryslân in advokatus, in fertsjintwurdiger, en rintmasters.
Abten
Prins-abten
Prins-abten & Prins-biskoppen
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.