Stasjon Mantgum

From Wikipedia, the free encyclopedia

Stasjon Mantgum

Stasjon Mantgum is it stasjon yn Mantgum oan it spoar fan Ljouwert nei Starum. De iepening wie op 16 juny 1883. Fan 15 maaie 1938 oant 1 maaie 1940 en fan 24 novimber 1940 oant 3 juny 1973 hat it stasjon lykwols sletten west. It stasjonsgebou fan 1883 waard yn 1973 ferfongen troch in abry.

Fluch de feiten
Stasjon Mantgum
station Mantgum
Thumb
Stasjon Mantgum (2006)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
plakMantgum
adresGibbeflecht
arsjitektuer
stasjonskoadeMg
typeStanderttype Loppersum, 1e stasjonsgebou
Abry, 2e stasjonsgebou
iepening16 juny 1883
3 juny 1973 Weriepening
sluting15 maaie 1938
boujier1883 1e stasjonsgebou
1973 2e stasjonsgebou
sloopjier1973 1e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons2
perronspoaren2
spoarlineSpoar fan Ljouwert nei Starum
Thumb
Stasjon Mantgum ±1910
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Thumb
Slute

Dit spoar wurdt eksploitearre troch Arriva.

Yn septimber 2018 krige it stasjon Mantgum fernijde, dimde ferljochting. Dat waard dien op inisjatyf fan in groep Mantgumers, by wize fan enerzjybesparring, mar mear noch om 'e ljochtfersmoarging tsjin te gean, dy't it nachtlik tsjuster by Mantgum ferpeste en dêr't nachtdieren as flearmûzen en ûlen lêst fan hiene.[1]

Tsjinsten

De folgjende tsjinsten dogge Mantgum oan:

Mear ynformaasje Searje, Trein type ...
Searje Trein type Route Materiaal Frekwinsje
30000 Arriva Stoptrein Ljouwert - Mantgum - Snits Noard - Sneek - Drylts - Warkum - Hylpen - Koudum-Molkwar - Starum Spurt
WINK
2x yn 't oere nei Snits, 1x yn 't oere fierder nei Starum
Slute

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.